Baskelân (autonome mienskip)
| Baskelân | |
|---|---|
| Flagge | Wapen |
| Lokaasje yn Spanje | |
| Algemien | |
| Haadstêd | Vitoria-Gasteiz |
| Oerflakte | 7.234 |
| Befolking | 2.124.846 |
| Befolkingstichtens | 293,73/km² |
| Oare ynformaasje | |
| Heechste punt | Aitxuri 1551 meter |
| Provinsjes | {{{provinsjes}}} |

De Selsstannige Regio Baskelân (Baskysk: Eusko Autonomia Erkidegoa; Spaansk: Comunidad Autónoma del País Vasco), koartsein Baskelân (Baskysk: Euskadi), is ien fan de 17 Spaanske regio's fan Spanje, en as sadanich oprjochte yn 1980. Baskelân leit oan de Atlantyske Oseaan yn it noarden fan Spanje, westlik fan de Pyreneeën en grinzet oan Frankryk. De haadstêd is Vitoria-Gasteiz, mar de grutste stêd fan de regio is Bilbao.
Topografyske oantsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Baskelân, histoarysk, kultureel, etnysk en taalkundich besjoen omfettet, útsein de selsstannige Regio Baskelân, de oanswettende regio's Navarra en Frânsk-Baskelân. Ek yn dy kriten wenje benammen Basken.
Taal en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De selsstannige regio Baskelân is offisjeel twatalich: it Spaansk en Baskysk binne de offisjele talen. Yn 2021 hie 62,4% fan de ynwenners fan Baskelân wat kunde fan it Baskysk. Dat wienen likernôch 1,35 miljoen minsken. Fan dy minsken mei wat kunde fan de taal wurdt ynskat dat hast santich prosint de taal goed ferstiet en praat en de oare tritich prosint kin it aardich ferstean, mar eins net prate[1]. Neist it Baskysk praat eltsenien fierder ek de mearderheidstaal Spaansk.
Wêr't de Baskyske taal taalhistoarysk sjoen weikomt wit nimmen[2]. De taal is in isolaat, in taal dy't net besibbe is oan oare talen.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De selsstannige regio Baskelân hat trije provinsjes:
| Provinsje | Haadstêd |
|---|---|
| Álava | Vitoria-Gasteiz |
| Biskaje | Bilbao |
| Gipuzkoa | Donostia-San Sebastián |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de Frânske en Spaanske keningen hienen de Baksen altyd in protte selsstannigens hân. Lykwols waard dizze troch de iuwen hinne hieltyd mear oantaast, oant it gebiet folslein yntegrearre waard yn de Frânske en Spaanske senaat.
Yn de tiid fan de Twadde Spaanske Republyk ûnder presidint Aguirre, krigen de Basken op 'e nij autonomy. Under it bewâld fan Franco kaam oan dizze situaasje wer in ein en waarden de Baskyske frijheidsidealen sterk ûnderdrukt. As reaksje hjirop ûntstie lang om let de wapene ôfskiedingsbeweging ETA, mei as politike takke Batasuna. Doe't Juan Carlos kening fan Spanje waard, krige de Spaanske regio Baskelân mear selsstannigens.
| autonome mienskippen fan Spanje | ||
|---|---|---|
| Andalûsje • Aragon • Astuerje • Baleären • Baskelân • Ekstremadoera • Falinsia • Galysje • Kanaryske Eilannen • Kantaabrje • Kastylje en Leön • Kastylje-La Mansja • Kataloanje • Madrid • Moersia • Navarra • La Riocha | ||
| autonome stêden fan Spanje | ||
| Ceuta • Melilla | ||
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |