Springe nei ynhâld

Grutte Ouse

Ut Wikipedy
It streamgebiet fan de Great Ouse
De Grutte Ouse nei Brownshill Staunch,ûnder Over
De Grutte Ouse yn St. Neots

De Grutte Ouse (Great Ouse) is in rivier yn it easten fan Ingelân. Hy is 240 km lang en de meast wichtige farwei fan East-Anglia. De ûnderrin fan de rivier wurdt ek Old West River en The Ely Ouse neamd.

De Grutte Ouse streamt troch de plakken Buckingham, Milton Keynes, Olney, Bedford, St. Neots, Godmanchester, Huntingdon, St. Ives, Ely, Littleport, Downham Market en mûnet dêrnei út yn The Wash ûnder King's Lynn.

De rivier hat altyd al fan belang west foar skipfeart en ôfwettering fan it leechlizzend lân dêr’t er troch rint. De rin fan de rivier is mear as ien kear feroare trich minsklik yngripen. Foar it earst waard dêroer skreaun yn 1236, mei as oanlieding in oerstreaming. Yn de 17e iuw waarden de Old Bedford en de New Bedford oanlein om in fluggere rûte foar it wetter nei see te kreëarjen. Yn de 20e iuw hawwe it Cut-Off Channel en it Great Ouse Relief Channel de wetterstreamen yn it gebiet feroare en it gefaar foar oerstreamings yn de regio fierder ferlytse.

Mei de bou fan slûzen en skutslûzen om de befarberens fan de rivier te ferbetterjen waard yn 1618 mei útein setten. Bedford wie fan 1689 ôf oer it wetter te berikken. In 1713 soe in wichtige slûs by Denver oanlein wurde mar dat mislearre, mar hy waard fannijs boud yn 1750 omdat der wer oerstreamings wienen. King's Lynn, oan de mûning fan de rivier, ûntjoech him ta in havenstêd, dêr’t in protte fan doetiidsk ferneamde yngenieurs ta bydroegen hawwe. Nei’t it spoar opgong makke hie, rekke de rivier mei syn keunstwurken bot fertutearzge, wêrtroch’t skipfeart net mear mooglik wie en ek de ôfwetteringsfunksje slim fan te lijen hie. Yn de 79-er jierren fan de 19e iuw wie it dien mei de skipfeart.

It tal organisaasjes dat ferantwurdlik wie foar it ûnderhâld fan parten fan de rivier en har ferskillende slûzen soargen geregeldwei foar problemen. De Drainage Board dy’t yn 1918 oprjochte wie, hie gjin foech oer skipfeartsaken en yn 1913 hiene leafst seis oare organisaasjes ferskillende aspekten fan rivierbehear streamôf fan Denver op de noed. Doe’t de Great Ouse Catchment Board ûnder de útfiering fan de Land Drainage Act yn 1930 oprjochte waard, waard effektyf behear earst goed mooglik.
Tusken 1925 en 1959 wie de rivier fan belang foar it transport fan sûkerbiten. It lêste kommersjele transport wie yn 1974. Sûnt 1904 is de plesierfeart populêr op de Grutte Ouse. De Great Ouse Restoration Society waard oprjochte yn 1951; it doel fan dy stichting is om te kommen ta in folsleine renovaasje fan de rivier. De Great Ouse is sûnt 1978 wer befarber oant Bedford en it behear is no yn hannen fan it Environment Agency.

Sydrivieren fan de Grutte Ouse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Grutte Ouse by Kings’s Lynn
  • New Bedford River
  • Old Bedford River
  • Cam
  • Ivel
  • Lark
  • Little Ouse
  • Wissey