Inspector Morse

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Inspector Morse wie in tillefyzjerige dy't oarspronklik fan 1987 oant 2000 útstjoerd waard. Guon fan de ôfleverings wienen basearre op de boeken oer Ynspekteur Morse, troch Colin Dexter; oare ferhalen binne skreaun foar tillefyzje mar hawwe deselde haadfigueren: ynspekteur Morse, spile troch John Thaw, en brigadier Lewis, spyle troch Kevin Whately. Yn hast alle ôfleverings spilet Colin Dexter sels in glimproltsje.

De rige spilet foar it meastepart yn Oxford en omkriten. In protte ôfleverings hawwe dan ek te krijen mei studinten en leararen fan de universiteit. Der binne lykwols ek ôfleverings fierder fuort, oant yn Austraalje ta. De rige hie in definityf ein om't ynspekteur Morse in it lêste boek en de lêste ôflevering ferstoar. Fan 2006 oant 2012 hat der al in neirige west, Lewis, dêr't brigadier Lewis op syn bar ynspekteur wurden is en no sels ûndersiken liedt. Yn 2012 is der ek in foarrige kaam, Endeavour, oer in jonge plysje Morse yn de jierren 1960.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]