Mamma Mia! (film út 2008)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mamma Mia! (film))
Mamma Mia!
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Phyllida Lloyd
produsint Judy Craymer
Gary Goetzman
útfierend
   produsint
Rita Wilson
Tom Hanks
Mark Huffam
senario Catherine Johnson
basearre op de musical fan
   Catherine Johnson
kamerarezjy Haris Zambarloukos
muzyk Benny Andersson
Björn Ulvaeus
filmstudio Littlestar Productions
Playtone
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Meryl Streep
Amanda Seyfried
Pierce Brosnan
byrollen Colin Firth
Stellan Skarsgård
Christine Baranski
Julie Walters
Dominic Cooper
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 30 juny 2008
foarm langspylfilmmusical
sjenre romantyske komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 109 minuten
budget en resultaten
budget $52 miljoen
opbringst $615,7 miljoen
prizen 1 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Mamma Mia!
● folgjend diel Mamma Mia! Here We
   Go Again

Mamma Mia!, ek bekend as Mamma Mia! The Movie, is in Britsk-Amerikaanske filmmusical út 2008 yn 'e foarm fan in romantyske komeedzje. De film, dy't regissearre waard troch Phyllida Lloyd, is in jukeboxmusical mei bekende lieten fan 'e Sweedske band ABBA. De haadrollen waarden fertolke troch Meryl Streep, Amanda Seyfried en Pierce Brosnan, ûnderstipe troch Colin Firth, Stellan Skarsgård, Christine Baranski, Julie Walters en Dominic Cooper yn 'e wichtichste byrollen. De titel is in Súditaljaanske útrop fan ferheardens of frustraasje, dy't letterlik "Myn Mem!" betsjut, en ferwiist nei it ferske fan ABBA mei deselde titel. De film is basearre op 'e toanielmusical Mamma Mia, út 1999. It ferhaal giet oer in jonge breid dy't foar har brulloft trije âldere manlju útnûget dy't se noch nea met hat, om't elts fan harren neffens in âld deiboek fan har mem har heit wêze kinne soe. Mamma Mia! krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Yn 2018 waard der in ferfolchfilm makke ûnder de titel Mamma Mia! Here We Go Again.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it fiktive Grykske eilân Kalokairi arrivearje Ali en Lisa, de bêste freondinnen fan 'e tweintichjierrige Sophie Sheridan, dy't mei har mem, de hotelhâldster Donna Sheridan, op it eilân wennet. Sophie sil mei koarten trouwe mei har frijer Sky, en de oare beide fammen moatte har breidsfamkes wurde. As se noch mar krekt goed en wol op it eilân binne, nimt Sophie har freondinnen yn fertrouwen: se hat temûk har heit útnûge foar har trouwerij. Dat bringt Ali en Lisa yn betizing, mei't se mienden dat Sophie net wist wa't har heit wie.

Sophie fertsjutsket dat dat ek sa is, mar se hat in âld deiboek fan har mem fûn fan it jier dat se berne waard, en dêryn stiet fermelden dat har mem njoggen moannen foar de befalling mei trije ûnderskate manlju seksuele omgong hân hat. Mei't se wis is dat se har heit weromkenne sil sadree't se him sjocht, hat Sophie alle trije manlju útnûge út namme fan har mem. Sadwaande sette de Iersk-Amerikaanske arsjitekt Sam Carmichael, de Ingelske bankier Harry Bright en de Sweedske aventoersman en reisferhaleskriuwer Bill Anderson allegearre ôf nei Kalokairi.

Underwilens arrivearje op it eilân ek Tanya en Rosie, de bêste freondinnen fan Sophie har mem Donna, mei wa't dy yn in dizenich ferline de band Donna and the Dynamos foarme. Tanya is in rike, trijeris skieden dame, en Rosie in súksesfol skriuwster. Donna, dy't nea troud is, fertelt har freondinnen dat se der mei har ferstân net by kin dat Sophie trouwe wol en al op sa'n jonge leeftyd.

