Springe nei ynhâld

FBI

Ut Wikipedy
FBI
flagge embleem
algemiene gegevens
namme folút Federal Bureau of Investigation
("Federaal Buro fan Undersyk")
ôfkoarting FBI
lân Feriene Steaten
haadkertier Washington (D.C.)
oprjochte 1908
doel federale wetshanthavening
sifers
wurknimmers 35.900 (2013)
beëdige leden 13.900 (2012)
jierliks budget $8,1 miljard (2012)
oar
webside www.fbi.gov

De FBI, folút: Federal Bureau of Investigation ("Federaal Buro fan Undersyk" of "Federaal Undersyksburo"), is in Amerikaanske oerheidstsjinst ressortearjend ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Justysje. Dizze ynstânsje fungearret as in nasjonale (federale) resjerzje, en teffens as in feilichheidstsjinst op it mêd fan kontraspionaazje, mei foech binnen de lânsgrinzen fan 'e Feriene Steaten. De FBI waard oprjochte yn 1908 en krige syn hjoeddeistige namme en organisatoaryske foarm yn 1935. It haadkertier stiet yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., mar in grut part fan 'e mear spesjalisearre ûnderdielen binne fêstige yn Quantico, yn 'e steat Firginia. Yn 2013 hie de tsjinst krapoan 36.000 wurknimmers, mei dêrûnder hast 14.000 beëdige aginten.

De moard op 'e Amerikaanske presidint William McKinley, yn 1901, makke pynlik dúdlik dat de Feriene Steaten behoef hiene oan in nasjonale resjerzjetsjinst. Yn 't earstoan waarden doe foar dat wurk spesjaal aginten fan 'e Secret Service ynset, mar dy tsjinst foel ûnder it Ministearje fan Finânsjes, en yn maaie 1908 lei it Kongres it near op brûken fan it budget fan dat ministearje foar taken dy't dúdlik net ûnder it foech fan Finânsjes foelen. Dêrop rjochte de doetiidske minister fan Justysje, Charles Joseph Bonaparte, op oantrún fan presidint Theodore Roosevelt, op 26 july 1908 it Bureau of Investigation (BOI) op. Yn 1932 waard dat omneamd ta it United States Bureau of Investigation (USBI), yn 1933 waard it gearfoege mei it Bureau of Prohibition ta de Division of Investigation (DOI), en yn 1935 waard it úteinlik in selsstannige tûke fan it Ministearje fan Justysje, en krige it syn hjoeddeiske namme FBI.

J. Edgar Hoover, FBI-direkteur fan 1924 oant 1972, dy't as gjin oar syn stimpel op 'e FBI drukte.

Fierwei de wichtichste en ynfloedrykste direkteur fan 'e FBI wie J. Edgar Hoover, dy't krapoan in heale iuw, fan 1924 oant syn dea yn 1972, oan it haad fan 'e tsjinst stie. (Nei syn dea waard de termyn fan in FBI-direkteur beheind ta tsien jier.) Ien fan Hoover syn grutste fertsjinsten wie de oprjochting fan it Scientific Crime Detection Laboratory, better bekend as it FBI-laboratoarium, yn 1932. Under Hoover wie de FBI yn 'e tweintiger jierren fierhinne besteld mei it ôftwingen fan 'e Drûchlizzing en it oppakken fan etanolsmokkelders, wylst de tritiger jierren fierhinne yn it teken stiene fan 'e bestriding fan in stikmannich beruchte kriminelen, lykas John Dillinger, Baby Face Nelson, Ma Baker en Machine Gun Kelly. Ek hie de tsjinst yn dy beide desennia in krúsjale rol by it weromkringen fan 'e maatskiplike ynfloed fan 'e rasistyske Ku Klux Klan (KKK).

Yn 'e fjirtiger jierren (en trochrinnend oant de santiger jierren) wie de FBI ek djip behelle yn it ûndersyk nei spionaazje yn 'e Feriene Steaten. Under de Twadde Wrâldoarloch waarden acht nazy-aginten pakt (wêrfan't seis terjochtsteld waarden), en ûnder de Kâlde Oarloch wie de FBI mei de Britske geheime tsjinst belutsen by it brekken fan 'e koades fan 'e diplomatike en feilichheidstsjinsten fan 'e Sovjet-Uny (in projekt wêrfan't Hoover oant 1952 "fergeat" de Amerikaanske bûtenlânske feilichheidstsjinst CIA oer yn te ljochtsjen). De ûntmaskering fan Sovjet-spionnen yn 'e Feriene Steaten, lykas Rudolf Abel, yn 1957, bea Hoover in ferlechje om syn libbenslange obsesje mei linkse Amerikanen út te túljen yn in langjierrich ûndersyk nei û.o. de Amerikaanske Kommunistyske Partij (CPUSA) en de fakbûnen.

