Oscar foar Bêste Film

Ut Wikipedy
Oscar foar Bêste Film
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar bêste film
útrikt troch Academy of Motion Pictures
Arts and Sciences
(AMPAS)
frekwinsje 1x yn it jier
datum febrewaris / maart
plak Hollywood (Los Angeles)
1e útrikking 1929
offisjele webside
oscars.org

De Oscar foar Bêste Film, eins de Academy Award foar Bêste Film (Ingelsk: Academy Award for Best Picture), is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't elts jier ein febrewaris of begjin maart útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele langspylfilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, en it wurdt beskôge as de wichtichste en meast prestizjeuze filmpriis fan 'e wrâld. De Oscar foar Bêste Film wurdt útrikt troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) by in tige formeel oanklaaide útrikkingsseremoanje yn it Dolby Theatre yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is. It is de wichtichste fan alle Oscars, en de útrikking fynt dêrom pas oan 'e ein fan 'e jûn plak, op it hichtepunt fan 'e seremoanje.

Histoaryske nammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de earste útrikking fan 'e Oscars, foar it filmjier 1927-1928, wiene der twa prizen foar bêste film: de Academy Award foar Treflike Film (Outstanding Picture) en de Academy Award foar Unike en Artistike Film (Unique and Artistic Picture). Dy wiene bedoeld om ferskillende, mar like wichtige aspekten fan 'e filmkeunst te earjen. De organisaasje besleat lykwols dat it gjin súkses wie, dat foar 1928-1929 waard de priis foar unike en artistike film ôfskaft, wylst de priis foar treflike film oerbleau as de wichtichste Oscar. Noch in jier letter, yn 1929-1930, waard dy omneamd ta de Academy Award foar Treflike Produksje (Outstanding Production). Dy namme hold de priis oant en mei 1940. Dêrnei hiet er fan 1941 oant en mei 1943 de Academy Award foar Treflike Langspylfilm (Outstanding Motion Picture), en fan 1944 oant en mei 1961 de Academy Award foar Bêste Langspylfilm (Best Motion Picture). Fan 1962 ôf draacht de priis syn hjoeddeistige namme.

Takenningsproses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de Oscar foar Bêste Film wurde elts jier in tal films nominearre troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS), dêr't de leden fan dy akademy dan de winner út kieze. Oant en mei 1943 waarden der 8 oant 12 films nominearre, mar fan 1944 ôf wiene der noch mar 5 nominaasjes. Yn 2009 feroare de AMPAS de regels, sadat der mei yngong fan 2010 5 oant 10 nominaasjes wêze soene.

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant en mei 1933 waarden de Oscars yn maaie útrikt foar de perioade fanôf de foarrige útrikking, yn maaie fan it foargeande jier (dus yn maaie 1930 waarden de prizen útrikt foar de perioade fan maaie 1929 oant maaie 1930). Fan 1934 ôf waarden de Oscars útrikt oan it begjin fan it jier, foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1990", fûn de útrikking fan dy priis plak yn begjin 1991.

jier lân winner regisseur
1927/'28 flagge fan de Feriene Steaten Sunrise: A Song of Two Humans
(kategory Unike en Artistike Film)
F.W. Murnau
flagge fan de Feriene Steaten Wings
(kategory Treflike Film)
William A. Wellman
1928/'29 flagge fan de Feriene Steaten The Broadway Melody Harry Beaumont
1929/'30 flagge fan de Feriene Steaten All Quiet on the Western Front Lewis Milestone
1930/'31 flagge fan de Feriene Steaten Cimarron Wesley Ruggles
1931/'32 flagge fan de Feriene Steaten Grand Hotel Edmund Goulding
1932/'33 flagge fan de Feriene Steaten Cavalcade Frank Lloyd
1934 flagge fan de Feriene Steaten It Happened One Night Frank Capra
1935 flagge fan de Feriene Steaten Mutiny on the Bounty Frank Lloyd
1936 flagge fan de Feriene Steaten The Great Ziegfeld Robert Z. Leonard
1937 flagge fan de Feriene Steaten The Life of Emile Zola William Dieterle
1938 flagge fan de Feriene Steaten You Can't Take It with You Frank Capra
1939 flagge fan de Feriene Steaten Gone with the Wind Victor Fleming
1940 flagge fan de Feriene Steaten Rebecca Alfred Hitchcock
1941 flagge fan de Feriene Steaten
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
How Green Was My Valley John Ford
1942 flagge fan de Feriene Steaten Mrs. Miniver William Wyler
1943 flagge fan de Feriene Steaten Casablanca Michael Curtiz
1944 flagge fan de Feriene Steaten Going My Way Leo McCarey
1945 flagge fan de Feriene Steaten The Lost Weekend Billy Wilder
1946 flagge fan de Feriene Steaten The Best Years of Our Lives William Wyler
1947 flagge fan de Feriene Steaten Gentleman's Agreement Elia Kazan
1948 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Hamlet Laurence Olivier
1949 flagge fan de Feriene Steaten All the King's Men Robert Rossen
1950 flagge fan de Feriene Steaten All About Eve Joseph L. Mankiewicz
1951 flagge fan de Feriene Steaten An American in Paris Vincente Minnelli
1952 flagge fan de Feriene Steaten The Greatest Show on Earth Cecil B. DeMille
1953 flagge fan de Feriene Steaten From Here to Eternity Fred Zinnemann
1954 flagge fan de Feriene Steaten On the Waterfront Elia Kazan
1955 flagge fan de Feriene Steaten Marty Delbert Mann
1956 flagge fan de Feriene Steaten Around the World in 80 Days Michael Anderson
1957 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan de Feriene Steaten
The Bridge on the River Kwai David Lean
1958 flagge fan de Feriene Steaten Gigi Vincente Minnelli
1959 flagge fan de Feriene Steaten Ben-Hur William Wyler
1960 flagge fan de Feriene Steaten The Apartment Billy Wilder
1961 flagge fan de Feriene Steaten West Side Story Robert Wise en Jerome Robbins
1962 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan de Feriene Steaten
Lawrence of Arabia David Lean
1963 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Tom Jones Tony Richardson
1964 flagge fan de Feriene Steaten My Fair Lady George Cukor
1965 flagge fan de Feriene Steaten The Sound of Music Robert Wise
1966 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân A Man for All Seasons Fred Zinnemann
1967 flagge fan de Feriene Steaten In the Heat of the Night Norman Jewison
1968 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Oliver! Carol Reed
1969 flagge fan de Feriene Steaten Midnight Cowboy John Schlesinger
1970 flagge fan de Feriene Steaten Patton Franklin J. Schaffner
1971 flagge fan de Feriene Steaten The French Connection William Friedkin
1972 flagge fan de Feriene Steaten The Godfather Francis Ford Coppola
1973 flagge fan de Feriene Steaten The Sting George Roy Hill
1974 flagge fan de Feriene Steaten The Godfather Part II Francis Ford Coppola
1975 flagge fan de Feriene Steaten One Flew Over the Cuckoo's Nest Miloš Forman
1976 flagge fan de Feriene Steaten Rocky John G. Avildsen
1977 flagge fan de Feriene Steaten Annie Hall Woody Allen
1978 flagge fan de Feriene Steaten The Deer Hunter Michael Cimino
1979 flagge fan de Feriene Steaten Kramer vs. Kramer Robert Benton
1980 flagge fan de Feriene Steaten Ordinary People Robert Redford
1981 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Chariots of Fire Hugh Hudson
1982 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan Yndia
Gandhi Richard Attenborough
1983 flagge fan de Feriene Steaten Terms of Endearment James L. Brooks
1984 flagge fan de Feriene Steaten Amadeus Miloš Forman
1985 flagge fan de Feriene Steaten Out of Africa Sydney Pollack
1986 flagge fan de Feriene Steaten Platoon Oliver Stone
1987 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan Itaalje
The Last Emperor Bernardo Bertolucci
1988 flagge fan de Feriene Steaten Rain Man Barry Levinson
1989 flagge fan de Feriene Steaten Driving Miss Daisy Bruce Beresford
1990 flagge fan de Feriene Steaten Dances with Wolves Kevin Costner
1991 flagge fan de Feriene Steaten The Silence of the Lambs Jonathan Demme
1992 flagge fan de Feriene Steaten Unforgiven Clint Eastwood
1993 flagge fan de Feriene Steaten Schindler's List Steven Spielberg
1994 flagge fan de Feriene Steaten Forrest Gump Robert Zemeckis
1995 flagge fan de Feriene Steaten Braveheart Mel Gibson
1996 flagge fan de Feriene Steaten The English Patient Anthony Minghella
1997 flagge fan de Feriene Steaten Titanic James Cameron
1998 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan de Feriene Steaten
Shakespeare in Love John Madden
1999 flagge fan de Feriene Steaten American Beauty Sam Mendes
2000 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
flagge fan de Feriene Steaten
Gladiator Ridley Scott
2001 flagge fan de Feriene Steaten A Beautiful Mind Ron Howard
2002 flagge fan de Feriene Steaten Chicago Rob Marshall
2003 flagge fan Nij-Seelân
flagge fan de Feriene Steaten
The Lord of the Rings: The Return of the King Peter Jackson
2004 flagge fan de Feriene Steaten Million Dollar Baby Clint Eastwood
2005 flagge fan de Feriene Steaten Crash Paul Haggis
2006 flagge fan de Feriene Steaten The Departed Martin Scorsese
2007 flagge fan de Feriene Steaten No Country for Old Men Joel Coen en Ethan Coen
2008 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Slumdog Millionaire Danny Boyle
2009 flagge fan de Feriene Steaten The Hurt Locker Kathryn Bigelow
2010 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân The King's Speech Tom Hooper
2011 flagge fan Frankryk The Artist Michel Hazanavicius
2012 flagge fan de Feriene Steaten Argo Ben Affleck
2013 flagge fan de Feriene Steaten
flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
12 Years a Slave Steve McQueen
2014 flagge fan de Feriene Steaten Birman or (The Unexpected Virtue of Ignorance) Alejandro González Iñárritu
2015 flagge fan de Feriene Steaten Spotlight Tom McCarthy
2016 flagge fan de Feriene Steaten Moonlight Barry Jenkins
2017 flagge fan de Feriene Steaten The Shape of Water Guillermo del Toro
2018 flagge fan de Feriene Steaten Green Book Peter Farrelly
2019 flagge fan Súd-Koreä Gisaengchung (Parasite) Bong Joon-ho
2020 flagge fan de Feriene Steaten Nomadland Chloé Zhao
2021 flagge fan de Feriene Steaten
flagge fan Frankryk
CODA Siân Héder
2022 flagge fan de Feriene Steaten Everything Everywhere All at Once Daniel Kwan en Daniel Scheinert

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.