Springe nei ynhâld

Sean Connery

Ut Wikipedy
Sean Connery
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeThomas Sean Connery
nasjonaliteit Britsk
berne25 augustus 1930
berteplakEdinburgh (Skotlân)
stoarn31 oktober 2020 (90 jier)
stjerplakNassau (Bahama's)
etnisiteit Skotsk
Iersk
jierren aktyf19542011
prizenBAFTA 1987 & 1998
Oscar 1988 & 1996
Golden Globe 1988
Cecil B. DeMille Award 1996
offisjele webside
www.seanconnery.com

Sir Sean Connery (útspr.: [ʃɔ:n 'kɒnəri], likernôch "sjôn kónnery"; folút: Thomas Sean Connery; Edinburgh, 25 augustus 1930 - Nassau (Bahama's), 31 oktober 2020) wie in Britsk akteur fan Skotsk komôf, dy't yn 'e jierren sechstich wrâldferneamd waard yn 'e rol fan geheim agint James Bond yn films as Dr. No, Goldfinger en From Russia with Love. Letter spile er ek yn sokke ferneamde films as The Man Who Would Be King, The Wind and the Lion, The Name of the Rose, Highlander, The Untouchables, The Hunt for Red October, The Russia House, The Rock en Entrapment. Connery wûn yn 1988 in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en waard yn 2000 riddere troch de keninginne Elizabeth II. Hy wie in nasjonalist dy't bekendstie om syn stipe foar in ûnôfhinklik Skotlân. Yn 1999, doe't er 69 jier âld wie, waard er troch it Amerikaanske tydskrift People útornearre ta de meast seksy man fan 'e (tweintichste) iuw.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Connery waard yn 1930 berne yn Fountainbridge, in wyk fan 'e Skotske haadstêd Edinburgh, as de soan fan 'e roomske Joseph Connery, in fabryksarbeider en frachtweinsjauffeur, en dy syn protestantske frou Euphemia McBain McLean (ropnamme "Effie"). Oan syn memmekant stamme er ôf fan 'e leden fan 'e âlde Skotske clan MacLean, en syn oerpake en -beppe wiene lânseigen Skotsk-Gaelysksprekkers út Fife, resp. út Uig, op it eilân Skye. Connery syn oerpake en -beppe oan heitekant wiene Ierske ymmigranten, dy't har mids njoggentjinde iuw yn Skotlân nei wenjen setten. Connery hie in jongere broer, Neil (1938), dy't foarhinne ek akteur wie.

Yn syn jonkheid waard Connery 'Tommy' neamd, behalven as syn Ierske freon Séamus (de Ierske fariant fan 'Tomas') der ek wie; dan waard Connery by syn middelnamme Sean neamd om betizing tsjin te gean. As opslûpen jonge groeide Connery sa hurd, dat er doe bekend kaam te stean as 'Big Tam'. Nei eigen sizzen hied er syn earste seksuële ûnderfining mei in folwoeksen frou yn in militêr unifoarm fan it Territoriale Frouljuskorps (ATS) doe't er fjirtjin jier âld wie.

Sean Connery yn Marnie, út 1964.

Syn earste baantsje hie Connery as molkboer yn Edinburgh, foar't er tsjinst naam by de Britske Keninklike Marine. Yn syn tsjinsttiid liet Connery twa tattoeaazjes sette, ien mei de tekst Mum and Dad ("Heit en Mem") en de oare mei Scotland Forever ("Skotlân Boppe"). Uteinlik waard er lykwols earfol út 'e marine ûntslein fanwegen in maachswolm, dat yn syn famylje in erflike oandwaning wie. Neitiid wurke Connery noch in hoartsje as molkboer, en doe as frachtweinsjauffeur, badmaster yn in swimbad, model foar it Keunstkolleezje fan Edinburgh en polyster fan deakisten.

