Oscar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Academy Award)
Oscar
(Academy Award of Merit)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar film
útrikt troch Academy of Motion Picture Arts
   and Sciences
frekwinsje 1x jiers
datum febrewaris/maart
plak Hollywood (Kalifornje)
ynsteld 1929
1e útrikking 1929
offisjele webside
www.oscars.org
Dizze side giet oer de Amerikaanske filmpriis. Foar oare betsjuttings, sjoch: Oscar (betsjuttingsside).

De Oscars, offisjeel eins de Academy Awards (folút: de Academy Awards of Merit), binne in groep Amerikaanske prizen dy't jierliks yn in grut tal kategoryen útrikt wurde foar bysûndere prestaasjes op it mêd fan 'e film. It binne wrâlds bekendste en meast prestizjeuze filmprizen, en se korrespondearje yn 'e Feriene Steaten mei oare wichtige prizen op it mêd fan tillefyzje (de Emmys), toaniel (de Tonys) en muzyk (de Grammys). Op it terrein fan pornografyske films hawwe de AVN Awards in ferlykbere status.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Oscars waarden foar it earst útrikt yn 1929. De tawizing en de útrikking fan 'e prizen wurdt organisearre troch Academy of Motion Picture Arts and Sciences (AMPAS, "Akademy fan Filmkeunsten en -wittenskippen"). De útrikkingsseremoanje, dy't plakfynt yn it Dolby Theatre te Los Angeles (dat foarhinne it Kodak Theatre hiet), is ien fan 'e hichtepunten fan it Amerikaanske tillefyzjejier en wurdt live útstjoerd. De earste tillefyzjeregistraasje wie yn 1953. It is ûnbekend wêr't de bynamme "Oscar" weikomt, al geane dêr in ferskaat fan ferhalen oer, allegear like ûnbewiisber en gauris mar frijwat fiersocht.

De measte kategoryen dêr't in Oskar foar takend wurdt, binne basearre op in wedstrydelemint, al sprekt de Academy of Motion Picture Arts and Sciences leaver fan prizen basearre op "fertsjinste" (merit). Mar hoe't je it ek neame wolle, feit bliuwt dat in Oskar yn 'e measte kategoryen min ofte mear as kampioenskipspriis fungearret. De winners fan 'e Oscars wurde keazen troch de leden fan 'e Academy of Motion Picture Arts and Sciences (foar de "fertsjinste"-kategoryen) of útornearre troch spesjaal dêrfoar gearstalde komitees (de spesjale kategoryen).

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûtendoar by de útrikking fan 'e Oscars yn 2009.
kategoryen fan "fertsjinste"
  • bêste regisseur (sûnt 1929)
  • bêste haadrol fan in akteur (sûnt 1929)
  • bêste haadrol fan in aktrise (sûnt 1929)
  • bêste byrol fan in akteur (sûnt 1937)
  • bêste byrol fan in aktrise (sûnt 1937)
  • bêste adaptearre senario (sûnt 1929)
  • bêste filmediting (sûnt 1935)
  • bêste kostúmûntwerp (sûnt 1949)
  • bêste lûd-editing (sûnt 1964)
  • bêste lûdstechnyk (sûnt 1931)
  • bêste make-up en hierstyling (sûnt 1982)
  • bêste oarspronklike senario (sûnt 1941)
  • bêste oarspronklike filmmuzyk (sûnt 1935)
  • bêste oarspronklike liet (sûnt 1935)
  • bêste produksje-ûntwerp (foarhinne "kamerarezjy"; sûnt 1929)
  • bêste sinematografy (sûnt 1929)
  • bêste special effects (sûnt 1940)

Troch de jierren hinne binne ferskaten fan dizze prizen opspjalte yn subkategoryen, lykas "bêste regisseur fan in drama" en "bêste regisseur fan in komeedzje". De Oscar foar "bêste oarspronklike musical" bestiet noch altyd, mar is fanwegen te min gadingmakkers sûnt 1984 net mear útrikt.

spesjale kategoryen

(net elts jier útrikt)

  • Academy Honorary Award of Eare-Oscar (sûnt 1930)
  • Academy Scientific and Technical Award (sûnt 1932)
  • Gordon E. Sawyer Award (sûnt 1982)
  • Irving G. Thalberg Memorial Award (sûnt 1939)
  • Jean Hersholt Humanitarian Award (sûnt 1957)
ophefte kategoryen fan "fertsjinste"
  • bêste assistint-regisseur (1934-1938)
  • bêste regisseur (komeedzjefilm) (1929)
  • bêste goreografy ("dûnsrezjy") (1936-1938)
  • bêste technyske effekten (1929)
  • bêste oarspronklike musical- of komeedzjemuzyk (1996-2000)
  • bêste oarspronklike ferhaal (1929-1957)
  • bêste muzyk (adaptaasje) (1963-1970 en 1974)
  • bêste koarte film (kleur) (1937-1938)
  • bêste koarte film (live action - 2 reels) (1937-1957)
  • bêste koarte film (novelty) (1933-1936)
  • bêste titeling (1929)
  • bêste unike en artistike produksjekwaliteit (1929)
ophefte spesjale kategoryen
  • Academy Juvenile Award (1935-1961)
  • Academy Special Achievement Award (1973-1996)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.