The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Lord of the Rings:
The Fellowship of the Ring
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
The Lord of the Rings-The Fellowship of the Ring logo.png
makkers
regisseur Peter Jackson
produsint Barrie M. Osborne
Peter Jackson
Fran Walsh
Tim Sanders
senario Fran Walsh
Philippa Boyens
Peter Jackson
basearre op The Fellowship of the Ring
   fan J.R.R. Tolkien
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk Howard Shore
filmstudio New Line Cinema
WingNut Films
distribúsje New Line Cinema
spilers
haadrollen Elijah Wood
Ian McKellen
Viggo Mortensen
voice-over Cate Blanchett
byrollen Sean Astin
Dominic Monaghan
Billy Boyd
Orlando Bloom
John Rhys-Davies
Sean Bean
Liv Tyler
Christopher Lee
Cate Blanchett
skaaimerken
lân/lannen Flag of New Zealand.svg Nij-Seelân
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 10 desimber 2001
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk (ek wat Quenya)
spyltiid 178 minuten
budget en resultaten
budget $93 miljoen
opbringst $887,9 miljoen
prizen 4 × Oscar
1 × Grammy Award
1 × Hugo Award
1 × Nebula Award
5 × BAFTA
1 × SAG Award
3 × Saturn Award
4 × Satellite Award
1 × Locus Award
3 × Empire Award
filmsearje
filmsearje The Lord of the Rings
● folgjend diel The Lord of the Rings: The
    Two Towers

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2001 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Elijah Wood, sir Ian McKellen en Viggo Mortensen. De titel betsjut "De Hear fan 'e Ringen: It Selskip fan 'e Ring". De film is basearre op it boek The Fellowship of the Ring. It is it earste diel fan The Lord of the Rings, in filmtrilogy basearre op 'e ferneamde romantrilogy The Lord of the Rings, fan J.R.R. Tolkien.

It ferhaal folget de hobbit Frodo Baggins, dy't fan syn omke Bilbo in ring erft. Dat blykt de Iene Ring te wêzen dêr't de machtige kweageast Sauron ferlet fan hat om 'e wrâld Midierde ûnder syn bewâld te bringen. Op rie fan 'e tsjoender Gandalf flechtsje Frodo en syn freonen mei syn nuodlike besitting nei it elfske bolwurk Rivendell, dêr't Frodo de taak op him nimt om in kweeste te ûndernimmen nei it lân Mordor, om dêr yn it sintrum fan Sauron syn macht de ring te ferneatigjen yn 'e fjurren fan 'e Doemberch.

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films ea makke. De film wûn fjouwer Oscars, in Grammy Award, in Hugo Award, in Nebula Award, fiif BAFTA's, in Screen Actors Guild Award, trije Saturn Awards, fjouwer Satellite Awards, in Locus Award, trije Empire Awards en ferskate oare prizen. It folgjende diel fan 'e trilogy, The Lord of the Rings: The Two Towers, kaam út yn 2002.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prolooch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Twadde Tiidrek fan Midierde wurde oan 'e hearskers fan 'e elven, dwergen en minsken de ringen fan macht taparte. Sûnder dat hja it witte, smeit de machtige kweageast Sauron yn 'e fjurren fan 'e Doemberch yn it lân Mordor, de Iene Ring dy't alle oare ringen dominearret, dat er Midierde feroverje en ûnder syn bewâld bringe kin. In lêste ferbûn fan elven en minsken ûnder lieding fan 'e elfske kening Ereinion Gil-galad en Elendil de Lange, hege kening fan Arnor en Gondor, befjochtet Sauron en syn legermachten fan oarken en trollen en oare kweade wêzens foar de poarten fan syn bolwurk Barad-dûr, wêrby't sawol Gil-galad as Elendil de Lange omkomme. Elendil syn erfgenamt Isildur slacht Sauron lykwols mei it skurd fan syn heite swurd in finger ôf, en ûntnimt him dêrmei de Iene Ring dy't om dy finger sit. Dêrmei ferslacht er Sauron, dy't sûnder de macht dy't er yn 'e Iene Ring stoppe hat, syn lichaamlike foarm ferliest en ta in geast wurdt.

Mei de nederlaach fan Sauron begjint it Trêde Tiidrek fan Midierde. Elrond de Healelf, de foaroanman fan 'e elven nei de dea fan Gil-galad, liedt Isildur nei de top fan 'e Doemberch, mei de bedoeling dat dy de Iene Ring yn 'e fjurren smite sil om him te ferneatigjen. Dat kin inkeld op itselde plak dêr't er ek makke is, en it soe Sauron sa'n macht ûntnimme dat er nea wer fanwegen komme kinne soe. Mar de macht fan 'e Iene Ring is sa dat er begear opwekket, en as it derop oankomt, wegeret Isildur der ôfstân fan te dwaan. De ring begjint dêrnei Isildur syn geast te behearskjen. Hy ûntdekt dat it ding him ûnsichtber meitsje kin. As syn selskip ûnderweis nei Arnor, yn it noarden, by de Lizefjilden troch oarken oerfallen wurdt, besiket er ûnsichtber mei de ring om swimmend yn 'e rivier de Anduin te ûntkommen, mar de ring ferriedt him en glidet him fan 'e finger ôf, wêrnei't er troch de oarken mei pylk-en-bôge deasketten wurdt.

