Bedfordshire is sûnt de 11e iuw in greefskip (county) yn de Ingelske regio East Ingelân en telt 381.572 ynwenners. It oerflak berint 1192,1 km2. It heechste punt is 243 meter (797 ft) op Dunstable Downs yn de Chilternhichten.
Fan de befolking is 14,0 % âlder as 65 jier. De wurkleazens berint 2,5 % fan de beropsbefolking (sifers folkstelling 2001); 86.3% fan de befolking is blank, 8.3% fan Aziatysk komôf en 2.9% is swart.
It tal ynwenners waakste fan likernôch 355.900 yn 1991 nei 381.572 yn 2001.