Interview with the Vampire (film)
Interview with the Vampire | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Neil Jordan | |
produsint | David Geffen Stephen Woolley | |
senario | Anne Rice | |
basearre op | de roman fan Anne Rice | |
kamerarezjy | Philippe Rousselot | |
muzyk | Elliot Goldenthal | |
filmstudio | The Geffen Film Company | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Brad Pitt Tom Cruise | |
voice-over | Brad Pitt | |
byrollen | Kirsten Dunst Antonio Banderas Christian Slater Stephen Rea | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 11 novimber 1994 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | goatyske horrorfilm | |
taal | Ingelsk (ek in bytsje Frânsk) | |
spyltiid | 122 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $60 miljoen | |
opbringst | $223,7 miljoen | |
prizen | 2 × BAFTA 3 × Saturn Award 1 × Young Artist Award |
Interview with a Vampire, ek bekend as Interview with the Vampire: The Vampire Chronicles, is in Amerikaanske goatyske horrordramafilm út 1994 ûnder rezjy fan Neil Jordan. De haadrollen waarden spile troch Brad Pitt en Tom Cruise, mei yn 'e wichtichste byrol in tige jonge Kirsten Dunst. De titel betsjut "Fraachpetear mei de Fampier". De film giet oer in twahûndert jier âlde fampier, Louis de Pointe du Lac, dy't syn libbensferhaal fertelt oan in sjoernalist. De plot folget Louis by syn transformaasje ta ûndeade troch de psychopatyske fampier Lestat de Lioncourt, en dêrnei by harren ferwrongen mentorskipsrelaasje en harren transformaasje fan in tsienjierrich famke ta fampier. Interview with the Vampire krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film wûn twa BAFTA's, trije Saturn Awards en in Young Artist Award en waard nominearre foar twa Oscars en twa Golden Globes. In op himsels steand ferfolch kaam yn 2002 út ûnder de titel Queen of the Damned. Yn 2021 waard in remake foar op 'e tillefyzje makke yn 'e foarm fan in minysearje.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it nachtlike San Francisco fan 1993 merkt sjoernalist Daniel Molloy in ynteressant útsjende man op, wa't er in fraachpetear ôfnimme wol. Hy folget dyselde nei in keamer yn in gebou dat útsjocht op it brûzende nachtlibben fan 'e stêd en wit him safier te krijen dat er mei it fraachpetear ynstimt. De man is Louis de Pointe du Lac, dy't beweart in twahûndert jier âlde fampier te wêzen. Daniel laket dat earst fuort, mar as Louis in lytse demonstraasje fan syn boppenatuerlike fermogens jout, wit er Daniel derfan te oertsjûgjen dat er de wierheid sprekt. Louis seit dat er fan doel wie om Daniel syn bloed te drinken en him te deadzjen, mar om't it idee fan in fraachpetear oer syn libben him yntrigearret, hoecht Daniel dêr no net mear benaud foar te wêzen.
Syn libbensferhaal begjint Louis mei te fertellen dat er yn 1767 berne waard yn in aristokratyske Frânske famylje. Hy emigrearre út it Keninkryk Frankryk wei nei de koloanje Louisiana, dêr't er yn 'e Mississippydelta besuden New Orleans in rike plantaazje-eigner waard. Yn 1791, as er 24 jier is, stjerre syn frou en bern yn it kreambêd. Dêrmei ferliest Louis syn wil om te libjen en skipet er in deadswinsk. Hy jout him oer oan gokken, sûpen en huorjen en nimt dêrby mei opsetsin almar gruttere risiko's. Op in nacht wurdt er yn 'e haven fan New Orleans oanfallen troch de fampier Lestat de Lioncourt, dy't Louis syn útsjoch op it libben fermaaklik fynt. Hy seit dat er him de kar jaan sil dy't himsels nea jûn is en biedt oan om him te feroarjen yn in fampier. Louis nimt dat oanbod oan, mar wannear't er ienris fampier wurden is, kriget er dêr al rillegau spyt fan. Want wylst Lestat it prachtich fynt om minsken te bejeien en te deadzjen, is Louis in man fan noarmen en wearden en walget er fan wat er wurden is. Dat, ynstee fiedt er himsels mei it bloed fan rotten en oar lyts dierte.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Louis nimt Lestat foar syn mentor oan, om him te learen hoe't er as fampier bestean moat. Mar op 't langelêst, as er foar it ferstân kriget dat er neat fan Lestat te learen hat om't Lestat sels ek neat wit of om't er it út sadisme wegeret te fertellen, beslút Louis om syn makker te ferlitten. Dy jûns, as er middenmank in útbraak fan 'e pest troch de stêd doarmet, sjocht er in tsienjierrich famke dat by it stoflik omskot fan har al lang deade mem sit. Hy besiket it famke dêrwei te krijen, mar as se him oankrûpt, ferliest er syn selsbehearsking en byt er har en drinkt har bloed. Op dat stuit fynt Lestat him werom, dy't yn 'e sitewaasje fuortendaliks in mooglikheid sjocht om Louis te manipulearjen om by him te bliuwen. Dat docht er troch it famke, Claudia, ta fampier te meitsjen, wêrnei't it heech ûntwikkele ferantwurdlikheidsgefoel fan Louis him net mear tastiet om fuort te gean en it famke oan Lestat oer te litten.