Goed 2.500 jier leit de ring op 'e boaiem fan 'e rivier, oant er fûn wurdt troch it wêzen Gollum, waans libben er ferlinget oant fier boppe wat foar dy syn soarte gewoan is. Gollum lûkt him werom yn 'e grotten ûnder de Diisbergen, dêr't er de ring 500 jier lang besit, oant it ding de rop fan syn weropstiene master Sauron heart. Dan makket er dat Gollum him ferliest. Yn 'e grotten wurdt er dan weromfûn troch in hobbit, Bilbo Baggins, dy't mei in groep dwergen ûnderweis is nei de Ienlike Berch (sjoch: The Hobbit (filmtrilogy)). Dyselde is him folslein ûnbewust fan wat er fûn hat, mar hy ûntdekt al rillegau dat er ûnsichtber wurdt as er de ring om docht, in fermogen dat er ta syn eigen foardiel brûkt om syn kweeste ta in goede ein te bringen. Neitiid nimt er de ring mei nei hûs, yn it Goa, it lân fan 'e hobbits, en nei syn eigen wente yn Hobbitum. De ynfloed fan 'e ring hâldt Bilbo sûn en linich, oant er sechstich jier letter syn 111e jierdei fiert.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de fiering fan syn 111e jierdei wurdt Bilbo weriene mei syn âlde freon, de tsjoender Gandalf de Grize. Bilbo fertelt him dat er fan doel is om fuort nei it feest út te piken foar ien lêste aventoer. Hy lit al syn besittings nei oan syn jonge omkesizzer Frodo. Dêrta heart ek de ring, hoewol't Gandalf der wurk fan hat om dat te beävensearjen, mei't Bilbo mar dreech ôfstân dwaan kin fan it sieraad. De tsjoender wurdt dêr erchtinkend fan en beslút ûndersyk nei de ring te dwaan. Hy reizget hielendal nei it lân Gondor ta, yn it suden, dêr't er yn 'e argiven in dokumint fynt dat skreaun is troch Isildur ear't er ôfsette op syn needlottige tocht nei it noarden. Dêryn stiet dat de ring fan Isildur, dy't sûnder mis de Iene Ring fan Sauron is, in ynskripsje befettet dy't inkeld sichtber te meitsjen is troch de ring yn it fjoer te hâlden. Gandalf keart werom nei it Goa, dêr't er Frodo syn ring yn it hurdfjoer smyt. Neitiid blykt dêrop yndie in ynskripsje sichtber te wurden, mei yn 'e taal fan 'e oarken de wurden: "Ien Ring all'gear ta hearsker, Ien har fynder. Ien Ring dy't har yn 't tsjuster fiert, Ien aller bynder."

Dan wit Gandalf dat de ring fan Frodo de Iene Ring fan Sauron is. Hy is ûnderwilens ek oan 'e weet kommen dat Gollum finzennommen en nei de weropboude Barad-dûr yn Mordor brocht is, dêr't er ûnder slimme tramtaasjes twa wurden priisjûn hat: "Goa" en "Baggins". Gandalf warskôget Frodo dat er sjen moat dat er út it Goa komt. Sels sil er Saruman de Wite, it haad fan syn oarder, warskôgje oer wat er ûntdutsen hat. Dêrnei sil er Frodo moetsje yn it doarp Bree, eastlik fan it Goa. Frodo kriget op syn tocht selskip fan syn trouwe túnman Samwise Gamgee, dy't syn petear mei Gandalf ôflústere hat. Wylst Frodo en Sam oan harren reis begjinne, hastiget Gandalf him nei Isengard ta, in âlde fêsting dy't troch Saruman foar syn wente yn besit nommen is. Dêr ûntdekt er net inkeld dat Sauron de njoggen Ringsjammen, de Nazgûl, op swarte hynders útstjoerd hat om it Goa te trochsykjen nei de Iene Ring, mar ek dat Saruman oerrûn is nei Sauron. De beide tsjoenders fjochtsje, mar Saruman wurdt Gandalf oermânsk en set him finzen op it dak fan syn toer de Orthanc.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De tocht fan Frodo en Sam nei Bree rint út op in flecht as der yn it Goa ferskate Swarte Ruters opdûke dy't dúdlik nei harren op 'e siik binne. Underweis rinne se harren maten Meriadoc Brandybuck ("Merry") en Peregrin Took ("Pippin") tsjin it liif, dy't har by harren oanslute. Fjouweresom ûntkomme se mar nauwerneed oan 'e Ringsjammen troch it Bûkbierrumer Set oer de rivier de Brandewyn te nimmen, wêrnei't se skonken meitsje nei Bree. Ienris dêre oankommen, bejouwe se har nei de Stegerjende Kêde, de pleatslike herberge, dêr't Frodo mei Gandalf ôfsprutsen hie. De tsjoender is dêr net, mar in ûnhuer útsjende Doarmer dy't himsels Stapper neamt wol. Hy hâldt út in freon fan Gandalf te wêzen, mar Frodo-en-dy wifelje earst oft se him fertrouwe kinne of net. Harren wantrouwen belunet bot as er harren rêdt fan 'e Swarte Ruters, dy't te neare nacht Bree en de herberge ynkringe om 'e fjouwer hobbits te deadzjen.

De Swarte Ruters binne neffens Stapper deselden as de Ringsjammen fan Sauron: syn trouste en machtichste tsjinners dy't oarspronklik de minskene keningen wiene oan wa't er de mindere ringen joech. Hy biedt oan om Frodo-en-dy te begelieden nei Rivendell, dat in bolwurk fan 'e elven is dêr't Elrond de Healelf regearret. De hobbits, dy't net folle oare kar hawwe, geane op syn oanbod yn. Stapper liedt harren dwers troch de wyldernis en mijt mei sin de wegen, dêr't de Ringsjammen har beslist sykje sille. It selskip wurdt lykwols troch fiif fan 'e Ringsjammen oerfallen as se oernachtsje op 'e Waarshichte, dêr't de ruïne fan in âlde wachttoer stiet. Yn it gefjocht wurdt Frodo troch de Heksekening fan Angmar, de lieder fan 'e Ringsjammen, mei in fergiftige swurd yn it skouder stutsen. As Stapper, dy't op ferkenning útgien wie, by de ruïne arrivearret, wit er mei fjoer en swurd de Ringsjammen op 'e flecht te jeien. Frodo sit der lykwols raar ta.

As er letter op 'e siik is nei it krûd athelas, dat genêskrêftich is, moetet Stapper de frou oan wa't er syn hert ferpâne hat, de elfske prinsesse Arwen Undómiel, de dochter fan Elrond. Hja wie útriden om nei him op 'e siik te gean doe't er net op 'e ôfsprutsen tiid yn Rivendell arrivearre. Tsjin Sam syn wil set Stapper de deasike Frodo by Arwen foar yn it seal. Hja riidt mei him sa hurd se kin nei de Furde fan 'e Bruinen, dêr't de gerjochtichheid fan 'e elven begjint. Dêrby wurdt se efterfolge troch de no njoggen Ringsjammen, mar as se de furde oerstekt, en de Nazgûl komme har efternei, wurde se fuortspield troch in hommels opkommende stoartfloed oan wetter dy't troch Arwen yn 'e leech steande rivier oproppen is.

Underwilens hat Saruman troch de sjochstien of palantír fan 'e Orthanc kommunisearre mei Sauron, dy't him de opdracht jûn hat om foar him in leger op te bouwen. Saruman lit oarken út 'e bergen komme, dy't de kreaze tún fan Isengard folslein ferrinnewearje en yn 'e djipten ûnder de toer grutte wurkplakken bouwe om wapens en wapenrissen te smeien en gruttere, sterkere oarken te kweken, dy't Saruman de Uruk-hai neamt. Gandalf kin net oars as dat allegearre oansjen wylst er finzen sit op it dak fan 'e Orthanc, oant der op in nacht in motflinter foarbywjukkelet dy't er fangt en wat ynflústeret. As Saruman him letter ombringe wol om't Gandalf wegeret om him by Sauron oan te sluten, sjocht Gandalf deselde motflinter wer foarbywjukkeljen, wêrnei't er út himsels fan 'e toer springt: hy wurdt opfongen troch de reuseftige earn Gwaihir, foar wa't it boadskip bedoeld wie dat er de mot ynskúnd hie.

As Frodo yn Rivendell wekker wurdt, sit Gandalf njonken syn bêd. Tanksij de kunde fan Elrond is syn wûne genêzen, hoewol't er altyd lêst fan syn skouder hâlde en nea wer alhiel de âlde wurde sil. Yn Rivendell binne Stapper en de trije oare hobbits ûnderwilens ek oankommen, en fral Sam is feringele om Frodo wer by sûpe en stút te sjen. Ek de âlde Bilbo blykt no yn Rivendell ta te hâlden, dêr't er mank de elven syn âlde dei slite wol. Stapper wurdt weriene mei Arwen, dy't him dyselde jûns beswart dat se har elfske ûnstjerlikens opjaan sil om mei him te trouwen.

Elrond fertelt Gandalf dat de Iene Ring net yn Rivendell bliuwe kin, om't er net de folsleine macht fan Sauron wjerstean kin. Hy beleit in ried fan elven, minsken en dwergen om te besluten wat der mei it nuodlike ding barre moat. Dy gearkomste binne Gandalf en Frodo by oanwêzich, krekt as Legolas Grienblêd, de soan fan kening Thranduil fan 'e boskelven fan it noardlike Brimsterwâld, Gimli soan fan Glóin, in dwerch út 'e Ienlike Berch, en Boromir fan Gondor, in ridder út in fier lân dy't kommen is nei oanlieding fan in profesij oer in healmling. As Boromir ûnder de gearkomste botst mei Stapper, makket Legolas bekend dat Stapper eins nimmens oars is as Aragorn soan fan Arathorn, de lêste erfgenamt fan Isildur en dêrmei de rjochtmjittige kening fan Gondor.

Yn oerlis wurdt besletten dat de Iene Ring temûk werombrocht wurde moat nei de Doemberch, it iennichste plak dêr't er ferneatige wurde kin. Fral Boromir is it dêr net mei iens; hy is der foarstanner fan om 'e ring tsjin Sauron te brûken, mar Elrond en Gandalf wize derop dat de ring mar troch ien persoan brûkt wurde kin en dat de ring syn brûker sa korrumpearje soe dat se dêrtroch Sauron foar in oare freeslike tiran ynwikselje soene. As it oankomt op it punt wa't de ring nei de Doemberch bringe sil, docht bliken dat immen fan macht, lykas Gandalf of Elrond, dat net dwaan kin, yn it foarste plak om't sokke machtige lju it ding net doare oan te reitsjen, en oard om't se daliks de oandacht fan Sauron lûke soene en der neat fan 'e kweeste telâne komme soe. Dêrop rint de gearkomste út op deilisskip tusken elven, dwergen en minsken, mei't net ien in lid fan in oar ras mei de Iene Ring fertrout. Frodo trochbrekt dy ympasse troch oan te bieden dat hysels, in hobbit, de ring wol nei de Doemberch bringe sil. Der wurde acht selskipslju foar him keazen: Gandalf, Aragorn, Legolas, Gimli, Boromir, Sam, Merry en Pippin. Mei-inoar sille dy it Selskip fan 'e Ring foarmje. Ear't se út Rivendell ôfsette, jout Bilbo syn omkesizzer syn swurd (eins in dagge), Prik, en teffens syn maljenkolder fan it lichte en ûntrochkringbere metaal mithril.

Ut Rivendell reizget it Selskip fan 'e Ring ûnder lieding fan Gandalf nei it suden, by de westkant fan 'e Diisbergen lâns. Gandalf wol de bergen oerstekke troch it Rohander Jet, dêr't de rivier de Isen der yn in kleau trochhinne streamt, mar it docht bliken dat Saruman dy trochgong yn it each hâldt. Dêrop liedt Gandalf de oaren nei de berch de Caradhras ta, om dêr oer in berchpas. Mar Saruman stjoert in stoarm dy't de pas folsmyt mei snie, sadat it selskip omkeare moat. Dan bliuwt der noch mar ien mooglikheid oer om oarekant de Diisbergen de kommen, nammentlik om troch de Minen fan Moarje ûnder de bergen troch te gean. Moarje is in âld dwergekeninkryk, en Gimli is derfan oertsjûge dat se dêr in waarm wolkom krije sille fan syn neef Balin, dy't jierren lyn mei in kloft dwergen ôfset is om Moarje op 'e oarken te weroverjen. Gandalf en Aragorn binne dêr noch net sa wis fan.

De Poarte fan Moarje wurdt tichtholden troch in tsjoen, en wylst Gandalf dêrmei ompielt, smite Merry en Pippin stiennen yn in poel fuort foar de poarte oant Aragorn dêr it near op leit. Mar it kwea is dan al bard, en as Gandalf mei Frodo syn help de poarte iepenkriget, dûkt út it wetter in rju-earmich meunster op dat it selskip oanfalt, Frodo te pakken kriget en him it wetter yn sleept. Inkeld de moed fan Aragorn en Boromir, dy't it ding mei swurden te liif geane, en de pylken fan Legolas komme foar dat Frodo ferslynd wurdt. It selskip wit hielhûds Moarje yn te flechtsjen, mar it meunster fernielt efter harren de poarte en feroarsaket in ynstoarting.

Yn Moarje ûntdekke de leden fan it selskip ta Gimli syn ûntsetting daliks al de stoflike omskotten fan dwergen dy't jierren lyn sneuvele binne yn in striid tsjin 'e oarken. Mei't har de weromwei ôfsnien is, sykje de se har in paad nei de oare kant fan 'e bergen, in reis fan fjouwer dagen troch it tsjuster. Dêrby besykje se sa stil as mar kin te bliuwen om sa min mooglik oandacht te lûken. Yn in sydfertrek fan 'e Grutte Seal fan Moarje ûntdekt Gimli in sarkofaach mei dêrop yn dwerchske runen skreaun: "Balin soan fan Fundin, hear fan Moarje". Gandalf fynt dêr in boek, dat it ferslach fan Balin en syn folgelingen blykt te wêzen. It einiget mei: "Trommen, trommen yn 'e djipte. Se komme deroan." Wylst Gandalf dat foarlêst, sit Pippin earne oan, wat resultearret yn it efteroerfallen fan in dwerchsk lyk yn in djippe saad mei in alderferskuorrendst leven. Fuort dêrnei klinke der trommen yn 'e djipte. In kliber oarken mei in trol derby komt it selskip oer it mad, en hoewol't se úteinlik de oanfal witte ôf te slaan, wurdt Frodo troch de trol mei in spear delstutsen. Of alteast, sa liket it. Mar it docht bliken dat syn maljenkolder fan mithril him fan slimme ferwûnings rêden hat, sadat er inkeld wat kniesd rekke is.

Neitiid flechtsje de leden fan it selskip troch de Grutte Seal, dêr't se besingele reitsje troch in oermacht fan oarken. Dy naaie lykwols yn panyk út as mei in swiere trêd wat oars neieroan komt, dat in fjurrich ljocht ôfsmyt. Gandalf liedt it selskip de seal út en by in treppen del mei oan wjerskanten it luchtliddige, dêr't se besketten wurde troch oarkske bôgesjitters. Nei op 'e ynstoartende treppen in sprong oer de djipte oerlibbe te hawwen, berikke de leden fan it selskip in djippe kleau, in ferdigeningswurk fan 'e dwergen by âlds tsjin fijannen dy't fan 'e eastkant fan 'e Diisbergen Moarje ynkringe soene. De Brêge fan Khazad-dûm liedt oer de kleau, en it is dêr dat Gandalf him omdraait om 'e striid oan te binen mei it skriklike wêzen dat it selskip efterfolget. It blykt in balrog te wêzen, in demon út 'e Aldheid dy't yn it Earste Tiidrek in tsjinner wie fan Morgoth, de master fan Sauron en de belicheming fan it kwea. It meunster hat lang sliept djip yn 'e ierde, oant de begearige dwergen yn Moarje te djip dolden en it wekker makken. Op 'e smelle Brêge fan Khazad-dûm keart Gandalf de balrog en smyt him yn 'e kleau troch de brêge ûnder syn fuotten oan stikken te slaan. Mar it meunster slacht syn fjurrige swipe Gandalf om it ankel en skuort him mei de djipte yn.

Nei't it oansleine selskip út Moarje wei yn it deiljocht oan 'e eastkant fan 'e Diisbergen kommen is, nimt Aragorn de lieding oer. Hy bringt de oaren nei it wâld fan Lothlórien, dêr't noch hege elven wenje ûnder it regear fan keninginne Galadriel en har gemaal Celeborn de Wize. Nachts wurdt Frodo wekker en folget Galadriel nei in springboarne dêr't se him hjit om yn it wetter sjen, dat de Spegel fan Galadriel hjit. Frodo kriget in fizioen fan syn freonen as finzenen fan Sauron en de oarken, en it Goa alhiel ferrinnewearre ûnder in besetting. Galadriel fertelt him dat er de takomst sjoen hat dy't komme sil as er net yn syn opset slagget om 'e Iene Ring te ferneatigjen. Se warskôget him ek dat ien fan syn selskipslju besykje sil en nim him de ring ôf. Frodo biedt har út frije wil de ring oan, en Galadriel moat in grutte oanstriid ûnderdrukke om dy fan him oan te nimmen. Se wit lykwols dat Midierde dan ynstee fan in ôfgryslike hear in skriklike keninginne krije sil, wat fierhinne op itselde delkomt. Uteinlik oerwint se harsels en trochstiet de proef dy't Frodo har sûnder euvelmoed ûndergean litten hat, en beslút dat se "ferdizenje sil en nei it Westen gean en Galadriel bliuwe."

Yn 'e tuskentiid hat Saruman yn Isengard in leger fan Uruk-hai skepen, wêrfan't er in karkloft ûnder lieding fan Lurtz útstjoert om it Selskip fan 'e Ring op te spoaren, de hobbits by him te bringen en de oaren te deadzjen. Ut Lothlórien wei sakje de leden fan it selskip yn boatsjes nei it easten de rivier de Limjacht ôf, dy't útkomt yn 'e gruttere Anduyn. Fan dy gearfloeiïng ôf farre se súdoan, foarby de Argonath: de reuseftige stânbylden fan oerâlde keningen (foarâlden fan Aragorn) dy't yn 'e dagen fan alearen troch de minsken fan Númenor yn 'e rotsen úthoud wurden binne. Ear't se by de grutte wetterfal Rauros komme, lizze se oan 'e westigge te Parth Galen yn 'e wyldernis oan. It is Aragorn syn bedoeling om by nacht oer te farren nei de eastigge, dêr't de oarken it foar it sizzen hawwe, en dan troch de rotsheuvels fan 'e Emyn Muil en de moerassen fan 'e Deademanssompen fierder te tsjen dat út nei Mordor.

Wylst se wachtsje oant it tsjuster wurdt, doarmet Frodo by de oaren wei en wurdt folge troch Boromir. Dyselde hâldt him steande en besiket him de ring te ûntnaderjen, krekt sa't frouwe Galadriel al sein hie. Earst brûkt er moaie wurden om syn sin te krijen, mar as Frodo net tajout, nimt er syn taflecht ta geweld. Frodo docht de ring om syn finger, sadat er ûnsichtber wurdt, en naait út. Underwilens wurde Aragorn, Legolas en Gimli oanfallen troch Saruman syn Uruk-hai. Ek Frodo wurdt troch de grutte oarken neisitten, mar Merry en Pippin liede syn efterfolgers by him wei, dat er fuortkomme kin. Frodo giet nei de boaten ta en set útein mei de oerstek nei de eastigge, mar Sam lit him net ôfskodzje en jout him by Frodo. Merry en Pippin reitsje ûnderwilens yn 'e bosk besingele troch de Uruk-hai, mar Boromir komt harren te help. Hy blaast op 'e Hoarn fan Gondor, in erfstik dat er altyd by him draacht, mar Aragorn, Legolas en Gimli komme te let om him te rêden.

As se him fine is Boromir trochboarre fan trije pylken en leit er yn it stjerren. Aragorn deadet Lurtz, mar de oare Uruk-hai binne útnaaid mei Merry en Pippin as harren finzenen. Boromir bychtet op dat er Frodo de ring ûntkrije woe, mar Aragorn bewissiget him derfan dat er troch syn ferdigening fan Merry en Pippin syn eare weromwûn hat. Dêrop erkent Boromir Aragorn foar it earst as syn kening en stjert. Nei't se Boromir yn ien fan 'e boaten in seemansgrêf jûn hawwe troch him oer de Rauros driuwe te litten, risselwearje Aragorn, Legolas en Gimli om efter de oarken oan te gean en Merry en Pippin te befrijen. Fan 'e eastigge sjogge Frodo en Sam noch ien kear efterom foar't se harren nuodlike tocht nei Mordor ferfetsje.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Frodo Baggins Elijah Wood
Gandalf de Grize sir Ian McKellen
Aragorn, soan fan Arathorn Viggo Mortensen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Samwise Gamgee Sean Astin
Meriadoc "Merry" Brandybuck Dominic Monaghan
Peregrin "Pippin" Took Billy Boyd
Legolas Grienblêd Orlando Bloom
Gimli, soan fan Glóin John Rhys-Davies
Boromir fan Gondor Sean Bean
Arwen Undómiel Liv Tyler
Saruman de Wite Christopher Lee
Galadriel fan Lothlórien / voice-over Cate Blanchett
Elrond fan Rivendell Hugo Weaving
Bilbo Baggins Ian Holm
Gollum Andy Serkis (allinne stim en motion-capture)
Sauron Sala Baker (allinne stim)
Celeborn de Wize Marton Csokas
Lurtz (oanfierder fan Sarumans Uruk-hai) Lawrence Makoare
Haldir Craig Parker
Ereinion Gil-galad, lêste elvekening fan 'e Noldor Mark Ferguson
Elendil de Lange, hege kening fan Arnor en Gondor Peter McKenzie
Isildur, soan fan Elendil Harry Sinclair

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur Peter Jackson en senarioskriuwster Fran Walsh woene yn 1995 in fantasyfilm meitsje op basis fan in orizjineel senario, mar koene gjin ferhaal betinke dat net fan it wurk fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien ôflaat liek te wêzen. Uteinlik besleaten se dêrom en ynformearje nei de filmrjochten op 'e romantrilogy The Lord of the Rings, dy't Tolkien yn 1954 en 1955 publisearre hie by útjouwerij George Allen & Unwin. Dy wiene yn it besit fan filmprodusint Harvey Weinstein fan Miramax Films, dy't wol brea seach yn in ferfilming no't de special effects sa goed wurden wiene dat it in live action-film wurde koe.

