Glimprol

Ut Wikipedy

In glimprol is in koart optreden fan in ferneamd persoan yn in film of tillefyzjesearje. In glimproltsje is altiten in koart roltsje, faak mar ien sêne. Ornaris in figuranteroltsje. In glimprol is dêrmei in koarte foarm fan in Kameo. Alfred Hitchcock hie yn it meastepart fan syn films in glimproltsje. Yn neifolging dêrfan wie Colin Dexter yn in protte ôfleverings fan de rige Inspector Morse ek te sjen yn glimproltsjes.