Tenei foarmje de trije fampieren in parody op in húshâlding. Tegearre bringe Louis en Lestat Claudia grut as wie se harren eigen dochter. Wylst Louis wier fan it famke hâldt as wied er echt har heit, sjocht Lestat har mear as in learling, dy't er sawol bedjert as opliedt ta in ûnmeilydsume moardneresse. Sa geane tritich jier foarby. Tsjin 1821 binne alle ynwenners fan New Orleans al lang Amerikanen wurden en de stêd en syn befolking binne gâns oanwûn yn grutte en tal. Claudia is psychologysk folwoeksen wurden, mar har lichem is dat fan in tsienjierrich famke bleaun, mei't fampieren foar ivich deselde lichaamlike steat behâlde as doe't se ta fampier makke waarden. Lestat behannelet har noch altyd as in lyts famke, eat dêr't se in hekel oan krigen hat, mar Louis begrypt mar al te goed hoe't se har fielt, dat syn skuldgefoelens oer har transformaasje ta fampier boazje noch fierder oan.
Wannear't Claudia lang om let foar it ferstân kriget dat se nea lichaamlik folwoeksen wurde sil, is se poerlulk oer wat Lestat en Louis har oandien hawwe, hoewol't se Louis ferjout om se fan him hâldt as wied er har heit. Se trunet him lykwols oan om mei har by Lestat wei te gean. Louis seit dat Lestat dat nea talitte sil. Dêrop beslút Claudia om foar iens en foar altyd mei Lestat ôf te weven. Dat docht se troch in pear twillingjonkjes om te bringen mei in oerdoazis laudanum, dat it bloed waarm hâldt, wêrnei't se Lestat deryn luzet om "dead bloed" te drinken. Dat ferswakket him sadanich, dat er himsels net mear genêze of ferdigenje kin, sadat Claudia him ienfâldichwei de kiel trochsnije kin. Louis is skokt wannear't er ûntdekt wat se dien hat, mar hy helpt Claudia om it lyk fan Lestat yn 'e moerassen fan 'e Mississippydelta te smiten, dêr't der fuort alligators op ôfkomme. Werom yn 'e stêd boeke Louis en Claudia in reis oersee nei Jeropa, dêr't se oare fampieren hoopje te finen. Nei wiken fan tarieding risselwearje se om nei de haven ta foar in nachtlike ôffeart, wannear't ynienen Lestat wer opdûkt. It docht bliken dat er noch net alhiel dea wie, en dat er troch it drinken fan it bloed fan 'e alligators wer by de wâl opklaud is. Hy falt Louis en Claudia oan, mar Louis bekûgelet him mei in petroaljelampe, mei as gefolch dat sawol fampier as wente yn ljochte lôge komme te stean. Wylst efter harren Lestat skynber om 'e noch oan 'e flammen besiket te ûntkommen, pike Louis en Claudia út nei de haven en sile dyselde nachts noch út.
