The Deer Hunter (film)

Ut Wikipedy
The Deer Hunter
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Michael Cimino
produsint Barry Spikings
Michael Deeley
Michael Cimino
John Peverall
senario Deric Washburn
kamerarezjy Vilmos Zsigmond
muzyk Stanley Myers
filmstudio EMI Films
distribúsje Universal Pictures (Noard-Am.)
EMI Films (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Robert De Niro
Christopher Walken
John Savage
Meryl Streep
byrollen John Cazale
George Dzundza
Chuck Aspegren
Rutanya Alda
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 desimber 1978
foarm langspylfilm
sjenre anty-oarlochsdrama
taal Ingelsk (ek wat Russysk,
   Fjetnameesk en Frânsk
spyltiid 184 minuten
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $48,9 miljoen
prizen 5 × Oscar
1 × Golden Globe
2 × BAFTA

The Deer Hunter is in Amerikaanske histoaryske anty-oarlochs- en dramafilm út 1978 ûnder rezjy fan Michael Cimino, mei yn 'e haadrollen Robert De Niro, Christopher Walken, John Savage en Meryl Streep. De titel betsjut "De Hartejager". It ferhaal folget trije jonge Amerikaanske stielfabryksarbeiders út Pennsylvania, dy't ein 1960-er jierren as soldaten nei Súdeast-Aazje ta útstjoerd wurde om yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen. De skeinende ûnderfinings dy't se dêr opdogge, feroarje harren libbens foargoed. The Deer Hunter krige oer it algemien loovjende resinsjes fan 'e filmkritisy en wûn yn 1979 fiif Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film. De film wûn dêrnjonken in Golden Globe en twa BAFTA's. Yn 'e bioskopen wie The Deer Hunter ek kommersjeel súksesfol. Yn 1996 waard de film útornearre foar preservearring yn it Nasjonaal Film Register.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1967 wenje seis freonen, Michael, Nick, Steven, Axel, Stanley en John, yn Clairton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, in plak dêr't de measte ynwenners diel útmeitsje fan in grutte etnysk Russyske mienskip fan ymmigranten en harren neiteam. Fiif fan 'e seis freonen wurkje yn it pleatslike stielfabryk, wylst John kroechbaas is. Allegear meie se yn har frije tiid graach jeie yn 'e omlizzende berchkrite fan 'e Appalachen, mar inkeld Michael nimt dat tiidsferdriuw serieus en is in ekspêr yn 'e jacht op wapitys. Michael, Nick en Steven binne oproppen foar de tsjinstplicht om yn 'e Fjetnamoarloch te fjochtsjen en risselwearje om fuort.

Steven is ferloofd mei Angela, dy't swier rekke is fan in oare man. Nettsjinsteande dat trout er mei har op 'e foarjûn fan syn ôfreis nei Fjetnam. Nick en Michael diele in bungalow yn Clairton. Nick hat in relaasje mei Linda, dy't nei harren ôfreis yn 'e bungalow trekke sil om te ûntsnappen oan har alkoholistyske heit, dy't har mishannelet. Michael is temûk fereale op Linda. Op 'e brulloft fan Steven en Angela freget Nick Linda om mei him te trouwen, en sy jout him tawurd. Letter dy jûns, as se allegear wat op hawwe, freget Nick oan Michael om him net efter te litten yn Fjetnam. As er sneuvelje mocht, wol er dat Michael derfoar soarget dat syn stoflik omskot yn Clairton te hôf brocht wurdt. De deis nei de brulloft geane de freonen, sûnder brêgeman Steven, noch ienris op jacht. Sa't er foar de moade hat, deadet Michael mei in inkeld skot in mânske wapitybok.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mank de ferskrikkings fan 'e oarloch yn Fjetnam wurde Michael, Nick en Steven kriichsfinzen nommen troch de Viet Cong. Se wurde neitiid finzen holden yn in hutte oan in rivier. Harren sipiers fermeitsje harsels troch de finzenen te twingen en wurkje mei oan spultsjes Russyske rûlette, wêrby't se skynselsmoarden útfiere moatte mei in revolver dy't laden is mei ien kûgel wylst nimmen wit oft de keamer dêr't de hammer op delkomme sil leech is of net. De sipiers slute weddenskippen ôf oer de fraach oft in beskate kriichsfinzene himsels dêrby deasjitte sil of net.

