John Thaw

Ut Wikipedy
John Thaw
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 3 jannewaris 1942
berteplak Manchester
stoarn 21 febrewaris 2002
stjerplak Luckington
jierren aktyf 1960-2001
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

John Edward Thaw (Manchester, 3 jannewaris 1942 - Luckington, Wiltshire, 21 febrewaris 2002) wie in Ingelsk akteur, dy't benammen bekend waard troch de detectivesearje Inspector Morse dêr't er 33 kear yn de titelrol fertolke. De rige rûn fan 1987 oant 2000. Syn assistint yn de rige: Robbie Lewis (spile troch de akteur Kevin Whately) krige in ferfolch op de oarspronklike searje ûnder de namme Lewis.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thaw waard berne yn Longsight, Manchester yn in arbeidershúshâlding. Heit John wie frachtweinsjauffeur. Thaw hie gjin maklike jeugd nei't syn mem fuortgie; hy wie doe sân jier. Syn jongere broer, Raymond Stuart "Ray", emigrearre mids jierren '60 nei Austraalje. Thaw groeide op yn Gorton en Burnage, dêr't er nei de Ducie Technical High School for Boys gie. Doe't er 16 jier wie gie er nei de Royal Academy of Dramatic Art (RADA) yn Londen.

Thaw spile yn syn karriêre noch in soad oare rollen op telefyzje, yn it teäter en yn de film. De hurde detektive Jack Regan yn 'e telefyzjerige (en twa films) fan The Sweeney makke him ferneamd yn it Feriene Keninkryk, en wie letter ek op de Nederlânske telefyzje te sjen. Hy spile Detective Inspector Jack Regan yn 53 ôfleveringen tusken 1975 en 1978.

Ien fan de lêste rollen wie dy fan liberale advokaat James Kavanagh yn Kavanagh QC (1995 - 1999). Krekt as ynspekteur Morse hie Thaw ek alkoholproblemen, mar wie sûnt 1995 sûnder drank. Sûnt juny 2001 waard Thaw behannele foar sloktermkanker. Hy ferstoar yn de âldens fan 60 jier.

Fan 24 desimber 1973 oant syn dea wie Thaw troud wie mei de njoggen jier âldere aktrise Sheila Hancock. Ut dit houlik waard yn 1974 dochter Joanna berne. Tusken juny 1964 en 1968 Thaw wie al troud mei Sally Alexander. Yn 1965 waard út dit houlik dochter Abigail berne. De beide dochters fan Thaw binne ek aktrise.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzjefilms en telefyzjerigen:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

John Thaw