Yn Jeropa, Noard-Afrika en it Midden-Easten sykje Louis en Claudia fyftich jier lang om 'e nocht nei oare fampieren. Yn 1871 befine se har yn Parys. Dan, wannear't se harren syktocht opjûn hawwe, treffe se dêr by tafal twa âldere fampieren, Santiago en Armand. Dy lêste nûget harren út yn it Théâtre des Vampires, in skouboarch dêr't in kloft fampieren himsels foardocht as minsklike akteurs dy't fampieren spylje, troch op it poadium ta oerstean fan in minsklik publyk it bloed fan harren slachtoffers te drinken en dyselden dea te dwaan. Net ien dy't in hân útstekt om 'e slachtoffers te helpen of sels mar ûnrie rûkt, want it is ommers allinne mar teäter. Nei't se sa'n foarstelling besocht hawwe, dy't troch Louis kwalifisearre wurdt as "meunsterlik", nimt Armand syn gasten mei nei de kelders ûnder de skouboarch, dêr't de hiele troep fampieren libbet. By it ferlitten fan 'e skouboarch lêst Santiago, dy't krekt as Lestat oer de jefte fan telepaty beskikt, yn 'e tinzen fan Louis dat hy en Claudia Lestat wat oandien hawwe. Hy fermoedet, mar is der net wis fan, dat se him fermoarde hawwe. Armand warskôget Louis dat der mar ien regel is dêr't in fampier him oan hâlde moat: nea in oare fampier ombringe. Op it brekken fan dy regel stiet de deastraf.
Op oanrieden fan Armand stjoert Louis Claudia foar har eigen feilichheid by him wei, wylst er sels bliuwt om fan Armand te learen wat Lestat him net leare koe of woe. Claudia komt werom mei in minsklike frou op sleeptou, Madeleine, dy't koartby har tsienjierrich dochterke ferlern hat. Sy en Claudia hawwe in oerienkomst berikt: Claudia sil har in dochter jaan dy't net stjerre kin (sysels), en Madeleine lit har ta fampier transformearje sadat se Claudia har nije beskermster wurde kin yn it stee fan Louis. Om't se sels net it fermogen hat om fampieren te meitsjen, easket Claudia fan Louis dat dy dat foar har docht. Mei tsjinnichheid foldocht er oan har fersyk, mar hy seit dat der no gjin skulden mear tusken har beiden besteane, en Claudia seit dat ta.
Ear't de nacht om is, kringe de Paryske fampieren lykwols yn it ferbliuw fan Louis en Claudia binnen en nimme harren en Madeleine finzen. By wize fan bestraffing foar de dea fan Lestat wurdt Louis yn in metalen deakiste opsletten en ynmitsele yn 'e kelders ûnder it Théâtre des Vampires. Santiago-en-dy sizze tsjin him dat er dêr foar ivich bliuwe sil oant er ferstjert, wat miskien wol twahûndert jier duorje kin. Claudia en Madeleine wurde ûnderwilens fêstset yn in djippe put dy't fan boppen iepen is. Wannear't de oare deis de sinne rjocht boppe de put komt te stean, wurde Claudia en Madeleine ta jiske baarnd. De folgjende nachts wurdt Louis út syn metalen deakiste rêden troch Armand, dy't him fuortstjoerd út it Théâtre des Vampires. As de dage oan 'e loft is en de fampieren har allegearre foar de dei yn harren deakisten weromlutsen hawwe, komt Louis werom, dy't ferskate fetten oalje yn 'e skouboarch en oer de deakisten hinne ferpuozzet, wêrnei't er de hiele boel yn 'e brân stekt. De fampieren dy't wekker wurde en besykje út te naaien, ûnder wa Santiago, hout er midwtwa mei in seine.
Wannear't Louis sels de skouboarch ferlit, hat er te lang wachte en driget er sels deabaarnd te wurde troch de sinne, mar hy wurdt rêden troch Armand yn in mei swiere gerdinen fertsjustere koets. Armand biedt him in plak oan syn side oan, sadat er leare kin om ûnmeilydsum te wêzen. Mar Louis, dy't wol foar it ferstân hat dat Armand de moard op Claudia en Madeleine gewurde litten hat, krekt sa't er ek Louis gjin striebreed yn 'e wei lein hat by syn wraak op Santiago-en-dy, slacht it oanbod ôf. Hy lit Armand stean en jout himsels ôf.