Steven giet geastlik stikken oan dy foarm fan tramtaasje en rjochtet op in stuit de revolver op 'e souder ynstee fan op syn eigen holle as er de trekker oerhellet. Dêrtroch oerlibbet er it 'spultsje', want dy kear komt de hammer op 'e folle keamer del. Mar om't er him net oan regels holden hat, wurdt er troch de sipiers yn in fan rotten optillende koai mei de liken fan oare spulbrekkers smiten, dy't frijwol hielendal ûnder wetter stiet yn 'e rivier. Michael bepraat Nick fan 'e needsaak om 'e sipiers oer te heljen om harren mei trije kûgels yn 'e út seis keamers besteande silinder spylje te litten. Hy ornearret dat se in ridlike kâns hawwe om te ûntsnappen as se trije sipiers deasjitte kinne. Russyske rûlette mei trije kûgels is lykwols tige riskant, dat Nick is der earst net wis fan, mar Michael wit him te oertsjûgjen.

As hy en Nick út 'e sel helle wurde om tsjininoar te spyljen, bepraat Michael de sipiers om trije kûgels yn 'e silinder te dwaan. De sipiers fine dat wol spektukulêr en geane akkoart. Michael kriget de earste kear de revolver tastoppe, set it wapen tsjin syn holle oan en hellet de trekker oer op wat in lege keamer blykt te wêzen. Dan docht Nick mei folle minder bravoere itselde, en wer komt de hammer del op in lege keamer. It pistoal wurdt Michael wer taskood, dy't wit dat der no noch trije kûgels yn fjouwer keamers sitte. Dat hy pakt it oan en sjit trije sipiers dea. Hy en Nick gripe de mitrailleurs fan 'e ombrochte mannen, en sjitte dêrmei de rest fan 'e sipiers ek dea. Nei't se Steven út 'e ûnderwetterkoai befrijd hawwe, klampe se har fêst oan in deade beam en litte har yn 'e rivier streamôf spiele.

As se in rynkranke hingbrêge oer de rivier berikke en dêrop kladderje, wurde se sinjalearre en rêden troch in helikopter fan it Amerikaanske Leger. Om't it tastel ûnder fjoer nommen wurdt troch de fijân, moat de rêding halje-trawalje útfierd wurde. Nick wurdt troch de helikopterbemanning it tastel yn skuord, mar Michael en Steven moatte har fêsthâlde oan 'e glydstangen fan it ûnderstel. Steven, dy't ferswakke is, falt op in stuit werom yn 'e rivier, en Michael springt him efternei. De helikopter, mei de oerstjoere Nick deryn, fljocht fuort. Steven is by syn fal krekt op in pear rotsen ûnder wetter del kommen, en syn skonken binne tebrizele. Michael skuort him lykwols nei de riviersigge ta en nimt him dan op 'e rêch. Sa draacht er him troch it oerwâld oant se by in wei útkomme dy't nei Saigon liedt. Dêr sjocht it swart fan it folk dat foar de oarloch op 'e flecht is nei de Súdfjetnameeske haadstêd. Michael hâldt in Jeep fan it Súdfjetnameeske Leger oan en jout Stephen oan 'e soldaten mei om him nei it legerhospitaal yn Saigon te bringen. Sels jout er him by de mannichte flechtlingen dy't geandefoets ûnderweis is.

Underwilens betteret Nick yn in legerhospitaal yn Saigon op fan syn lichaamlike ferwûnings, mar it psychologysk trauma dat er oprûn hat, bliuwt ûnbehannele. Nei't er út it sikehûs ûntslein wurdt, doarmet er troch de stêd. As er op in stuit skotten út in goksealtsje kommen heart, bringt dat him syn behanneling troch de Viet Cong wer yn 't sin. Hy besiket him ôf te jaan, mar de Frânske sakeman Julien Grinda bepraat him om mei deryn te gean. It docht bliken dat yn it goksealtsje weddenskippen pleatst wurde op 'e útkomst fan Russyske rûlette dy't troch twa manlju spile wurdt. Nick wurdt poer, pakt de revolver ôf en jaget de boel yn 'e bulten. Michael is mank it publyk oanwêzich en besiket om 'e nocht om Nick syn oandacht te lûken. As de gearkomste yn trelit einiget, pykt Nick út. Letter wurdt er op 'e strjitte wer oansprutsen troch Grinda, dy't him ûnthjit dat er him ryk meitsje kin. Mei tsjinnichheid stapt Nick by him yn 'e auto en tegearre ride se fuort. Michael komt krekt te let om dat tsjin te kearen.

Michael kriget earfol ûntslach út it leger en reizget werom nei Clairton, dêr't er lykwols swierrichheden ûnderfynt om syn âlde bestean wer op te pakken. Dat begjint al fuort by syn weromkomst. As er by jûn arrivearret en sjocht dat syn freonen in wolkomsfeest foar him taret hawwe, kompleet mei spandoeken mei de tekst "Wolkom Thús, Mike", hjit er syn taksysjauffeur om troch te riden. Hy bringt de nacht troch yn in motel en komt pas de oare moarns, as de 'kust feilich' is, thús. Fan Linda, dy't no yn it hûs fan him en Nick wennet, heart er dat Nick desertearre is. As er dy deis syn maten Stanley, John en Axel moetet, heart er dat Steven ek thúskommen is, mar nimmen wit wêr't er is om't syn frou Angela dêr net oer prate wol. Michael giet dêrop nei Angela ta, dy't no de mem fan in pjut is. Hja is weisakke yn in suver katatoanyske steat, mar troch oan te hâlden as kâld wetter kriget Michael úteinlik in tillefoannûmer fan har los.

Stanley, Axel, John, Linda en al Michael syn oare freonen en kunde yn Clairton begripe neat fan 'e oarloch. As er op jacht giet, kin er op it lêste momint in grutte wapitybok net deasjitte. Letter, as er mei Stanley, Axel en John yn in blokhutte yn 'e bergen oernachtet, sjocht er hoe't Stanley, dy't altyd in revolver by him hat, it wapen foar 't ljocht hellet en Axel der by wize grap mei bedriget. Michael ferliest syn selsbehearsking hielendal, grypt it wapen, skoddet alle kûgels op ien nei út 'e silinder, set Stanley de loop tsjin 'e holle oan en traktearret him op in rûntsje Russyske rûlette, wêrby't de hammer aldergeloks op in lege keamer del komt. Linda, dy't al yn gjin jierren berjocht fan Nick krigen hat, en dy't har al foar de ôfreis fan 'e trije freonen nei Fjetnam begûn ôf te freegjen oft se soms de ferkearde keazen hie, hat ûnderwilens gefoelens foar Michael ûntwikkele. Se besiket him te ferlieden om mei har op bêd te gean, mar Michael beskôget dat as in foarm fan ferrie fan Nick en besiket de boat ôf te hâlden. Dat se no tegearre yn ien hûs wenje, helpt fansels net. Uteinlik jout er belies.

It tillefoannûmer dat Michael fan Angela krigen hat, blykt it nûmer fan in fersoargingstehûs foar oarlochsfeteranen te wêzen, dêr't Steven ferbliuwt. As Michael him dêr opsiket, sjocht er dat Steven syn beide skonken ôfset binne en dat er no yn 'e rolstoel sit. Hy lit Michael in laadfol jild sjen, dat him nei eigen sizzen eltse moanne anonym tastjoerd wurdt út Saigon. Michael liedt dêrút ôf dat Nick noch libbet en him skuldich fielt foar Steven oer. Steven sels skammet him foar syn ferwûnings en brûkt it fersoargingstehûs om him yn te ferbergjen, mar Michael twingt him om nei hûs te gean.

Michael keart werom nei Saigon om Nick te sykjen. De oarloch rint no op syn ein en de stêd ferkeart yn in steat fan gaos om't de Viet Cong en it Noardfjetnameeske Leger op it punt steane Saigon yn te nimmen. Michael spoart Grinda op en keapet dyselde om mei it jild dat Nick nei Steven stjoerd hat om him nei in goksealtsje te bringen dêr't Nick syn jild fertsjinnet mei it spyljen fan Russyske rûlette. Syn freon hat him ûntjûn ta professional yn it makabere spultsje en is boppedat ferslave rekke oan heroïne. Hy is ûnferskillich, beart dat er Michael net ken en flybket him sels yn it gesicht as er him net gewurde litte wol. Michael fielt dat er gjin oare kar hat as om it plak yn te nimmen fan Nick syn tsjinstanner. Sa sitte se op 'e nij foarinoaroer by in spultsje Russyske rûlette. Michael is earst oan bar, set de revolver tsjin syn holle oan en hellet de trekker oer op in lege keamer. Tuskentroch slagget it him einlings om ta Nick troch te kringen mei it opheljen fan oantinkens oan harren jachttripkes yn 'e bergen. Nick glimket, set de revolver tsjin syn holle oan en sjit himsels dea.

