The English Patient (film)

Ut Wikipedy
The English Patient
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Anthony Minghella
produsint Saul Zaentz
senario Anthony Minghella
basearre op de roman fan Michael Ondaatje
kamerarezjy John Seale
muzyk Gabriel Yared
filmstudio Tiger Moth Productions
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Ralph Fiennes
Kristin Scott Thomas
Juliette Binoche
byrollen Willem Dafoe
Colin Firth
Naveen Andrews
Julian Wadham
Kevin Whately
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 15 novimber 1996
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske romantyske
   oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Arabysk, Dútsk
   en Italjaansk)
spyltiid 162 minuten
budget en resultaten
budget $31 miljoen
opbringst $232 miljoen
prizen Oscar
Golden Globe
BAFTA

The English Patient is in Britsk-Amerikaanske histoaryske romantyske oarlochsfilm út 1996 ûnder rezjy fan Anthony Minghella, mei yn 'e haadrollen Ralph Fiennes, Kristin Scott Thomas en Juliette Binoche. De titel betsjut "De Ingelske Pasjint". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Michael Ondaatje út 1992. It ferhaal giet oer in slim ferbrânde pasjint dy't oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in âld kleaster yn Itaalje fersoarge wurdt troch in legerferpleechster. De man liedt oan ûnthâldsferlies, mar fynt by stikjes en bytsjes syn oantinkens werom en fertelt de ferpleechter fia in rige flashbacks oer de dramatyske românse dêr't er foar de oarloch yn behelle rekke. The English Patient krige fan 'e filmkritisy rûnom lof taswaaid en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn 9 Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film; 2 Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Dramafilm; en 6 BAFTA's.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lêste dagen fan 'e Italjaanske Kampanje fan 'e Twadde Wrâldoarloch kriget Hana, in Frânsk-Kanadeeske ferpleechster fan it Royal Canadian Army Medical Corps, tastimming om har tydlik nei wenjen te setten yn in troch bombardeminten heal ferrinnewearre kleaster yn sintraal Itaalje. It doel dêrfan is dat se dêr palliative soarch ferliene kin oan in slim ferbrânde, stjerrende pasjint dy't sprekt mei in Britsk-Ingelsk aksint, mar dy't liedt oan ûnthâldsferlies. Hy is oan it begjin fan 'e oarloch yn 'e woastyn fan Egypte troch bedoeïnen rêden út it wrak fan in delstoart boargerfleantúch, en hoewol't syn brânwûnen fierhinne genêzen binne, hat er frijwol gjin longynhâld mear, wat betsjut dat er oanhâldend yn azemneed ferkeart. Syn iennichste besit is in eksimplaar fan 'e Histoarjes fan 'e Aldgrykske skiedskriuwer Herodoatus, dat oanfolle is mei persoanlike notysjes, foto's en oare oantinkens.

Yn it kleaster krije Hana en har nammeleaze pasjint al rillegau selskip fan Kip, in Sikh dy't luitenant en ûntminingsekspêr yn it Britske Leger is, en dy't tegearre mei syn ûnderhearrige, sersjant Hardy, ferantwurdlik is foar it opromjen en ûnskealik meitsjen fan 'e lânminen en oare bommen dy't de Dútsers yn it gebiet efterlitten hawwe. Hy rêdt Hana har libben as se yn ien fan 'e keamers fan it kleaster in âlde skansearre piano fynt en derop begjint te spyljen. Kip komt op it lûd ôf en warskôget har om op te hâlden, om't de Dútsers faak bommen yn piano's pleatst hawwe; yndie treft er neitiid yn 'e piano sa'n bom oan. Hana, wa har mem ris tsjin har sein hat dat se har takomstige man nei har talokje soe mei muzyk, fielt har fuortendaliks ta Kip oanlutsen.

In fjirde persoan dy't him yn it kleaster fêstiget, is David Caravaggio, in geheim agint fan it Canadian Intelligence Corps, dy't syn beide tommen kwytrekke is by martelings nei't er yn Noard-Afrika finzennommen wie troch de Dútsers. Hy seit dat er yn 'e krite wêze moat foar ûnderhannelings mei de Italjaanske partisanen oer harren ûntwapening, mar hy toant oermjitte belangstelling foar de pasjint, dy't er ûnderfreget oer syn ferline. Troch de fragen fan Caravaggio en Hana en de lûden dy't er yn it kleaster heart, komme de pasjint stikje by bytsje syn ferlerne oantinkens wer yn 't sin, dy't er yn in rige flashbacks oan Hana, Kip en Caravaggio fertelt.