Louis komt it ferlies fan Claudia nea wer te boppen, al hoe folle tiid der ek foarby giet. Hy siket nea wer in oare fampier as selskip, mar ferkent tenei op ûntmoedige wize de wrâld allinne. Uteinlik keart er yn 1988 werom nei New Orleans, dêr't er ta syn ferheardens Lestat noch libben oantreft, sij it yn fersmoarge en ferswakke steat, libjend as in mei pleinfrees oanhelle klúzner yn in ferfallen wente op it bloed fan rotten. Lestat seit dat er no foar it ferstân hat dat it in grutte flater wie om sa'n jong famke as Claudia ta fampier te meitsjen. Hy freget Louis om by him te bliuwen, sadat er syn âlde sels wer wurde kin, mar Louis stegeret him ôf, hoewol net op in ûnfreonlike wize, en lit him fierders yn syn eigen sop gearsiede. Wat der neitiid fan Lestat wurden is, wit er net.
Mei dat sizzen slút Louis it fraachpetear mei Daniel ôf. Nei syn eigen tinken hat er goed útlein hoe dom oft it is om in fampier wurde te wollen, in beslút dat er as de grutste flater fan syn libben beskôget. Daniel sjocht lykwols inkeld de boppenatuerlike fermogens fan in fampier en smeekt Louis om him ta fampier te transformearjen, sadat er syn nije selskipsman wurde kin. Louis ûntstekt yn razernij as er beseft dat Daniel neat begrepen hat fan syn iuwenlange lijen en selshate, en falt him oan om him sa bang te meitsjen dat er syn healwize idee farre lit. Daniel, by wa't de skrik der dan goed yn sit, naait út as sit de duvel him op 'e hakken. As er letter lykwols yn syn kabriolet oer de Golden Gatebrêge riidt, lústeret er nei it kassettebantsje dêr't er it fraachpetear op opnommen hat en moat er wer glimkje. Op dat stuit wurdt er oanfallen troch Lestat, dy't himsels op 'e efterbank ferskûle hie. Hy libbet alhiel op fan Daniel syn bloed en seit dat er him de kar jaan sil dy't himsels nea jûn is, wêrnei't er oanbiedt om Daniel te transformearjen ta fampier.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Louis de Pointe du Lac | Brad Pitt |
Lestat de Lioncourt | Tom Cruise |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Claudia | Kirsten Dunst |
Armand | Antonio Banderas |
Daniel Molloy | Christian Slater |
Santiago | Stephen Rea |
Madeleine | Domiziana Giordano |
Estelle | Sara Stockbridge |
Yvette | Thandiwe Newton |
neaken fanke op poadium | Laure Marsac |
prostituee yn New Orleans | Indra Ové |
fampier yn Parys | Marcel Iureş |
poppemakker | George Kelly |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Interview with the Vampire waard regissearre troch Neil Jordan nei in senario op basis fan 'e roman fan Anne Rice út 1976, dy't ek Interview with the Vampire hiet. De filmrjochten op it boek wiene oarspronklik noch foar de publikaasje, yn april 1976, oankocht troch filmstudio Paramount Pictures, mar yn 'e preproduksje wie de ferfilming muorrefêst kommen te sitten, oant Paramount de filmrjochten trochferkocht oan Lorimar Productions. Dy studio ferkocht se letter wer troch oan Warner Bros. Neil Jordan waard troch Warner Bros. frege as regisseur nei it grutte súkses fan syn eardere film The Crying Game (1992). Hy lies de roman fan Rice en fûn it ferhaal yntrigearjend. Hy stimde ta yn it meitsjen fan 'e ferfilming op it betingst dat er sels it senario skriuwe mocht. Dat mocht, mar hy krige dêrfoar gjin fermelding yn 'e begjintitels of op 'e ôftiteling; ynstee waard dêr Anne Rice as senariste neamt, dy't earder har eigen roman ta filmsenario omwurke hie.