Mei achttjin jier sette Connery útein mei bodybuilding, wêrfoar't er fan 1951 ôf yn training gie by in Ellington, dy't earder sersjant-ynstrukteur yn it Britske Leger west hie. Hoewol't de ynformaasje op syn eigen webside hawwe wol dat er yn 1950 it trêde plak behelle yn 'e Mr. Universe-skientmewedstryd, pleatse de measte oare boarnen him yn 'e kompetysje fan 1953, itsij mei in trêde plak yn 'e wedstryd foar junioaren, itsij mei hielendal gjin poadiumplak. Behalven oan bodybuilding die Connery ek oan 'e fjochtsport karate, en yn syn lettere libben wied er in fûleindich golfer. Fierders wie Connery ek in entûsjast fuotballer, en hied er as teenager foar Bonnyrigg Rose Athletic F.C. spile. Yn 1953 seach Matt Busby, de trainer fan Manchester United, him ris oan 'e gong, en bea him daliks in kontrakt oan foar £25 de wike. Connery besefte lykwols dat in fuotballer mei tritich jier oan 'e ein fan syn karriêre wêze soe, en hy wie doe al 23, wylst er syn aktearkarriêre krekt oan 'e gong krigen hie, dat hy betanke freonlik foar de ear en hie dêr letter nea spyt fan.

Sean Connery yn 1971.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1951 naam Connery út jildneed in baantsje as hantsjemuoisfeint efter de skermen by it King's Theatre yn Edinburgh. Dêr ûntdiek er dat it toaniel him wol loek. Under in bodybuildingwedstryd yn 1953 hearde er fan ien fan 'e oare dielnimmers dat der audysjes holden waarden foar in opfiering fan 'e musical South Pacific. Connery hapte daliks ta en wist syn earste aktearrol te winnen as in lid fan it koar. Geandewei de trije jier dat de foarstelling rûn, wist er himsels op te wurkjen ta ien fan 'e haadrollen. Doe't South Pacific yn Edinburgh spile, waard Connery op in jûn oanfallen troch de doedestiden beruchte Valdor-binde, wêrby't hy lykwols ferskate leden fan 'e groep yninoar sloech. Neitiid hied er yn syn berteplak de reputaasje in 'hurde man' te wêzen, en rûnen de bindeleden mei in bocht om him hinne.

Fia South Pacific kaam Connery ek foar it earst yn 'e kunde mei de Ingelske akteur Michael Caine, mei wa't er syn libben lang befreone bliuwe soe. Teffens learde er fia de musical de Amerikaanske regisseur en akteur Robert Henderson kennen, dy't Connery toanielstikken fan Henrik Ibsen, Marcel Proust, Lev Tolstoj, James Joyce en William Shakespeare lêze liet en soarge dat er yn Londen spraaklessen naam om syn Skotske aksint te ferminderjen. Tsjin dy tiid hie Connery syn filmdebút al makke, as figurant yn 'e musical Lilacs in the Spring (1954)

Sean Connery yn 1976.

Hoewol't Connery yn dy snuorje ferskate kearen yn films figurearje mocht, koed er dêr net fan libje en moast er alderhanne los wurk oannimme om itende te bliuwen. Henderson besoarge him in lytse rol yn in produksje fan Witness for the Prosecution, fan Agatha Christie, en letter hied er noch ferskillende oare toanielrollen yn Londen. De Kanadeeske regisseur Alvin Rakoff wie ûnder de yndruk fan Connery syn tillefyzjedebút as bokser yn 'e searje The Square Ring, en besoarge him ferskate oare lytse tillefyzjeroltsjes. Yn 1957 krige Connery gruttere byrollen yn films as No Road Back, Hell Drivers, Action of the Tiger en de skriller Time Lock. Yn 1958 hied er in grutte rol yn it melodrama Another Time, Another Place, as in sjoernalist dy't bestrûpt rekket yn in leafdesrelaasje mei it personaazje fan aktrise Lana Turner. Op 'e set fan dy film stoarme op in stuit Turner har stikjaloerske freon, de krimineel Johnny Stompanato, mei lutsen pistoal op Connery ôf, mar Connery pakte him syn wapen ôf en sloech him fan 'e sokken. Neitiid moast er in hoartsje ûnderdûke doe't er deadsbedrigings krige fan oare kriminelen yn 'e tsjinst fan Stompanato syn baas, Mickey Cohen.

Yn 1959 krige Connery foar it earst in haadrol, yn 'e rûnom priizge Disney-musical Darby O'Gill and the Little People, oer in slûchslimme Ier en dy syn striid fan snoadens mei de leperkanen. Yn 1961 hied er in promininte tillefyzjerol yn 'e minysearje Anna Karenina, op 'e BBC. Connery syn grutte trochbraak kaam lykwols yn 1962, doe't him de rol fan 'e geheim agint James Bond oanbean waard, nei de romanrige fan 'e skriuwer Ian Fleming. It wie de bedoeling dat der ferskate films oer dyselde haadpersoan makke wurde soene, en hoewol't Connery him mei tsjinnichheid fêstlei foar mear as ien film, hied er wol foar it ferstân dat er binnen wêze soe as de filmsearje populêr blike soe te wêzen.

Sean Connery yn 1980.

Sadwaande spile er Bond yn 'e earste fiif films fan 'e rige: Dr. No (1962), From Russia with Love (1963), Goldfinger (1964), Thunderball (1965) en You Only Live Twice (1967). Alle films wiene ûnbidige súksesfol, en Connery syn karriêre wie makke. Letter kearde er noch twaris nei de rol fan James Bond werom foar de films Diamonds Are Forever (1971) en Never Say Never Again (1983), wat ek beide kearen in trochslaand kommersjeel súkses waard. Yn 2005 waard From Russia with Love adaptearre ta in fideospultsje (007: From Russia with Love), wêrfoar't Connery mei 74 jier op 'e nij yn 'e rol fan Bond kroep, al wie it doe inkeld as stimakteur.

Fleming sels skynt yn 't earstoan syn twifels oer Connery hân te hawwen; hy fûn de Skot te lang en te spiersterk, al naam er oan dat Connery it foar de rol needsaaklike seksuele garisma hie doe't syn eigen faam him fertelde dat dat sa wie. Pas nei't er Dr. No sjoen hie, feroare Fleming fan miening. Hy wie doe sa ûnder de yndruk fan Connery syn optreden, dat er yn 'e lettere dielen fan syn romanrige in heal Skotske, heal Switserske ôfstamming foar Bond betocht. Behalven kommersjeel súksesfol makken de James Bond-films Connery ek ta sekssymboal. Hy begûn tûzenen fanbrieven wyks te krijen, in grut diel dêrfan ôfkomstich fan jonge froulju dy't fereale op him rekke wiene. Wat doedestiden ûnbekend wie, wie dat Connery yn elk fan 'e Bond-films (en teffens yn in protte oare rollen) in tûpet droech, om't er mei 21 jier al begûn wie keal te wurden.

Sean Connery yn 1988.

Hoewol't James Bond him ta in wrâldstjer makke, begûn Connery al rillegau syn nocht fan Bond te krijen, en op 't lêst begûn er him suver te haatsjen. Neffens Michael Caine hie Connery der yn 't bysûnder hekel oan as er op 'e dyk lju tsjinkaam dy't inoar oanstompten en seine: "Sjoch, dat is James Bond!" Wylst er noch oan 'e fiif earste Bond-films wurke, hied er al yn oare films spile, wêrûnder Marnie (1964), fan Alfred Hitchcock, en The Hill (1965), fan Sidney Lumet. Nei in sloppe tiid yn 'e twadde helte fan 'e jierren sechstich wied er yn 'e santiger jierren û.m. te sjen yn 'e detektivefilm Murder on the Orient Express (1974), mei Vanessa Redgrave, Lauren Bacall en John Gielgud, en yn 'e oarlochsfilm A Bridge Too Far (1977), oer de Slach om Arnhim, mei û.o. Dirk Bogarde, Laurence Olivier, James Caan, Michael Caine, Edward Fox, Anthony Hopkins, Robert Redford en Peter Faber. Teffens spile er in Britsk legerofsier dy't himsels ta kening makket yn in ôfhandich part fan Afganistan yn The Man Who Would Be King (1975), nei in koart ferhaal fan Rudyard Kipling (op 'e nij mei syn freon Michael Caine), en in Marokkaansk Berberfoarst yn The Wind and the Lion (1975), mei Candice Bergen.

Yn 1981 hie Connery in cameoroltsje as kening Agamemnon fan Mysene yn 'e film Time Bandits, krekt sa't er yn 1991 yn in cameo as kening Richard Liuwehert meiwurksje soe oan Robin Hood, Prince of Thieves. Nei't syn rol yn 'e Bond-film Never Say Never Again yn 1983 op in rjochtsaak útrûn, ferlear Connery lykwols it fertrouwen yn 'e grutte filmstudio's en makke er twa jier lang hielendal gjin films mear. Yn 1986 spile er de rol fan in kritysk Midsiuwsk mûnts yn 'e tige súksesfolle Jeropeeske produksje The Name of the Rose, dêr't er it jiers dêrop in BAFTA foar krige. Ek yn 1986 hied er as Juan Sánchez-Villalobos Ramírez in wichtige byrol yn 'e fantasyfilm Highlander, mei Christopher Lambert. Yn 1987 spile er in hurde Iersk-Amerikaanske plysjeman yn The Untouchables, mei Kevin Costner, Robert De Niro en Andy García, dêr't er yn 1988 foar beleanne waard mei in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Teffens wûn er mei dy rol in Golden Globe foar bêste manlike byrol.

Connery syn earste frou, Diane Cilento.

Ein jierren tachtich oant mids jierren njoggentich wurke Connery mei oan ferskate grutte kaskreakers. Sa fertolke er yn Indiana Jones and the Last Crusade (1989) de rol fan 'e eksintrike heit fan aventoersman Indiana Jones (spile troch Harrison Ford). Fierders wied er te sjen as de etnysk Litouske kaptein fan in Sovjet-ûnderseeër yn The Hunt for Red October (1990), mei Alec Baldwin en Sam Neill; as in oan legerwâl rekke útjouwer dy't behelle rekket yn in spionaazjesaak yn The Russia House (1990), mei Michelle Pfeiffer; as kening Arthur yn First Knight, mei Richard Gere en Julia Ormond; as in Britske spion dy't libbenslang krigen hat yn 'e Feriene Steaten yn The Rock (1996), mei Nicolas Cage; en as snoade masterynbrekker yn Entrapment (1999), mei Catherine Zeta-Jones. Yn 1996 wurke er as stimakteur mei oan 'e film Dragonheart, wêrfoar't er de tekst ynspriek fan 'e draak Draco. Yn 1998 waard Connery in BAFTA Academy Fellowhip Award (in oeuvrepriis) takend.

Letter wie Connery noch te sjen in films as The Avengers (1998), Finding Forrester (2000) en The League of Extraordinary Gentlemen (2003). Nei't it skynt waard him troch regisseur Peter Jackson de rol fan 'e tsjoender Gandalf oanbean yn 'e The Lord of the Rings-trilogy, mar sloech Connery dy rol ôf om't er "it skript net begriep." Neffens CNN wie him 15% fan 'e wrâldwide winst fan 'e trije films oanbean, wat him yn totaal $300 miljoen opsmite kinnen hie. Nei't er neewurd jûn hie, waard de rol fan Gandalf oan sir Ian McKellen taparte.

Nei 2004 wie Connery belutsen by ferskate filmprojekten dy't op 'e non rûnen, wêrûnder ien oer de Midsiuwske Arabyske held Saladin, dat derûnder strûpte doe't de produsint, Mûstafa Akkad, yn 2005 omkaam by de hoteloanslaggen yn 'e Jordaanske haadstêd Amman. Yn 2010 wurke er noch as stimakteur mei oan 'e tekenfilm Sir Billi, mar hy spriek geroften tsjin dat er yn 'e fjirde Indiana Jones-film spylje soe. Dat er desyllúzjonearre rekke wie oer "de idioaten dy't no films meitsje yn Hollywood" wie nei't it skynt de wichtichste reden foar Connery om him út 'e filmyndustry werom te lûken.

Connery mei Saskia Cohen-Tanugi yn 1983.

