Springe nei ynhâld

Maximilien Robespierre

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maximilien de Robespierre)
Anonym portret fan Robespierre
De arrestaasje fan Robespierre

Maximilien-Marie-Isidore de Robespierre (Arras, 6 maaie 1758Parys, 28 july 1794 of 10 Thermidor, jier II) wie in Frânsk abbekaat en revolúsjonêr politikus. Under de Frânske Revolúsje kaam er nei foaren as ôffurdige yn de Nasjonale Konvinsje en as lid fan it Comité de salut public. De revolúsje kearde him ek tsjin de erflikens fan amten en de dêrmei gearhingjende misbrûken en korrupsje yn it bestjoer.

Robespierre syn politike tinkbylden wiene foar in part ynspirearre troch it wurk fan Rousseau. Hy sette him yn foar it kiesrjocht foar alle manlju en harren tagong ta de Nasjonale Garde, in soarte fan boargerwacht fan bewapene boargers dy’t yn de stêden de oarder en feiligens bewaken. Ek pleite er foar it rjocht om petysjes yn te tsjinjen, it rjocht op selsferdigening en de ôfskaffing fan de Atlantyske slavehannel.

Fan augustus 1793 oant july 1794 spile er in sintrale rol yn it revolúsjonêre bestjoer, dat yn dizze perioade ûnder de druk fan de oarloch en ynterne opstannen hast as in krisysregearing operearre. Yn dizze perioade waard de macht fan de steat sterk sintralisearre en waarden politike tsjinstanners ferfolge en eksekutearre. Dizze perioade stiet bekend as de Terreur.

Op 9 Thermidor, jier II (27 july 1794) ferklearre de Nasjonale Konvinsje him en syn meiwurkers fûgelfrij. Hy waard yn it stedhûs arrestearre en rekke dêrby swier ferwûne oan syn kaak. De oare deis waard er sûnder proses eksekutearre, tagelyk mei likernôch tweintich oaren, ûnder wa't ek syn jongere broer Augustin Robespierre.

De eksekúsje fan Robespierre markearre it ein fan de radikale faze fan de Frânske Revolúsje. Yn de dêrnei folgjende perioade waarden ferskate maatregels út de foarige faze weromdraaid of ôfskaft.

  • Scurr, Ruth. Fatal Purity, Robespierre and the French Revolution, Chatto&Windus, 369 blz. (Nederlânske oersetting by útj. Bert Bakker yn septimber 2006).
  • Schama, Simon Citizens: A Chronicle of the French Revolution, Londen, 1989.
  • Israel, Jonathan Revolutionary Ideas: An Intellectual History of the French Revolution, Princeton, 2014.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: