John Gielgud

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Gielgud
John Gielgud yn Much Ado About Nothing (1959)
John Gielgud yn Much Ado About Nothing (1959)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Arthur John Gielgud
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 14 april 1904
berteplak Londen (Ingelân)
stoarn 21 maaie 2000
stjerplak Wotton Underwood (Ingelân)
etnisiteit Flag of England.svg Ingelsk
Flag of Lithuania.svg Litousk
Flag of Poland.svg Poalsk
jierren aktyf 19242000
prizen BAFTA 1953, 1974 & 1992
Tony 1961
Grammy 1980
Oscar 1981
Golden Globe 1981 & 1988
Emmy 1991
offisjele webside
gjint
John Gielgud

Sir John Gielgud (folút: Arthur John Gielgud; Londen, 14 april 1904 - Wotton Underwood (Ingelân), 21 maaie 2000) wie in Britsk toaniel-, film- en tillefyzjeakteur, dy't benammen ferneamd waard om fertolkings fan rollen út toanielstikken fan Shakespeare. Syn karriêre omfieme acht desennia, en hy wurdt rûnom beskôge as as ien fan de grutste akteurs fan syn tiid. Gielgud is ien fan 'e seldsume akteurs dy't in Tony, in Emmy, in Grammy (foar in ynsprutsen lústerboek) en in Oscar wûn hawwe, mei dêropta noch 2 Golden Globes en 3 BAFTA's.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Gielgud wie de efterneef fan de ferneamde toanielaktrise Ellen Terry. Oan syn heitekant stamme er ôf fan Litouske en Poalske adel: hy wie de oerpakesizzer fan greve Jan Gielgudziszki, dy't nei de mislearre Poalske opstân tsjin 'e Russen fan 1830-1831 de wyk nimme moast nei Grut-Brittanje. De namme Gielgud giet úteinlik werom op it Litouske doarp Gielgaudskis. De beppe oan memmekant fan John Gielgud syn heit Frank wie de ferneamde Poalske aktrise Aniela Aszpergerowa.

Nei't John Gielgud de Westminster School dien hie, gong er studearjen oan de Royal Academy of Dramatic Art (1922). [1] Syn karriêre rûn flot en hy spile al mei jonge jierren klassike rollen. Op syn 25e makke Gielgud syn debút yn the Old Vic en in jier letter spile er Hamlet.

Fanôf de jierren tritich spile Gielgud en geregeldwei yn films. Dochs wie er mei lichem en siele foar it teäter. Dêrom wie de konkurinsje mei Laurence Olivier, dy't him mear op films rjochte, minimaal. Ek doe't de toanielwrâld yn de rin fan de jierren feroare, feroare Gielgud mei. Sadwaande wie er yn ferskate stikken fan Harold Pinter te sjen.

Gielgud wie homoseksueel. Yn 1953 waard er dêrtroch feroardield foar obseen gedrach. Kollegea's stipen him likwols en it publyk fersmiet him net; hy krige sels in steande ovaasje by syn earstkommende ferskining op toaniel.

Yn 1953 waard Gielgud riddere, yn 1977 waard er opnaam yn the Order of the Companions of Honour en yn 1996 krige er de Order of Merit. John Gielgud joech net in protte om ûnderskiedings, mar wie wol ien fan de njoggen persoanen dy't likegoed in Grammy, in Emmy, in Oscar en in Tony Award wûn hawwe.

Yn 1961 krige er in Tony foar de bêste dramaregisseur foar Big Fish, Little Fish, yn 1979 in Grammy foar bêste ynsprutsen dokumintêre as drama foar Ages of Man, yn 1981 de Oscar foar Bêste Akteur yn in Byrol foar Arthur en yn 1991 de Emmy foar bêste haadrolspiler yn in minyrige of special foar Summer's Lease.

Yn 1973 spile er mei yn de musical Lost Horizon. Yn de jierren tachtich wie Gielgud te sjen yn d telefyzjerige Brideshead Revisited. By gelegenheid fan de njoggentigste jierdei fan de akteur yn 1994, waard de namme fan it Globe Theatre op West End feroare yn Gielgud Theatre.

John Gielgud stoar in natuerlike dea yn maaie 2000. Hy is 96 jier wurden. Martin Hensler, dy't goed 25 jier syn libbenspartner wie, stoar in pear moanne earder.

Gielgud spile oant krekt foar syn dea noch yn films en toanielstikken: syn lêste filmrol wie Catastrophe, in filmbewurking fan it stik mei deselde namme fan Samuel Beckett. De film waard in pear wike foar syn dea foltôge.

Filmografy (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1924: Who is the Man?
  • 1929: The Clue of the New Pin
  • 1933: The Good Companions
  • 1936: Secret Agent
  • 1941: The Prime Minister
  • 1941: An Airman's Letter to His Mother
  • 1953: Julius Caesar
  • 1955: Richard III
  • 1956: Around the World in Eighty Days
  • 1957: The Barretts of Wimpole Street
  • 1957: Saint Joan
  • 1964: Becket
  • 1964: Hamlet (teffens regy)
  • 1965: The Loved One
  • 1965: Campanadas a medianoche
  • 1968: Sebastian'
  • 1968: The Charge of the Light Brigade
  • 1968: The Shoes of the Fisherman
  • 1970: Julius Caesar
  • 1972: Eagle in a Cage
  • 1974: Gold
  • 1974: Murder on the Orient Express
  • 1975: Galileo
  • 1976: The Picture of Dorian Gray
  • 1977: Providence
  • 1977: A Portrait of the Artist as a Young Man
  • 1978: King Richard the Second
  • 1979: The Human Factor
  • 1979: Murder by Decree
  • 1979: Caligula
  • 1980: Dyrygent
  • 1980: The Elephant Man
  • 1980: The Formula
  • 1980: The Lion of the Desert
  • 1981: Chariots of Fire
  • 1981: Arthur
  • 1981: Spinx
  • 1981: Priest of Love
  • 1981: Brideshead Revisited (tillefyzjerige)
  • 1982: Gandhi
  • 1983: The Scarlet and the Black
  • 1982: Marco Polo
  • 1984: The Far Pavilions (tillefyzjerige)
  • 1985: Plenty
  • 1985: Time After Time
  • 1986: The Ghost of Canterville
  • 1986: The Whistle Blower
  • 1988: War and Remembrance (tillefyzjerige)
  • 1988: Appointment with Death
  • 1988: Arthur 2: On the Rocks
  • 1991: Prospero's Books
  • 1991: The Strauss Dynasty
  • 1992: Shining Through
  • 1992: Swan Song (koarte film)
  • 1995: First Knight
  • 1995: Haunted
  • 1996: Hamlet
  • 1996: Shine
  • 1996: Dragonheart
  • 1996: Portrait of a Lady
  • 1996: Gulliver's Travels (tillefyzjefilm)
  • 1998: Quest for Camelot
  • 1998: Merlin (tillefyzjefilm)
  • 1998: The Tichbone Claiment
  • 1998: Elizabeth
  • 2000: Catastrophe

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "John Gielgud, (Sir Arthur)." International Dictionary of Theatre, Volume 3: Actors, Directors, and Designers. St. James Press, 1996.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Sources, op dizze side.