Yn 2004 wie der sprake fan dat Connery in autobiografy skriuwe soe, mar dat rûn op neat út, en hy betelle it foarskot dat er al krigen hie werom oan útjouwerij HarperCollins. Wol skreau er, tegearre mei Murray Grigor, in skiednisboek, mei as titel Being a Scot ("In Skot te Wêzen"), dat yn 2006 op syn 78ste jierdei publisearre waard. Yn 2011 hold Connery ek op mei yn it iepenbier te ferskinen. De lêste kear dat er sjoen waard, wie as taskôger op it Amerikaanske Iepen Tennistoernoai, yn septimber 2012, dêr't er syn (Skotske) lânsman Andy Murray oanmoedige. Neitiid loek er him alhiel werom yn syn filla op 'e Bahama's.

Yn it begjin fan syn aktearkarriêre, doe't er noch yn 'e musical South Pacific spile, gie Connery om mei de tsjeppe Carol Sopel, mar nei't har joadske famylje him dúdlik makke hie, dat syn avânses net op priis steld waarden, rûn dy relaasje op 'e non. Dêrnei gied er om mei in Julie Hamilton, dy't him net sjen of luchtsje koe oant se him ris yn in kilt gewaarwurden wie. Letter besocht er it oan te lizzen mei de swarte jazz-sjongster Maxine Daniels, oant dy him fertelde dat se al lokkich troud wie. Fan 1962 oant 1973 wie Connery sels troud mei de Australyske aktrise Diane Cilento, mei wa't er in soan krige, de akteur Jason Connery. Yn 1975 wertroude Connery mei de Marokkaansk-Frânske keunstskilderesse Micheline Roquebrune (b. 1929), mei wa't er oant syn ferstjerren byinoar bleau.

Connery yn Skotske dracht.

Connery wenne sûnt 1999 it grutste part fan it jier op 'e Bahama's, wylst er dêrfoar tweintich jier lang benammen yn Súd-Frankryk taholden hie. Hy besiet lykwols ek in filla yn Kranidi, yn Grikelân, dêr't er de buorman wie fan kening Willem-Alexander, mei wa't er in helikopterplatfoarm dielde.

Yn 1993 lekte it nijs út dat Connery in bestrielingsbehanneling ûndergien hie, wat yn 'e media ta berjochten late dat er kielkanker hawwe soe. Yn Japanske en Súdafrikaanske media waard er sels al dea ferklearre, en hy moast yn it Amerikaanske praatprogramma The Late Show, fan presintator David Letterman, ferskine om it tsjindiel te bewizen. It die bliken dat de behanneling wie om knobkes op syn stimbannen te ferwiderjen. Oare krupsjes fan Konnery wiene staar, wêrfoar't er yn 2003 oan beide eagen operearre waard, en in tumor op ien fan syn nieren, dy't yn 2006 by in operaasje fuorthelle waard. Yn 2009 fertelde er yn in fraachpetear dat er it oan it hert hie.

Yn polityk opsicht wie Connery in Skotsk nasjonalist, eat dat er nea ûnder stuollen of banken stiek. Hy wie lid fan 'e Skotske Nasjonale Partij, dy't stribbet nei ûnôfhinklikheid foar Skotlân, en stipe dy partij sawol finansjeel as mei persoanlike optredens. Syn finansjele stipe hold op yn 2001, doe't it Britske parlemint in wet oannaam dy't it near lei op it dwaan fan jildlike jeften oan Britske politike partijen troch persoanen, bedriuwen of ynstellings út it bûtenlân.

Connery waard bekritisearre om't er him út syn Bahamaanske belestingparadys wei dwaande hold mei de Britske polityk, mar hy joech dokuminten frij dêr't út bliek dat er tusken 1997 en 2003 allinnich al yn Grut-Brittanje £3,7 miljoen oan belesting betelle hie. Hy swarde dat er nea wer yn Skotlân komme soe te wenjen foar't dat in ûnôfhinklik lân wêze soe, en dêr hold er him oan. Hy sei ek dat er leaude dat it by syn libben noch safier komme soe, wat net it gefal wie. Connery waard yn 2000 riddere troch de Britske keninginne Elizabeth II; dêrfoar hied er yn 1997 en 1998 ek al op 'e nominaasje stien, mar doe hie de Skotske Labour-premier Donald Dewar dêr syn feto oer útsprutsen fanwegen Connery syn politike opfettings.