Jackson woe earst The Hobbit ferfilmje, in earder wurk fan Tolkien dêr't The Lord of the Rings by oanslút, en wie fan doel om fan dat boek en de lettere trilogy ien filmtrilogy te meitsjen. It die lykwols bliken dat de filmrjochten op The Hobbit op dat stuit net te besetten wiene. Dat, Jackson moast fan syn plan ôfsjen en him folslein talizze op The Lord of the Rings. Doe't dúdlik waard dat it projekt de budgetmooglikheden fan Miramax te boppe gean soe, wist Jackson de ferkeap fan 'e filmrjochten troch dy studio oan New Line Cinema te bewurkmasterjen. Robert Shaye, de algemien direkteur fan New Line, betinge by de oankeap dat de ferfilming net in inkele film, mar in trilogy wurde moast. Om't dat krekt wie wat Jackson yn 't sin hie, wiene se it gau iens.

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings waard úteinlik makke troch Jackson nei in senario fan himsels, Walsh en Philippa Boyens. It waard yn grutte halen in ferfilming fan it earste diel fan 'e romantrilogy The Lord of the Rings, dat The Fellowship of the Ring hjit. Jackson wie ek as produsint by it projekt belutsen, yn 'e mande mei Walsh, Barrie M. Osborne en Tim Sanders. Hja wurken yn opdracht fan New Line Cinema en WingNut Films. De film wie dêrmei in Nijseelânsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget fan $93 miljoen foar beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Howard Shore.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rol fan 'e tsjoender Gandalf de Grize waard earst oanbean oan Sean Connery, mar dy sloech it oanbod ôf, mei't er, sa hold er út, de plot fan 'e film net begriep. Sir Patrick Stewart betanke ek foar de ear om't er problemen mei it senario hie. Uteinlik gie de rol nei sir Ian McKellen, dy't dêrfoar 20th Century Fox freegje moast om syn opnameskema (as Magneto) yn 'e superheldefilm X-Men te feroarjen, mei't der in oerlaping fan twa moannen bestie mei The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring. McKellen basearre syn aksint yn 'e film op dat Tolkien.

De rol fan Arwen Undómiel gie nei Liv Tyler nei't de filmmakkers har sjoen hiene yn Britske histoaryske aksjekomeedzje Plunkett & Macleane. Filmstudio New Line Cinema sprong in gat yn 'e loft om teminsten ien Hollywood-stjer yn 'e film te caste te kinnen. Christopher Lee, in ûnbidich grutte fan fan Tolkien, dy't er noch persoanlik met hie, en dy't The Lord of the Rings nei eigen sizzen ien kear yn it jier lies, woe graach de rol fan Gandalf spylje, mar de filmmakkers achten him dêr mei 79 jier te âld foar. Ynstee waard him de rol fan Saruman oanbean.

Foar it begjin fan 'e opnamen waarden de akteurs dy't de haadrollen spilen seis wiken lang oefene yn swurdfjochtsjen troch skermer Bob Anderson, en fierders yn hynsteriden en boatsjefarren. Regisseur Peter Jackson hope dat soks in bân skeppe soe tusken de leden fan it selskip, en ek dat it harren oan it libben yn Nij-Seelân wenne litte soe. Nei de opnamen lieten de njoggen leden fan it selskip allegear in tatoeaazje sette fan it elfske symboal fan it sifer 9, útsein John Rhys-Davies, waans stunt double de tatoeaazje krige ynstee fan hysels.

De rol fan Aragorn waard earst oanbean oan Daniel Day-Lewis, dy't him ôfsloech. Nicolas Cage wie behindere omreden fan 'famyljeferplichtings'. Vin Diesel, in fan fan it boek, besocht út himsels de rol te krijen, mar hy wie net wat de filmmakkers foar eagen stie. Ynstee waard Stuart Townsend yn 'e rol cast, en pas doe't de opnamen al geande wiene, besefte Peter Jackson dat er te jong wie. Dêrop waard de rol oan Russell Crowe oanbean, mar dy hie der gjin sin oan nei syn neffens him fierhinne gelikense rol yn Gladiator. Daniel Day-Lewis wiisde de rol in twadde kear ôf. Utfierend produsint Mark Ordesky hie Viggo Mortensen yn in toanielstik sjoen en nei oerlis mei Jackson waard him de rol oanbean. Mortensen wifele, mar waard bepraat troch syn eigen soan, dy't in grut Tolkien-fan wie. Hy fleach nei Nij-Seelân, lies ûnderweis it boek yn it fleantúch, krige in flugge les yn swurdfjochtsjen fan Bob Anderson en sette doe fuortendaliks útein mei de sêne op 'e Waarshichte. Hy makke himsels populêr by de filmcrew troch eigenhandich syn kostúm te reparearjen en syn swurd ek by him te dragen as er net filme waard.

Untwerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 1997 waarden Alan Lee en John Howe oannommen as de haadûntwerpers fan 'e Lord of the Rings-filmtrilogy. Beiden hiene fral ûnderfining as yllustrators. Hja waarden bystien troch Richard Taylor en de Weta Workshop. Lee wie allinne ferantwurdlik foar it dekôr fan Rivendell, Isengard, Moarje en Lothlórien, wylst Howe bydroech oan Hobbitum en de Argonath. Howe wie lykwols foar it meastepart besteld mei it ûntwerpen fan 'e wapenrissen fan 'e ferskate personaazjes, dat syn spesjaliteit wie. Op 1 april 1999 joech Ngila Dickson har by de filmcrew as kostúmûntwerpster. Sy en fjirtich naaisters makken yn totaal 19.000 kostúms, wêrûnder fjirtich per ferzje foar elts fan 'e haadpersoanen.

De ynskripsjes op 'e Iene Ring.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings waard mei de beide oare films fan The Lord of the Rings sûnder tuskenskoft efterinoar opnommen yn Nij-Seelân, tusken oktober 1999 en desimber 2000. Neitiid folge foar eltse film noch likernôch in jier oan postproduksje.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 10 desimber 2001 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 19 desimber iepene yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten, en op 20 desimber yn dy yn Nij-Seelân. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 20 novimber 2001 by de Amerikaanske platemaatskippij Reprise Records. The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings kaam op 6 augustus 2002 út as VHS-keapfideo en op dvd. Op 12 novimber 2002 waard der fierders in útwreide director's cut fan 'e film op 'e merk brocht, mei 30 minuten ekstra byldmateriaal. De earste blu-ray-edysje kaam út op 6 april 2010.

Ferskillen tusken film en roman[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't men yn in film mei beheinings op it mêd fan spyldoer te krijen hat, en ek om it tempo deryn te hâlden en omreden fan karakterûntwikkeling, brochten regisseur Peter Jackson en senarioskriuwers Fran Walsh en Philippa Boyens frijwat feroarings oan yn it ferhaal fan Tolkien syn roman The Fellowship of the Ring. Sa waard it eftergrûnferhaal oan it begjin fan 'e film sterk ferkoarte, wêrby't it sânjierrige belis fan 'e Barad-dûr, it bolwurk fan Sauron, troch de elven en de minsken û.l.f. Gil-galad en Elendil de Lange gearfette waard ta ien inkele fjildslach. Ek de tiid tusken de ôfreis fan Bilbo en Gandalf syn oerdracht fan 'e ring oan Frodo, en de weromkear fan Gandalf om 'e ynskripsje fan 'e ring te ûntdekken (yn it boek santjin jier) is yn 'e film ynkrompen ta heechút in fearnsjier.

Fierders binne út it begjin fan it ferhaal ferskate omballingen weilitten, lykas de fyfde hobbit, Fredegar "Fatty" Bolger, dy't úteinlik net meigiet op reis, it ferbliuw yn Spitholwert, de nuodlike tocht troch it Alde Wâld en de moeting mei it nuvere wêzen Tom Bombadil. Nei't Frodo op 'e Waarshichte by it gefjocht mei de Ringsjammen ferwûne rekke is, wurdt er yn 'e film nei de Furde fan 'e Bruinen meinommen troch de elfske ridder Glorfindel, mar yn 'e film troch de prinsesse Arwen Undómiel, dy't yn it boek Rivendell pas ferlit nei't de úteinlike oerwinning behelle is. De Ried fan Elrond is yn 'e film flink yn lingte ynkoarte, en wylst it yn it boek de boasaardige berch Caradhras sels is, dy't mei snie en in lawine foarkomt dat it selskip de Diisbergen oer tsjocht, is dat yn 'e film it dwaan fan 'e boaze tsjoender Saruman.

By de tocht troch de Minen fan Moarje is dan wer in stikje ynfoege dat yn it boek net foarkomt, te witten de nuodlike oerstap op 'e ynstoartende treppen as it selskip op 'e flecht is foar de balrog. It besyk oan Lothlórien is tige sterk ferkoarte; dêr ûnbrekke de efterfolgjende oarken alhiel. Fieders wurdt de begroeting troch Galadriel en Celeborn mar hiel koart werjûn, wylst fan it ôfskied fan Galadriel inkeld in lytse partsje oerbliuwt yn in persoanlike flashback fan Frodo. De roman einiget koart dêrnei hommels, sûnder klimaks, om't Tolkien de trije boeken fan syn trilogy as ien trochrinnend ferhaal skreau. Om in min ofte mear ôfrûne ferhaal te presintearjen en ek út dramatyske omtinkens, omfettet de film ek it earste haadstik fan The Two Towers, it twadde diel fan 'e romantrilogy. Yn it boek mist Aragorn (en dêrmei de lêzer) nammentlik it hiele gefjocht mei de oarken fan Saruman, en wurdt er dêr neitiid oer ferteld troch Legolas en Gimli. Yn 'e film wurdt it gefjocht (mei dielname fan Aragorn) tagelyk mei it útinoar reitsjen fan it selskip sjen litten. It gefjocht wurdt dêrby ta de klimaks fan 'e film makke.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings krige rûnom tige positive resinsjes fan 'e filmkritisy en ek tige loovjende reäksjes fan 'e fans fan it wurk fan Tolkien. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone: "It is de emoasje dy't [de film] sa sterk yn jins ûnthâld stykjen bliuwe lit. […] Jackson fertsjinnet it om fan syn súkses te genietsjen. Hy hat in film fan trije oeren makke dy't [it publyk] nei mear langje lit." Richard Corliss skreau yn it tydskrift Time: "[Jackson] syn wurk prestearret wat de bêste mearkes dogge: de skepping fan in oare wrâld, oannimlik en oertsjûgjend, dêr't de jongerein – en net allinne de jongerein – him yn ferlieze kin."

Yn Entertainment Weekly joech Lisa Schwarzbaum The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings in 9 op in skaal fan 1 oant en mei 10. Hja skreau: "De leden fan 'e cast spylje har rollen mei foechsume beskiedenens, dat is wis, mar Jackson makket it ek wol maklik foar harren: syn [film] floeit muoiteleas, en talmet nearne inkeld om syn eigen skientme te bewûnderjen." Dêr heakke se oan ta: "Ik mei dan nea in bledside fan Tolkien omslein hawwe, mar ik ken betsjoening wol werom as ik it sjoch." Rita Kempley priizge yn har resinsje foar The Washington Post de cast ek: "Mortensen, as Stapper, is in iepenbiering, om mar net te sizzen gewoanwei byldmoai. En McKellen, mei de lêst fan tûzenen jierren fan it gefjocht tsjin it kwea op 'e skouders, is wrachtich merlynesk."

Roger Ebert wie wat minder loovjend en parte The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings yn 'e Chicago Sun-Times 3 fan 4 stjerren ta. Hy fûn de film "net in wiere fisualisearring fan Tolkien syn Midierde", mar "in wurk foar, en fan, ús tiid." Dêr heakke er oan ta: "It is in ûntsachlike produksje yn syn lef en breedte, en der binne lytse stikjes dy't persiis goed binne." Yn 'e Britske krante The Guardian hie Peter Bradshaw lykwols net folle goede wurden foar de film oer. Hy skreau: "Der is in nuvere krappens oan plotkomplikaasjes, in gebrek oan lykfolwat dat him ûntjout, wat nammenste frjemder oandocht troch it bestjurre en ûnfertarbere mytyske eftergrûnferhaal dêr't we trochhinne wâdzje moatte foar't der ek mar wàt barre kin."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings in heech goedkarringspersintaazje fan 91%, basearre op 233 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Smoarfol special effects dêr't men fan opsjocht en mei in cast dy't persiis de juste toan wit te setten, bringt [de film] de klassiker fan J.R.R. Tolkien ta libben." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings in goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 34 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $315,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $572,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $887,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $93 miljoen betsjut dat in winst fan $794,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings wie dêrmei de op ien nei meast opbringende film fan 2001 (nei Harry Potter and the Philosopher's Stone) en (doedestiden) de op fjouwer nei meast opbringende film aller tiden.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings waard yn 2002 nominearre foar 13 Oscars, ûnder mear yn 'e kategoryen foar bêste film, bêste regisseur (Peter Jackson), bêste byrol fan in akteur (sir Ian McKellen), bêste adaptearre senario (Jackson, Fran Walsh en Philippa Boyens), bêste filmmontaazje (John Gilbert), bêste artdirection (Grant Major en Dan Hennah), bêste kostúmûntwerp (Ngila Dickson en Richard Taylor), bêste orizjinele liet (May It Be fan Enya, Nicky Ryan en Roma Ryan) en bêste lûdsmixing (Christopher Boyes, Michael Semanick, Gethin Creagh en Hammond Peek). De film wûn 4 Oscars, foar bêste kamerarezjy (Andrew Lesnie), bêste orizjinele filmmuzyk (Howard Shore), bêste fisazjy (Peter Owen en Richard Taylor) en bêste fisuele effekten (Jim Rygiel, Randall William Cook, Richard Taylor en Mark Stetson).

By de Golden Globes waard The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings wol nominearre yn fjouwer kategoryen (bêste dramafilm, bêste regisseur, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste orizjinele liet), mar wûn de film gjin prizen. De film waard ek nominearre foar twa Grammy Awards, wêrfan't it de priis foar bêste soundtrackalbum wûn. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings nominearre yn 13 kategoryen. De film wûn de prizen foar bêste film, bêste regisseur, bêste fisazjy en hierstilearring en bêste special effects, mei dêropta in spesjale priis, de Orange Film of the Year Award. De film wûn ek de Australyske AACTA Award foar bêste bûtenlânske film. Fan 'e beide Screen Actors Guild Awards dêr't The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings foar nominearre waard, wûn de film de priis foar bêste byrol fan in akteur (sir Ian McKellen).

By de Satellite Awards waard de film nominearre yn 9 kategoryen en wûn er de prizen foar bêste animearre of mingde film, bêste filmmontaazje, bêste lûd en bêste special effects. By de Saturn Awards waard de film ek yn 9 kategoryen nominearre en wûn er de prizen foar bêste fantasyfilm, bêste regisseur en bêste byrol fan in akteur (sir Ian McKellen). By de Britske Empire Awards waard de film nominearre yn 8 kategoryen en wûn er de prizen foar bêste film, bêste akteur (Elijah Wood) en bêste debútrol (Orlando Bloom). Ek wûn The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings de People's Choice Awards foar favorite film en favorite dramafilm (dield 1e plak mei Spider-Man) en de MTV Movie Awards foar bêste film en bêste trochbraak fan in akteur (Orlando Bloom). Ta ein beslút wûn The Lord of the Rings: The Fellowship of the Rings ek ferskate prizen foar fantasy- en science fiction-literatuer: de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, de Nebula Award foar bêste senario en de Locus Award foar bêste senario.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

The Lord of the Rings (filmtrilogy) en The Hobbit (filmtrilogy)
The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring (2001) • The Lord of the Rings: The Two Towers (2002) • The Lord of the Rings: The Return of the King (2003) • The Hobbit: An Unexpected Journey (2012) • The Hobbit: The Desolation of Smaug (2013) • The Hobbit: The Battle of the Five Armies (2014)