As tagelyk de trije manlju arrivearje, dy't inoar op it fêstelân tsjinkommen binne en mei-inoar de oerstek makke hawwe, docht bliken dat Sophie mis west hat: se hat gjin idee wa fan 'e trije har heit is. Om foar te kommen dat Donna ûntdekt wat se dien hat, ferberget se de mannen yn 'e ta útfanhûzerskeamer omboude souder fan it âlde geitehok. Se leit út dat sy dejinge is dy't harren útnûge hat, as ferrassing foar har mem. De mannen, dy't Sophie wat oer it mad komt mei har ferhaal, fine it in aparte gong fan saken, mar se binne hjir no ienris, dat se sizze harren meiwurking ta.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Donna komt de 'ferrassing' lykwols fuortendaliks al op it spoar as se wat ophellet út 'e as rommelberging brûkte ûnderferdjipping fan it âlde geitehok en fuotstappen op 'e souder heart. As se troch it finster gluorket, wurdt se har âlde minners Sam, Bill en Harry gewaar. Se hat har dochter nea ferteld wa't har heit is om't se dat sels net wit. No't se alle trije mooglike kandidaten byinoar sjocht, rekket se alhiel oerstjoer, om't se bang is dat Sophie de wierheid oangeande har ferwekking ûntdekke sil (net wittende dat Sophie dat al wit út it âlde deiboek dat se omtommelje litten hat). As Donna nei de mannen ta giet, komme dy't elts mei in ferlechje om harren oanwêzigens te ferklearjen, mar Donna wol harren allinne mar sa gau mooglik wer fuort hawwe.

Ut it geitehok bonsjoerd troch Donna, lûke de mannen har werom op 'e sylboat fan Bill. Dêr fynt Sophie harren wer, dy't benaud is dat har mooglike heiten ôfsette sille. De mannen stelle har gerêst: se binne fan inkeld fan doel en syl om it eilân hinne, om by Donna út 'e buert te bliuwen. Sophie sylt mei en ûnderweis komt se better mei elts fan 'e trije mannen yn 'e kunde. Neitiid is se fan doel en bychtsje de útnûging fan har mooglike heiten op oan har ferloofde Sky, mar om't se bang is dat er har dêrfoar beskrobje sil, ferliest se de moed en wynt har derfoar wei. Ynstee fertelle se inoar hoefolle oft se faninoar hâlde, oant Sky troch syn maten ûntfierd wurdt foar syn frijfeintefeest.

Dyselde jûns fersoargje Donna, Tanya en Rosie op it frijfammefeest fan Sophie foar it earst yn desennia in optreden as Donna and the Dynamos. As Sam, Bill en Harry dêr arrivearje, beslút Sophie om mei elts fan harren ûnder fjouwer eagen te praten. Fan Bill heart se dat Donna oan har hoteltsje kommen is út in beërf fan syn âldmuoike Sofia, nei wa't Sophie ferneamd is. Hy hat dat nea goed begrepen, want yn it testamint stie dat it gebou nei in famyljelid gien wie. Ynienen falt by Bill it kwartsje en freget er Sophie hoe âld oft se persiis is. Hy beseft dat hy har heit wêze moat en seit ta dat er har weijaan sil op har trouwerij en ek dat er syn ûntdekking oant dy tiid geheim hâlde sil. Sophie is de wrâld te ryk, mar dat duorret net sa lang, want ek Sam en Harry binne, los faninoar, ta it besef kommen dat se har heit wêze moatte, en beide nimme se har apart en drukke se har op it hert dat se har weijaan sille op 'e trouwerij. It wurdt Sophie tefolle en se falt derhinne.

De oare moarns bewissigje Tanya en Rosie Donna derfan dat sy wol ôfweve sille mei de trije mannen, dy't Donna noch altyd fuorthawwe wol. Nettsjinsteande harren ûntjit oan Sophie steane Bill en Harry op it punt om inoar fan harren ûntdekking te fertellen as se troch Rosie ûnderbrutsen wurde. Underwilens biedt Donna oan Sophie oan om 'e trouwerij ôf te sizzen, om't se mient dat Sophie der de jûns tefoaren hinne fallen is om't se sa tsjin 'e trouwerij opsjocht. Sophie ûntstekt lykwols yn lulkens en seit dat alles wat se wol is om net deselde libbensflaters te meitsjen as har mem. Neitiid sprekt Sam Donna oan, mei't er noch altyd smoarfereale op har is, en hoewol't Donna syn gefoelens beäntwurdet, hat se him net ferjûn dat er har sitte litten hat om thús gau mei syn ferloofde te trouwen. Op it strân set Tanya har flirten fan 'e foargeande jûns mei de swarte barkeeper Pepper fuort, dy't sa jong is dat se syn mem (of, neffens Rosie, syn beppe) wol wêze kin.

Sophie bychtet einlings en te'n lêsten oan Sky op hoe't se harsels yn 'e swierrichheden brocht hat en freget him om help. Hy reägearret lykwols lulk op har mislieding, al docht dat neat ôf oan syn leafde foar har. Ynstee giet Sophie dêrom nei har mem om help, en freget dy om har wei te jaan. Donna seit dat ta en Sophie beskôget har probleem foar oplost. Op 'e kuier nei de kapel dêr't de trouwerij plakfine sil, sprekt Sam op 'e nij Donna oan, dy't him witte lit hoe slim oft er har kwetst hat doe't er by har wei gie.

Yn 'e kapel bringt Donna, lykas ôfsprutsen, Sophie nei Sky ta. As de pastoar dêrnei eltsenien ferwolkommet en yn 't bysûnder Donna, "dy't de famylje fan Sophie fertsjintwurdiget", beseft Donna dat Sophie it fertsjinnet om in gruttere famylje te hawwen. Se nimt it wurd en hjit ek "de heit fan Sophie" wolkom. As dêrop trije manlju stean geane, moat se bekenne dat se net krekt wit wa't dat is en dat it lykfolwa fan 'e trije wêze kin. Se freget Sophie om har te ferjaan, mar Sophie wist dat fansels al lang. De mannen beslute dat se sa graach Sophie har heit wêze wolle, dat se gjin heitskipstest ûndergean wolle. Ynstee sille se tefreden wêze om elts foar in trêdepart har heit te wêzen. Sophie beseft dat se dochs (noch) net trouwe wol en freget Sky om mei har de wrâld yn 't rûn te reizgjen.

Foar't de brulloftsgasten de kapel ferlitte kinne, ferklearret Sam lykwols syn leafde foar Donna. Hy fertelt dat er by har wei gien wie om skjin skip te meitsjen troch yn persoan syn relaasje mei syn ferloofde te ferbrekken. Doe't er dêrnei yn Grikelân weromkaam, yn 'e oertsjûging dat Donna dy pear dagen wol op him wachte hawwe soe, hearde er dat sy al in oare frijer hie (Bill). No lit er him op in knibbel falle en docht er Donna in houliksoansyk, dêr't sy tawurd op jout. Sa komt der dochs noch in trouwerij, want Sam en Donna nimme it plak yn fan Sophie en Sky en trouwe fuortendaliks. Op 'e brulloftsresepsje giet Rosie efter in hieltyd minder tsjinakseljende Bill oan, wylst Harry, dy't nei syn aventoer mei Donna ûntdutsen hie dat er eins homo wie, in relaasje krigen hat mei de Grykske Petros. De film einiget as Sophie en Sky by nacht fan it eilân fuortfarre.

Under de ôftiteling sjonge Donna and the Dynamos (nochris) it liet Dancing Queen, en dêrnei, as se selskip krije fan 'e útwrydsk klaaide Sam, Bill, Harry, Sophie en Sky, ek it liet Waterloo.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meryl Streep.
Amanda Seyfried.
Pierce Brosnan.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Donna Sheridan Meryl Streep
Sophie Sheridan Amanda Seyfried
Sam Carmichael Pierce Brosnan


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Harry Bright Colin Firth
Bill Anderson Stellan Skarsgård
Tanya Chesham-Leigh Christine Baranski
Rosie Mulligan Julie Walters
Sky Ramand Dominic Cooper
pastoar Alex Niall Buggy
Pepper de barkeeper Philip Michael
Lisa Rachel McDowall
Ali Ashley Lilley
Eddie Chris Jarvis
Petros, Harry syn partner Juan Pablo di Pace
Gregoris Enzo Squillino
Stavros Ricardo Montez
pianist by it liet Dancing Queen Benny Andersson (cameo)

