Hertfordshire

Ut Wikipedy
Hertfordshire
Hertfordshire UK locator map 2010.svg
flagge wapen
County Flag of Hertfordshire.svg Arms of Hertfordshire County Council.svg
sifers
soarte gebiet seremonieel greefskip
ynwennertal 1.184.365 (2019)
oerflak 1.643 km²
befolkingstichtens 720,9 / km²
polityk
lân Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
lânsdiel Flag of England.svg Ingelân
regio Easten fan Ingelân
haadplak Hertford
grutste plak Watford
oar
stifting Iere Midsiuwen
tiidsône UTC
simmertiid UTC +1
koördinaten 51°49′ N 0°13′ W
webside www.hertfordshire.gov.uk

Hertfordshire (útspr.: [ˈhɑː(ɹ)tfə(ɹ)dʃɪə(ɹ)], likernôch: "haa(r)t-fu(r)t-sjea(r)", Lûdsfragmint beharkje), ôfkoarte ta Herts, is in seremonieel greefskip fan Ingelân dat deunby de Britske haadstêd Londen yn 'e regio it Easten fan Ingelân leit. It is ien fan 'e saneamde Home Counties ("Thúsgreefskippen"), dy't grinzgje oan Grut-Londen. Neffens in skatting út 2019 hie Hertfordshire doe krapoan 1,2 miljoen ynwenners. It tradisjonele haadplak fan it greefskip is Hertford, mar It grutste plak is no Watford, in foarstêd fan Londen. It gebiet fan it greefskip Hertfordshire falt gear mei dat fan Hertfordshire County Council, in bestjoerlik distrikt mei syn sit yn Hertford. As greefskip wurdt Hertfordshire no inkeld noch as statistyske ienheid en as geografysk referinsjeramt brûkt.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Hertfordshire' is ôflaat fan 'e delsetting Hertford, it histoaryske haadplak fan it greefskip, krekt sa't Tytsjerksteradiel ôflaat is fan Tytsjerk. It toponym 'Hertford' komt fan it Aldingelske heortford, dat etymologysk ferwiist nei in furde (ford) dêr't harten (heort) oerstieken.

It plattelân fan Hertfordshire.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hertfordshire beslacht in oerflak fan 1.643 km². It leit yn it súdeastlike diel fan Ingelân, rjocht benoarden de Britske haadstêd Londen. It greefskip wurdt fierders begrinzge troch Essex yn it easten, Cambridgeshire en Bedfordshire yn it noarden en Buckinghamshire yn it westen.

It easten fan Hertfordshire wurdt dominearre troch de delling fan 'e rivier de Lea, dy't troch Wheathampstead, Welwyn Garden City, Hertford, Ware en Broxbourne rint foar't er by Cheshunt it greefskip ferlit om úteinlik yn 'e Teems út te mûnjen. It westen fan it greefskip is in heuvelige krite dêr't de Chilternheuvels Tring en Berkhamsted omjouwe. It heechste punt fan Hertfordshire bedraacht 244 m en is in plak tusken Tring en Drayton Beauchamp yn Buckinghamshire op 'e saneamde Ridgeway, in nasjonaal kuierpaad.

It grutste plak fan Hertfordshire is no Watford, dat oan 'e súdlike râne fan it greefskip leit. It is in wichtige foarstêd fan 'e stêdekloft fan Londen, krekt as guon oare plakken yn 'e súdlike helte fan Hertfordshire, lykas Hemel Hempstead, Welwyn Garden City en Stevenage. It tradisjonele haadplak Hertford leit deunby de eastgrins fan Hertfordshiere. St Albans is histoarysk it iennichste plak yn it hiele greefskip dat stedsrjochten hie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Argeologyske opgravings hawwe bewizen oan it ljocht broch dat der yn Hertfordshire al yn it Mesolitikum minsken wiene. Yn it Neolitikum waard der foar it earst oan lânbou dien, en fan 'e iere Brûnstiid ôf wie der permaninte bewenning. Yn 'e Izertiid woeks de befolking gâns oan.

Om it begjin fan 'e Westerske jiertelling hinne waard Hertfordshire bewenne troch de Katûvellaunen, in Keltyske stamme dy't har nei de Romeinske ferovering fan Brittanje yn it jier 43 fluch oan 'e Romeinske kultuer oanpasten. Der ûntstiene sadwaande yn 'e Romeinske Tiid yn it gebiet ferskate gruttere delsettings, wêrûnder Ferûlamium, dêr't yn 293 it earste Britske gefal fan kristlik martelderskip plakfûn. Dêrby naam Albanus, in Romeinsk-Brittannyske soldaat, frijwillich it plak yn fan in preester om ûnthalze te wurden. Albanus waard neitiid hillich ferklearre, en Ferûlamium waard nei him ferneamd en krige de namme St Albans. Hjoed oan 'e dei is Albanus de patroanhillige fan Hertfordshire.

