Dracula (roman)

Ut Wikipedy
Dracula
algemiene gegevens
auteur Bram Stoker
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre horror
1e publikaasje 1897, Edinburgh
oarspr. útjwr. Constable & Co.

Dracula is in klassike horrorroman fan 'e hân fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker (1847-1912). It boek ferhellet oer de fampier greve Dracula en dy syn besykjen om út syn heitelân Transsylvaanje wei nei Ingelân te emigrearjen, mei as bedoeling om nij bloed te finen en syn ûndeade flok te fersprieden. Dat wurdt lykwols tsjinkeard troch in lytse kloft manlju en froulju dy't har tsjin 'e fampier oankantsje, ûnder lieding fan perfester Abraham van Helsing. Dracula behannelet tema's lykas de rol fan froulju en seksuële syd en plige yn it Fiktoriaanske Tiidrek, ymmigraasje en kolonialisme. Hoewol't Stoker net de betinker wie fan 'e fampier, geat er dat mytysk wêzen mei syn tige ynfloedrike roman wol yn 'e moderne foarm. Dracula waard yn 1897 publisearre troch de Skotske útjouwerij Constable & Co., en waard neitiid withoefolle kearen ta oare media adaptearre, lykas toanielstikken, films en tillefyzjesearjes.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal fan Dracula wurdt ferteld yn 'e foarm fan in briefroman, troch in rige brieven en passaazjes út deiboeken en lochboeken, wêrfan't de ik-persoanen de wichtichste personaazjes út 'e roman binne (útsein Dracula sels, dy't net oan it wurd komt). Sokke stikken wurde út en troch oanfolle mei in fiktyf krante-artikel oer foarfallen dy't de haadrolspilers net mei eigen eagen meimakke hawwe. It ferhaal fan Dracula fynt plak yn Transsylvaanje en Ingelân yn 'e midden fan 'e 1890-er jierren.

De roman iepenet as Jonathan Harker, in jonge Ingelske abbekaat, troch syn wurkjouwer nei it ôfhandige, troch etnyske Roemenen en Hongaren bewenne Transsylvaanje ta stjoerd wurdt, dat diel útmakket fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy. Dêr, djip yn 'e Karpaten, op 'e grins fan Transsylvaanje mei de Bûkovina en (de Roemeenske lânstreek) Moldaavje (net te betiizjen mei de it moderne lân Moldaavje, dat eastliker leit), berikt Harker it kastiel fan in greve Dracula, mei wa't er út namme fan yn wurkjouwer in oerienkomst op it mêd fan ûnreplik goed slute moat. Yn 't earstoan is de jonge abbekaat ûnder de yndruk fan 'e goede manieren fan syn gasthear, mar al rillegau beseft er dat er yn it kastiel in finzene is. As er tsjin 'e warskôging fan Dracula yn it grutte ferlaat op ferkenning út giet, moetet er trije tsjeppe froulju, "de susters", dy't fampieren blike te wêzen. Hy wurdt fan harren attinsjes (en in wisse dea) rêden troch Dracula, mar nei't alle risselwaasjes omtrint ûnreplik goed ree binne, set dyselde ôf en lit er Harker yn it kastiel oer oan 'e susters. Harker wit mar nauwerneed it faaie liif derôf te rêden en út it kastiel te ûntsnappen.

Koarte tiid letter rint in Russysk skip, de Demeter, dat syn reis begûn is yn 'e haven fan Varna, oan 'e Swarte See, oan 'e grûn by Whitby, oan 'e eastkust fan Ingelân. De lading bestiet út kisten mei grûn út Transsylvaanje. Yn it lochboek hat de kaptein optekene hoe't ûnderweis ien foar ien de leden fan syn bemanning op mysterieuze wize ferdwûn binne, oant inkeld hysels noch oer wie. Hy hie him fêstbûn oan it roer om it skip op koerts te hâlden, en seach in bist dat liek op "in grutte hûn" oan lân springen doe't it skip op 'e kust rûn.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Ingelân wurde de ferloofde fan Harker, Wilhelmina "Mina" Murray, en har freondinne Lucy Westenra net folle letter stalkt troch Dracula. Lucy hat trije houliksoansiken krigen, fan 'e psychiater John Seward, de Amerikaanske cowboy en aventoersman Quincey Morris en de rju earwearde Arthur Holmwood, in Ingelske ealman dy't letter de titel Lord Goldalming ervet. Se jout Holmwood har tawurd en wiist Seward en Morris ôf, mar sy en Holmwood bliuwe lykwols goed befreone mei de beide oare mannen. Underwilens kommunisearret Dracula mei Renfield, in sljochtsinnige dy't in pasjint is fan Seward. Troch dy kommunikaasje kriget Renfield it yn 'e holle dat er ynsekten, spinnen, fûgels en rotten ite wol, om harren "libbenskrêft" ta him te nimmen, krekt sa't Dracula dat docht troch it bloed fan syn slachtoffers te drinken. Troch de mystike bân tusken Dracula en Renfield is dy lêste by steat om dizenige oanwizings te jaan oer wat der geande is.

As Lucy op fertochte wize begjint wei te kwinen, freget Seward syn âlde learaar, perfester Abraham van Helsing, om rie. Dyselde stelt fuortendaliks fêst wat de oarsaak fan Lucy har tastân is, mar wegeret om dêr oan 'e oaren útslútsel oer te jaan. As de beide dokters ôfwêzich binne, wurde Lucy en har mem oanfallen troch in wolf; frou Westenra, dy't it oan it hert hat, bestjert it fan eangst, en Lucy komt koarte tiid letter ek te ferstjerren. Nei har dea ferskine der ferslaggen yn 'e kranten fan bern dy't nei tsjuster efternei sitten wurde troch in kreaze dame. Van Helsing, dy't begrypt dat Lucy in fampier wurden is, nimt dan einlings Seward, Morris en Lord Godalming yn fertrouwen. Yn 'e mande mei de trije frijers spoart Van Helsing har op, en nei in konfrontaasje huffe se har in staak troch it hert, slane har de holle ôf en stopje har mûle fol mei knyflok.

Om dyselde tiid hinne arrivearret Jonathan Harker út Boedapest, dêr't Mina nei syn ûntsnapping mei him troud is. Hy en Mina jouwe har by it ferbûn tsjin Dracula. De greve hat lykwols ûnderwilens lucht krigen fan it plan fan Van Helsing om him te deadzjen. De âld fampier oerfalt Mina by trije ferskillende gelegenheden, en fuorret har syn eigen bloed om har har frije wil ôf te nimmen. Under syn ynfloed beweecht Mina hinne en wer tusken bewustwêzen en in steat fan semy-trâns wêryn't se Dracula en syn dieden en om-en-by gewaarwurde kin. Nei't de bûnsgenoaten alle skûlplakken fan 'e fampier yn Londen sterilisearre hawwe troch ferkrommele wijde hostys yn eltse kiste mei Transsylvaanske ierde te dwaan, flechtet Dracula werom nei syn heitelân.

Hy wurdt dêrby lykwols op 'e hakken sitten troch Van Helsing en de oaren, dy't him folgje kinne troch Mina har gewaarwurdings. Yn Transsylvaanje slacht Van Helsing in oanfal fan 'e susters ôf, wêrnei't er harren letter ferdylget. As hy en de oaren ûntdekke dat Dracula werom nei syn kastiel ferfierd wurdt troch Sigeuners, oerfalle se it konfoai. Harker snijt de fampier de kiel troch mei in kukri, wylst in dan al deadlik ferwûne Quincey Morris him troch it hert stekt mei syn Bowiemês. It lichem fan Dracula falt dêrop útinoar yn jiske en Mina wint neitiid har sûnens werom. It boek einiget mei in notysje oer it houlikslibben fan Harker en Mina en de berte fan harren soan, dy't se ferneame nei Van Helsing, Seward, Morris en Lord Godalming, mar oansprekke as 'Quincey'.

Weilitten stikken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Weilitten ein[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike lêste haadstik fan Dracula waard by publikaasje fan it boek weilitten. Dêryn wurdt ferteld hoe't it kastiel fan Dracula útinoar falt as de fampier stjert, wêrmei't ferburgen wurdt dat dêr ea fampieren libbe hawwe.