Yn 'e sechstiger jierren rekken Hoover-en-dy derfan oertsjûge dat de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging in troch de Sovjet-Uny ynstigearre rebûlje wie en dat de lieders fan 'e beweging, lykas Martin Luther King, temûk konneksjes mei kommunisten hiene en harren beweging as dekmantel brûkten foar anty-Amerikaanske aktiviteiten yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch. Sadwaande waard der in ûndersyk nei King en oare boargerrjochtelieders ynsteld. Yn 1991 publisearre de Washington Post-sjoernalist Carl Rowan syn memoires, wêryn't er úthold dat de tsjinwurking fan King troch de FBI safier gie, dat de tsjinst King teminsten ienris in anonime brief stjoerd hie wêryn't er oanfitere waard om himsels tekoart te dwaan. Nei't yn maart 1971 ynbrutsen wie yn in FBI-kantoar yn Media, yn 'e steat Pennsylvania, stjoerden de dieders de geheime dossiers dy't se dêrby bútmakke hiene oan in grut tal kranten ta. Op dy manear kaam foar it earst de negative rol fan 'e FBI foar de Boargerrjochtebeweging oer oan it ljocht, wat ta in grut skandaal late.

Produktiver wie de striid dy't de FBI yn 'e fyftiger en sechstiger oanbûn tsjin 'e organisearre misdie (de maffia). Dêrtroch waard in grut tal misdiesyndikaten, wêrûnder dy fan 'e bekende maffiosy Sam Giancana, John Gotti en Santo Trafficante jr., grutte slaggen tabrocht, sanet alhiel ûnder fuotten helle. Teffens waarden de grutte Amerikaanske fakbûnen oanpakt, dy't gauris nauwe bannen mei de maffia ûnderholden. De berucht fakbûnsbaas Jimmy Hoffa draaide bygelyks foar jierren it tichthûs yn. Om soks te berikken, makke de FBI doedestiden gebrûk fan ynformanten, wat mear as ienris folslein misrûn. Yn maart 1965 stie de tsjinst ta, om ien fan dy weardefolle ynformanten te beskermjen, dat fjouwer ûnskuldige manlju foar de moard op Edward "Teddy" Deegan yn 'e finzenis kamen. Ien krige libbenslang en de oaren waarden feroardiele ta de deastraf, dy't letter omset waard yn libbenslang. Yn july 2007 waard de FBI sadwaande troch in Amerikaanske rjochter feroardiele ta it beteljen fan $100 miljoen oan 'e oangeande fjouwer manlju, by wize fan skeafergoeding foar de tritich jier dy't se efter de traaljes trochbrocht hiene.

It J. Edgar Hoover Building yn Washington, D.C., it haadkertier fan 'e FBI.

Nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch, yn 1989, en it útinoar fallen fan 'e Sovjet-Uny, yn 1991, wie kontraspionaazje as taak gjin prioriteit mear, en lei de FBI him wer mear ta op wetshanthavening. Dêrta hearde ek it ûndersyk yn saken oangeande terrorisme, lykas de Bomoanslach op it World Trade Center, yn 1993, de Bomoanslach yn Oklahoma City, yn 1995, en de Bomoanslach yn it Centennial Olympic Park yn Atlanta, ûnder de Olympyske Simmerspullen fan 1996. Ek pakte de FBI yn 1996 de al tsientallen jierren sochte Unabomber op. Krityk krige de tsjinst op syn gewelddiedich fanwegen kommen by de belegerings fan militante sekteleden yn Ruby Ridge, yn Idaho, yn 1992, en yn it Teksaanske Waco, yn 1993.

In "mobyl kommandosintrum" fan 'e FBI.

Nei 9/11, yn 2001, krigen de FBI en de oare Amerikaanske feilichheidstsjinsten in stoartfloed oan krityk oer har hinne om't se de oanslaggen op it World Trade Center, yn New York, en it Pentagon, by Washington, D.C., net foarkommen hiene. Neffens it úteinlike rapport fan 'e 9/11-Kommisje hiene sawol de FBI as de CIA hiel wat stekken falle litten en wiene de Feriene Steaten troch net ien fan beide tsjinsten "goed tsjinne." Dêrnjonken joech de kommisje in grut tal oanbefellings oer hoe't sok falen yn 'e takomst foar te kommen wêze soe, wêrfan't de measten mei organisatoaryske saken fan dwaan hiene. De FBI naam it meastepart fan dy oanrekommandaasjes oer en fierde de dêryn útstelde herfoarmings troch.

