Springe nei ynhâld

Oegemantsje (mearke)

Ut Wikipedy
Oegemantsje
algemiene gegevens
oarspr. titel Rumpelstilzchen
auteur Bruorren Grimm
taal Dútsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1812, Berlyn
oarspr. útjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmärchen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Oegemantsje
publikaasje 2012, De Gordyk
útjouwer Utjouwerij Bornmeer
oersetter Anne Tjerk Popkema
ISBN oers. 978-9 05 61 52 888

Oegemantsje, yn it oarspronklike Dútsk: Rumpelstilzchen (Nederlânsk: Repelsteeltje), is in mearke dat troch de bruorren Grimm optekene waard yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes") fan 1812, en yn lettere edysjes noch justjes oanpast waard. It is sûnt adaptearre ta in ferskaat oan oare media. Yn 2012 is it mearke oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

As in moolner ris de kening te wurd is, skept er op oer syn tsjeppe dochter en seit dat se sels fan strie noch goud spinne kin. Dat liket de kening wol de muoite wurdich, dat hy lit it fanke by him roppe, slút har op yn in keamer fol strie, en seit tsjin har dat er har terjochtstelle litte sil as se it strie de oare moarns net ta goud spûn hat. It fanke sit dan goed oanklaud, want se hat gjin idee hoe't se dat oprêde moat. Mar dan ynienen komt der in apart lyts mantsje de keamer yn, dy't har freget wat se him jaan sil as hy it strie foar har ta goud spint. "Myn halskeatling," antwurdet se, en it mantsje begjint it strie ta goud te spinnen.

As de kening de oare moarns weromkomt, is er alhiel feralterearre as er al it goud sjocht. Mar hy wurdt der sa deun fan, dat er har daliks nei in gruttere keamer ta bringt, dêr't noch mear strie leit; en op 'e nij bedriget er har mei de dea as dat strie de folgjende moarns net ta goud spûn is. Op 'e nij komt it aparte mantsje del en freget it fanke wat se him jaan sil as hy it strie foar har ta goud spint. "Myn ring," seit se, en it mantsje set him wer oan 'e arbeid.

De Mûndersdochter, fan Anne Anderson (1874-1930).

As dy keamer de oare moarns ek fol goud leit, is de kening wakker op 't skik en bringt er it fanke nei in noch gruttere keamer ta, dy't ek wer fol mei strie leit. Hy seit tsjin har, as se dit strie de oare moarns ek ta goud spûn hat, dan sil er mei har trouwe, want, tinkt er, in rikere frou sil er perfoarst nea treffe. Mar as it har net slagget om al it strie yn dy ûnbidige keamer foar de oare moarns ta goud te spinnen, dan betsjut it har dea. Foar de trêde kear komt it aparte keardeltsje del, en wer freget er it fanke wat se him jaan sil as hy it strie foar har ta goud spint. Diskear hat se lykwols neat mear om him te jaan. Mar it mantsje wit it goed makke: as se neitiid keninginne is, moat se him har earste bern jaan. It fanke is har rie te'n ein, dat se stimt dêrmei yn. Op 'e nij is al it strie yn goud feroare as de kening de oare moarns opdaagjen komt, dat hy nimt de moolnersdochter ta frou.

Der giet in jier foarby en de nije keninginne rekket swier en kriget in bern. Se tinkt net mear oan it ûnthjit dat se it aparte mantsje dien hat, mar dan, as se noch net iens sa gekke lang âldkreams is, komt itselde mantsje ynienen har keamer yn en easket it bern op dat se him ûnthjitten hat. De keninginne besiket op alle mooglike manearen ûnder har ferplichting út te kommen en biedt it mantsje fan alles en noch wat yn it stee fan har bern oan, mar it mantsje bliuwt ûnferbidlik: hy wol it bern ha. Dan begjint de keninginne sa bot te skriemen, dat it mantsje einlings begrutsjen kriget en har trije dagen de tiid jout om syn namme te rieden. As hja dy riede kin, mei se har bern hâlde.

De earste deis neamt de keninginne alle nammen op dy't se ken, mar net ien is sines. De twadde deis hat se der in boade op út stjoerd om alle nuvere en seldsume nammen yn it lân oan 'e weet te kommen, mar dy binne it likemin. Moarns ier op 'e trêde deis komt de boade wer by de keninginne, en fertelt har dat er gjin inkele nije namme mear fûn hat, mar wol hat er foar in ôfhandich lyts hûske in nuver keardeltsje om in fjoer hinne dûnsjen sjoen, dy't song fan "O, wat moai dat nimmen wit, dat ik fan Oegemantsje hjit." Dat as it mantsje dy deis wer by har komt, freget de keninginne oft er soms fan Oegemantsje hjit. Dêrop wurdt it keardeltsje sa poerstrontmâl dat er himsels midstwa skuort. Mar de keninginne libbe noch lang en gelokkich.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Ljouwerter Krante fan 30 novimber 2012 ferhelle Anne Tjerk Popkema, de oersetter fan Mearkes fan Grimm, dat er by it oersetten fan Rumpelstilzchen net betinke koe hoe't it mearke yn it Frysk komme moast te hjitten. Dêrom frege er op Facebook oaren om suggestjes. Ien fan 'e reäksjes dy't er krige wie "Oegemantsje", wat fan oarsprong de namme is fan in personaazje út Fryske folksferhalen (ek wol bekend as Heideskyn). Hoewol't dat frijwat fierôf stie fan 'e Dútske en Nederlânske foarmen fan 'e namme fan dit mearke, spriek it Popkema wol oan, en sa kaam Rumpelstilzchen yn it Frysk oan syn namme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.
  • Walthaus, Asing, De Geheime Naam van Oegemantsje, yn: de Ljouwerter Krante, 30 novimber 2012.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.