Springe nei ynhâld

Hiermoardner

Ut Wikipedy

In hiermoardner is in persoan dy't him of har betelje lit foar it útfieren fan in moard yn opdracht fan in oar. Sa'n moard wurdt dan in hiermoard neamd. De faak hearde Ingelske term foar in hiermoardner is hitman, en in hiermoard wurdt dan in hit neamd. Hiermoardners kinne freelance wurkje, d.w.s. gjin fêste opdrachtjouwer hawwe, mar it is ek mooglik dat se ta in foarm fan 'e organisearre misdie hearre (bgl. de maffia) en foar de lieder fan dy organisaasje op fêste basis lju út 'e wei romje. Yn beide gefallen is foar in hiermoard in yllegale oerienkomst nedich tusken de opdrachtjouwer en de hiermoardner. As de hiermoard útfierd wurdt, binne de hiermoardner en de opdrachtjouwer ûnder it strafrjocht allebeide like skuldich oan moard en krije se yn prinsipe deselde straf: de hiermoardner foar it begean fan moard en de opdrachtjouwer foar it mandélich wêzen oan en útlokjen fan moard.

Bekende hiermoardners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele bekende (want feroardiele) hiermoardners binne:

Yn 'e popkultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hiermoardners foarmje in tankber ûnderwerp foar films, fideospultsjes en sa mear. Dêryn wurde se faak foarsteld as sympatike lju, wat folslein foarbygiet oan harren keazen berop. Foarbylden fan films oer hiermoardners binne The American, mei yn 'e haadrol George Clooney as in yn Itaalje ûnderdûkte Amerikaanske hiermoardner, Assassins, mei Sylvester Stallone en Antonio Banderas as rivalisearjende hiermoardners, John Wick, mei yn 'e titelrol Keanu Reeves, dy't it tsjin in hiel misdiesyndikaat opnimt, en Léon, mei Jean Reno as in hiermoardner dy't tsjin wil en tank de soarch foar in jong famke (spile troch in pypjonge Natalie Portman) op him nimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.