Springe nei ynhâld

Eallju

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ealfrouwe)

Mei eallju of de adel waard earst de elite fan in lân oantsjut. De stân fan eallju ûntstie likernôch oan it begjin fan de jiertelling en waard stadichoan wichtiger. Yn de midsiuwen hienen hja in soad oansjen, mar yn de rin fan de tiid is dat hieltyd minder wurden.

Doe't de Franken yn de 8e iuw in ein makken oan it Fryske ryk en it gebiet fan de Friezen ynlive waard by it Frankyske ryk troffen sy hjir gjin maatskippij oan fan allinich likensen. Oeral wienen doe al eallju en grutgrûnbesit oanwêzich. En it wienen benammen dy eallju, dy't as earsten ree wienen om gear te wurkjen mei it Frankyske ryk en oerstapten nei it kristlik leauwen. Al ûnder Pippyn II hawwe de Franken besocht om de Fryske eallju oan harren te binen troch skinkingen en troch ferdûbeling fan harren warjild.

It Frankyske stribjen wie der benammen op rjochte om yn de Fryske gebieten in betroude hearskjende groep te krijen dy't it nije bewâld stypje soe. Hja mijden dêrby net om de Friezen grutte stikken lân te ûntfytmanjen en oer te dragen oan Frankyske trouwelingen. In soad lân kaam sa yn besit fan Frankyske eallju. Nei ferrin fan tiid ûntstie út dizze beide groepen in nije ealstân.

Ta de âlde Fryske Eallju wurdt rekkene de geslachten wêrfan de fertsjinwurdigers yn 1504 in oerienkomst sluten mei de hartoggen fan Saksen, Joaris mei it Burd en Hindrik fan Saksen, oer de skatting die se tenei betelje moatte. Dan binne al adellike geslachten útstoan, sa as Keimpema en Papinga yn Ljouwert. Yn it begjin fan 'e 19e iuw wurdt troch kening Willem I ek inkele Fryske geslachten adele sa as û.o. Beyma, de Kempenaer, Sminia.

Keppelings om Utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]