Yn 'e flashbacks docht bliken dat de pasjint eins de Hongaarske kartograaf en argeolooch greve László de Almásy is. Dyselde bedarret oan 'e ein fan 'e 1930-er jierren yn it ûnder grutte Britske ynfloed steande Keninkryk Egypte. Dêr ferkent er mei syn goede freon, de Ingelsman Peter Madox, en oare leden fan 'e Royal Geographical Society in krite fan 'e Sahara dy't deunby de grins mei Italjaansk-Lybje leit. Harren ekspedysje kriget op in stuit fersterking fan in Ingelsk troud pear, Geoffrey en Katharine Clifton. Dy wurde troch de wittenskippers as 'toeristen' sjoen, mar Geoffrey Clifton, dy't eigner is fan in nije Boeing-Stearman Model 75-dûbeldekker, kin mei dat fleantúch bot bydrage ta ferkenning út 'e loft wei, en wurdt dêrom freonlik wolkom hjitten troch de oare wittenskippers. Almásy is de iennichste dy't dêr fan it begjin ôf oan beswieren tsjin hat, mar dy lykje letter benammen fuort te kommen út it feit dat it foar him leafde op it earste gesicht is as er Katharine Clifton sjocht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Fan in pleatslike bedoeïne kriget Almásy, dy't Arabysk sprekt, oanwizings dy't de ekspedysjeleden helpe om yn it berchtme Gilf Kebir in grot mei oerâlde grotskilderings te finen. Om't in protte fan 'e skilderings fan swimmende minsken lykje te wêzen, neame se dy lokaasje de Grot fan 'e Swimmers. De ekspedysjeleden begjinne de fynst te dokumintearjen, wêrby't Katharine Clifton by de ekspedysje bliuwt as har man fuortroppen wurdt foar in loftferkenningsmisje foar it Britske Leger (dat, sa dielt Katharine Almásy yn fertrouwen mei, foar it fleantúch betelle hat). Underweis tusken Kaïro en de Gilf Kebir slacht ien fan 'e auto's fan 'e ekspedysje oer de kop, wêrnei't Madox mei de ferwûnen ôfset nei Kaïro, wylst Almásy en Katharine mei de Arabyske gidsen en gravers efterbliuwe oant er weromkomme kin. Dy nachts stekt der in sânstoarm op, en Almásy en Katharine sykje tegearre beskûl yn 'e kabine fan in skansearre frachtwein. Neitiid akseptearret er op sosjaal knoffelige wize twa akwarellen dy't Katharine fan 'e grotskilderings makke hat, en freget har om dy yn syn eksimplaar fan 'e Histoarjes fan Herodoatus te plakken. As se dat docht, ûntdekt Katharine de notysjes dy't er oer har yn it boek optekene hat, dêr't út blykt dat er smoarfereale op har is.

Nei't se dagen letter rêden binne troch Madox-en-dy en weromkeard binne nei Kaïro, begjinne Almásy en Katharine op har inisjatyf in hertstochtlike affêre. Dy duorret ferskate moannen, wylst Madox, Almásy en harren freonen in nije ekspedysje beävensearje dy't de Grot fan 'e Swimmers en de omlizzende krite oan in mear detaillearre ûndersyk ûnderwerpe moat. Almásy en Katharine miene dat har man Geoffrey fan neat wit, mar as Geoffrey syn frou ferrasse wol op harren troudei en har dan ta syn ferheardens it hotel ferlitten sjocht om 'e stêd yn te gean, ûntdekt er wat der geande is. Letter beëiniget Katharine op abrupte wize de affêre, út eangst dat Geoffrey, dy't fan syn wittenskip fan 'e oerhoer noch neat merke litten hat, ûntdekke soe wat sy en Almásy dien hawwe. Koarte tiid letter brekt yn Jeropa de Twadde Wrâldoarloch út. Fan gefolgen wurde yn Egypte alle argeologyske projekten ferbean dêr't bûtenlanners (d.w.s. lju dy't net de Britske of Egyptyske nasjonaliteit hawwe) by belutsen binne. Dat betsjut dat de plande ekspedysje nei de Grot fan 'e Swimmers net trochgean kin, om't Almásy en ferskate oare leden fan 'e groep om Madox hinne bûtenlanners binne. Madox sels beslút dêrop werom te kearen nei Ingelân, mar hy lit syn De Havilland Tiger Moth-dûbeldekker efter yn 'e oäze Kufra, en fertelt Almásy dat it him frijstiet om it fleantúch te brûken as er der ferlet fan hat.