Sean Connery stoar yn 'e sliep yn syn filla yn Nassau op 'e Bahama's op 31 oktober 2020 yn de âldens fan 90 jier.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1954Lilacs in the Springûnbekendnet fermeld op 'e ôftiteling
1957No Road BackSpike
1957Hell DriversJohnny Kates
1957Action of the TigerMike
1957Time Lock2e lasker
1958Another Time, Another PlaceMark Trevor
1959Darby O'Gill and the Little PeopleMichael McBride
1959Tarzan's Greatest AdventureO'Bannion
1961The Frightened CityPaddy Damion
1961On the Fiddlesutelder Pascoe
1961Macbethkening Macbeth fan Skotlân
1961Anna Kareninagreve Alexej Vronsky
1962The Longest Daysoldaat Flanagan
1962Dr. NoJames Bond
1963From Russia with LoveJames Bond
1964GoldfingerJames Bond
1964MarnieMark Rutland
1964Woman of StrawAnthony Richmond
1965The HillJoe Roberts
1965ThunderballJames Bond
1966Un Monde Nouveauhimselscameo
1966A Fine MadnessSamson Shillitoe
1967You Only Live TwiceJames Bond
1967The Bowler and the Bunnethimselsdokumintêre; ek filmprodusint
1968ShalakoShalako
1969The Red TentRoald Amundsen
1970The Molly MaguiresJack Kehoe
1971The Anderson TapesDuke Anderson
1971Diamonds Are ForeverJames Bond
1972España Campo de Golf himselskoarte film
1972The Offenceresjersjeur Johnson
1974ZardozZed
1974Murder on the Orient Expresskolonel Arbuthnott
1974RansomNils Tahlvik
1975The Dream Factory himselsdokumintêre
1975The Wind and the LionMulay Ahmed al-Raisuni
1975The Man Who Would Be KingDaniel Dravot
1976Robin and MarianRobin Hood
1976The Next ManKhalil Abdul-Muhsen
1977A Bridge Too Fargeneraal-majoar Roy Urquhart
1979The First Great Train RobberyEdward Pierce
1979Meteordr. Paul Bradley
1979CubaRobert Dapes
1981Outlandmarshal William T. O'Nielnominearre foar in Saturn Award foar bêste akteur
1981Time Banditskening Agamemnon
1982G'olé!voice-overdokumintêre
1982Five Days One SummerDouglas Meredith
1982Wrong Is RightPatrick Hale
1983Sean Connery's Edinburghhimselskoarte dokumintêre
1983Never Say Never AgainJames Bondde iennichste 'ûnoffisjele' James Bond-film
1984Sword of the Valiantde Griene Ridder
1986HighlanderJuan Sánchez-Villalobos Ramírez
1986The Name of the RoseWilliam fan Baskervillewûn in BAFTA foar bêste akteur
1987The UntouchablesJim Malonewûn in Oscar foar bêste byrol fan in akteur
wûn in Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar in BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1988The Presidioluitenant-kolonel Alan Caldwell
1988Memories of Mehimselscameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1989Indiana Jones and the Last CrusadeHenry Jones sr.nominearre foar in Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur
nominearre foar in BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1989Family BusinessJessie McMullen
1990The Hunt for Red Octoberkaptein-op-see Marko Ramiusnominearre foar in BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
1990The Russia HouseBarley Blair
1991Highlander II: The QuickeningJuan Sánchez Villa-Lobos Ramírez
1991Robin Hood: Prince of Thieveskening Richard Liuwehertcameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1992Medicine Mandokter Robert Campbell
1993Rising SunJohn Connorek útfierend produsint
1994A Good Man in Africadokter Alex Murray
1995Just CausePaul Armstrongek útfierend produsint
1995First Knightkening Arthurek útfierend produsint
1996DragonheartDracoas stimakteur
1996The RockJohn Patrick Masonek útfierend produsint
1998The Avengerssir August de Wynter
1998Playing by HeartPaul
1999EntrapmentRobert MacDougalek produsint
2000Finding ForresterWilliam Forresterek produsint
2003The League of Extraordinary GentlemenAllan Quatermainek útfierend produsint
2012Sir Billisir Billias stimakteur; ek útfierend produsint
fideospultsjes
2005James Bond 007: From Russia with LoveJames Bondas stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.