Lieten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. I Have a Dream – Sophie¹
  2. Honey, Honey – Sophie, Ali en Lisa
  3. Money, Money, Money – Donna, Tanya en Rosie
  4. Mamma Mia – Donna
  5. Chiquitita – Rosie, Tanya en Donna¹
  6. Dancing Queen – Donna, Tanya en Rosie
  7. Our Last Summer – Harry, Bill, Sam en Sophie
  8. Lay All Your Love on Me – Sky en Sophie
  9. Super Trouper – Donna, Tanya en Rosie
  10. Gimme! Gimme! Gimme! (A Man after Midnight) – Sophie, Ali en Lisa
  11. The Name of the Game – Sophie²
  12. Voulez-Vous – Donna, Sam, Tanya, Rosie, Harry, Bill, Sky, Ali, Lisa en Pepper
  13. SOS – Sam en Donna
  14. Does Your Mother Know? – Tanya en Pepper
  15. Slipping Through My Fingers – Donna en Sophie
  16. The Winner Takes It All – Donna
  17. I Do, I Do, I Do, I Do, I Do – Sam en Donna¹
  18. When All Is Said and Done – Sam en Donna
  19. Take a Chance on Me – Rosie, Bill, Tanya, Pepper en Harry
  20. I Have a Dream (reprize) – Sophie
  21. Dancing Queen (reprize) – Donna, Tanya en Rosie¹
  22. Waterloo – Donna, Rosie, Tanya, Sam, Bill, Harry, Sophie en Sky¹
  23. Thank You for the Music – Sophie³

¹) komt foar yn 'e film, mar net op it soundtrackalbum
²) komt foar op it soundtrackalbum, mar net yn 'e film
³) allinnich op it soundtrackalbum, mar tafoege as in ferburgen nûmer

ABBA mei de cast en crew fan Mamma Mia! yn 2008. F.l.n.rj. ABBA-lid Benny Andersson, akteurs Pierce Brosnan, Amanda Seyfried en Meryl Streep, ABBA-leden Agnetha Fältskog en Anni-Frid Lyngstad, akteurs Christine Baranski en Colin Firth, senarioskriuwster Catherine Johnson, regisseur Phyllida Lloyd, filmprodusinte Judy Craymer, ABBA-lid Björn Ulvaeus en akteur Dominic Cooper.

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mamma Mia! is in film dy't basearre is op 'e tige populêre musical Mamma Mia fan Catherine Johnson, dy't yn 1999 yn Londen yn premiêre gie en neitiid jierrenlang oer de hiele wrâld opfierd waard. De musical is in oade oan it wurk fan 'e Sweedske band ABBA, dy't yn 'e 1970-er jierren en iere 1980-er jierren wrâldwiid tige populêr wie. De film is ek teminsten foar in part basearre op it liet Mamma Mia, fan ABBA, út 1975.

De film waard regissearre troch Phyllida Lloyd nei in senario dat Catherine Johnson sels omwurke hie fan har musical. De filmmuzyk (en oarspronklik ek de ferskes) wiene fan 'e hân fan Benny Andersson en Björn Ulvaeus fan ABBA, mei ynsidintele bydragen fan muzykprodusint Stig Anderson. Produsinten wiene Judy Craymer en Gary Goetzman foar de filmstudio's Littlestar Productions en Playtone. Dêrmei wie Mamma Mia! in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. As útfierend produsint wiene Tom Hanks, syn frou Rita Wilson en Mark Huffam by it projekt belutsen. Der wie foar de film in budget beskikber fan $52 miljoen.

Utsjoch oer in strân op it Grykske eilân Skopelos, dêr't Mamma Mia! foar in diel opnommen waard.

De opnamen fûnen plak fan 29 augustus oant ein septimber 2007. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Haris Zambarloukos. Fierwei de measte sênes waarden yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire filme, dêr't it hiele doarpke fan it fiktive eilân Kalokairi neiboud waard. Guon dielen fan 'e film waarden op lokaasje opnommen op it Grykske eilân Skopelos, yn Tessaalje.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Mamma Mia! waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 30 juny 2008 yn premiêre yn Londen, en iepene dêrnei op 10 july yn 'e Britske bioskopen. Yn Dútslân kaam de film út op 17 july en yn 'e Feriene Steaten op 18 july. By de Sweedske premiêre, op 4 july yn Stockholm, joegen Anni-Frid Lyngstad en Agnetha Fältskog harren by Björn Ulvaeus en Benny Andersson, dy't by de produksje fan 'e film belutsen west hiene. Dat wie de earste kear sûnt 1986 dat alle fjouwer leden fan ABBA yn it iepenbier gearkamen.

