Springe nei ynhâld

Christopher Lee

Ut Wikipedy
Christopher Lee
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeChristopher Frank Carandini Lee
nasjonaliteit Britsk
berne27 maaie 1922
berteplakLonden (Ingelân)
stoarn7 juny 2015
stjerplakLonden (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Italjaansk
jierren aktyf19482015
prizenBAFTA 2011
offisjele webside
christopherleeweb.com

Sir Christopher Lee (folút: Christopher Frank Carandini Lee; Londen, 27 maaie 1922 – dêre, 7 juny 2015) wie in Ingelsk akteur, skriuwer en sjonger fan mingd Ingelsk-Italjaansk etnysk komôf. Yn syn hast santichjierrich wurkpaad as akteur makke er karriêre troch faak de smjunt te spyljen. Hy krige yn 'e 1950-er jierren bekendheid mei syn fertolkings fan 'e fampier greve Dracula, yn 'e searje fan Hammer Horror-films. Letter spile er de krimineel Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun. Resinter makke er himsels by in hiele nije generaasje filmfans populêr mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman, yn de Lord of the Rings-filmsearje en as greve Dooku yn 'e Star Wars-prequeltrilogy. Lee, dy't sawol yn 'e Winteroarloch as yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten hie, wie dêrnjonken ek aktyf as stimakteur, publisist en hardrock-sjonger.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lee waard yn 1922 berne yn 'e Londenske wyk Belgravia, as de soan fan Geoffrey Trollope Lee (1879-1941), in luitenant-kolonel yn it Britske leger, en dy syn frou, grevinne Estelle Marie Carandini di Sarzano (1889-1981). Syn heit focht yn 'e Twadde Boere-oarloch en de Earste Wrâldoarloch, wylst syn mem bekendstie om har skientme en ferivige waard troch de keunstskilders sir John Lavery, Oswald Birley en Olive Snell en ek troch de byldhouster Clare Frewen Sheridan. Lee, dy't ôfstamme fan Italjaanske adel, wie in betoerpakesizzer fan greve Francesco Carandini di Sarzano (1773-1839), in balling dy't ûnder de Napoleontyske Oarloggen syn heil yn Ingelân socht. Dy syn skoandochter (en Lee syn oerbeppe) wie de Ingelske operasjongster Marie Carandini (famkesnamme Burgess; 1826-1894). Oan syn heitekant wie Lee yn 'e fierte besibbe oan 'e Amerikaanske generaal Robert E. Lee en oan 'e astronoom John Lee.

Lee op Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, yn 2012.

Lee hie ien suster, Xandra Carandini Lee (1917-2002). Syn âlden giene útinoar doe't er fjouwer jier wie, en skieden doe't er seis jier wie. Syn mem naam de bern mei nei Switserlân, dêr't Lee yn Wengen op skoalle kaam. It wie dêr dat er syn earste aktearûnderfining opdie, as Oegemantsje yn it mearke mei deselde namme. Nei harren weromkear yn Londen wertroude Lee syn mem mei de bankier Harcourt George St-Croix Rose, de omke fan Ian Fleming (de geastlike heit fan geheim agint James Bond).

Mei njoggen jier waard Lee nei in ynternaat yn Oxford stjoerd, om him klear te steamen foar de prestizjeuze priveeskoalle fan Eton. Hoewol't Lee dêr yndie in talittingseksamen foar ôflei, koed er troch syn minne skoare op it mêd fan wiskunde gjin stúdzjebeurs besette. Om't syn styfheit net ree wie om 'e hege kosten fan in oplieding yn Eton te beteljen, learde Lee ynstee fierder oan it Wellington Kolleezje, in minder prestizjeuze priveeskoalle, dêr't er him ûnderskate yn 'e stúdzje fan 'e klassiken, Latyn en Gryksk. Oan 'e oare kant wied er net goed yn sport, en briek er gauris mei sin de regels, wat him faak op in wan bruien kaam te stean (ynklusyf ien kear foar it feit dat er te faak in wan bruien krige). Mei santjin jier moast er yn 1939 syn stúdzje oan it Wellington Kolleezje in jier foartidich ôfbrekke doe't syn styfheit fallyt gie. Koarte tiid letter skiede syn mem fan syn styfheit, en moasten Lee en syn suster wurk sykje om harsels te ûnderhâlden. Hy fûn in baantsje as klerk op it kantoar fan 'e rederij United States Lines, dat er lykwols mar koart hold.

Christopher Lee yn 2009.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Sovjet-Uny ein 1939 Finlân binnenfoel en de Winteroarloch útbriek, reizge Lee nei Skandinaavje om as frijwilliger tsjinst te nimmen yn it Finske Leger. Hy en oare Britske frijwilligers waarden op in feilige ôfstân fan it front ynset foar bewekking, dat Lee naam nea diel oan 'e gefjochten. Nei't er weromkeard wie nei syn heitelân, koed er fannijs oan it wurk by United States Lines. Yn 'e rin fan 1940 joech er him by de Home Guard, de Britske boargerwacht. Nei it ferstjerren fan syn heit, op 12 maart 1941, dy't wollen hie dat syn soan krekt as hysels yn 'e Britske lânmacht tsjinne, melde Lee him ynstee oan by de loftmacht, de Royal Air Force.

Fan de simmer fan 1941 ôf wied er earst in hoart stasjonearre yn Súd-Rodeezje, it tsjintwurdige Simbabwe, dêr't er syn oplieding ta piloat ôfmeitsje soe. Op syn ien nei lêste trainingsflecht waard er lykwols oerfallen troch pineholle en begûn er dûbeld te sjen, wêrnei't by him in ôfwiking oan 'e eachsenuw fêststeld waard dy't makke dat er nea wer sels fleane meie soe. Foar Lee, dy't alhiel ferslingere rekke wie oan fleanen, kaam dat nijs as in slimmen klap, en in skoft lang hong er mar wat doelleas om. Uteinlik dreau syn wil om wat konstruktyfs te dwaan him derta dat er him oanmelde by de ynljochtingedifyzje fan 'e RAF.

Lee as piloat fan 'e RAF yn it krekt befrijde Rome, yn 1944.

Nei stasjonearrings yn Salisbury (no Harare), it Súdafrikaanske Durban en it Egyptyske Suëz, waard er ynset yn 'e Noardafrikaanske Kampanje, wêryn't de Britten en harren bûnsgenoaten it opnamen tsjin it Afrikakorps fan 'e Dútske fjildmaarskalk Erwin Rommel. Yn it lêst fan dy fjildtocht, yn Tuneezje, kaam Lee hast om doe't it fleanfjild fan it squadron dêr't er oan tafoege wie, bombardearre waard. Neitiid naam er diel oan 'e Alliëarde ferovering fan Sisylje, dêr't er malaria oprûn, en letter wied er belutsen by de Alliëarde ynfaazje fan Itaalje, dêr't er ûnder de slepende Slach om Monte Cassino taheakke waard oan 'e Nepaleeske Goerka's fan 'e Britsk-Yndyske 8ste Ynfanterydifyzje. Doe't er in pear dagen mei ferlof wie yn Napels, beklom er de fulkaan de Fesuvius, dy't trije dagen dêrnei útbarste.

Under de lêste dagen fan 'e Slach om Monte Cassino ûntsnapte Lee op 'e nij oan 'e dea doe't ien fan 'e fleantugen fan syn squadron by it opstiigjen delstoarte, en hy delknoffele boppe-op in op skerp steande bom. Nei ôfrin fan 'e slach, dy't útrûn op 'e befrijing fan Rome, besocht Lee dy stêd, dêr't er in moeting hie mei Nicolò Carandini, in neef fan syn memmes, dy't yn it Italjaanske ferset fochten hie. De lêste trijefearns jier fan 'e oarloch brocht Lee yn noardlik Itaalje troch. Nei eigen sizzen tsjinne er yn syn tiid yn Noard-Afrika ek in hoart by it Special Operations Executive (SOE) en de Long Range Desert Patrol, de foarrinner fan 'e hjoeddeiske kommando-ienheid SAS, mar dêroer hat er nea details jaan wold. Nei de Alliëarde oerwinning wied er fanwegen it feit dat er floeiend Frânsk en Dútsk spriek, belutsen by de opspoaring fan nazy-oarlochsmisdiedigers, oant er yn 1946 ôfswaaide mei de rang fan flight lieutenant (ekwifalint mei de rang fan kaptein yn 'e Keninklike Loftmacht).

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er weromkeard wie nei Londen, koe Lee himsels net mear as kantoarklerk sjen, en in oanbod om 'e klassiken te ûnderwizen sloech er ôf om't er syn Latyn te roastich fûn. Uteinlik wie it syn efterneef Nicolò Carandini, dy't tsjin dy tiid de nije Italjaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk wurden wie, dy't him oanrette om akteur te wurden. Carandini stjoerde him nei syn freon Filippo del Giudice, it haad fan 'e filmstudio Two Cities Films, en dy bea Lee in sânjierrich kontrakt oan. Lee makke syn debút as filmakteur yn 'e Goatyske românse Corridor of Mirrors, út 1947, dêr't er wolteld ien regel tekst yn hie. Syn "tiid as learjonge", sa't er it letter sels neamde, duorre tsien jier, wêryn't er meast ûnderstypjende rollen en eftergrûnpersonaazjes spile. Sa wie Lee û.m. te sjen (faak sûnder yn 'e begjintitels neamd te wurden) yn ferneamde films as Hamlet (1948), Captain Horatio Hornblower R.N. (1951), Quo Vadis? (1951) en Moulin Rouge (1952).

Lee as greve Dracula, yn 1958.

Yn 1957 spile Lee foar it earst yn in film foar de studio Hammer Film Productions, te witten The Curse of Frankenstein, as it Meunster fan Frankenstein. Dy rol late derta dat him in jier letter yn 'e film Dracula de titelrol oanbean waard. Dat wie sa'n súkses dat er neitiid almar wer yn deselde rol cast waard. Sa fertolke er de fampier greve Dracula yn 1965 op 'e nij yn Dracula: Prince of Darkness. Yn dy film seit Lee gjin wurd, mar sizet er allinnich mar. Sels woed er hawwe dat de tekst dy't foar him skreaun wie, fan sa'n minne kwaliteit wie dat er wegere hie om dy út te sprekken, mar senarioskriuwer Jimmy Sangster bewearde dat it skript nea tekst foar it personaazje fan Dracula omfetten hie. Lee sei ek dat Hammer him suver "sjantearre" om neitiid noch yn fierdere Dracula-films te spyljen, troch op him yn te praten en him foar te rekkenjen hoefolle minsken oft wurkleas wurde soene as hy, de stjer fan 'e filmrige, opstapte. Yn Dracula Has Risen from the Grave (1968), Taste the Blood of Dracula (1969) en Scars of Dracula (1970) hie Lee op 'e nij frijwol gjin tekst en ek los dêrfan net folle omhâns. Hy klage: "Se joegen my neat om te dwaan! Ik smeekte Hammer suver om my in diel fan 'e tekst brûke te litten dy't Bram Stoker skreaun hie. Ut en troch wist ik der sa'n tekstregel yn te smokkeljen." Nettsjinsteande Lee syn ûntefredenens wiene de films kommersjeel grutte súksessen, en makken se him ta in wiere filmstjer.

Christopher Lee en Peter Cushing yn Terror on the Shanghai Express, út 1973.

Tsjin 'e iere 1970-er jierren rekke de formule lykwols útwurke, en de beide foarlêste films fan 'e searje, Dracula A.D. 1972 (1972) en The Satanic Rites of Dracula (1973), brochten net folle jild mear yn 't laadsje. Tsjin dy tiid wie Lee sa dwers wurden dat er him op parsekonferinsjes iepentlik tsjin Hammer kearde. Neitiid makke de studio noch ien Dracula-film, The Legend of the 7 Golden Vampires (1974), mar dêr waard Lee net mear foar frege. Oare films dêr't Lee yn 'e 1950-er en 1960-er jierren yn meispile, wiene bgl. The Mummy (1959) en Raputin, the Mad Monk (1966), wêryn't er de titelrol fan Grigorij Raspûtin hie. Teffens died er trije Sherlock Holmes-ferfilmings: The Hound of the Baskervilles (1959), as sir Henry Baskerville, Sherlock Holmes and the Deadly Necklace (1962), as de grutte privee-detektive sels, en The Private Life of Sherlock Holmes (1970), as Holmes syn sels noch skranderder broer Mycroft. Teffens hied er in haadrol yn 'e Dútske (en Dútsktalige) film Das Rätsel der Roten Orchidee (1962). Hy die audysje foar The Longest Day (1962), oer de Alliëarde lânings op 'e kust fan Normanje op D-Day, mar waard dêrfoar ôfwiisd om't er "der net útseach as in militêr".

Yn 'e 1970-er jierren spile Lee û.m. Jekyll en Hyde yn I, Monster (1971), Lord Summerisle yn The Wicker Man (1973), dat syn persoanlike leaflingsfilm wie, de greve fan Rochefort yn The Three Musketeers (1973) en yn it ferfolch dêrop The Four Musketeers (1974), en de hiermoardner Francisco Scaramanga yn 'e James Bond-film The Man with the Golden Gun (1974). Fierders wurke er as ferteller-yn-byld sûnder euvelmoed mei oan 'e softcore-pornofilm Eugenie (1970): "Ik hie gjin idee dat dat wie wat it wie, doe't ik ôfspriek om 'e rol te dwaan. Se fertelden my dat it oer markys De Sade gie. Ik fleach nei Spanje foar ien dei wurk [...] Der wiene withoefolle lju efter my [yn byld]. Dy hiene allegear de klean oan. Der wie neat aparts of nuvers oan. In freon sei: 'Witst eins wol datst yn in film spilest dy't op Old Compton Street draait?' Dat wie yn dy tiid wêr't sokke lju har films besochten. 'Grappich, hear,' sei ik. Dat ik gloep dêrsanne hinne yn in swiere momkape mei in dûnkere sinnebril op en in sjaal om, en fûn de bioskoop en dêr stie myn namme. Ik wie poerlulk! Der folge in heechoprinnende rûzje. Doe't ik dy deis út Spanje ôfreizge wie, hie eltsenien efter my fuort de klean útdien!"

Lee op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Aubagne, yn 1996.

Behalven yn it Feriene Keninkryk spile Lee ek op 'e nij yn ferskate Dútsktalige films op it Jeropeeske fêstelân. Dêrnjonken wied er yn 1972 filmprodusint fan 'e horrorfilm Nothing But the Night; dat wurk hied er lykwols gjin aardichheid oan en sadwaande wie dat foar him ien kear mar nea wer. Yn 1977, doe't er der skjin syn nocht fan hie dat er yn syn heitelân almar wer typecast waard as de smjunt yn horrorfilms, ferfear Lee nei de Feriene Steaten. Syn earste Amerikaanske film wie de rampefilm Airport '77, dy't noch datselde jiers útkaam. Hy ferraste freon en fijân troch op útnûging mei te dwaan oan it komyske sketcheprogramma Saturday Night Live, op 'e Amerikaanske tillefyzje. Dêr siet regisseur Steven Spielberg yn it publyk, dy't him op basis fan syn optreden dêre in rol taparte yn 'e komeedzje 1941 (1978).

Yn 'e 1980-er jierren spile Lee û.o. de rol fan in faksist dy't de Feriene Steaten ûntdwaan wol fan alle net-blanken yn The Return of Captain Invincible (1982). Ek wied er te sjen yn Howling II: Stirba – Werewolf Bitch (1985). Yn 1991 en 1992 spile er nochris de rol fan Sherlock Holmes yn Incident at Victoria Falls, resp. Sherlock Holmes and the Leading Lady. Yn Police Academy: Mission to Moscow (1994) fertolke er de rol fan in Russyske plysjekommandant. De kwalitatyf bêste rol fan syn karriêre fûn er sels dy fan Muhammed Ali Jinnah, de stifter fan Pakistan, yn 'e biografyske film Jinnah (1998).

Christopher Lee dielt hantekenings út, yn 2008.

Nei de milenniumwiksel wist Lee in hiel nij publyk te berikken mei syn rol as de boaze tsjoender Saruman yn 'e Lord of the Rings-films: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001), The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) en The Lord of the Rings: The Return of the King (2003). Yn 'e lêste film ferskynde Lee trouwens inkeld yn 'e extended cut, mar net yn 'e bioskoopferzje. Yn deselde snuorje wied ek te sjen yn twa Star Wars-films: Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005). Ek dêryn spile er in smjunt, nammentlik greve Dooku. Yn 'e âlderdom fan mear as tachtich jier die Lee it measte skermjen yn dy rol sels (dat hied er al leard oan it Wellington Kolleezje), mar foar de útzoomde bylden mei de enerzjikere aksje moast der in stunt double oan te pas komme. Oer it feit dat er gauris de smjunt spile, seid er sels: "Jawis, ik haw mear as genôch swiere jonges spile, mar sa't Anthony Hopkins seit: 'Ik spylje gjin smjunten, ik spylje minsken.'"

Neitiid wie Lee noch te sjen yn films as Sleepy Hollow (2005), Sweeney Todd: The Demon Barber of Fleet Street (2007), Triage (2009) en Hugo (2011). Ek yn 2011 wurke er mei oan 'e film The Hobbit: An Unexpected Journey, in prequel fan 'e Lord of the Rings-trilogy. Dêryn spile er nochris de tsjoender Saruman, mar no as in guodlik âldman, foàr't er troch de demon Sauron korrumpearre waard. Om't Lee op syn jierren net mear nei Nij-Seelân ta doarst te fleanen (dêr't de film opnommen waard), brocht regisseur Peter Jackson de filmset nei Lee ta, yn Londen.

Lee nimt de Spirit of Medal-priis yn ûntfangst, yn 2010.

Njonken syn filmwurk spile Lee yn syn karriêre ek in protte yn tillefyzjesearjes, lykas yn 1967 yn in ôflevering fan The Avengers (yn Nederlân op 'e tillefyzje brocht as "De Wrekers") en yn 1997 yn in BBC-ferfilming fan Ivanhoe. Op 'e Frânske tillefyzje spile er yn 1989 yn 'e rige La Révolution Française de rol fan Charles-Henri Sanson, de boal dy't sawol Loadewyk XVI as Maximilien de Robespierre ûnthalze. Fierders wie Lee ek in protte oan it wurk as stimakteur, sawol yn tekenfilms as yn kompjûter- en fideospultsjes. Yn 2011 krige Lee einlings en te'n lêsten de wichtichste Britske oeuvrepriis op it mêd fan film takend, de BAFTA Academy Fellowship Award. Lee hold oan mei aktearjen oan syn dea ta; in moanne foartiid hied er noch in kontrakt tekene om yn 'e Deenske film The 11th te spyljen.

Lee, mei syn djippe basstim, gie sjongen nea út 'e wei, mar pas op jierren ûntjoech er him ta in sjonger. Syn meast opfallende ierdere optreden op dat mêd wie syn rol yn 'e komeedzje anneks rockmusical The Return of Captain Invincible (1983), wêryn't er û.m. it nûmer Name Your Poison song. Syn earste kontakt mei it heavy metal-subsjenre fan 'e hardrock hied er yn 2004, doe't er mei de Italjaanske metalartyst Fabio Lione in duët song foar de single The Magic of the Wizard's Dream, fan it album Symphony of Enchanted Lands II fan 'e band Rhapsody of Fire.

Nei ferskate oare gearwurkings mei dy band brocht Lee yn 2010, yn 'e âlderdom fan 88 jier, syn earste eigen heavy metal-album út, mei as titel Charlemagne: By the Sword and the Cross. Dat waard yn metal-fermiddens mei loovjende kritiken ûntfongen, en itselde jiers noch bekroand mei de Spirit of Medal-priis op 'e Metal Hammer Golden Gods-seremoanje. Yn juny 2012 brocht Lee syn earste fideoklip út foar it nûmer The Bloody Verdict of Verden (oer it Bloedbad fan Verden).

Christopher Lee mei syn frou Birgit Krøncke, yn 2009.

Yn 2013, doe't er 91 wie, kaam Lee syn twadde heavy metal-album út: Charlemagne: The Omens of Death. Dêrmei hied er mei-iens it rekôr yn 'e hannen de âldste metalartyst út 'e skiednis fan it sjenre te wêzen. Yn desimber 2013 krong Lee mei 91 jier en seis moannen de hitlisten binnen (oant it 22ste plak) mei it nûmer Jingle Hell fan syn EP A Heavy Metal Christmas Too. Dêrmei wied er de âldste artyst dy't ea yn 'e hitlisten stien hie (it rekôr wie dêrfoar yn 'e hannen fan Tony Bennett, dy't itselde yn 2011 mei 85 jier lapt hie). Lee gie troch mei sjongen oant yn 2015, mei't er sei: "Ik wit net hoelang't ik der noch wêze sil, dus eltse dei moat fierd wurde en dat wol ik diele mei myn fans."

Christopher Lee stie bekend om syn lingte fan 1.95 m, wêrmei't er boppe de measte minsken fan syn generaasje úttuorre. Hy spriek floeiend Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Italjaansk en Spaansk en koe him rêde yn it Sweedsk, Russysk en Gryksk. Yn in ynterview heakke er dêroan ta dat er in petear fiere koe yn it Mandarynsk. Hy wie in oanhinger fan 'e Britske Konservative Partij, en hie, oars as dat wol sein wurdt, net in grutte samling okkulte boeken.

Ein 1950-er jierren wie Lee ferloofd mei de Sweedske ealfrouwe Henriette von Rosen, dy't er met hie yn in Stokholmske nachtklub. Har heit, greve Fritz von Rosen, seach him lykwols as skoansoan net sitten, en kaam hieltyd mei nije easken om in houlik ûnmooglik te meitsjen. Earst moast der nei de ferloving in jier wachte wurde om te trouwen; doe hierde de man privee-detektives yn om Lee nei te gean; dêrnei moast Lee mei referinsjes op 'e lapen komme (dêrby ferwiisde Lee û.m. troch nei kollega-akteur Douglas Fairbanks jr.). Doe't der gjin lek of brek oan him bliek te wêzen, easke Von Rosen dat Lee foar it houlik de tastimming wûn fan 'e Sweedske kening Gustaaf VI Adolf. Tafalligerwize hie Lee de kening jierren tefoaren ris met op 'e set fan 'e film Tales of Hans Andersen, en wist er sadwaande de fereaske tastimming te bemachtigjen. Lykwols besleaten hy en Henriette neitiid dochs mar fan 'e hiele saak ôf te sjen (neffens Lee sels fanwegen de finansjele ûnwissichheid fan syn karriêre as akteur).

Yn 1960 kaam Lee fia-fia yn 'e kunde mei de Deenske keunstskilderesse (en it eardere model) Birgit "Gitte" Krøncke. Dat wie leafde op it earste gesicht, en se ferloofden har al koarte tiid letter. Se trouden op 17 maart 1961 en krigen ien bern, dochter Christina Erika Carandini Lee (1963), dy't yn 2001 troude mei Juan Francisco Aneiros Rodriguez.

Yn 1997 waard Lee beneamd ta kommandeur yn 'e Earbiedweardige Oarder fan Sint-Jan. As ûnderdiel fan 'e Queen's Birthday Honours waard er yn 2001 beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE). Yn 2009 waard er yn dyselde oarder ferheft ta ridder, wêrby't er riddere waard troch prins Charles. Normaal heart men dêrby del te knibbeljen, mar om syn hege jierren waard datoangeande foar Lee in útsûndering makke.

Mids 2015 waard Lee mei hertproblemen en swierrichheden op it mêd fan sykheljen opnommen yn it Chelsea and Westminster Hospital yn Londen. Sadwaande fierde er dêr op 7 juny fan dat jier yn besletten fermidden syn 93ste jierdei. Koart nei dy fiering, noch deselde deis, kaam Lee yn it sikehûs te ferstjerren. Syn frou hold it bekendmeitsjen fan syn dea tsjin oant 11 juny, sadat de famylje earst ynljochte wurde koe. De persize oarsaak fan Lee syn dea is ûnbekend.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1948Corridor of MirrorsCharles
1948One Night with YouPirelli's assistint
1948Hamletskyldfeintnet fermeld op 'e ôftiteling
1948A Song for TomorrowAuguste
1948Penny and the Pownall CaseJonathan Blair
1948My Brother's Keepertwadde plysjemansênes fuortknipt by filmmontaazje
1948Saraband for Dead Loversfigurantnet fermeld op 'e ôftiteling
1948Scott of the AntarcticBernard Day
1949Trottie TrueBongo
1950They Were Not DividedChris Lewis
1950Prelude to Famesjoernalist
1951Captain Horatio Hornblower R.N.Spaanske kaptein
1951Valley of Eaglesresjersjeur Holt
1951Quo Vadisstriidweinmennernet fermeld op 'e ôftiteling
1952The Crimson PirateJosephnet fermeld op 'e ôftiteling
1952Top SecretRussyske spion
1952Paul Temple Returnssir Felix Raybourne
1952Babes in Bagdadslavekeapman
1952Moulin RougeGeorges Seuratnet fermeld op 'e ôftiteling
1953Les Vacances de Monsieur Hulotûnbekendas stimakteur; Frânsktalich; net fermeld op 'e ôftiteling
1953Innocents in Parisluitenant Whitlocknet fermeld op 'e ôftiteling
1954Destination MilanSvenson
1955Cross-RoadsHarry Cooperkoarte film
1955That Ladykaptein
1955Final Column Larry Spenceop argyfbylden
1955Man in Demand Martellop argyfbylden
1955Contraband Spainn.f.t.ferteller; net fermeld op 'e ôftiteling
1955The Dark Avengerlieder Frânske patrûlje yn herbergenet fermeld op 'e ôftiteling
1955The Cockleshell Heroeskaptein-luitenant-op-see Dick Raikes
1955Alias John PrestonJohn Preston
1955Police Dogplysjeman Johnny
1955Storm Over the NileKaraga Pasja
1956Private's Progressmajoar Schultznet fermeld op 'e ôftiteling
1956Alexander the GreatNectenabusas stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling
1956Port AfriqueFranz Vermes
1956Beyond MombasaGil Rossi
1956The Battle of the River PlateManolo
1957Ill Met by MoonlightDútsk ofsier by de toskedokter
1957Fortune Is a WomanCharles Highbury
1957The Traitordr. Neumann
1957The Curse of Frankensteinit Meunster fan Frankenstein
1957Manuelaûnbekendas stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling
1957Bitter Victorysersjant Barney
1957The Truth About WomenFrancois Thiers
1958A Tale of Two Citiesde markys fan St. Evremonde
1958Draculagreve Draculaek bekend as: Horror of Dracula
1958Battle of the V-1Brunner
1958Corridors of BloodResurrection Joe
1959The Hound of the Baskervillessir Henry Baskerville
1959The Man Who Could Cheat DeathPierre Gérard
1959The Treasure of San TeresaJaeger
1959The MummyKharis / de Mummy
1959Uncle Was a Vampirebaron Roderico da Frankurten
1960Too Hot to HandleNovak
1960The Two Faces of Dr. JekyllPaul Allenek bekend as: House of Fright en Jekyll's Inferno
1960Beat GirlKenny Kingek bekend as: Wild for Kicks
1960The City of the Deadperfester Alan Driscollek bekend as: Horror Hotel
1960The Hands of OrlacNero de Magiër
1961The Terror of the TongsChung King
1961Taste of Feardr. Pierre Gerrard
1961The Devil's DaffodilLing Chu
1961Ercole al Centro della Terrakening LicosItaljaansktalich; ek bekend as: Hercules in the Haunted World
1962The Puzzle of the Red Orchidkaptein Allerman
1962The Pirates of Blood Riverkaptein LaRoche
1962The Devil's Agentbaron Von Staub
1962Sherlock Holmes and the Deadly NecklaceSherlock Holmes
1963Stranglehold ûnbekend
1963KatarsisMephistoles
1963La Vergine di NorimbergaErichItaljaansktalich; ek bekend as: The Virgin of Nuremberg of Castle of Terror
1963La Frusta e il CorpoKurt MenliffItaljaansktalich; ek bekend as: The Whip and the Body of Night is the Phantom
1964Terror in the Cryptgreve Ludwig Karnsteinek bekend as: Crypt of the Vampire en Crypt of Horror
1964The Devil-Ship Pirateskaptein Robeles
1964Il Castello dei Morti Vivigreve Dragoek bekend as: Castle of the Living Dead
1964The Gorgonperfester Karl Meister
1965Dr. Terror's House of HorrorsFranklyn Marshsegmint Disembodied Hand
1965SheBillali
1965The Face of Fu Manchudr. Fu Manchu
1965The Skullsir Matthew Phillips
1965Ten Little IndiansU.N. Owenas stimakteur; net fermeld op 'e ôftiteling
1966Dracula: Prince of Darknessgreve Dracula
1966Rasputin, the Mad MonkGrigorij Raspûtin
1966Circus of FearGregorek bekend as: Psycho Circus
1966The Brides of Fu Manchudr. Fu Manchu
1967Five Golden Dragonsdraak #4
1967The Vengeance of Fu Manchudr. Fu Manchu
1967Night of the Big HeatGodfrey Hanson
1967Theatre of DeathPhilippe Darvas
1967Die Schlangengrube und das Pendelgreve Frederic Regula / greve Von AndomaiDútsktalichl ek bekend as: The Blood Demon
1968Evekolonel Stuartek bekend as: The Face of Eve
1968The Devil Rides Outhartoch fan Richleauek bekend as: The Devil's Bride
1968The Blood of Fu Manchudr. Fu Manchu
1968Dracula Has Risen from the Gravegreve Dracula
1968Curse of the Crimson AltarMorleyek bekend as: The Crimson Cult
1969The Castle of Fu Manchudr. Fu Manchu
1969The Oblong Boxdr. J. Neuhart
1969The Magic Christianfampier op it skip
1970Scream and Scream AgainFremont
1970Eugenie… The Story of Her Journey into PerversionDolmance
1970The Bloody Judgebaron George Jeffreysek bekend as: Night of the Blood Monster
1970Count Draculagreve Dracula
1970Taste the Blood of Draculagreve Dracula
1970Julius CaesarArtemidorus
1970One More Timegreve Draculacameo
1970The Private Life of Sherlock HolmesMycroft Holmes
1970Scars of Draculagreve Dracula
1971The House That Dripped BloodJohn Reidsegmint Sweets to the Sweet
1971Cuadecuc, Vampirgreve Dracula / himsels
1971I, Monsterdr. Charles Marlowe / Edward Blake
1971Hannie CaulderBailey
1972UmbracleDe Man
1972Dracula A.D. 1972greve Dracula
1972Horror Expresssir Alexander Saxton
1972Death Lineagint Stratton-Villiers, MI5ek bekend as: Raw Meat
1973Nothing But the Nightkolonel Charles Bingham
1973The Creeping FleshJames Hildern
1973The Satanic Rites of Draculagreve Dracula
1973The Wicker ManLord Summerisle
1973The Three MusketeersRochefort
1974Dark Placesdr. Mandeville
1974The Four MusketeersRochefort
1974The Man with the Golden GunFrancisco ScaramangaJames Bond-film
1975Le boucher, la star et l'orphelineVan Krig / himselfFrânsktalich
1975Diagnosis MurderStephen Hayward
1975The Story of Heidiûnbekendas stimakteur by Ingelske neisyngronisaasje
1976Killer Forcemajoar Chiltonek bekend as: The Diamond Mercenaries
1976To the Devil, a Daughterpastoar Michael Rayner
1976AlbinoBillek bekend as: Whispering Death en Death in the Sun
1976Dracula père et filsgreve DraculaFrânsktalich; ek bekend as: Dracula and Son
1976The Keeperde warder
1977Airport '77Martin Wallace
1977Meatcleaver Massacrehimselsek ferteller; ek bekend as: Evil Force en Revenge of the Dead
1977End of the Worldpastoar Pergado / Zindar
1977Starship Invasionskaptein Rameses
1978Circle of IronZetanek bekend as: The Silent Flute
1978Return from Witch MountainVictor Gannon
1978CaravansSardar Khan
1979The PassageSigeuner
1979Nutcracker Fantasyferskaatas stimakteur
1979Arabian AdventureAlquazar
1979Jaguar Lives!Adam Caine
1979Bear IslandLechinski
19791941kaptein Wolfgang von Kleinschmidt
1980SerialLuckman Skull
1980Safari 3000greve Borgia
1981An Eye for an EyeMorgan Canfield
1981Desperate MovesCarl Boxer
1981The Salamanderprins Baldasar
1982The Last Unicornkening Haggardas stimakteur
1983House of the Long ShadowsCorrigan
1983The Return of Captain InvincibleMr. Midnight
1983New Magic dhr. Kellarkoarte film
1984The Rosebud Beach HotelClifford King
1984The Bengal Lancers!sir James Hunter
1985Howling II: Your Sister is a WerewolfStefan Crosscoe
1986Jockspresidint White
1987Mio min MioKato
1987The GirlPeter Storm
1988Dark Mission Luis Morel
1988Mask of Murderhaadynspekteur Jonathan Rich
1988Olympus Force: The Key Filly
1989The Return of the MusketeersRochefort
1989La Révolution françaiseSansonFrânsktalich; segmint Les Années Terribles
1989La chute des aiglesWalter StraussFrânsktalich
1989Murder StoryWillard Hope
1989Honeymoon AcademyLazos
1990L'Avarokardinaal SpinosiItaljaansktalich
1990Gremlins 2: The New Batchdr. Catheter
1990The Rainbow Thiefomke Rudolf
1991Kabutokening Philip
1991Curse III: Blood Sacrificedr. Pearsonek bekend as: Panga
1991JackpotCedric
1994Funny ManCallum Chance
1994Police Academy: Mission to Moscowkommandant Aleksandr Nikolajevitsj Rakov
1994A Feast at MidnightV.E. Longfellow
1994Flesh and Bloodn.f.t.voice-over by in dokumintêre
1996The StupidsSender
1996Welcome to the Discworldde Deaas stimakteur; koarte film
1998Tale of the Mummysir Richard Turkel
1998JinnahMuhammad Ali Jinnah
1999Sleepy Hollowboargemaster
2001The Lord of the Rings: The Fellowship of the RingSaruman
2002Star Wars: Episode II – Attack of the Clonesgreve Dooku / Darth Tyranus
2002The Lord of the Rings: The Two TowersSaruman
2003The Lord of the Rings: The Return of the KingSarumanallinne yn 'e extended cut
2004Crimson Rivers II: Angels of the ApocalypseHeinrich von Garten
2005Star Wars: Episode III – Revenge of the Sithgreve Dooku / Darth Tyranus
2005Charlie and the Chocolate Factorydr. Wilbur Wonka
2005The Adventures of Greyfriars Bobbyde Lord Provost
2005Corpse Bridepastoar Galswellsas stimakteur
2007The Golden Compasslid Hege Ried
2008Star Wars: The Clone Warsgreve Dooku / Darth Tyranusas stimakteur
2009Boogie WoogieAlfred Rhinegold
2009The HeavyMason
2009TriageJoaquín Morales
2009Glorious 39Walter
2010Alice in WonderlandJabberwockas stimakteur
2010Burke & HareJoseph
2011Season of the Witchkardinaal D’Ambroise
2011The ResidentAugust
2011The Wicker Treeâldman
2011Grave Taleshimselscameo
2011Hugomonsieur Labisse
2012Dark ShadowsSilas Clarney
2012The Hobbit: An Unexpected JourneySaruman
2013Night Train to Lisbonpastoar Bartolomeu
2013Extraordinary Talesn.f.t.ferteller; segmint The Fall of the House of Usher
2013The Girl from NagasakiPinkerton
2013Necessary Eviln.f.t.voice-over by in dokumintêre
2014The Hobbit: The Battle of the Five ArmiesSarumanlêste rol yn in film dy't útkaam by syn libben
2015Angels in Notting HillGod / de presidintpostúm útkommen
2017The Hunting of the Snarkn.f.t.ferteller; koarte film; postúm útkommen
2018The Time Warn.f.t.ferteller; postúm útkommen
tillefyzje
1953–1956Douglas Fairbanks, Jr., Presentsferskaat13 ôfl.
1955Moby Dick—Rehearsedtoanielmaster / Flasktillefyzjefilm
1955The Viseferskaat3 ôfl.
1955Tales of Hans Andersonferskaat2 ôfl.
1956Chevron of Fallen Starsgûverneurôfl. Captain Kidd
1956The Scarlet PimpernelLouisôfl. The Elusive Chauvelin
1956Colonel March of Scotland YardJean-Pierreôfl. At Night All Cats Are Grey
1956Sailor of Fortuneferskaat2 ôfl.
1956The Adventures of Aggieynspekteur Hollisôfl. Cut Glass
1956–1957Assignment Foreign Legionferskaat2 ôfl.
1957The Errol Flynn Theatreferskaat4 ôfl.
1957The Gay Cavalierkolonel Jeffriesôfl. The Lady's Dilemma
1958OSSDessingerôfl. Operation Firefly
1958Ivanhoesir Ottoôfl. The German Knight
1958White HunterMark Caldwellôfl. This Hungry Hell
1959The Adventures of William Tellprins Erikôfl. Manhunt
1960Tales of the VikingsNormandyske ridderôfl. The Bull
1961Alcoa Presents: One Step BeyondWilhelm Reitlingerôfl. The Sorcerer
1964The Alfred Hitchcock HourKarl Jorlaôfl. The Sign of Satan
1967The Avengersperfester Stoneôfl. Never, Never Say Die
1969The Avengerskolonel Manneringôfl. The Interrogators
1969Light Entertainment Killersûnbekendtillefyzjefilm
1973Poor DevilLusifertillefyzjefilm
1973Orson Welles Great MysteriesArnaudôfl. The Leather Funnel
1976Space: 1999kaptein Zandorôfl. Earthbound
1978How the West Was Wonde gruthartoch2 ôfl.
1978The PirateSamir Al Faytillefyzjefilm
1978Saturday Night Liven.f.t.presintator; ôfl. Christopher Lee/Meat Loaf
1978Captain America II: Death Too SoonMigueltillefyzjefilm
1978Once Upon a SpyMarcus Valoriumtillefyzjefilm
1978Charlie's AngelsDale Woodmanôfl. Angel in Hiding
1981Evil Stalks This Housegastheartillefyzjefilm
1981Goliath AwaitsJohn McKenzietillefyzjefilm
1982Massarati and the BrainVictor Leopoldtillefyzjefilm
1982Charles & Diana: A Royal Love Storyprins Philiptillefyzjefilm
1984The Far PavilionsKaka-ji Rao3 ôfl.
1984Faerie Tale Theatrekening Vladimir Vôfl. The Boy Who Left Home to Find Out About the Shivers
1986Un métier du seigneurFogFrânsktalige tillefyzjefilm
1986The Disputationkening Jakobus fan Aragontillefyzjefilm
1986Shaka Zulugreve Bathurst10 ôfl.
1989Around the World in 80 DaysStuart3 ôfl.
1990The Care of TimeKarlis Zandertillefyzjefilm
1990Treasure IslandBline Pewtillefyzjefilm
1991Sherlock Holmes and the Leading LadySherlock Holmestillefyzjefilm
1992Incident at Victoria FallsSherlock Holmestillefyzjefilm
1992Beauty and the Beastmonsieur Renardas stimakteur; tillefyzjefilm
1992The Young Indiana Jones ChroniclesOttokar greve Czerinôfl. Austria, March 1917
1992Double Visiondhr. Bernardtillefyzjefilm
1993Death Traingeneraal Konstantin Benintillefyzjefilm
1995The Tomorrow PeopleRameses5 ôfl.
1995Mosesfarao Ramses IItillefyzjefilm
1995Tales of Mystery and Imaginationn.f.t.presintator; 2 ôfl.
1996Sorellina e il Principe del SognoAzarettillefyzjefilm
1997IvanhoeLucas de Beaumanoir4 ôfl.
1997Soul Musicde Deaas stimakteur; 7 ôfl.
1997Wyrd Sistersde Deaas stimakteur; 6 ôfl.
1997The OdysseyTiresias2 ôfl.
1997–1998The New Adventures of Robin HoodOlwyn6 ôfl.
2000GormenghastFlay4 ôfl.
2000In the Beginningfarao Ramses Itillefyzjefilm
2000Ghost Stories for ChristmasM.R. Jamesôfl. The Stalls of Barchester
2001Les redoutables de DeaFrânsktalich; segmint Confession
2005Pope John Paul IIkardinaal Stefan Wyszyński2 ôfl.
2008The Colour of Magicde Deaas stimakteur; 2 ôfl.
fideospultsjes
1994Ghostsdr. Marcus Grimalkin / himself
1999The Rocky Interactive Horror Shown.f.t.ferteller
2001Conquest: Frontier WarsAnvil / haadkertier
2003Freelancerûnbekend
2003The Lord of the Rings: The Return of the KingSaruman
2004EverQuest IILucan D'Lere
2004GoldenEye: Rogue AgentFrancisco Scaramanga
2005The Lord of the Rings: The Third AgeSaruman
2005The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earthSaruman
2006Kingdom Hearts IIDiZ / Ansem de Wize
2006The Lord of the Rings: The Battle for Middle-earth IISaruman
2007Kingdom Hearts II Final MixDiZ / Ansem de Wizeop argyfbylden
2008The Lord of the Rings: The Battle for
Middle-earth II: The Rise of the Witch-king
Saruman
2009Kingdom Hearts 358/2 DaysDiZ
2014Lego: The HobbitSarumanek ferteller
2014Kingdom Hearts HD 2.5 RemixDiZ / Ansem de Wizeargyfbylden
2015Deus Ex Machina 2de programmeurek ferteller
  • 1966 – Christopher Lee's Treasury of Terror
  • 1974 – Christopher Lee's New Chamber of Horrors
  • 1975 – Christopher Lee's Archives of Terror, Volume 1
  • 1976 – Christopher Lee's Archives of Terror, Volume 2
  • 1977 – Tall, Dark and Gruesome (autobiografy; werprinte yn 1999)
  • 2004 – Lord of Misrule (autobiografy, op 'e nij besjoene en útwreide ferzje fan Tall, Dark and Gruesome)
albums
  • 1998 – Christopher Lee Sings Devils, Rogues & Other Villains
  • 2006 – Revelation
  • 2010 – Charlemagne: By the Sword and the Cross
  • 2013 – Charlemagne: The Omens of Death
extended plays
  • 2012 – A Heavy Metal Christmas
  • 2013 – A Heavy Metal Christmas Too
  • 2014 – Metal Knight
singles
  • 2012 – Let Legend Mark Me as the King
  • 2012 – The Ultimate Sacrifice
  • 2014 – Darkest Carols, Faithful Sing

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.