Oliver Cromwell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


Oliver Cromwell
Oliver Cromwell

Oliver Cromwell (Huntingdon, Cambridgeshire, 25 april 1599 - Londen, 3 septimber 1658) wie in Ingelsk militêr, steatsman, streng Puritein en Lord Protector fan Ingelân.

Oliver Cromwell fersette him fûl tsjin de tsjerklike polityk fan Karel I. Yn de Boargerkriich (1642-1645) foarme hy in (boere)-milysje, dy't troch tucht, godstsjinstsin en opofferingsberiedens útmunten. Mei dizze izerfretters joech hy de trochslach yn de kriich. Doe't syn besykjen om de kening mei it parlemint te fersoenen mislearre wie, wist er it parlemint te twingen Karel yn steat fan beskuldiging te bringen. Nei it ûnthalzjen fan de kening (1649) trede hy sûnder genede op tsjin de Katolike Ieren en de presbysteriaanske Skotten dy't Karel II as kening erkenden. Dernei ferienige er Ingelân, Skotlân en Ierlân en regearde as Lord Protector (1653) sawat hieltyd sûnder parlemint. Syn âldste soan Richard folge him op yn 1658 op as Lord Protector, mar moast yn 1659 al ôftrede.

Oliver Cromwell en Amelân[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Twadde Ingelske Oarloch hat It Amelân, dat in spesjale posysje ynnaam yn Fryslân en de Republyk, besocht syn neutraliteit te behâlden. Dêrom stjoerde Watse Frans fan Camminga yn 1654 twa Amelanners, Liemme Pieters en Dirck Douwes, nei Londen. Dizzen hienen yndie súkses. Oer de moeting fan de Fryske gesant Allard Pieter fan Jongstal en Cromwell wurdt in anekdoate feteld wêrby't de nammen in rol spylje.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: