Abdij fan Sint-Vaast

Ut Wikipedy
Loftfoto fan de Abdij fan Sint-Vaast yn Arras

De Abdij fan Sint-Vaast (Frânsk: Abbaye Saint-Vaast) is in earder Benediktynsk kleaster dat stifte waard op in heuvel dy't no yn de hjoeddeiske stêd Arras leit. Arras is de haadstêd fan de eardere provinsje Arteezje, hjoed-de-dei yn it departemint Pas-de-Calais. It kleaster spile yn de Iere Midsiuwen in wichtige rôle yn it noarden fan Galje en letter yn de Nederlannen. Hjoed-de-dei is it gebiet fan it kleaster part fan de binnenstêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn 667 stifte. Sint-Fedastus (Sint-Vaast, berne yn 453 en stoarn yn 540) wie de earste biskop fan Arras en letter ek biskop fan Cambrai, leit begroeven yn de âlde katedraal fan Arras. Yn 667 sette Sint-Aubertus, de sânde biskop fan Arras, mei de bou útein fan in kleaster foar Benediktynske mûntsen op it plak dêr't in lytse, troch Sint-Fedastus stifte en oan Petrus wijde kapel stie. De relikwyen fan Sint-Fedastus waarden nei it nije kleaster oerbrocht, dy't troch de opfolger fan Sint-Aubertus foltôge waard. Kening Teodoarik III fan Neustrje en syn frou lizze der ek begroeven.

Yn de tsiende iuw waarden de Annales Vedastini in it kleaster skreaun.

Yn 1578 organisearre Sarrazin, de abt fan Sint-Vaast, in katolike tsjinbeweging tsjin de kalvinisten yn Henegouwen en Arteezje. Troch syn dwaan ûntstie in jier letter de Uny fan Arras.

Binnenpleats fan abdij Saint-Vaast

It kleaster hat fan grut belang west foar de kleasters yn de Lege Lannen. It kleaster waard frijsteld fan biskoplike jurisdiksje en koe oant 1778 ûnôfhinklik troch gean. Yn dat jier waard it kleaster opnaam yn de oarder fan Cluny.

Yn de Frânske Revolúsje waard it kleaster opheft. De kleastergebouwen waarden earst as sikehûsen letter as kazerne brûkt. Yn 1838 waarden de gebouwen troch de gemeente Arras kocht, wêrfan't in diel dêrnei as museum en argyf brûkt waard. De rêst waard de residinsje fan de biskop. De abdijtsjerke, dy't skansearre wie, waard fannijs boud en ynwijd yn 1833. Dy tsjerke tsjinnet no as katedraal fan Arras, ynstee fan de eardere goatyske katedraal, dy't ferwoaste waard yn de Frânske Revolúsje.

Boarne om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]