Dracula's Guest[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek it oarspronklike twadde haadstik fan it manuskript waard by publikaasje weilitten, mei't de útjouwers it oerstallich achten foar de plot. Yn 1914, twa jier nei it ferstjerren fan Bram Stoker, waard dat haadstik dochs noch publisearre yn 'e foarm fan in koart ferhaal, mei as titel Dracula's Guest. Yn dat ferhaal wurdt in Ingelsman sûnder namme (oarspronklik bedoeld as Harker) folge wylst er oer München reizget en yn Transsylvaanje arrivearret. It is dan Walpurgisnacht, en nettsjinsteande de warskôgings fan syn koetsier om dy nachts net bûtendoar te kommen, ferlit de Ingelsman de herberch dêr't er ferbliuwt om yn it omlizzende wâld om te doarmjen. Hy hat it gefoel dat er observearre wurdt troch in lange, tinne frjemdling (mooglik Dracula).

Notysjes yn it hânskrift fan Stoker oangeande de personaazjes fan syn roman.

Uteinlik berikt er in âld tsjerkhôf, dêr't er yn in moarmerne grêftombe mei in grutte izerne staak dertrochhinne in tsjeppe sliepende fampieresse moetet dy't 'grevinne Dolingen' hjit. As se de Ingelsman gewaarwurdt, komt se ta libben om in sniestoarm op te roppen ear't se troch de wjerljocht rekke en yn har ivige finzenis weromkrongen wurdt. De Ingelsman wurdt by de grêftombe weisleept troch in ûnsichtbere krêft en ferliest it bewustwêzen. As er wer by besleur komt, ûntdekt er dat der in reuseftige wolf op syn boarst leit en him oan 'e kiel slikket. It bist docht him lykwols neat, mar hâldt him feilich en waarm oant der help komt. Werom yn 'e herberch wachtet de Ingelsman in tillegram fan greve Dracula, dy't him op syn kastiel ferwachtet, mei in warskôging foar "snie en wolven en de nacht."

Personaazjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lêste tweintich jier fan 'e njoggentjinde iuw skreaune auteurs as H. Rider Haggard, Rudyard Kipling, Robert Louis Stevenson, Arthur Conan Doyle en H.G. Wells in grut tal romans en koarte ferhalen wêryn't mytyske wêzens it Britske Ryk bedrigen. Dat tema kaam sa'n soad foar dat der sels in namme foar betocht waard: ynvaazjeliteratuer. Tsjin dy eftergrûn wie de roman Dracula, fan Bram Stoker, wêryn't kweadaardige ynfloeden fan it Jeropeeske fêstelân Ingelân ynkringe, in bekende formule foar it Britske lêzerspublyk. Fiktoriaanske lêzers beskôgen Dracula dêrom as in ûnderhâldend en goed skreaun boek, mar net as útsûnderlik. De roman berikte syn ikoanyske status pas yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't de earste ferfilmings makke waarden.

Fan 1879 oant en mei 1898 wie Bram Stoker de saaklik lieder fan it doedestiden wrâldferneamde Lyceum Theatre yn Londen. Yn dy tiid folle er syn ynkommen oan mei it skriuwen fan in grut tal sensasjonele romans, wêrfan't Dracula, út 1897, fierwei it bekendst wurden is. Dielen fan 'e roman spylje yn 'e omkriten fan Whitby, oan 'e eastkust fan Yorkshire, dêr't Stoker doe syn simmerfakânsjes trochbrocht. Foar't er Dracula skreau hie Stoker him sân jier lang ferdjippe yn 'e Jeropeeske folkloare en yn ferhalen oer fampieren. Dêrby waard er benammen sterk beynfloede troch it essay Transylvanian Superstitions ("Transsylvaansk Byleauwe"), fan Emily Gerard, út 1885. Hy soe letter sizze dat it boek ek foar in diel basearre wie op in nachtmerje dy't er krige doe't er tefolle krab mei mayonêze iten hie, oer in fampierekening dy't út it grêf opstie.

Hoewol't Dracula hjoed oan 'e dei fierwei it bekendste ferhaal oer fampieren is, wie it net it earste. Earder hie bgl. Sheridan Le Fanu yn 1871 it koarte ferhaal Carmilla skreaun, oer in lesbyske fampier dy't it foarsjoen hat op in ienlike jonge frou. Fierders publisearre James Malcolm Rymer yn 'e 1870-er jierren Varney the Vampire, in langrinnende searje pulpromantsjes. En de fampier as in ealman kaam foar it earst foar yn it ferhaal The Vampyre, fan John Polidori, út 1819.

In oankundiging fan in balletfoarstelling basearre op Dracula, yn Kansas City.