As produsinten wiene David Geffen en Stephen Woolley by it projekt belutsen foar de produksjemaatskippij The Geffen Film Company. Foar de film wie in budget beskikber fan $60 miljoen. It wie de earste kear yn 'e filmskiednis dat in film oer fampieren sa'n heech budget taparte krige. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philippe Rousselot, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elliot Goldenthal.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It casten fan Brad Pitt as Louis de Pointe du Lac en Tom Cruise as Lestat de Lioncourt wie in idee fan filmstudio Warner Bros. Anne Rice hie oarspronklik eins de Frânske akteur Alain Delon yn gedachten foar de rol fan Louis, en letter de Britske akteur Julian Sands. Om't Delon yn 'e Angelsaksyske wrâld gjin bekendheid hie en Sands noch mar ien grutte rol spile hie (yn A Room with a View) woe de studio dêr net yn meigean. Rice fûn fral it casten fan Cruise as Lestat in oanfluiting, en stelde ferskate oare akteurs foar, lykas John Malkovich, Peter Weller, Jeremy Irons en Alexander Godunov. Doe't dat neat joech, sloech se foar om Pitt en Cruise dan fan rol wikselje te litten, mar de studio harke net nei har. Nei't se lykwols de úteinlike film sjoen hie, moast Rice tajaan dat Cruise it klearspile hie om Lestat op in oannimlike wize del te setten. Se skille him doe op oan har ûntskuldigings oan te bieden en ta te jaan dat se mis west hie.
De rol fan 'e tsienjierrige Claudia gie nei Kirsten Dunst, dy't doedestiden sels alve jier wie. Hja wie troch in talintescout spesjaal foar de rol fan Claudia 'ûntdutsen', en wie it earste famke dat foar de rol audysje die. Interview with the Vampire betsjutte de grutte trochbraak yn Dunst har aktearkarriêre.
Yn in fraachpetear yn 2011 mei it tydskrift Entertainment Weekly fertelde Brad Pitt dat it meitsjen fan Interview with the Vampire foar him in ellindige tiid west hie. Hy kwalifisearre de opnamen foar de film, dy't oan ien wei troch by nacht plakfûnen om't fampieren no ienris net oer deiljocht kinne, as "seis moannen fan fucking tsjuster". Hy hie oars bot nei de rol útsjoen nei't er de roman fan Anne Rice lêzen hie, mar it senario, dat er mar twa wiken foar it begjin fan 'e opnamen tastjoerd krige, wie foar him in grutte teloarstelling. It boek giet neffens him yn haadsaak oer Louis, mei de nuvere opstigings fan Lestat yn 'e marzje, wylst de film eins om Lestat draait en Louis mar wat psychysk tramtearre tasjocht. Dat joech Pitt as akteur net folle te dwaan en hy rekke yn in klinyske depresje wei dy't sa djip wie dat er himsels op in stuit út syn kontrakt foar de rol besocht út te keapjen.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Interview with the Vampire fûnen plak oer in perioade fan in healjier yn ein 1993 en begjin 1994, mei New Orleans en Ingelân as de wichtichste filmlokaasjes. De sênes op 'e plantaazje fan Louis waarden foar in part filme op 'e Destrehan Plantaazje, eefkes bewesten New Orleans, en op 'e Oak Alley Plantaazje yn Vacherie, dat likemin fier fan New Orleans ôf leit. De sênes yn it New Orleans fan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waarden filme yn sekuer fan moderne eleminten ûntdiene strjitten yn it Frânske Kertier fan New Orleans en yn in spesjaal foar de film boude set oan 'e igge fan 'e Mississippy. De measte binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Fierders waarden ek in pear sênes opnommen yn San Francisco, te witten: de earste bylden fan 'e film op it punt yn 'e binnenstêd dêr't Taylor Street, Market Street en Golden Gate Avenue byinoar komme, en de lêste sêne fan 'e film op 'e Golden Gatebrêge, dy't foar de opnamen ôfset wurde moast. De oankomst fan Louis en Claudia yn harren hotel yn Parys waard opnommen yn 'e Paryske Opéra Garnier.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Interview with the Vampire waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 11 novimber 1994 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 desimber fan dat jier by platemaatskippij Geffen Records. Interview with the Vampire waard op 21 novimber 1995 útbrocht as VHS-keapfideo. De earste ferzje fan 'e film op dvd kaam út yn 1997, en de earste blu-rayferzje op 7 oktober 2008.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Interview with the Vampire oer it algemien positive resinsjes, û.o. fan Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times en Janet Maslin fan The New York Times. Lykwols moasten Desson Howe fan The Washington Post en Richard Corliss fan it tydskrift Time net folle fan 'e film hawwe.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Interview with the Vampire in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 58 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't guon fan 'e subtilere nuânses út it boek ûntbrekke, en de casting op guon punten knoffelich is, profitearret [de film] fan 'e rezjy fan Neil Jordan, dy't de juste sfear opropt, en fan in oerskot oan goatyske spanning." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Interview with the Vampire in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 19 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Interview with the Vampire brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $105,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $118,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $223,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $163,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn Interview with the Vampire fral konkurrinsje fan 'e krystfilm The Santa Clause en de science fiction-film Star Trek: Generations, dy't dêr tagelyk draaiden.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1995 waard Interview with the Vampire by de Oscars nominearre foar prizen yn twa kategoryen: bêste orizjinele filmmuzyk en bêste artdirection. De film waard ek nominearre foar twa Golden Globes, yn 'e kategoryen bêste byrol fan in aktrise (Kirsten Dunst) en bêste orizjinele filmmuzyk. Fierders waard de film nominearre foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Interview with the Vampire nominearre foar fjouwer prizen, wêrûnder bêste kostúmûntwerp en bêste fisazjy en hierstilearring. De film wûn de BAFTA's foar bêste kamerarezjy en bêste produksje-ûntwerp.
