Star Wars: The Clone Wars (film)

Ut Wikipedy
Star Wars:
The Clone Wars
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Star Wars The Clone Wars.png
makkers
regisseur Dave Filoni
produsint Catherine Winder
senario Henry Gilroy
Steven Melching
Scott Murphy
basearre op wurk fan George Lucas
muzyk Kevin Kiner
filmstudio Lucasfilm
Lucasfilm Animation
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Matt Lanter
Ashley Eckstein
James Arnold Taylor
voice-over Tom Kane
byrollen Tom Kane
Dee Bradley Baker
Christopher Lee
Catherine Taber
Nika Futterman
Samuel L. Jackson
Ian Abercrombie
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 10 augustus 2008
foarm lange tekenfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $8,5 miljoen
opbringst $68,3 miljoen
filmsearje
filmsearje Star Wars
● foarich diel Star Wars: Episode II – Attack
   of the Clones
● folgjend diel Star Wars: The Clone
   Wars
(tillefyzjesearje)

Star Wars: The Clone Wars is in Amerikaanske lange kompjûteranimearre tekenfilm út 2008 ûnder rezjy fan Dave Filoni, mei yn 'e haadrollen Matt Lanter, Ashley Eckstein en James Arnold Taylor. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: De Kloane-oarloggen". Star Wars: The Clone Wars wie de earste lange tekenfilm yn it ramt fan 'e Star Wars-mediafranchise, mar hy heart net ta de Skywalker Saga, de haadrige fan live-actionfilms. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars folget Star Wars: The Clone Wars op 'e live-actionfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en giet er foarôf oan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

It ferhaal spilet oan it begjin fan 'e Kloane-oarloggen. De Sith-ridder greve Dooku en Ziro de Hutt, de omke fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, bewurkmasterje de ûntfiering fan Jabba syn jonge soan Rotta, dêr't se de Jedi de skuld foar op 'e lea skowe wolle yn in besykjen om Jabba en de Jedi tsjininoar op te setten en sels better te wurden fan it resultearjende konflikt. Wylst Jedi-master Obi-Wan Kenobi en senator Padmé Amidala fan Naboo allebeide, los faninoar, op ûndersyk útgeane, besykje Jedi-ridder Anakin Skywalker en de krekt oan him tawiisde padawan Ahsoka Tano om it bern wer by syn heit werom te bringen.

Star Wars: The Clone Wars krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes omreden fan 'e animaasjestyl en de opbou fan 'e plot. Hoewol't de film de leechste opbringst fan alle Star Wars-films hie, fertsjinne er yn 'e bioskopen dochs it achtfâldige fan syn produksjekosten. Star Wars: The Clone Wars fungearre teffens as pilotôflevering foar in tekenfilmsearje dy't ek Star Wars: The Clone Wars hiet, en wêrfan't de útstjoering twa moannen nei de premiêre fan 'e film úteinsette op 'e tillefyzjestjoerder Cartoon Network.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earste jier fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels jouwe Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn eardere learling (padawan) Anakin Skywalker lieding oan in beheind kontingint kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk yn 'e striid op 'e planeet Christophsis. Troch de oermacht oan oarlochsandroïden en oare gefjochtsrobots fan it leger fan 'e separatistyske generaal Whorm Loathsom reitsje se yn 'e benearing. Harren fersiken om fersterkings bliuwe ûnbeäntwurde om't har kommunikaasje mei it legerhaadkertier op Coruscant steurd wurdt troch de fijân.

Underwilens wurdt Rotta, de jonge soan fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, ûntfierd troch ûnbekenden, en Jabba freget de Jedi Oarder om help. Grutmaster Yoda en master Mace Windu twifelje oer it beskie dat se op dat fersyk jaan moatte, mar kânselier Palpatine wiist derop dat de Republyk net sûnder de goede wil fan 'e Hutts kin om't dyselden de hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel behearskje. Dit is neffens him in útlêzen kâns om dy goede wil te bemachtigjen. Der wurdt besletten dat Obi-Wan en Anakin stjoerd wurde sille, mei't (foar safier't men op Coruscant wit) de striid op Christophsis yn it foardiel fan 'e Republyk besljochte is. Der wurdt in boadskipper stjoerd om 'e nije opdracht oer te bringen.

Dy boadskipper is Ahsoka Tano, in jonge Togruta, dy't troch Yoda útornearre is om 'e earste padawan fan Anakin te wurden. As sy op Christophsis arrivearret, is de sitewaasje dêre bot oanboaze. Generaal Loathsom hat in enerzjyskyld boppe syn leger aktivearre, sadat de swiere laserkanonnen fan it Leger fan 'e Republyk syn troepen net mear treffe kinne. De Jedi witte einlings foar in lyts hoartsje kontakt te krijen mei har haadkertier, wêrnei't Yoda daliks mei fersterkings ôfset nei Christophsis. Wylst Obi-Wan him by wize fan mûklist oerjout oan generaal Loathsom en besiket tiid te rekken, ynfiltrearje Anakin, dy't syn nije padawan mar mei tsjinnichheid akseptearre hat, en Ahsoka, dy't graach bewize wol dat se âld genôch is om padawan te wurden, it fijannige haadkertier en sabotearje it enerzjyskyld. As Loathsom Obi-Wan finzen nimme lit en mei de dea bedriget, skeakelet Obi-Wan mei gemak de liifwachten fan 'e fijannige kommandant út en nimt dan Loathsom sels finzen. Tsjin 'e tiid dat Yoda mei de fersterkings arrivearret, hat Loathsom syn leger oerjûn, wylst Ahsoka it respekt fan Anakin wûn hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid kriget Obi-Wan fan Yoda opdracht om nei Tatooine te gean om mei Jabba de Hutt te ûnderhanneljen oer in mooglik ferdrach tusken de Hutts en de Galaktyske Republyk, en om út te sykjen wa't der efter de ûntfiering fan Rotta sit. Underwilens moatte Anakin en Ahsoka der tegearre foar soargje dat it jonkje mei syn heit weriene wurdt. It docht al rillegau bliken dat de ûntfiering út 'e koker komt fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious (dy't yn it geheim it alter ego is fan 'e freonlike kânselier Palpatine). De ûntfiering is in middel om 'e Hutts tsjin 'e Jedi op te stokeljen en sa it Grutte Leger fan 'e Republyk it gebrûk fan 'e hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te ûntsizzen. Sidious syn trewant greve Dooku hat de ûntfiering beävensearre en stiet yn kontakt mei Jabba de Hutt, dy't er besiket te manipulearjen.

Anakin, Ahsoka en de robot R2-D2 folgje it spoar fan 'e ûntfierders nei de planeet Teth, dêr't se by in ferlitten kleaster yn in mûklaach rinne fan in kloft oarlochsandroïden. Dy wurde oanfierd troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan greve Dooku, dy't teffens Dooku syn ynformele Sith-learlinge is. Anakin, Ahsoka en R2-D2 witte út 'e fâle te ûntkommen mei de jonge Rotta, en kape in rynkrank transportromteskip, dêr't se mei nei Tatooine reizgje. Obi-Wan, dy't gjin dien wurk meitsje kin oangeande de oerienkomst mei Jabba salang't dy syn soan net rêden is, hastiget him efter Anakin-en-dy oan nei Teth, dêr't er in kloft kloansoldaten helpt by de ferovering fan it kleaster en Ventress ferslacht yn in duël mei de ljochtsabel. Hoewol't it har slagget en ûntkom, is har misje fierhinne op in mislearring útrûn. Wol hat se lykwols opnamen witten te meitsjen fan Anakin en Ahsoka mei de lytse Rotta, wêrby't it bûten de kontekst om krekt liket as binne de Jedi ferantwurdlik foar de ûntfiering. Anakin syn fersuchting op krekt dat momint, dat er in grouwéligen hekel oan Hutts hat, makket it plaatsje kompleet dat greve Dooku oan Jabba toane wol. De gangster lûkt de bedoelde konklúzjes en jout syn trewanten opdracht om 'e Jedi te fermoardzjen.

Underwilens behellet kânselier Palpatine alias Darth Sidious mei opsetsin senator Padmé Amidala fan Naboo yn 'e sitewaasje. Sy is yn it geheim mei Anakin troud, eat dêr't Palpatine fan op 'e hichte is, mar de Jedi Oarder net. As Padmé heart fan 'e nuodlike misje fan Anakin en syn nije padawan, sit se yn noed oer syn feilichheid. Dêrom beslút se kontakt op te nimmen mei Ziro de Hutt, de omke fan Jabba, dy't op Coruscant wennet. Dat is in noch walchliker figuer as Jabba sels, en hy wegeret Padmé te wurd te stean om't er, sa seit er, derfan oertsjûge is dat de Jedi foar de ûntfiering fan syn âldomkesizzer Rotta ferantwurdlik binne. Hy lit Padmé mei geweld út syn wente ferwiderje, mar Padmé is de roboatyske útsmiter te fluch ôf en giet wer nei binnen ta. Dêr trappearret se Ziro wylst dyselde mei in holografysk oanwêzige greve Dooku oerleit. Ut it petear docht sûnder romte foar misferstannen bliken dat Ziro mei Dooku-en-dy ûnder ien tekken skûlet. Syn bedoeling is om Jabba tsjin 'e Jedi op te setten, sadat er harren begjint te fermoardzjen; dêrop sille de Jedi perfoarst Jabba útskeakelje, wat it paad klearret foar de oername fan it liederskip fan harren Hutt-clan troch Ziro.

Ear't se mei dy ynformaasje ûntkomme kin, wurdt Padmé ûntdutsen en finzen nommen. Greve Dooku seit dat der lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels binne dy't har mar al te graach fan Ziro keapje wolle. Padmé manipulearret de robots dy't har sipiers binne lykwols ta it beäntwurdzjen fan in tafallige oprop fan 'e androïde C-3PO op har comlink. Dêrtroch slagget it har om in warskôging te jaan. C-3PO falt net folle letter de wente fan Ziro binnen mei in peloton kloansoldaten, dy't koarte metten meitsje mei de trewanten fan Ziro en de grouwe Hutt sels arrestearje. Ziro komt dan oan mei it ferhaal dat er inkeld oan 'e gearspanning meidien hat om't er dêrta mei deadsbedrigings twongen waard troch Dooku.

By harren oankomst by Tatooine wurdt it romteskip fan Anakin en Ahsoka delsketten troch de trewanten fan greve Dooku. Anakin, Ahsoka en R2-D2 begjinne mei Rotta geandefoets in tocht troch de woastyn nei it paleis fan Jabba. Om't se swierrichheden ferwachtsje, betinkt Anakin in mûklist, wêrby't hy en Ahsoka útinoar geane. Hy lit it foarkomme as hat hy de jonge Hutt by him, mar as Dooku him oanfalt en sy beiden in duël mei de ljochtsabel útfjochtsje, docht úteinlik bliken dat de koer op syn rêch leech is. Eins is Rotta by Ahsoka en R2-D2, mar as dyselden deun by it paleis fan Jabba binne, wurde se opwachte en oanfallen troch de trije robotliifwachten fan Dooku. Nei't Dooku him dat op selsfoldiene wize ferteld hat, stelt Anakin Dooku syn glydmotor, dêr't er him op nei it paleis fan Jabba hastiget. Hy riidt Ahsoka-en-dy lykwols straal foarby om't sy yn harren gefjocht fan it paad ôf rekke binne. Oankommen by it paleis wurdt Anakin daliks finzen nommen troch de trewanten fan Jabba.

Ahsoka wit lang om let de liifwachten fan Dooku op eigen krêft te ferslaan, ek al binne it drege tsjinstanners en hat se sels frijwol gjin ûnderfining mei sokke dingen. Se bringt de jonge Rotta nei it paleis fan Jabba, dêr't de Hutt einlings weriene wurdt mei syn soan. Nettsjinsteande dat jout Jabba befel dat Anakin en Ahsoka terjochtsteld wurde moatte foar de belutsenens fan 'e Jedi by de ûntfiering. Op dat stuit ferskynt Padmé lykwols yn holografyske foarm foar de troan fan Jabba, en bringt oan him út dat greve Dooku en syn eigen omke Ziro de wiere ferantwurdliken binne. Jabba wurdt fan har ferhaal oertsjûge as se him sels mei Ziro prate lit, dy't no ien en al triennen en berou is. Dêrop lit Jabba Anakin en Ahsoka gean en seit er ta dat Ziro, as dy oan him oerdroegen wurdt, swier straft wurde sil. Yn tankberens oan 'e Jedi, dy't net inkeld syn soan mar ek himsels rêden hawwe, stimt er yn mei in ferdrach dat de romteskippen fan 'e Jedi Oarder en it Grutte Leger fan 'e Republyk frije trochtocht jout troch de dielen fan it Stjerrestelsel dy't troch de Hutts behearske wurde. Underwilens rapportearret greve Dooku it mislearjen fan 'e gearspanning oan Darth Sidious, dy't him der lykwols fan bewissiget dat it oarlochstij noch altyd yn harren foardiel giet.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje                              akteur/aktrise
Jedi-ridder Anakin Skywalker Matt Lanter
padawan Ahsoka Tano Ashley Eckstein
Jedi-master Obi-Wan Kenobi James Arnold Taylor


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jedi-master Yoda Tom Kane
kaptein Rex
luitenant-kolonel Cody
alle oare kloansoldaten
Dee Bradley Baker
greve Dooku Christopher Lee
senator Padmé Amidala Catherine Taber
Asajj Ventress Nika Futterman
Jedi-master Mace Windu Samuel L. Jackson
kânselier Palpatine / Darth Sidious Ian Abercrombie
Ziro de Hutt Corey Burton
ferteller Tom Kane
Jabba de Hutt Kevin Michael Richardson
Rotta de Hutt David Acord
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 nimmen (lûdseffekten)
admiraal Yularen Tom Kane
generaal Whorm Loathsom Corey Burton
4A-7, in spion James Arnold Taylor
TC-70, de protokolandroïde fan Jabba de Hutt Nika Futterman
KRONOS-327, in hiermoardner Corey Burton
alle oarlochsandroïden Matthew Wood

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: The Clone Wars as lange, yn 'e bioskoop draaiende tekenfilm wie sa oarspronklik hielendal net bedoeld. Lucasfilm, de film- en tillefyzjestudio fan Star Wars-betinker George Lucas, risselwearre foar it útbringen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, mar doe't Lucas in diel fan 'e foltôge bylden fan 'e earste ôfleverings op in grut byldskerm sjoen hie, fûn er dy sa moai dat er der in bioskoopfilm fan meitsje woe. Sadwaande waarden ferhaallinen fan trije ôfleverings mei-inoar ferweve ta de plot fan in bioskoopfilm mei in spyldoer fan goed oardel oere. It ferhaal fan 'e ûntfierde jonge Hutt waard ynspirearre troch de Japanske samoeraifilm Shogun's Shadow (1989).

Star Wars: The Clone Wars waard regissearre troch Dave Filoni nei in senario fan Henry Gilroy, Steven Melching en Scott Murphy. As produsinte wie Catherine Winder by it projekt belutsen foar de filmstudio's Lucasfilm en Lucasfilm Animation. Foar de film wie in, relatyf beheind, budget beskikber fan $8,5 miljoen, dat it produksjeteam neffens Winder twong om outside the box te tinken. De filmmuzyk waard fersoarge troch Kevin Kiner, dy't dêrfoar gebrûk makke fan 'e tema's dy't John Williams foar de live-actionfilms fan 'e Skywalker Saga komponearre hie.

It produksjeteam brûkte foar de film en de dêropfolgjende tekenfilmsearje in animaasjestyl dy't bedoeld wie as in hommaazje oan it stilearre oansjen fan sawol Japanske anime en manga as oan 'e Britske marionettesearje Thunderbirds, út 'e 1960-er jierren. George Lucas sei letter yn in paneldiskusje, dy't organisearre waard troch it Cartoon Network, dat er mei opsetsin keazen hie foar in stilearre oansjen, en foar de film en de searje nea reälistyske animaasje yn omtinken nommen hie om't er socht nei in unike eigen styl. Hy besleat ek om film en searje te meitsjen út in live-actionperspektyf wei, wat betsjutte dat de bylden mear lieken op dy út live-actionfilms as op dy út oare tekenfilms.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon akteurs dy't earder meiwurke hiene oan 'e live-actionfilms fan 'e Skywalker Saga kearden foar Star Wars: The Clone Wars werom as stimakteur. Dêrûnder wiene Christopher Lee as greve Dooku, Anthony Daniels as C-3PO, Matthew Wood as de B1-oarlochsandroïden en Samuel L. Jackson as Mace Windu. Foar de oare rollen waarden nije akteurs oanlutsen. Lee en Jackson kroepen trouwens foar de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars net op 'e nij yn 'e hûd fan harren personaazjes.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Star Wars: The Clone Wars waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 10 augustus 2008 yn Grauman's Egyptian Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 15 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 12 augustus by platemaatskippij Sony Classical Records. Star Wars: The Clone Wars waard op 11 novimber 2008 útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: The Clone Wars oer it algemien negative resinsjes. Sa skreau Todd McCarthy yn it tydskrift Variety: "Dit is net Star Wars sa't we dat altyd kennen hawwe en sa't we dêr alteast soms fan holden hawwe." Guon resinsinten lieten har op hast hystearyske wize hielendal gean, lykas Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly, dy't de film omskreau as "in roboatysk animearre losse flodder, wêryn't it Ryk fan George Lucas weromslacht… nei it publyk." (In wurdboarterij ferwizend nei de titel fan 'e Star Wars-film, The Empire Strikes Back, "It Ryk Slacht Werom".) Hy gie fierder: "Wêr't je sa wurch fan wurde, is Lucas syn ûnderdompeling yn in Star Wars-kosmology dy't sa twangneuroatyske foltroppe is mar dochs mar fan sa'n triviaal belang dat it gjin eskapisme mear neamd wurde kin; [ynstee is] dizze film […] itjinge dêr't je oan ûntsnappe wolle."

It wichtichste punt fan krityk op Star Wars: The Clone Wars wie de as goedkeap, houterich en âlderwetsk ûnderfûne animaasjestyl. Nettsjinsteande it feit dat Lucas yn 't foar mei safolle wurden sein hie dat dy styl in opsetlike hommaazje wie oan marionettesearjes út 'e 1960-er jierren lykas Thunderbirds en Fireball XL5, besochten guon resinsinten harren krityk te ûnderbouwen troch te skriuwen dat Star Wars: The Clone Wars hast wol op sokke searjes liek.

De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 11/2 fan 4 stjerren en skreau: "De personaazjes hawwe hier dat wol fan klaai makke liket te wêzen, lichems dy't wol oanhelle lykje te wêzen mei artritis, en bewegende lippen op healbeferzen gesichten: allegear tekens dat de kantsjes derôf rûn binne mei it animaasjewurk." En McCarthy skreau dat de "bewegings fan sawol personaazjes as komposysjes" der "meganysk útsjogge" en dat "de foar it meastepart fertroude personaazjes allegear de gesichtsútdrukkings hawwe fan Peaske-eilânske stânbylden." Dêrby tekene er wol oan dat de animaasjestyl "frijwat mear dramatyske komposysjes en kleurskema's" taliet.

In soad resinsinten hiene fierders krityk op 'e dialooch, dy't neffens Ebert beheind bleau ta "simplistyske útroppen". Claudia Puig fan 'e krante USA Today omskreau de dialooch as "ferstienne en waanwiis, wat ek in probleem is yn guon fan 'e live-action-ynkarnaasjes [fan Star Wars]". In protte kritisy fûnen ek de gefjochtssênes werheljend en sûnder spanning.

Oer de yntroduksje fan it personaazje Ahsoka Tano wiene de mienings skerp ferdield. Sa fûn Ebert har "yrritant" en skreau Michael Rechtshaffen yn The Hollywood Reporter dat de prebearsels ta humor middenmank it redendielen fan Ahsoka en Anakin Skywalker "forsearre" wiene. Oan 'e oare kant skreau bgl. Puig dat se niget oan Ahsoka hie en dat "har snedigens yn 'e petearen mei Anakin de boel opfleuret."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: The Clone Wars in leech goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 172 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Meganysk [útsjende] animaasje en in net bepaald geweldich skript meitsje fan [dizze film] mar in bleek skaad fan 'e ienris sa swide mediafranchise fan George Lucas." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: The Clone Wars in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 30 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: The Clone Wars brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $33,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $68,3 miljoen, wat it leechste totaal is fan alle Star Wars-films. Ofset tsjin it budget fan $8,5 miljoen betsjut it lykwols in winst fan $59,8 miljoen, al moatte dêr de marketingkosten noch wol ôf. Star Wars: The Clone Wars hie dêrnjonken yn 2012 allinnich al yn 'e Feriene Steaten ek nochris $23,4 miljoen opbrocht oan dvd-ferkeap.

Ferboeking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan Star Wars: The Clone Wars ferskynde op 26 july 2008 in ferboeking fan 'e hân fan skriuwster Karen Traviss. De roman waard publisearre troch útjouwerij Del Rey Books. Behalven dat yn it boek de foarfallen út 'e plot fan 'e film út 'e perspektiven fan ferskate haadpersoanen wei beskreaun wurde, omfiemet it ek guon oantinkens fan Anakin oan syn ierste jonkheid as slaaf fan 'e Hutts op Tatooine en guon fan 'e ûnderfinings fan greve Dooku by it befjochtsjen fan Mandalorianen.

Tillefyzjesearje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Star Wars: The Clone Wars (tillefyzjesearje út 2008).

Behalven as in op himsels steande bioskoopfilm tsjinne Star Wars: The Clone Wars ek as de pilotôflevering fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. De útstjoerings fan dy searje begûnen twa moannen nei de premiêre fan 'e film op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Cartoon Network, in dochterûndernimming fan Warner Bros., dat de distribúsje fan 'e film dien hie. De searje rûn oant en mei 2014, mei in ekstra seizoen yn 2020.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Wars
 
filmsearje
Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018) • Rogue Squadron (2023)
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–20??) • Ahsoka (2023–20??) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (20??–20??) • Lando (20??–20??) • Rangers of the New Republic (20??–20??)
tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022)