Kevin Whately

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kevin Whately
Filmklapper.png akteur
Kevin Whately as ynspekteur Lewis (2015)
Kevin Whately as ynspekteur Lewis (2015)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kevin George Edward Whately
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 1951
berteplak Hexham, Northumberland
jierren aktyf 1979-no

Kevin Whately (Humshaugh ûnder Hexham, Northumberland, 6 febrewaris 1951) is in Ingelsk akteur. Hy is benammen bekend wurden fan syn rol as Robbie Lewis yn de detectiverige Inspector Morse, syn rol as Neville "Neville" Hoop yn de Britske telefyzjekomeedzje Auf Wiedersehen, Pet, en syn rol as Jack Kerruish yn de dramasearje Peak Practice, hoewol't er ek tal fan oare rollen spile hat.

Nei de dea fan John Thaw dy't de rol fan Inspector Morse spile, hat Kevin Whately syn eigen telefyzjerige krigen, de spin-off mei de titel Lewis. It lêste en njoggende jier fan dy searje is yn de simmer fan 2015 útstjoerd yn it Feriene Keninkryk. Yn totaal binne der 33 ôfleveringen makke. Robbie Lewis is yn de rige Detective-Inspector en hat in nije Detective-Sergeant as assistint: James Hathaway (spile troch Laurence Fox (1978). Yn 2015 is de rige opholden en nei hast 30 jier Lewis spile te hawwen (fan 1986 oant 2015) hat Kevin Whately witte litten dat er him talizze wol op nij aktearwurk.

The Children is in Ingelske plysjesearje yn trije dielen dy't yn april 2010 troch de KRO útstjoerd waard. De rol fan Cameron waard spile troch Kevin Whately.

Kevin Whately is troud mei aktrise Madelaine Newton; it pear hat twa bern. Sy wenje yn Woburn Sands by Milton Keynes.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Shoestring Telefyzjesearje - Bobby Treen (Ofl., The Partnership, 1979)
  • BBC2 Playhouse Tf-searje - Bob Smith (Ofl., The Dig, 1980)
  • Angels Tf-searje - Norman Pollard (Episoade 6.3, 1980|Episoade 6.6, 1980)
  • Juliet Bravo Tf-searje - PC Chris Evans (Ofl., Coming Back, 1980)
  • Strangers Tf-searje - Michael Hobb (Ofl., Retribution, 1980)
  • Coronation Street Tf-searje - Kevin (1981)
  • The Return of the Soldier (1982) - Kammeraat fan fijannige soldaat
  • A Murder Is Announced (Telefyzjefilm, 1985) - Det. Sgt. Fletcher
  • Alas Smith & Jones Tf-searje - Rol ûnbekend (Episoade 4.3, 1987)
  • Look and Read Tf-searje - Ray Hilton (10 ôfl., 1988)
  • You Must Be the Husband Tf-searje - Hugo Mansell (Ofl., A Bit Prickly in the Morning, 1988)
  • Night Voice (Tf-film, 1990) - Neil Baldwin
  • B & B (1992) - Steve Shepherd
  • Skallagrigg (1994) - Sam Hopkins
  • Peak Practice Telefyzjesearje - Dr. Jack Kerruish (36 afl., 1993-1995)
  • Trip Trap (Tf-film, 1996) - Ian Armstrong
  • The English Patient (1996) - Hardy
  • Gobble (Tf-film, 1997) - Colin Worsfold, amtner
  • The Broker's Man Tf-searje - James 'Jimmy' Griffin (12 ôfl., 1997-1998)
  • What Katy Did (Telefyzjefilm, 1999) - Dr. Philip Carr
  • The People's Passion (Tf-film, 1999) - Judas
  • Pure Wickedness (Tf-film, 1999) - Geoff Meadows
  • Hilltop Hospital Tf-rige - Dr. Matthews (Stim, 1999)
  • Paranoid (2000) - Clive
  • Purely Belter (2000) - Mr. Caird
  • Inspector Morse Telefyzjesearje - Det. Sgt. Robert Lewis (32 ôfl., 1987-2000)
  • Inspector Morse: Rest in Peace (DVD, 2000) - Sersjant Robert Lewis
  • Murder in Mind Tf-searje - Mr. Liddy (Ofl., Neighbours, 2001)
  • Mersey Beat Tf-searje - Philip Kitchener (Ofl., Crying Out Loud, 2001|What Goes Around, 2001)
  • Plain Jane (Tf-film, 2002) - David Bruce
  • Silent Cry (2002) - Dr. Richard Herd
  • Comic Relief 2003: The Big Hair Do (Tf-film, 2003) - Neville Hope
  • Promoted to Glory (Tf-film, 2003) - Maj. Nigel Hurst
  • The Legend of the Tamworth Two (Tf-film, 2004) - Wolf
  • Sunday for Sammy 2004 (DVD, 2004) - Neville Hope
  • Belonging (Tf-film, 2004) - Jacob Copplestone
  • Auf Wiedersehen, Pet Tf-searje - Neville Hope (40 afl., 1983-2004)
  • The Fourth King (2005) - Ferteller
  • Dad (Tf-film, 2005) - Oliver James
  • Footprints in the Snow (Tf-film, 2005) - Kevin Hill
  • Lewis (Telefyzjefilm, 2006) - DI Robert Lewis
  • New Tricks Tf-searje - Andrew Simson (Ofl., Congratulations, 2006)
  • Dogtown Tf-searje - Bussjauffeur (Episoade 1.1, 2006)
  • Who Gets the Dog? (Tf-film, 2007) - Jack Evans
  • The Children (Miny-searje, 2008) - Cameron Miller
  • Lewis Tf-searje - DI Robert Lewis 33 ôfl., 2006-2015)
  • Inspector George Gently (Telefyzjesearje 2012) - Donald McGhee - Searje 5 - Gently In The Cathedral

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]