By de Saturn Awards waard Interview with the Vampire nominearre foar acht prizen yn sân kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, twa kear bêste akteur (Brad Pitt en Tom Cruise), bêste fisazjy en bêste filmmuzyk. De film wûn de Saturn Awards foar bêste horrorfilm, bêste optreden fan in jongere akteur of aktrise (Kirsten Dunst) en bêste kostúmûntwerp. Dunst wûn foar har rollen yn Interview with the Vampire en Little Women ek de Young Artist Award foar in berne-aktrise yn ien fan 'e haadrollen fan in spylfilm. Fierders wûn Elliot Goldenthal in ASCAP Film and Television Music Award foar syn filmmuzyk. Interview with the Vampire waard ek nominearre foar acht MTV Movie Awards, wêrfan't de film trije wûn: foar bêste aktearprestaasje fan in manlike akteur (Brad Pitt), bêste trochbraakoptreden (Kirsten Dunst) en begearlikste akteur (Pitt).
Ferfolch en tillefyzje-adaptaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2002 kaam ûnder de titel Queen of the Damned in ferfolch op Interview with the Vampire út. Dy film wie basearre op 'e roman The Queen of the Damned, it trêde diel út Anne Rice har romansearje The Vampire Chronicles (wêrfan't de roman Interview with the Vampire it earste diel wie). De film, mei oare akteurs yn 'e haadrollen, waard troch de filmkritisy mei tige negative resinsjes ûntfongen, en Rice woe der alhiel neat fan witte, mei't se fûn dat de makkers har wurk op sadanige wize feroare hiene, dat it "skeind" wie.
Yn febrewaris 2012 waard in twadde ferfolchfilm yn preproduksje nommen, dy't in ferfilming wurde moast fan 'e roman The Tale of the Body Thief (it fjirde diel út 'e rige). Yn april 2013 waard lykwols bekend makke dat it mei de produksje troch "kreätive skelen" op 'e non rûn wie. Nei't filmstudio Universal Pictures yn augustus 2014 de filmrjochten op The Vampire Chronicles yn 'e hannen krigen, wie der yn maaie 2016 sprake fan dat The Tale of the Body Thief dochs noch ferfilme wurde soe, mar yn novimber fan dat jier waard de ferfilming foargoed skrast.
Yn juny 2021 makke it Amerikaanske tillefyzjekanaal AMC bekend dat it fan doel wie om in sândielige minysearje te meitsjen op basis fan 'e roman Interview with the Vampire. De searje hie as titel Interview with the Vampire, en kin as in remake fan 'e film Interview with a Vampire beskôge wurde. De rige waard fan begjin oktober 2022 ôf op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd. Foarôfgeande dêroan, yn septimber fan dat jier, waard troch AMC daliks al in twadde seizoen besteld, diskear fan acht ôfleverings.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske horrorfilm
- Amerikaanske dramafilm
- Southern Gothic-film
- Ingelsktalige film
- Film fan The Geffen Film Company
- Film fan Warner Bros.
- Film fan Neil Jordan
- Film út 1994
- Film oer fampieren
- Film oer de Pruketiid
- Film oer mentorskip
- Film oer in sjoernalist of ferslachjouwer
- Film oer telepaty
- Film oer moard
- Film oer wraak
- Film oer in bern
- Film basearre op in literêr wurk