It byhearrende soundtrackalbum, Mamma Mia! The Movie Soundtrack, kaam op 7 july 2008 tagelyk út by Decca Records yn 'e Feriene Steaten en by Polydor foar de ynternasjonale merk. Yn novimber 2008 waard de film Mamma Mia! útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Mamma Mia! mingde resinsjes. BBC-kritikus Mark Kermode moast tajaan dat er genoaten hie fan 'e film, al tekene er dêrby oan dat dy ûnderfining "sa tichteby komt as mar mooglik is by A-filmakteurs dy't dronken karaoke dogge." Yn 'e Britske krante The Guardian joech Peter Bradshaw de film mar 1 fan 4 stjerren. Dêr foege er oan ta dat er ûnder it sjen sitten hie te kokhalzjen. Yn it tydskrift The Escapist skreau Bob Chipman dat Mamma Mia! "sa ûnoprjocht en sa ûnnoazel [wie] en sa draai[de] om betsjuttingsleas spektakel, dat it in wûnder is dat [de film] net foar manlju makke is."

Oan 'e oare kant fan it spektrum skreau Angie Errigo yn it tydskrift Empire dat de film "oandwaanlik, tsjûk oanset famyljefermaak [wie], fol sinneskyn en ferskes dêr't je ûngemurken mei de teannen op 'e maat begjinne mei te tikjen." De resinsint dy't foar The Daily Telegraph skreau, woe hawwe dat Mamma Mia! min yninoar set wie, "mar ik haw sa'n flau fermoeden dat ik likegoed nei de bioskoop gean sil om him nochris te sjen."

It sjongen fan 'e cast fan 'e film, besteande út akteurs dy't ornaris net bekendsteane om harren talint op dat mêd, rôp útinoar rinnende reäksjes op. It Amerikaanske blêd Variety murk op dat "guon stjerren, yn 't bysûnder de nea stilsteande en wol ferjonge lykjende Streep", mear oanlis foar in komeedzjemusical lieken te hawwen as oaren, wêrûnder Brosnan en Skarsgård. Fral Pierce Brosnan waard datoangeande troch kritisy op 'e pynbank lein: syn sjongen waard ferlike mei it balten fan in wetterbuffel (New York Magazine), in âljende ezel (The Philadelphia Inquirer) en in ferwûne waskbear (The Miami Herald). Yn Creative Loafing, in publikaasje út Charlotte (Noard-Karolina), frege Matt Brunson him sels ôf oft Brosnan soms krekt bûten byld oan in prostaatûndersyk ûnderwurpen waard.

De Agios Ioannis-kapel op it Grykske eilân Skopelos, dêr't yn 'e film de houlikssêne plakfynt.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Mamma Mia! in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 183 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Dizze jukeboxmusical sit fol mei neatsizzende wille, mar it soe samar kinne dat de rouwe sjongstimmen en de teätrale toan jo de hiele 90 minuten net fiele litte dat you can dance." (In wurdboarterij op 'e liettekst fan Dancing Queen.) Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Mamma Mia! in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 37 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mamma Mia! brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $144,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $471,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $615,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $52 miljoen betsjut dat in winst fan $563,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Mamma Mia! wie dêrmei de op trije nei meast opbringende film fan 2008 bûten Noard-Amearika (yn Noard-Amearika wie it de op tolve nei meast opbringende film fan dat jier). It wie ek de meast opbringende live action-musicalfilm aller tiden (oant it foarbystribbe waard troch Beauty and the Beast út 2017) en de meast opbringende film regissearre troch in frou (oant dat plak yn 2017 ynnommen waard troch Wonder Woman fan Patty Jenkins).

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mamma Mia! waard yn 2009 nomimearre foar twa Golden Globes, yn 'e kategoryen bêste film (musical of komeedzje) en bêste aktrise (Meryl Streep), en ek foar in Grammy Award, trije BAFTA's, in Satellite Award en in MTV Movie Award. De film wûn de Empire Award foar bêste soundtrack, de People's Choice Award foar bêste liet út in soundtrack (Mamma Mia) en trije Nederlânske Rembrandt Awards foar bêste ynternasjonale film, bêste ynternasjonale aktrise (Streep) en bêste aktrise (Streep).

Ferfolchfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutte súkses fan Mamma Mia! joech tsien jier letter, yn 2018, oanlieding ta de produksje fan in ferfolchfilm, mei as titel Mamma Mia! Here We Go Again. Foar dy film kaam de hiele cast út Mamma Mia! wer opdraven, oanfolle mei ferskate oaren, lykas Lily James as in jonge Donna, Cher yn 'e rol fan Donna har mem Ruby en Andy Garcia as señor Cienfuegos, in Meksikaanske hotelmanager dy't al of net Donna har heit en Sophie har pake wêze kinne soe.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.