De FBI hat wetlik foech om ûndersyk te dwaan nei mear as 200 kategoryen fan federale misdriuwen yn 'e Feriene Steaten. Njonken kontraspionaazje giet it dêrby fral om "gewoane" wetshanthavening. Op dat mêd hat de FBI rûchwei foech as it de bestriding fan 'e organisearre misdie oangiet, of as it saken oanbelanget dy't yn mear as ien Amerikaanske steat spylje. Dêrnjonken dielt de FBI mei de Drug Enforcement Administration (DEA) de ferantwurdlikheid foar de bestriding fan 'e smokkel fan en hannel yn drugs.

Under de Major Crimes Act is de FBI fierders ek de oerheidsynstânsje dy't ûndersyk docht nei misdriuwen bedreaun yn 'e krapoan 200 reservaten fan 'e 565 federaal erkende Yndiaanske stammen yn 'e Feriene Steaten, mei't dy as soevereine naasjes beskôge wurde dy't net ûnder de ôfsûnderlike steaten falle. Op dit mêd dielt de FBI syn foech mei it Kantoar fan Justysjetsjinsten fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA-OJS), dat ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken ressortearret. Wetshanthavening yn reservaten wurdt lykwols net ta de prioriteiten fan 'e FBI rekkene.

Yn 2012 waarden dy prioriteiten sa formulearre:

  • It beskermjen fan 'e Feriene Steaten tsjin terroristyske oanfallen;
  • It beskermjen fan 'e Feriene Steaten tsjin operaasjes fan bûtenlânske ynljochtingetsjinsten en tsjin spionaazje (oftewol kontraspionaazje);
  • It beskermjen fan 'e Feriene Steaten tsjin cyber-oanfallen en heech-technologyske misdie;
  • It tsjingean fan korrupsje op alle bestjoersnivo's;
  • It beskermjen fan 'e boargerrjochten fan alle Amerikanen;
  • It bestriden fan nasjonale en transnasjonale kriminele organisaasjes en ûndernimmings (oftewol de organisearre misdie);
  • It bestriden fan grutskalige finansjele misdriuwen;
  • It bestriden fan wichtige gewelddiedige misdriuwen.

It haadkertier fan 'e FBI is it J. Edgar Hoover Building, yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., al binne de FBI-akademy en in grut part fan 'e spesjalistyske ûnderdielen fan 'e tsjinst fêstige yn Quantico, yn 'e steat Firginia, en de data campus (sis mar de FBI-kompjûters) yn Clarksburg, ek yn Firginia. De FBI hat 56 "fjildkantoaren" yn Amerikaanske grutte stêden, en dêropta mear as 400 saneamde fêste agintskippen (resident agencies) yn lytsere stêden troch it hiele lân hinne. Fierders meitsje nochris mear as 50 ynternasjonale kantoaren fan 'e FBI (dy't legal attachés neamd wurde) diel út fan Amerikaanske ambassades en konsulaten yn it bûtenlân.

FBI-aginten yn oplieding dogge sjitoefenings op 'e FBI-akademy yn Quantico, yn Firginia.

Yn 2013 hie de FBI likernôch 35.900 wurknimmers, wêrfan't 13.900 beëdige aginten wiene en de oare 22.000 wittenskippers fan it FBI-laboratoarium, taalspesjalisten, data-analisten, kompjûterekspêrs, administratyf meiwurkers, skjinmakkers ensfh. It budget fan 'e tsjinst wie yn 2012 $8,1 miljard. Oan it haad fan 'e FBI stiet de direkteur (director), dy't oansteld wurdt troch de Amerikaanske presidint mei goedkarring fan it Kongres. De direkteur wurdt bystien troch in adjunkt-direkteur (deputy director) en in mei-direkteur (associate director). Kwa opbou is de FBI ferdield yn fiif ôfdielings, mei dêrboppe it Kantoar fan 'e Direkteur (Office of the Director), dêr't de measte administrative funksjes ûnder falle. Oan it haad fan eltse ôfdieling stiet in útfierend assistint-direkteur (executive assistent director). De fiif ôfdielings binne:

Dizze ôfdielings binne fierder ferdield yn ûnderôfdielings, dy't laat wurde troch in assistint-direkteur (assistent director), en de ûnderôfdielings besteane wer út ûnderskate seksjes, mei in seksjesjef (section chief) oan it haad.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.