Springe nei ynhâld

Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn

Ut Wikipedy
Ynternasjonaal Filmfestival
fan Berlyn
plak en tiid
lân Dútslân
bûnslân Berlyn
plak Berlyn
holden yn ferskate gelegenheden
tiid fan it jier febrewaris
bysûnderheden
oare namme Berlinale
soarte evenemint filmfestival
bestean 1951 – no
offisjele webside
www.berlinale.de

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn (Dútsk: Internationale Filmfestspiele Berlin), faak (fral yn Dútslân) oantsjut as de Berlinale, is in filmfestival dat elts jier yn febrewaris yn 'e Dútske haadstêd Berlyn holden wurdt. It is ien fan 'e saneamde "Grutte Trije" filmfestivals, yn 'e mande mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes en it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn waard yn 1951 foar it earst organisearre, en waard oant 1989 yn West-Berlyn holden. Tsjintwurdich wurde der mear as 400 films fertoand foar in publyk dat 500.000 persoanen berint. De wichtichste prizen dy't op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn útrikt wurde, binne de Gouden Bearen foar de bêste films en de Sulveren Bearen foar yndividuële prestaasjes fan akteurs en filmmakkers.

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn waard yn 1951 yn West-Berlyn oprjochte, mei filmhistoarikus Alfred Bauer as de earste direkteur. De earste fearnsiuw waard it filmfestival yn juny holden. De alderearste edysje iepene mei in fertoaning fan 'e film Rebecca, fan 'e Britske regisseur Alfred Hitchcock. Bauer behold de posysje fan direkteur oant 1976, doe't er opfolge waard troch filmkritikus Wolf Donner. Dyselde bewurkmastere yn 1978 de ferskowing fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn fan juny nei febrewaris. Yn 1980 waard Donner opfolge troch Moritz de Hadeln, dy't de posysje fan direkteur beklaaide oant Dieter Kosslick dy yn 2001 fan him oernaam.

Yn it Berlinale Palast wurde de premiêres holden fan 'e films dy't meidogge oan 'e kompetysje om 'e Gouden Bear.

Hjoeddeiske sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed oan 'e dei is it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn mei elts jier om-ende-by de 500.000 besikers it grutste filmfestival fan 'e wrâld. Der wurde mear as 400 films fertoand (op 'e edysje fan 2014: 441 ûnderskate films, yn 945 fertoanings). Dêrfan tingje ornaris sa'n 20 films mei nei de prizen dy't op it festival útrikt wurde: de Gouden Bearen foar de bêste films, en de Sulveren Bearen foar yndividuële prestaasjes fan akteurs en filmmakkers.

Tagelyk mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn wurdt ek de Jeropeeske Filmmerk (EFM) yn Berlyn holden. Dat is in fakbeurs op it mêd fan 'e Jeropeeske filmyndustry, dêr't regisseurs, filnprodusinten, distributeurs en finansiers mei-inoar yn kontakt brocht wurde. Ek de Berlinale Talents wurdt tagelyk mei it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn holden. Dat is in gearkomste fan in wike foar jonge filmmakkers, dy't yn parnterskip mei it filmfestival organisearre wurdt, en dy't bestiet út in rige lêzings en workshops.

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, de Jeropeeske Filmmerk, de Berlinale Talents en oare eveneminten om it filmfestival hinne lûke elts jier sa'n 20.000 besikers dy't har wurk yn de filmyndustry hawwe, ôfkomstich út mear 130 lannen. Fierders binne der ek likernôch 4.200 sjoernalisten út 110 lannen oanwêzich dy't ferslach dogge fan it barren. By de premiêres fan langspylfilms mei in heech profyl paradearje ûnder it festival ynternasjonale filmstjerren en oare ferneamde persoan oer de reade loper, dêrby sekuer beächte troch sjoernalisten en fotografen.

De op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn fertoande films binne ûnderbrocht yn ferskate 'filmseksjes':

Fotografen oan de reade loper op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn fan 2008.
  • Wettbewerb: Hjiroan dogge elts jier likernôch 20 films mei dy't noch útkomme moatte bûten harren lân fan oarsprong. Se tingje sa mei nei in Gouden Bear, de priis foar bêste film. De akteurs en filmmakkers tingje op persoanlike titel mei nei in Sulveren Bear.
  • Panorama: In rige nije ûnôfhinklike films en filmhûsfilms oer kontroversjele ûnderwerpen (histoarysk faak oer homorjochten en homofoby). Dizze films binne bedoeld om diskusje los te meitsjen.
  • Forum: In rige eksperimintele films en dokumintêres fan 'e oer de hiele wrâld mei de klam op wurk fan jongere filmmakkers.
  • Generation: In miks fan koarte films en langspylfilms mei as doelpublyk bern en jongerein. Der binne twa subkategoryen: Generation Kplus foar bern fan 4 oant 14 jier, en Generation 14plus foar jongerein fan 14 oant 18 jier. Dizze films hawwe har eigen prizen, de Glêzen Bearen, dy't takend wurde troch trije ûnôfhinklik faninoar operearjende sjuerys: de Bernesjuery, de Jongereinsjuery en in ynternasjonale faksjuery.
  • Perspektive Deutsches Kino: In breed ferskaat oan Dútske en Dútsktalige films, mei de klam op aktuële tema's yn de Dútske filmwrâld.
  • Berlinale Shorts: In rige Dútsk(talig)e en ynternasjonale koarte films, yn 't bysûnder guon dy't in nije oanpak fan it filmmeitsjen sjen litte. Dizze films tingje mei om 'e Gouden Bear foar bêste koarte film en ek om in eigen, troch in sjuery tawiisde Sulveren Bear.
  • Retrospektive: In seleksje filmklassikers dy't yn eardere edysjes fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn fertoand binne.

Njonken de sân filmseksjes binne der ek inkele 'spesjale searjes', lykas de Berlinale Special, de Gala Special, Forum 5, Kulinarisches Kino en Homage.

De prizen fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn binne de Gouden Bear en de Sulveren Bear (de bear is it symboal fan Berlyn en stiet prominint yn it wapen en de flagge fan 'e stêd).

De Gouden Bear (Goldener Bär) bestiet fan it begjin fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn ôf. Hy wurdt útrikt foar:

De Sulveren Bear (Silberner Bär) waard yn 1956 yntrodusearre foar yndividuële prestaasjes op it mêd fan aktearjen en it meitsjen fan films. Ek is der in Sulveren Bear foar bêste koarte film, wat delkomt op in twadde priis nei de Gouden Bear foar bêste koarte film. Fierders waard yn 1965 ek in twadde priis foar bêste film yntrodusearre. De offisjele namme dêrfan is eins net 'Sulveren Bear', mar wie fan 1965 oant 1999 Spesjale Priis fan de Sjuery (Sonderpreis der Jury) en is fan 2000 ôf Grutte Priis fan de Sjuery (Großer Preis der Jury). Nettsjinsteande dat wurdt ek dy priis ornaris oantsjut as in Sulveren Bear. De Sulveren Bear wurdt sadwaande útrikt foar:

In parsekonferinsje nei de fertoaning fan in film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.