Springe nei ynhâld

Petroglyf

Ut Wikipedy
De saneamde 'kranterots' yn Utah
Kollaazje fan petroglifen (hällristningar) yn Häljesta, Västmanland, Sweden
Petroglifen fan elanden yn Glösa, Jämtland, Sweden

Petroglifen, binne ôfbylden (figueren, symboalen as oars) dy't yn rots skrast, kerve as hakke binne. It wurd petroglyf komt fan it Grykske wurd petros "stien" en glyphein "kerve". Faak wurde petroglifen yn it Frysk en Nederlânsk rotstekeningen neamd. Yn Skandinaavje hjitte se hällristningar.

Prehistoaryske petroglifen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Petroglifen binne fan alle tiden, mar benammen dy út de prehistoarje binne ferneamd. Sy hearre by de âldste ôfbylden dy't minsken makke hawwe en komme op alle kontininten foar.

De ôfbylden hawwe yn in protte gefallen mei oker fold west. Petroglifen wurde op in protte plakken yn de wrâld fûn, mar de measten wurde fûn yn Skandinaavje, Siberië, it súdwesten fan Noard-Amearika en Austraalje.

De ôfbylden binne wol oars yn de ferskillende prehistoaryske kultueren, mar faak wurde proaibisten ôfbyld. De bisten krigen somtiids minsklike- of oare net-eigensoartige eigenskippen mei. Ek waarden petroglifen makke om kulturele en/as religieuze redenen, faaks ek gewoanwei om it moaie ôfbyld sels. De kennis oer de prehistoaryske minsk is lykwols noch te beheind om fan eltse petroglyf de oarspronklike bedoeling te efterheljen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]