John Owen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Owen

John Owen (Stadham,1616 - 24 augustus 1683) wie in wichtig puriteinsk oriïntearre teolooch.

Owen wie as bern al bysûnder bejeftige. Doe't er noch hiel jong wie skreau er en behearske hy al de Grykse taal. Letter waard hy predikant en godgelearde. Hy wie û.o. predikant yn it leger fan Oliver Cromwell. Makke doe ek yn 1652 in ûntwerp fan in federative steatstsjerke. As theolooch wie er in oertsjûge bestrider fan it Katolisisme en it Armenianisme. Hy hat in soad teologyske wurken op syn namme stean. In grut part fan syn wurk is dogmatysk fan wêzen. In oar part fan syn wurk is meditatyf.

yn 1644 troude Owen mei Mary Rooke (oerl. yn 1675). Hje krigen 11 bern, dêr't 10 fan ferstoarne doe't hje noch lyts wienen. Ien dochter waard folwoeksen, troude ûngelokkich, kaam wêr thús, en ferstoar koart dêrnei troch tuberkuloaze

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

  • Communion with God (Omgong mei God)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]