Navarra

Ut Wikipedy
Navarra
Flagge Wapen
Lokaasje yn Spanje
Algemien
Haadstêd Pamplona
Oerflakte 10.391
Befolking 600.027
Befolkingstichtens 60,22
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes

Navarra (offisjeel: Comunidad Foral de Navarra) is ien fan de 17 autonome mienskippen fan Spanje, en waard as sadanich oprjochte yn 1982. It leit yn it noarden fan it lân, eastlik fan Baskenlân en Frankryk, noardlik fan La Rioga en westlik fan Arragon. Navarra is sawol in selsstannige regio as in provinsje, krekt as Kantaabrje en Astuerje. Haadstêd fan Navarra is Pamplona (Baskysk: Iruña), in stêd mei om-ende-by 190.000 ynwenners.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Navarra wurdt sawol Spaansk as Baskysk sprutsen. Kultureel en histoarysk besjoen heart it by it Baskyske gebiet. Eartiids makke it ek diel út fan it Keninkryk Navarra. De lêste jierren ferliest it Baskysk yn Navarra lykwols terrein op it Spaansk, omdat de taal yn tsjinstelling ta de oanbuorjende regio Baskenlân amper yn it ûnderwiis brûkt wurdt.

Bestjoerlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens regionale wetjouwing is Navarra ûnderferdield yn trije taalsônes. Yn de zona vascófona (Baskyske taalsône) en de zona mixta (twatalige sône) wurdt it Baskysk op bepaalde nivo's as offisjele amtstaal brûkt, wylst yn de zona no vascófona (net-Baskyske taalsône) allinnich it Spaansk in offisjele status hat.

 
autonome mienskippen fan Spanje
Flagge fan Spanje
AndalûsjeAragonAstuerjeBaleärenBaskelânEkstremadoeraFalinsiaGalysjeKanaryske EilannenKantaabrjeKastylje en LeönKastylje-La MansjaKataloanjeMadridMoersiaNavarraLa Riocha
 
autonome stêden fan Spanje
CeutaMelilla