Neitiid soarget Michael derfoar dat Nick syn stoflik omskot, sa't er foar harren ôfreis nei Fjetnam al ûnthjitten hie, repatriëarre wurdt nei Clairton. Dêr bringe Michael en Nick syn oare freonen, famylje en kunde him te hôf. Nei de begraffenis geane Michael, Stanley, Axel, John, Steven, Linda en Angela nei John syn kroech om it lykmiel te brûken. Se bringe in toast út op Nick.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert De Niro yn 1988.
Christopher Walken yn 2008.
John Savage yn 2017.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Michael "Mike" Vronsky Robert De Niro
Nikanor "Nick" Chevotarevich Christopher Walken
Steven Pushkov John Savage
Linda Meryl Streep


byrollen
personaazje                                akteur/aktrise
Stanley John Cazale
John Welsh George Dzundza
Peter "Axel" Axelrod Chuck Aspegren
Angela Ludhjduravic Pushkov Rutanya Alda
Julien Grinda Pierre Segui
Steven syn mem Shirley Stoler
Axel syn faam Mady Kaplan
Stan syn faam Mary Ann Haenel
fjirde breidsfamke Amy Wright
Linda har heit Richard Kuss
bandlieder Joe Grifasi
man op brulloft Christopher Colombi jr.
Sineeske skiedsrjochter Po Pao Pee
Viet Cong-skiedsrjochter Somsak Sengvilai

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Deer Hunter waard regissearre troch Michael Cimino nei in senario fan Deric Washburn. Dat wie foar in grut diel basearre op in noch net ferfilme earder skript mei de titel The Man Who Came to Play, fan Louis Garfinkle en Quinn K. Redeker oer lju dy't nei Las Vegas geane om Russyske rûlette te spyljen. The Man Who Came to Play waard foar $19.000 oankocht troch filmstudio EMI Films, in dochterûndernimming fan platemaatskippij EMI. Filmprodusint Michael Deeley fan EMI Films sei dêroer: "It senario liek my briljant ta, mar der miste wat. De trúk wie om in manear te finen om der in praktyske, reälisearbere film fan te meitsjen."

Regisseur Cimino en senarioskriuwer Washburn wurken seis wiken lang gear om The Man Who Came to Play om te wurkjen ta The Deer Hunter. Dêrfoar namen se de eleminten fan Russyske rûlette en de spilers fan dat 'spul' en pleatsten dy tsjin 'e eftergrûn fan 'e Fjetnamoarloch. Hoe't dat krekt yn syn wurk gie, dêr ferskille de mienings oer, mei't Cimino en Washburn in heechoprinnende rûzje krigen en ûnfersoenlike fijannen waarden. Neffens Washburn brochten hy en Cimino trije dagen yn Los Angeles mei-inoar troch om 'e haadlinen fan 'e plot ôf te praten, wêrnei't hysels op eigen manneboet yn in moanne tiid it hiele senario fan The Deer Hunter skreau. Dêrby makke er dagen fan tweintich oeren. Doe't er it ôf hie, namen Cimino en syn associate producer Joann Carelli him mei út te iten. Nei iten sei Carelli dealeuk tsjin Washburn: "Well, Deric, it's fuck-off time." ("No, Deric, it is oprottiid.") Hy wie ûntslein, Cimino sette syn namme op it senario en Washburn moast wer oan it wurk as timmerman.

Neffens Cimino hiene hy en Washburn eltse dei tillefoanysk kontakt yn 'e tiid dat Washburn oan it skript wurke, en levere er sels oan ien wei troch ideeën oan foar lokaasjes, dialooch en de ûntwikkeling fan ferhaallinen. Doe't er werom kaam en lies wat Washburn skreaun hie, skrok er him rot: "[…] ik koe gewoan net leauwe wat ik lies. It wie krekt as wie it skreaun troch ien dy't… geastlik net ynoarder wie." Cimino konfrontearre Washburn mei syn minne wurk en Wasburn sei doe (neffens Cimino) dat er de druk net oankoe en allinne noch mar nei hûs woe. Cimino ûntsloech Washburn doe en begûn wer fan it begjin ôf oan mei it skript, dat er sadwaande hielendal sels skreau.