Almásy beävensearret by de Grot fan 'e Swimmers it opromjen fan it kamp dat de argeologen dêr opslein hiene, en sil dêr ôfhelle wurde troch Geoffrey Clifton. As dy dêr lânet, besiket er lykwols by in skynbere moard-selsmoard mei syn Boeing-Stearman Almásy te reitsjen. De greve wit lykwols krekt op 'e tiid fuort te dûken. Geoffrey Clifton is by de crashlâning om it libben kommen, mar Katharine, dy't troch har man om no foar de hân lizzende redens bepraat wie om mei te kommen, siet ek yn it fleantúch. Hja hat in brutsen pols, in brutsen ankel en ferskate brutsen ribben oprûn. Almásy draacht har nei de Grot fan 'e Swimmers ta, dêr't er ûntdekt dat se de naairing dy't er ûnder harren affêre op 'e merk yn Kaïro foar har kocht hie, oan in keatling om har hals draacht. As er har dêrop oansprekt, bychtet se op dat se nea opholden is fan him te hâlden, ek al hat se de affêre beëinige. Almásy lit har yn 'e grot efter mei foarrieden drinkwetter en iten en syn boek, wêrnei't er geandefoets dwers troch de woastyn om help giet. Foar't er ôfset, lit Katharine him swarre dat er om har weromkomme sil.

Nei trije dagen rûn te hawwen, berikt Almásy El Tag, dat yn 'e hannen fan it Britske Leger is. Dêr besiket er de sitewaasje út te lizzen en help foar Katharine te besetten, mar sadree't er syn namme neamt, dy't foar de Ingelske soldaten bûtenlânsk klinkt, wurdt oannommen dat er in Dútser is en wurdt er sûnder pardon finzenset. As er letter yn in trein mei oare finzenen nei Aleksanderje transportearre wurdt om dêrwei nei Jeropa brocht te wurden, fermoardet er in Britske soldaat om frij te kommen, springt fan 'e trein, wêrby't er syn ankel ferknoffelet, en begjint oan 'e fuottocht by it spoar lâns werom. Hy komt yn kontakt mei in ienheid fan it Afrikakorps, dy't him nei Kufra bringt yn ruil foar de lânkaarten fan Egypte dy't yn Madox syn fleantúch lizze. Mei de Tiger Moth keart Almásy einlings en te'n lêsten werom nei de Grot fan 'e Swimmers, dêr't er lykwols ûntdekt dat Katharine yn 'e tuskentiid fan 'e toarst omkommen is.

Hy pleatst har stoflik omskot yn it fleantúch en stiget op, mar wurdt letter delsketten troch in Dútske ienheid dy't him foar in Ingelske ferkenner oansjocht. By it delstoarten rekket Almásy slim ferbrând en docht er troch de klap ek syn ûnthâldsferlies op, mar syn libben wurdt rêden troch bedoeïnen dy't him nei de oäze Siwa ta bringe, dêr't er yn in Alliëard fjildhospitaal bedarret. Fan 1943 ôf folget it fjildhospitaal de opmars fan 'e Alliëarden, en as de oerstek makke wurdt fan Tuneezje nei Itaalje, wurdt Almásy, dy't yn dizze sitewaasje ferkeart om't er foar in Dútser holden waard, foar it ferfier per skip fanwegen syn Britsk-Ingelske aksint iroanysk genôch oanmurken as 'de Ingelske pasjint'.