Stoker wie oarspronklik, oant in pear wiken foar de publikaasje, fan doel en neam syn roman The Un-Dead. Dêrnjonken naam er noch ferskate oare titels yn omtinken, wêrûnder The Dead Un-Dead. Ut de oantekenings fan 'e auteur blykt fierders dat er oarspronklik fan doel wie om 'e antagonist 'greve Wampyr' te neamen. Wylst er ûndersyk die nei fampiereferhalen state er lykwols op 'e namme fan 'e histoaryske Dracula. Dat barde doe't er yn 'e bibleteek fan Whitby in boek fan 'e diplomaat William Wilkinson tsjinkaam, Account of the Principalities of Wallachia and Moldavia with Political Observations Relative to Them ("Ferslach fan 'e Foarstedommen Walachije en Moldaavje mei Politike Oantekenings oer dat Underwerp") út 1820. Dat wurk liende er neitiid in grut tal kearen. De namme 'Dracula' yntrigearre Stoker sa dat er syn antagonist sa besleat te neamen, en úteinlik de roman sels ek.

Om't yn 1886 de Konvinsje fan Bern sletten wie, waard Dracula yn it Feriene Keninkryk en de measte oare lannen oant april 1962 (50 jier nei de dea fan 'e auteur) beskerme troch wetjouwing op it mêd fan auteursrjochten. Yn 'e Feriene Steaten, lykwols, dêr't Stoker fersaakt hie en folgje de juste auteursrjochtlike proseduere, wie de roman al sûnt de publikaasje yn it publike domein. Doe't regisseur F.W. Murnau yn 1922 de ûnautorisearre ferfilming Nosferatu útbrocht, besocht de widdo fan Stoker dat mei in koart pleit tsjin te kearen. De kontroverse dy't dat opsmiet, loek in protte belangstelling, mei as gefolch dat de roman him ûntjoech ta in wiere klassiker.

Histoaryske ferwizings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Dracula in folslein út 'e tomme sûgd wurk fan fiksje is, befettet it ferhaal wol beskate histoaryske ferwizings. De wichtichste dêrfan is de namme Dracula sels. Dy komt fan it Roemeenske patronym Drăculea, dat droegen waard troch de neiteam fan Vlad II, dy't fan 1436 oant 1442 en jitris fan 1443 oant 1447 foarst fan Walachije wie. (Walachije is rûchwei it súdlike part fan it hjoeddeistige Roemeenje, mei Boekarest as sintrum.) Vlad II naam de bynamme Dracul oan nei't er yn 1431 opnommen wie yn 'e Oarder fan 'e Draak, in ridderoarder stifte troch Sigismund fan Lúksemboarch, de kening fan Hongarije, mei as doel om it kristendom te beskermjen en de opmars fan 'e Osmaanske Turken op 'e Balkan tsjin te kearen. Dracul is Roemeensk foar "de Draak" (fan drac, "draak" + -ul, "de"). It kin ek "de duvel" betsjutte, benammen yn it hjoeddeistige Roemeensk.

Vlad de Speetser, de histoaryske Dracula.

Drăculea, dêr't 'Dracula' de Slavyske foarm fan is, betsjut letterlik "soan fan de draak". It wie in namme dy't histoarysk droegen waard troch Vlad III Dracula, de soan en opfolger fan Vlad II Dracul, dy't oer Walachije regearre fan 1456 oant 1462 en bekend stie as 'Vlad de Speetser'. Yn syn seisjierrige regearperioade soe hy nammentlik tusken de 40.000 en 100.000 boargers ta de dea bringe litten hawwe, benammen troch harren op skerppuntige peallen speetse te litten. De slachtoffers soene politike rivalen en kriminelen west hawwe, mar ek eltsenien dy't Vlad beskôge as "sûnder wearde foar de minskheid". Dêrby moat oantekene wurde dat de boarnen foar dy foarfallen benammen kroniken binne dy't byholden waarden troch de Transsylvaanske Saksers, etnysk Dútske kolonisten yn it oangrinzgjende Transsylvaanje, mei wa't Vlad allegeduerigen yn oarloch wie. Troch etnyske Roemenen wurdt er beskôge as in folksheld om't er in ynfallend Osmaansk leger weromdreau oer de Donau, wêrby't er oant wol 100.000 Turkske kriichsfinzenen speetse litten hawwe soe.

Neffens guon letterkundigen, lykas Elizabeth Miller, wie Stoker op 'e namme 'Dracula' nei frijwol ûnkundich fan 'e histoaryske persoan fan Vlad de Speetser. Yn 'e roman neamt Stoker lykwols de Dracula dy't tsjin 'e Turken focht en letter troch syn eigen broer ferret waard, histoaryske feiten dy't sûnder dûbelsinnigens nei Vlad de Speetser ferwize.

In protte letterkundigen en biografen fan Stoker hawwe fierders suggerearre dat Stoker it eardere fampiereferhaal Carmilla, fan Sheridan Le Fanu, as boarne brûkt hat, en mooglik ek folksferhalen oer de sídhe, wêzens út 'e Ierske folkloare, wêrfan't guon foarsteld wurde as bloeddrinkende froulju. In oare mooglike ynfloed is de histoaryske Hongaarske ealfrouwe en searjemoardneresse Elizabeth Báthory, byneamd de Bloedgrevinne, dy't wol 650 famkes en jonge froulju deamartele foar't se yn 1610 arrestearre waard en fanwegen har aadlike titel net de deastraf krige, mar foar de rest fan har libben yn iensume opsluting finzen holden waard. Oer har giene letter ferhalen dat se har misdieden begien hie om yn it bloed fan har slachtoffers te baaien, mei't se leaud hawwe soe dat soks har jonkheid bewarje soe.

Akteur Bela Lugosi yn 'e titelrol fan 'e film Dracula, út 1931.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal fan Dracula is adaptearre ta ferskate oare media. Stoker sels skreau it earste toanielstik op basis fan syn roman, dat ûnder de titel Dracula, or: The Undead yn it Lyceum Theatre yn premiêre gie koart foar de publikaasje fan it boek, mar lykwols mar ien kear opfierd waard. Letter folgen noch ferskate oare teäteradaptaasjes, en fan 'e 1920-er jierren ôf waard Dracula ek withoefolle kearen ferfilme. Ien fan 'e ierste en bekendste ferfilmings wie Nosferatu, út 1922, fan 'e Dútske regisseur F.W. Murnau. Om auteursrjochtlike swierrichheden foar te kommen hie dy stomme film net de titel Dracula, en ek it personaazje fan greve Dracula waard omneamd, ta 'greve Orlok'.

Oare ferneamde ferfilmings fan 'e roman binne: Dracula (1931), mei Bela Lugosi yn 'e titelroll; Dracula (1958), mei Christopher Lee yn 'e titelrol; Bram Stoker's Dracula (1992), mei Gary Oldman yn 'e titelrol; en Van Helsing (2004). Der binne ek ferskate filmparodyen op it ferhaal makke, lykas Dracula: Dead and Loving It (1995), mei Leslie Nielsen yn 'e titelrol, en de tekenfilm Hotel Transylvania (2012). Guon oare films binne gjin (direkte) ferfilmings fan 'e roman, mar hawwe de namme fan greve Dracula yn titel, lykas Dracula's Daughter (1936) of The Brides of Dracula (1960). Yn totaal wiene der anno 2009 nei skatting 217 films makke dêr't greve Dracula in wichtige rol yn spile, wêrmei't er inkeld ûnderdie foar privee-detektive Sherlock Holmes (223 films).

De measte filmadaptaasjes nimme it ferhaal út 'e roman net ien-op-ien oer. De greve is fansels altyd wol oanwêzich, en Jonathan Harker, Mina Murray, John Seward, perfester Van Helsing en Renfield almeast ek. De personaazjes fan Mina en Lucy wurde lykwols faak kombinearre ta ien inkele rol, en Harker en Renfield wurde soms ek kombinearre of omwiksele. Quincey Morris en Arthur Holmwood wurde oer it algemien hielendal weilitten, en Bram Stoker's Dracula is in seldsume útsûndering op dy regel. Behalven ta toanielstikken en films is Dracula troch de jierren hinne ek adaptearre ta in hiele rige oare romans, ferskate tillefyzjesearjes, in ôflevering fan 'e fantasysearje Buffy the Vampire Slayer, en fierders musicals, harkspullen, stripferhalen, kompjûterspultsjes en muzykalbums.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stoker, Bram, Dracula, Edinburgh, 1897 (Constable & Co.), gjin ISBN.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References en Bibliography, op dizze side.