Grotskildering

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ien fan 'e bekendste grotskilderings fan 'e wrâld: de oerokse út 'e Grotten fan Lascaux.

In grotskildering is de beskildering fan 'e wand of it plafon yn in grot. As foarm fan in rotstekening is it ek besibbe oan in petroglyf, in ynskripsje dy't yn in rots úthoud is. De term 'grotskildering' ferwiist yn 'e regel nei prehistoaryske keunst, mar it kin ek om skilderings fan resinter datum gean. Sa datearje de âldste skilderings yn 'e Gabarnmunggrot, yn noardlik Austraalje, fan 28.000 jier lyn, wylst de nijsten der pas nei 1900 oanbrocht binne.

De Cro-Magnonminske (oftewol de iere moderne minske) wie de earste minskeftige dy't dingen út syn om-en-by werjoech troch beskilderings en gravearrings fan rotsen. De âldste bekende grotskilderings binne mear as 44.000 jier âld en datearje út it Let-Paleolitikum. Skilderings fan dy âldens binne oantroffen yn sawol Frankryk en Kantaabrje yn West-Jeropa, as yn 'e grotten fan it distrikt Maros, op it Yndonezyske eilân Selebes. Dêrby giet it om hânôfdrukken (saneamde hânstensils) en ienfâldige geometryske foarmen. In wittenskiplik ûndersyk út 2018 stelde dat it âldste foarbyld fan in grotskildering besteande út sokke geometryske patroanen op it Ibearysk Skiereilân datearje soe fan 64.000 jier lyn, wat betsjutte soe dat dy makke wie troch de Neändertalers ynstee fan 'e moderne minske.

Lange tiid wiene de âldste bekende ûnomstriden foarbylden fan figurative grotskilderings folle minder âld, en datearren fan omtrint 35.000 jier lyn. Foar wat Jeropa oangiet, kin men dan tinke oan skilderings fan bisten út 'e lêste iistiid, lykas mammoeten, oeroksen, wolhierrige noashoarnen, hynders, harten, ensfh. Ien fan 'e bekendste foarbylden fan grotskilderings is de oeroksebolle út 'e Grotten fan Lascaux, yn Frankryk. Yn desimber 2019 waard troch argeologen lykwols de ûntdekking bekendmakke fan grotskilderings yn 'e grotten yn de Maros-Pangkep-karst op Selebes, mei û.m. in ôfbylding fan in hartswyn dy't datearre waard as teminsten 43.000 jier âld. Dêrmei is dat fierwei it âldste foarbyld fan figurative keunst troch de minske.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.