Springe nei ynhâld

Antilopekobisten

Ut Wikipedy
antilopekobisten
In pear elandantilopen (Taurotragus oryx).
In pear elandantilopen (Taurotragus oryx).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
boppefamylje: holhoarnigen en muskusharten
   (Bovoidea)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: kobisten (Bovinae)
Tragelaphini: Ellerman et al., 1953
Strepsicerotini: Simpson, 1945

De antilopekobisten (wittenskiplike namme: Tragelaphini, ek wol Strepsicerotini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae).

Dizze taksonomyske groep omfiemet de antilope-eftige kobisten, dy't inkeld yn Afrika foarkomme. Yn ferhâlding ta de nau besibbe echte kobisten (Bovini), binne de antilopekobisten oer it generaal lichter boud, mei langere halzen en in oansjenlik mjitte fan seksuële dimorfy. Acht fan 'e tsien soarten antilopekobisten hawwe de status 'kwetsber', wylst inkeld de beide grutste soarten, de elandantilope (Taurotragus oryx) en de reuze-elandantilope (Taurotragus derbianus), noch rûnom foarkomme yn harren ferspriedingsgebiet.

De tradisjonele yndieling fan 'e antilopekobisten is sa:

Resint ûndersyk hat lykwols oantoand dat de ûnderlinge relaasjes fan 'e soarten antilopekobisten foar 't neist wat oars binne. Dêrtroch soene ek de wittenskiplike nammen fan guon soarten feroarje. In nije taksonomyske yndieling soe der sa útsjen kinne:

Fierders is it mooglik dat bygelyks it bist dat no bekend stiet as de lytse koedoe eins twa ferskillende soarten omfiemet; fierder DNA-ûndersyk sil dat útwize moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.