British Academy Film Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan BAFTA Award)
British Academy Film Award
(BAFTA)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar film
útrikt troch British Academy of Film and
   Television Arts
frekwinsje 1x jiers
datum mids febrewaris
plak Londen (Ingelân)
ynsteld 1947
1e útrikking 1948
offisjele webside
www.bafta.org

De British Academy Film Awards binne de wichtichste Britske filmprizen, dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde. Nei it akronym fan 'e útrikkende organisaasje, de British Academy of Film and Television Arts, wurde se ek wol de BAFTA's neamd. Se wurde rûnom beskôge as de Britske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars. De BAFTA's besteane sûnt 1947, en kinne wûn wurde troch sawol Britske as bûtenlânske Ingelsktalige (benammen Amerikaanske) films. Allinnich de kategoryen "bêste koarte film", "bêste koarte tekenfilm", "treflik debút" en de Outstanding British Contribution to Cinema Award binne reservearre foar Britske produksjes.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

kompetative prizen
  • bêste film (sûnt 1948)
  • bêste Britske film (sûnt 1948)
  • bêste bûtenlânske film (sûnt 1948)
  • bêste koarte film (sûnt 1980)
  • bêste tekenfilm (sûnt 2006)
  • bêste koarte tekenfilm (sûnt 1990)
  • bêste dokumintêre (1948-1989 en wer sûnt 2012)
  • bêste haadrol fan in akteur (sûnt 1968)
  • bêste haadrol fan in aktrise (sûnt 1968)
  • bêste byrol fan in akteur (sûnt 1969)
  • bêste byrol fan in aktrise (sûnt 1969)
  • BAFTA Rising Star Award (sûnt 2006)
  • bêste rezjy (sûnt 1969)
  • bêste sinematografy (sûnt 1969)
  • bêste lûdstechnyk (sûnt 1969)
  • bêste filmmuzyk (sûnt 1969)
  • bêste produksje-ûntwerp (sûnt 1969)
  • bêste kostúmûntwerp (sûnt 1969)
  • bêste filmediting (sûnt 1978)
  • bêste special effects (sûnt 1983)
  • bêste make-up en hier (sûnt 1983)
  • bêste oarspronklike senario (sûnt 1984)
  • bêste adaptearre senario (sûnt 1984)
  • treflik debút fan in Britsk skriuwer, regisseur of produsint (sûnt 1998)
non-kompetative prizen
  • BAFTA Academy Fellowship Award (sûnt 1971)
  • Outstanding British Contribution to Cinema Award (sûnt 1979; oant 2006 bekend as de Michael Balcon Award)
ôfskafte prizen
  • bêste Britske akteur (1952-1967)
  • bêste Britske aktrise (1952-1967)
  • bêste bûtenlânske akteur (1952-1967)
  • bêste bûtenlânske aktrise (1952-1967)
  • meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol (1952-1984)
  • bêste senario (1969-1983)
  • bêste Britske senario (1955-1968)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.