Nei de ein fan it Romeinske bewâld yn Brittanje waard Hertforshire yn 'e iere fyfde iuw oermastere en kolonisearre troch Angelsaksen, dy't ôfkomstich wiene fan it fêstelân fan Jeropa. Fan 'e sechsde iuw ôf hearde it meastepart fan wat letter Hertfordshire wurde soe ta it Angelsaksyske keninkryk Esseks. Dat ryk stoarte yn 'e njoggende iuw yn, wêrnei't it gebiet by it keninkryk Mersia kaam te hearren. Yn 'e tiid fan 'e ynfallen fan 'e Wytsingen en de Danelaw wie Hertfordshire in grinskrite dêr't gâns fochten waard. Yn 913 waard ûnder it bewâld fan kening Edwert de Aldere yn Hertford in fêsting stifte, dêr't foar it earst hiel it gebiet fan it lettere greefskip Hertfordshire bestjoerlik ûnder kaam te fallen.

It sintrum fan Hertford mei in oarlochs-monumint bekroane mei it hart fan Hertford en Hertfordshire.

Nei de ferraning fan 'e Angelsaksyske keninkriken Mersia en Wesseks ta it Keninkryk Ingelân, yn 927, waard Hertfordshire in shire fan dy nije steat, hoewol't de ierste oerlevering fan 'e namme 'Hertfordshire' pas datearret út 1011, yn 'e Angelsaksyske Kronyk. Yn 1066, nei de Normandyske ynvaazje en de Ingelske nederlaach yn 'e Slach by Hastings, naam de nije Normandyske kening Willem de Oermasterder de oerjefte fan 'e oerlibjende Ingelske adel en geastlikheid yn ûntfangst yn Berkhamsted, yn it westen fan Hertfordshire.

St Albans wie it plak dêr't yn 1215 de Magna Carta foar in diel opsteld waard. Yn 'e Lette Midsiuwen wie St Albans ek it toaniel fan twa grutte fjildslaggen tusken de Lancastrianen en de Yorkisten yn 'e slepende boargeroarloch dy't letter bekend kaam te stean as de Roaze-oarloggen. Under de Tudors wie Hatfield House, by Hatfield, yn 'e sechstjinde iuw in bûtenpleats fan keninginne Elizabeth I, dêr't hja gauris tahold.

Mei't de Ingelske haadstêd Londen almar fierder oanwoeks, kaam Hertfordshire der hieltyd tichter by te lizzen. Foar pommeranten dy't gauris oan it Keninklik Hôf of yn it regearingssintrum wêze moasten mar net yn in stêd wenje woene, waard it meitiid wizânsje om in bûten oan te keapjen yn 'e saneamde Home Counties, dêr't Hertfordshire ien fan wie. Sa kaam tsjin 'e achttjinde iuw it grutste part fan it gebiet yn eigendom fan 'e adel en aristokrasy. Troch de Yndustriële Revolúsje dy't ek yn 'e achttjinde iuw begûn, krige de ekonomy fan it greefskip in grutte ympuls, wêrnei't de befolking dramatysk tanaam. Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf makke de beskikberens fan it spoarweistelsel it mooglik dat forinzen dy't yn Londen wurken, yn Hertfordshire wennen. Yn 1903 waard Letchworth wrâlds earste túnstêd.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard yn Cuffley it earste Dútske loftskip yn it Feriene Keninkryk delsketten. Sûnt 1914 is yn it doarp Elstree, by de stêd Borehamwood, oan 'e súdgrins fan Hertfordshire by Londen, in grut filmstudiokompleks fêstige, dat de Elstree Studios hjit. Dêr binne ferskate ferneamde films opnommen, wêrûnder Dr. Zhivago, 2001: A Space Odyssey, Where Eagles Dare, The Shining, de trije dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en de earste Indiana Jones-films.

De bestjoersdistrikten dêr't Hertfordshire út bestiet:
  1. Noard-Hertfordshire
  2. Stevenage
  3. East-Hertfordshire
  4. Dacorum
  5. St Albans (distrikt)
  6. Welwyn Hatfield
  7. Broxbourne
  8. Three Rivers
  9. Watford
10. Hertsmere

Op 17 oktober 2000 fûn de treinramp by Hatfield plak, wêrby't 4 deaden foelen en mar as 70 oaren ferwûne rekken. Op 10 maaie 2002 kamen by de treinramp by Potters Bar 7 minsken om it libben.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likemin as oare seremoniële greefskippen funksjonearret Hertfordshire noch as bestjoerlike ienheid. Oars as guon oare greefskippen, dy't opspjalten binne yn ferskate nije bestjoersdistrikten (county councils), is it hiele gebiet fan Hertfordshire noch ien county council, Hertfordshire County Council, wêrfan't it bestjoer fêstige is yn Hertford. Hertfordshire County Council bestiet út tsien subdistrikten (district councils): Broxbourne, Dacorum, East-Hertfordshire, Hertsmere, Noard-Hertfordshire, St Albans, Stevenage, Three Rivers, Watford en Welwyn Hatfield.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting út 2019 hie Hertfordshire doe in befolking fan 1.184.365 minsken. De befolkingstichtens bedroech 720,9 minsken de km², al wie dat ûngelikens oer it greefskip ferdield, mei in dúdlik swiertepunt fan bewenning yn it súdlike part. De etnyske opbou fan 'e befolking is: 80,8% Britten (fral Ingelsen, mar ek Welsen en Skotten ynbegrepen); 1,5% Ieren, 0,1% Roma en Ierske Reizgers; 5,1% oare blanke allochtoanen; 4,2% Súdaziaten; 2,9% swarten; 0,8% Sinezen; 0,2% Arabieren; 4,4% oaren.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.