Springe nei ynhâld

Kantaabrje

Ut Wikipedy
Kantaabrje
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Santander
Oerflakte 5.321
Befolking 562.309
Befolkingstichtens 100,6
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

Kantaabrje (Spaansk: Cantabria) is in provinsje en autonome mienskip yn it noarden fan Spanje, dy't as sadanich oprjochte is yn 1982. De regio leit eastlik fan Astuerje en westlik fan Baskyske provinsje Biskaje (Vizcaya). De haadstêd van Kantaabrje is Santander.

Kantaabrje is sawol in selsstannige regio as provinsje, en dêrom net fierder ûnderferparte yn ferskate provinsjes. Dat is krektsa mei de regio's Astuerje, La Rioga, Navarra, Mursia en de Comunidad de Madrid.

Kantaabjre is foaral in tige griene regio. Dat komt troch de relatyf sjoen protte rein dy't der falt. Der binne in soad greiden dêr't foaral fee op hâlden wurdt. Yn de regio wurde ferskate molkeprodukten produsearre, lykas tsiis en bûter.

Yn de regio is ek berchtme, dêr't ien punt, it Pico de tres Mares (pyk fan de trije seeën) bysûnder is, omdat trije rivieren hjir fieden wurde: de Duero, de Nansa en de Ebro, dy't yn trije ferskate seeën útmûnje, te witten de Atlantyske Oseaan, de Golf fan Biskaje en de Middellânske See.

Archeologyske opgravings toane oan, dat der al yn de prehistoarje minsken libbe hawwe yn Kataabrje. De grotbeskilderings fan Altamira binne wrâldferneamd. Oant yn de Romeinske tiid wennen yn it gebiet de Kantabry, wêr't it gebiet nei ferneamd is. Sûnttiid wie it gebiet in part fan it Romeinske ryk. Nei de Romeinen makke it diel út fan it Fisigoatyske ryk. Yn de midsiuwen hearde it by Kastylje en Leon.

De griene wrâld fan Kataabrje
autonome mienskippen fan Spanje Flagge fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla
· · Berjocht bewurkje