Kantoar

Ut Wikipedy
In typysk modern kantoar.

In kantoar (fan it Aldfrânske comtoir, modern Frânsk: comptoir, "toanbank") is ornaris in fertrek of oare romte yn in gebou dêr't de wurknimmers fan in organisaasje administratyf wurk dogge dat de doelen fan 'e organisaasje ûnderstipet. Sa'n organisaasje is faak in bedriuw, mar it kin ek in stifting, oerheidsynstânsje of oare ynstelling wêze. Men seit fan lju dy't dêr wurkje dat se "op kantoar sitte". It wurk dat yn sa'n fermidden dien wurdt, rint útinoar fan boekhâlding oant resepsje. In kantoar bestiet út ien of mear buro's mei ien of mear burostuollen, wêrby't op it buro almeast teminsten ien kompjûter pleatst is. Alle oare ynboel is eins opsjoneel, mar men sjocht der ek faak û.o. argyfkasten, oare kasten en in kopiëarmasine. In bouwurk mei allinnich mar of foar it meastepart kantoaren is in kantoargebou. It komt faak foar dat yn soksoarte gebouwen ferskate bedriuwen of ynstellings fêstige binne. In kantoarromte yn in partikuliere wente wurdt almeast oantsjut as in studearkeamer.

In saneamde 'kantoartún'.

Kantoaren bestiene al yn 'e Klassike Aldheid, doe't se gauris diel útmakken fan in paleis of fan in grutte timpel. Yn 'e Hege Midsiuwen (1000-1300) kaam de kânselarij op, wat doedestiden it plak wie dêr't de measte brieven, oarkunden en oare offisjele stikken skreaun en kopiëarre waarden. Doe't geandewei de Ier-Moderne Tiid almar gruttere en mear komplekse organisaasjes ûntstiene, waarden yn 'e achttjinde iuw de earste kantoargebouwen set, dy't spesifyk boud wiene foar it húsfêstjen fan kantoaren. De bou fan dat soarte gebouwen naam almar mear ta doe't der troch de Yndustriële Revolúsje yn 'e njoggentjinde iuw hieltyd mear ferlet wie fan gruttere oantallen klerken by û.m. banken, fersekeringsmaatskippijen, spoarweimaatskippijen, oaljemaatskippijen en posttsjinsten, en dêrom ek fan kantoaren om sokke lju fan wurkromte te foarsjen.

Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw en it begjin fan 'e tweintichste iuw waarden kantoarwurkers yn grutte romten byinoar pleatst, sadat de baas harren wat yn it each hâlde koe. Tsjin 'e midden fan 'e tweintichste iuw kaam men lykwols ta de konklúzje dat benammen foar privacygefoelich wurk (lykas by banken, fersekeringsmaatskippijen en de oerheid) in ôfsletten wurkromte needsaaklik wie. Dêrta waarden yn Jeropa faak aparte kantoarfertrekken foar ien of twa wurkers ynrjochte, hoewol't men yn 'e Feriene Steaten in soad gebrûk makke fan saneamde cublicles: in grutte romte dy't mei net oan it plafon ta rikkende skudden ferdield is yn lytse wurkhokjes sûnder ruten of doarren (mar inkeld mei in ûnôfslútber doarsgat). Sûnt de 1990-er jierren is it wer yn 'e moade rekke om grutte oantallen (oant wol tweintich of noch mear) kantoarwurkers byinoar yn in grutte seal te setten, dy't oantsjut wurdt as in 'kantoartún'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.