Pinewood Studios

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Pinewood Studios
Yngong fan 'e Pinewood Studios
Yngong fan 'e Pinewood Studios
algemien
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Iver Heath (Ingelân)
oprjochte 1936
oprjochter Charles Boot
J. Arthur Rank
mem Pinewood Group
offisjele webside
www.pinewoodgroup.com/our-studios/uk/pinewood-studios

De Pinewood Studios binne in studiokompleks yn it Ingelske doarp Iver Heath yn Buckinghamshire, dêr't de opnamen foar in protte films, tillefyzjeprogramma's, reklamespotsjes en fideoklips plakfine. It kompleks stiet likernôch 29 km bewesten de Britske haadstêd Londen. De Pinewood Studios meitsje diel út fan 'e Pinewood Group, in bedriuw dat ek soartgelikense studiokompleksen yn oare dielen fan 'e wrâld besit. De Pinewood Studios binne bekend wurden trochdat ferskate populêre filmsearjes, lykas de Carry On-franchise en de James Bond-rige, der opnommen waarden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pinewood Studios waarden op 30 septimber 1936 iepene. It studiokompleks waard boud op it grutte lângoed Heatherden Hall, dat út 'e Fiktoriaanske Tiid stamme. Dat waard yn 1934 oankocht troch boumagnaat Charles Boot, dy't it lânhûs omfoarme ta in kantoargebou en yn gearwurking mei in oare miljonêr, itenswareprodusint J. Arthur Rank, fasiliteiten foar it opnimmen fan films op it byhearrende terrein bouwe liet. Boot neamde it nije bedriuw Pinewood (letterlik: "Dinnewâld"), om't er in namme hawwe woe dy't op "-wood" einige, krekt as Hollywood, it sintrum fan 'e Amerikaanske filmyndustry, en om't der frijwat dinnebeammen op it lângoed groeiden.

De earste film dy't (foar in diel) yn 'e Pinewood Studios opnommen waard, wie Londen Melody, fan regisseur Herbert Wilcox, út 1937. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden de Pinewood Studios troch de Britske Striidkrêften en de Poalske Loftmacht brûkt foar de produksje fan propagandafilms. Nei de oarloch waarden der in protte Britske films opnommen, wêrûnder, fan 1958 ôf, de Carry On-filmsearje. Begjin 1960-er jierren waarden de Pinewood Studios brûkt foar de produksje fan 'e earste James Bond-film, Dr. No (1962). Neitiid waarden hast alle folgjende dielen út dy filmrige alteast foar in part (ornaris de binnendoarsênes) yn 'e Pinewood Studios opnommen.

Oant 2001 wiene de Pinewood Studios ûnderdiel fan The Rank Group, mar dat jiers waard it studiokompleks oerdien oan in kloft ynvestearders û.l.f. Michael Grade en Ivan Dunleavy. De oankeap troch dyselden fan 'e Shepperton Studios yn Londen late ta de oprjochting fan 'e Pinewood Group, in bedriuw dat him folslein taleit op 'e eksploitaasje fan studiokompleksen yn 'e hiele wrâld. Deselde ûndernimming hat ek studio's yn besit yn Kanada, de Dominikaanske Republyk, Dútslân, Maleizje en de Feriene Steaten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.