Springe nei ynhâld

Studiokompleks

Ut Wikipedy

In studiokompleks is in gebou of samling byinoar hearrende gebouwen wêryn't fasiliteiten húsfêste binne foar it opnimmen fan films, tillefyzjeprogramma's, radioprogramma's of muzyk. As it om films giet, sprekt men fan in filmstudiokompleks. Faak giet it sawol om films as tillefyzjeprogramma's en sprekt men fan in film- en telefyzjestudiokompleks. As in studiokompleks út mear as ien gebou stiet, is it faak sa dat dy deun byinoar steane, op ien en itselde perseel grûn. Ik kin lykwols ek wêze dat it om ferskate perselen giet, dy't ferspraat binne oer in stêd of gemeente. Dat komt fral foar by âldere studiokompleksen, dy't meitiid út har foegen groeid binne en útwreidzje moasten, mar de oanbuorjende perselen net bemachtigje koene.

In filmstudiokompleks is wat oars as in filmproduksjemaatskippij, hoewol't se allebeide wol oantsjut wurde as in filmstudio. In filmproduksjemaatskippij is in bedriuw dat films produsearret. Dat is wat de measte minsken fersteane ûnder it begryp 'filmstudio'. Grutte filmproduksjemaatskippijen besitte faak har eigen studiokompleksen. Foar lytsere filmproduksjemaatskippijen is it net op te bringen om in eigen studiokompleks te keapjen of bouwe te litten, en foar harren soe it ek tige ûnrindabel wêze, mei't se net oan ien stik wei studioromte nedich hawwe, sadat it kompleks de helte fan 'e tiid leech stean soe. In filmstudiokompleks is it fysike studiogebou mei alle fasiliteiten derby dy't nedich binne foar it meitsjen fan films. Sokke kompleksen binne faak selsstannige bedriuwen dy't jild fertsjinje troch studioromte te ferhieren oan filmproduksjemaatskippijen. (Hjir wurdt sprutsen oer films en filmstudio's, mar itselde giet ek op foar tillefyzjeprogramma's en tillefyzjestudio's.)

In studiokompleks befettet de soundstages dêr't de eigentlike opnamen plakfine, mar ek klaaikeamers foar de akteurs, keamers foar fisazjy en hierstilearring, romte om te wurkjen foar kameralju en oare technisy, kantoarromte foar de regisseur en de produsinten, en in protte berchromte foar rekwisiten, apparatuer en dekôrstikken. Faak binne der ek wurkplakken foar it bouwen fan it dekôr en fasiliteiten foar de postproduksje (bgl. filmmontaazje, lûdsmontaazje en lûdsmixing).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: