Geastlikheid

Ut Wikipedy
Geastliken fan ferskillende religyen.

De geastlikheid of klearus is in oerkoepeljende term foar alle preesters út in beskate godstsjinst, dy't har feriene hawwe yn in mienskiplike organisaasje. In lid fan de geastlikheid is in geastlike, en it byhearrende eigenskipswurd is geastlik of klerikaal. In geastlikheid hat yn 'e regel in hierargyske piramidestruktuer mei ien heechste preester oan it haad en ferskate legere klassen fan preesters dêrûnder. Dat is bygelyks it gefal mei de geastlikheid fan it roomsk-katolike, eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse kristendom, de lama's fan it lamaïstyske boedisme en de ulāmā fan 'e sjiïtyske islaam.

By de roomske geastlikheid stiet hielendal oan it haad de paus fan Rome, mei dêrûnder yn hierargyske folchoarder de kardinalen, aartsbiskoppen, biskoppen, aartsdekens, dekens, aartspreesters en preesters. De ulāmā, de geastlikheid fan 'e sjiïtyske islaam, hat as heechste rang de grutajatolla, dêr't er ornaris net mear as fiif tagelyk fan yn 'e hiele wrâld binne. Dêrûnder steane de ajatolla's, dêrûnder de hojatol-islams en dêrûnder de gewoane geastliken of mûlla's. Ek kleasteroarders hearre ta de geastlikheid, en yn 'e streamings fan it kristendom dy't it kleasterwêzen kenne, steane abten en abdissen, dy't oer in abdij hearskje, op gelikense hichte mei biskoppen. Priors en prioressen, dy't foech oer in priorij hawwe, binne leger fan rang, en mûntsen en nonnen steane ûnderoan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.