Caravaggio blykt jierrenlang op 'e siik west te hawwen nei de man dy't de Dútsers de kaarten fan Egypte jûn hat, mei't dat yndirekt laat hat ta syn finzenname troch de Dútsers en it ferlies fan syn tommen. Hy wie fan doel en fermoardzje Almásy, mar nei't er it tragyske ferhaal fan 'e man heard hat, sjocht er dêrfan ôf. Boppedat, sa seit Almásy, Caravaggio kin him net mear fermoardzje, want hy is jierren lyn as stoarn. Yn 'e tuskentiid binne Hana en Kip in leafdesrelaasje begûn, mar dy kriget in knau as de jûns nei it bekend wurden fan 'e kapitulaasje fan nazy-Dútslân sersjant Hardy by it feestfieren omkomt troch in efterlitten bom. Koarte tiid letter wurdt Kip oerpleatst om't er alle bommen yn 'e krite om it kleaster hinne opromme hat. Hy en Hana prate ôf inoar wer treffe te sillen yn 'e tsjerke fan it deunby lizzende doarp.

Nei't er it lêste part fan syn ferhaal ferteld hat, jout Almásy Hana stilswijend te kennen dat er stjerre wol troch, as se op it kastke njonken syn bêd risselwearet foar syn deistige ynjeksje mei morfine, alle oerbleaune ampullen mei morfine yn har rjochting te triuwen. Hoewol't se der dúdlik oandien fan is, om't se har pasjint as in freon begûn is te beskôgjen, beslút se mei te wurkjen oan 'e eutanasy dy't er oerdúdlik winsket. Nei't se him in oerdoazis morfine tatsjinne hat, lêst se him Katharine har lêste wurden foar, dy't se yn syn boek skreaun hat wylst se lykme-allinne yn 'e grot op him lei te wachtsjen. Nei de dea fan har pasjint ferlit Hana mei Caravaggio yn in passearjende frachtwein it kleaster om har benoarden Florâns wer by har ienheid te jaan. Wylst se it kleaster efter har lit, drukt se it boek fan Almásy tsjin har boarst oan.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ralph Fiennes.
Kristin Scott Thomas.
Juliette Binoche.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
greve László de Almásy Ralph Fiennes
Katharine Clifton Kristin Scott Thomas
Hana Juliette Binoche


byrollen
personaazje akteur/aktrise
David Caravaggio Willem Dafoe
Geoffrey Clifton Colin Firth
Kip Naveen Andrews
Peter Madox Julian Wadham
sersjant Hardy Kevin Whately
Bermann Peter Rühring
D'Agostino Nino Castelnuovo
Fouad Hichem Rostom
Fenelon-Barnes Clive Merrison
Oliver Geordie Johnson
Mary Torri Higginson
Jan Liisa Repo-Martell
majoar Müller Jürgen Prochnow
Rupert Douglas Raymond Coulthard
korporaal Dade Philip Whitchurch
Spalding Lee Ross

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The English Patient waard regissearre troch Anthony Minghella nei in senario dat er sels skreaun hie op basis fan 'e roman The English Patient, út 1992, fan 'e Kanadeeske skriuwer fan Srylankaansk komôf Michael Ondaatje. De film waard produsearre troch Saul Zaentz foar de studio Tiger Moth Productions. Saentz hie belangstelling foar gearwurking mei Minghella nei't er dy syn eardere film Truly, Madly, Deeply út 1990 sjoen hie. Doe't er kontakt mei him socht, suggerearre Minghella in ferfilming fan 'e roman fan Ondaatje. De auteur wurke nau gear mei de filmmakkers foar de reälsearring fan 'e ferfilming.

De filmmakkers soene earst yn see mei 20th Century Fox, dêr't men lykwols in "fersekeringspolis ôfslute woe" (yn 'e wurden fan Zaentz) troch "gruttere akteurs" oan te lûken. Sa woene se Demi Moore freegje foar de rol fan Katharine Clifton. Uteinlik rûn de gearwurking op 'e non. Doe't it projekt oernommen waard troch Miramax Films, koe Minghella sûnder tsjinakselings fan 'e studiobazen syn earste kar yn 'e rol fan Katharine Clifton caste: Kristin Scott Thomas. Foar The English Patient wie in budget fan $31 miljoen beskikber. De film waard opnommen op lokaasje yn Tuneezje en Itaalje, wylst guon sênes filme waarden yn 'e Cinecittà-studio's yn Rome. John Seale wie ferantwurdlik foar de kamerarezjy, wylst de filmmuzyk skreaun waard troch Gabriel Yared.

De filmmontaazje fan The English Patient waard dien troch Walter Murch, dy't earder ek de montaazje dien hie fan 'e Godfather-trilogy en Apocalypse Now. Hy wie dus wol wat wend, mar dochs seach er bot op tsjin 'e montaazje fan The English Patient, mei syn withoefolle flashbacks en twa parallel fertelde ferhaallinen dy't allebeide foar it filmpublyk logysk te folgjen wêze moasten. Doe't er ienris oan 'e put begûn, ûntdiek er dat er sûnder swierrichheden de mooglikheden sjen koe. Dêrby wiek er ferskate kearen ôf fan 'e folchoarder fan it oarspronklike senario fan Minghella. Yn 'e úteinlike ferzje fan 'e film sieten mear as fjirtich sprongen foarút of efterút yn 'e tiid. Murch bespriek neitiid syn montaazje fan 'e film mei Ondaatje, dy't harren petearen opskreau en bondele, en yn 2002 publisearre ûnder de titel The Conversations: Walter Murch and the Art of Editing Film.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The English Patient waard fersoarge troch Miramax Films. De film gie op 15 novimber 1996 yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The English Patient waard troch de filmkritisy tige goed ûntfongen. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "It is it soarte film dat je twa kear sjen kinne: de earste kear foar de fragen, de twadde kear foar de antwurden." Yn syn filmgids joech Leonard Maltin The English Patient 31/2 fan 4 stjerren. Hy neamde de film "in betsjoenende adaptaasje" fan 'e roman fan Ondaatje en fûn dat "Fiennes en Scott Thomas inoar perfekt oanfolje." Konkludearjend heakke er dêr oan ta dat de film "op alle mêden in bûtengewoane prestaasje" wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The English Patient in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 88 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't [de film] te lijen hat fan oermjitte spyldoer en ambysje, is de adaptaasje fan 'e roman fan Michael Ondaatje troch regisseur Minghella kompleks, krêftich en oangripend." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The English Patient in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 31 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The English Patient brocht yn 'e bioskopen in opbringst fan $232&nbps;miljoen yn 't laadsje. Ofset tsjin it budget fan $31 miljoen betsjut dat in winst fan $201 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The English Patient waard yn 1997 nominearre foar tolve Oscars, wêrûnder de prizen foar bêste akteur (Ralph Fiennes), bêste aktrise (Kristen Scott Thomas) en bêste adaptearre senario (Anthony Minghella). De film wûn mar leafst njoggen Oscars, yn 'e kategoryen bêste film, bêste regisseur (Minghella), bêste byrol fan in aktrise (Juliette Binoche), bêste kamerarezjy (John Seale), bêste orizjinele filmmuzyk (Gabriel Yared), bêste filmmontaazje (Walter Murch), bêste produksje-ûntwerp (Stuart Craig en Stephanie McMillan), bêste kostúmûntwerp (Ann Roth) en bêste lûdsmixing (Murch, Mark Berger, David Parker en Christopher Newman).

By de Golden Globes waard The English Patient yn 1997 nominearre yn sân kategoryen, wêrûnder bêste regisseur (Minghella), bêste akteur yn in dramafilm (Fiennes), bêste aktrise yn in dramafilm (Scott Thomas), bêste byrol fan in aktrise (Binoche) en bêste senario (Minghella). De film naam twa Golden Globes mei nei hûs: de priis foar bêste dramafilm en dy foar bêste orizjinele filmmuzyk (Yared).

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The English Patient yn 1997 nominearre yn trettjin kategoryen, wêrûnder bêste regisseur (Minghella), bêste akteur (Fiennes), bêste aktrise (Scott Thomas), bêste produksje-ûntwerp (Craig en McMillan), bêste lûd (Murch, Berger, Parker en Newman), bêste kostúmûntwerp (Roth) en bêste fisazjy (Nigel Booth). De film wûn seis BAFTA's, foar bêste film, bêste byrol fan in aktrise (Binoche), bêste adaptearre senario (Minghella), bêste kamerarezjy (Seale), bêste filmmuzyk (Yared) en bêste filmmontaazje (Murch).

Fierders waard The English Patient op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn nominearre foar de Gouden Bear en wûn er de Sulveren Bear foar bêste aktrise (Binoche).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.