Springe nei ynhâld

Arras

Ut Wikipedy
Arras
Place des Héros
Place des Héros
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
RegioOpper-Frankryk
DepartemintPas-de-Calais (62)
Sifers
Ynwennertal42.875 (2023)[1]
Oerflak11,63 km²
Befolkingsticht.3.687 ynw./km²
Stêdekloft88.911 (2023)
Hichte52 - 99 m
Oar
Postkoade62000
Offisjele webside
www.ville-arras.fr
Kaart
Arras (Frankryk)
Arras
Kaart
Place des Héros

Arras (Nederlânsk, histoarysk: Atrecht, Pikardysk: Aros) is in stêd yn it noarden fan Frankryk, it haadplak fan it departemint Pas-de-Calais. De ynwenners wurde Arrageois neamd. It plak by de gearrin fan de rivieren de Scarpe en de Crinchon, is fanâlds it sintrum fan de regio Arteezje; pleatslik wurdt it Pikardysk sprutsen.

De stêd waard oarspronklik troch de Atrebaten stifte, in Keltysk-Gallyske stamme. It wie harren haadstêd Nemotecenna, nei nemeton, dat yn it Keltysk "hillich plak" betsjut. Nei't it troch de Romeinen ferovere waard, waard Arras it plak fan in Romeinsk garnisoen. Hja neamden it Atrebatum. It lei op in hearwei dy't Boulogne-sur-Mer ferbûn mei Cambrai.

Yn 499 waard Sint-Fedastus biskop fan de stêd en de nei him ferneamde abdij fan Sint-Vaast waard yn 667 boud.

Yn 843 waard Arras it haadplak fan de pagus Atrebatensis. Yn 898 waard it in part fan it greefskip Flaanderen en yn 1180 waard Arteezje fannijs in greefskip.

De ûndergrûnske gongen fan de stêd ("les bôves"), de saneamde krytdjipten, waarden sûnt de tsiende iuw útgroeven. Hja tsjinnen as kelder, silo, ensfh. It gongestelsel dat him ûnder de hiele stêd en sels derbûten útstrekt, tsjinne as in skûlplak foar de Alliearden, dy't yn 1917 by it ôfwachtsjen fan it offensyf yn de Slach by Arras legere waarden.

Yn 1136 en 1189 fûnen der grutte stedsbrannen plak yn Arras.

Yn de iuwen dernei waard Arras it striidtoaniel tusken Frankryk en de Nederlannen. Yn 1460 fûn de earste heksejacht fan de Nederlannen plak: Vauderie d'Arras.

Yn 1579 waard de Uny fan Arras sletten, dêr't in tal Waalske gewesten, dy't yn 1576 harren by de Pasifikaasje fan Gint oansletten hiene, harren fermoedsoenen mei de Spaanske kening. Yn andert dêrop ferienigen de noardlike gewesten harren yn itselde jier yn de Uny fan Utert. Arras hearde sûnt doe by de Spaanske Nederlannen en bleau dat oant 1659, doe't neffens de Frede fan de Pyreneeën it tenei by Frankryk kaam.

Yn de njoggentjinde iuw waard Arras in wichtich sintrum fan it ferbouwen en ferwurkjen fan sûkerbiten. De stêd rekke skansearre troch besjittings yn de Earste Wrâldkriich. Neitiids waard de stêd wer opboud.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Grand'Place (Grutte Merk) fan goed 1 hektare is al sûnt de 11e iuw it plak yn de stêd dêr't merk hâlden wurdt. Yn de 17e iuw waarden de houten huzen om de merk hinne ferfongen troch stiennen gebouwen. It meast âlde gebou is fan 1467 en hjit Les Trois Luppards.
Grutte merk, Arras
  • De eardere abdijtsjerke is no de Us-Leaffrou-en-Sint-Fedastuskatedraal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: