Springe nei ynhâld

Undea

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûndea)
It Spûk fan Barbara Radziwiłł, troch Wojciech Gerson. Spûken binne in foarm fan ûndeaden.

Undea is in fiktive tastân, dêr't in minske of oar wêzen yn bedarret as er/sy/it ferstoarn is, mar út 'e dea weromhelle wurdt. Soks komt gauris foar yn myten, leginden en moderne fiksje fan 'e sjenres fantasy en horror. In tastân fan ûndea wurdt dêrby passyf feroarsake of aktyf opwekke troch tsjoenderij of oare boppenatuerlike krêften, of oars troch fiktive gemyske of oare pseudo-wittenskiplike prosedees. De foarm fan tsjoenderij dy't wêzens weromhelje kin út 'e dea wurdt oantsjut as nekromânsje. Om't soks oer it algemien sjoen wurdt as in perversiteit, wurdt nekromânsje ornaris ta de swarte magy rekkene. In bekend foarbyld fan nekromânsje is in flok dy't oer in deade útsprutsen is en him weromskuord út 'e dea yn 'e foarm fan in spûk, skrinkelman, somby of mummy. Oare bekende foarbylden fan ûndeade wêzens (foar de skepping wêrfan't net direkt tsjoenderij nedich is) binne fampieren.

De term 'ûndea', yn 'e hjoeddeistige betsjutting, waard betocht troch de Ierske skriuwer Bram Stoker, foar syn roman Dracula út 1897. Hy woe it boek oarspronklik sels The Un-Dead neame, foar't er fan dat idee ôfstapte. As wurd kaam undead foar dy tiid yn it Ingelsk ek wol foar, mar inkeld as in seldsum synonym fan "libben", yn 'e sin fan it tsjinstelde fan "dea". Yn in passaazje út Dracula wurdt nosferatu oanhelle as "in Eastjeropeesk synonym" foar "ûndea". Sadwaande wurdt dat tsjintwurdich inkeld ek noch wol sa brûkt. Hoewol't Stoker de term 'ûndea' inkeld brûkte foar fampieren, waard de betsjutting neitiid troch oare fantasy- en horrorskriuwers útwreide nei alle soarten wêzens dy't net libben en net dea binne. Mei weromwurkjende krêft wurdt de term no ek tapast op folle âldere literatuer lykas myten en Midsiuwske ferhalen (bgl. Arthurleginden), wêryn't sokke wêzens foarkomme.

Undeade wêzens kinne earder minsken west hawwe, mar it kin ek gean om bisten of om folslein mytyske wêzens. Guon ûndeaden hawwe sawol oantinkens oan harren earder bestean as libbenen, as in eigen wil (blg. fampieren), wylst oaren net ien fan beiden hawwe en oerlevere binne oan dierlike ynstinkten of slaven binne fan dejinge dy't se út 'e dea opwekke hat (lykas sombys). Skaaimerken dy't ûndeaden faak gemien hawwe, binne in bleke hûdskleur; gjin hertslach; in lichemstemperatuer dy't gelyk is oan it om-en-by; in gebrek oan eangst dy't ferbân hâldt mei in ûnfermogen om pine te fielen; in ûnfermogen om te stjerren mei't se al dea binne; kwetsberens foar hillige symboalen lykas krusifiksen of wijwetter; en kwetsberens foar fjoer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.