De beide folslein ferskillende ferhalen waarden foar in arbitraazjekommisje brocht fan it Writers Guild of America, it Amerikaanske fakbûn fan senarioskriuwers. Dy bepaalde dat Washburn it senario skreaun hie en dêrom ek as iennichste senarioskriuwer op 'e begjintitels en de ôftiteling fan 'e film neamd wurde mocht. Garfinkle en Redeker krigen foar The Man Who Came to Play de fermelding "nei in ferhaal fan". Cimino wie poerlulk oer de útkomst fan 'e arbitraazje en sei oer de kommisje: "Yn harren nazy-wiisheid ûntholden se my de namme fan senarioskriuwer om't ik dan produsint, regisseur en skriuwer west hawwe soe." Omreden fan 'e macht fan it senarioskriuwersfakbûn yn 'e filmyndustry fan Hollywood koed er lykwols neat oars dwaan as him by de útspraak dellizze. Doe't The Deer Hunter letter nominearre waard foar de Oscar foar Bêste Orizjinele Senario, waarden foar dy priis Washburn, Cimino, Garfinkle en Redeker mei-inoar neamd.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As produsinten wiene Barry Spikings, Michael Deeley, Michael Cimino en John Peverall by The Deer Hunter belutsen foar de filmstudio EMI Films. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Vilmos Zsigmond, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Stanley Myers.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert De Niro wie de iennichste filmstjer dy't yn The Deer Hunter spile. Hoewol't Christopher Walken, John Savage, George Dzundza en fral Meryl Streep mei troch de film allegear bekend wurden binne, wiene se dat noch net doe't se cast waarden foar harren rollen yn The Deer Hunter. Filmprodusint Michael Deeley stie derop dat er ferlet hie fan in filmstjer om 'e film te dragen. Dêrfoar hied er earst Roy Schneider útsocht, mar dy stapte twa wiken foar't de opnamen begûnen út 'e produksje omreden fan in kreätyf mieningsferskil. De Niro wie sadwaande eins in ferfanger dy't op it nipperke binnenbrocht waard. Hy wie doe bekend fan kaskreakers as Mean Streets (1973), The Godfather Part II (1974) en Taxi Driver (1976), en koe foar syn meiwurking oan The Deer Hunter (foar it earst) in salaris fan $1 miljoen easkje. Om him ta te rieden op syn rol, brocht De Niro tiid troch yn kroegen yn lytseftige stielstedsjes yn it noarden fan 'e Feriene Steaten en ek liet er him troch de stielarbeiders dy't er dêr trof thús útnûgje.

It ynhieren fan De Niro makke it libben fan Cimino en Deeley der in stik makliker op, mei't er sa'n soad akteurs yn New York koe. Hy rikkemandearre bygelyks Meryl Streep oan foar de rol fan Linda. Streep hie foartiid op it wite doek inkeld in lyts roltsje hân yn Julia, wylst se fierders yn 'e minysearje Holocaust (1978) spile hie. Yn it senario wie it oanpart fan Linda te ferwaarleazgjen, mar Cimino wie sa fan Streep ûnder de yndruk, dat er dy rol folle grutter makke. Ek suggerearre er dat se har eigen dialooch mar skriuwe moast. Foar Streep foarme The Deer Hunter har trochbraak as aktrise.

Mei Streep kaam ek John Cazale ûnder de oandacht fan Cimino en de produsinten. Cazale hie doedestiden in relaasje mei Streep, mar litte oan terminale kanker. Doe't de studio dat ûntdiek, woe men him ûntslaan, mar Streep en Cimino drigen yn dat gefal ek op te stappen, dat safier kaam it net. It bliek wol ûnmooglik om Cazale betelber te fersekerjen foar syktekosten. Neffens Streep betelle De Niro dy fersekering doe út eigen bûse. Om't it al safier hinne wie mei Cazale, waarden alle sênes dêr't hy yn spile earst opnommen. The Deer Hunter wie syn lêste film, en hy ferstoar koart nei't de opnamen ôfrûne wiene, doe't de postproduksje noch yn folle gong wie. Sadwaande seach er de film sels nea.

Chuck Aspegren, dy't de rol fan Peter "Axel" Axelrod spile, wie gjin akteur, mar de foarman fan in stielfabryk yn Chicago dat troch Cimino en De Niro besocht waard doe't se foarôfgeande oan 'e opnamen op 'e sneup wiene nei gaadlike filmlokaasjes. Hy makke sa'n yndruk op 'e beide mannen dat se him de rol oanbeane.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar The Deer Hunter setten op 20 juny 1977 útein. Alle sênes waarden op lokaasje filme; der waard hielendal gjin gebrûk makke fan studio's, ek net foar binnendoarsênes. Om it derút sjen te litten as hjerst waarden leafbeammen ûntblêde troch de blêden der ien foar ien fan ôf te lûken. De trousêne waard filme yn 'e Russysk-Otterdokse Katedraal fan 'e Hillige Teodoasius yn Cleveland (Ohio). It duorre fiif dagen ear't it der goed op stie. De echte Russysk-otterdokse preester fan 'e tsjerke, Stephen Kopestonsky, waard cast as de preester dy't Stephen en Angela yn it houlik ferbynt. De lange, 51 minuten duorjende brulloftssêne waard filme yn in seal yn Lemko Hall, ek yn Cleveland.

De kroech fan John Welsh waard spesjaal foar de produksje fan The Deer Hunter boud yn in leechsteande winkel yn Mingo Junction (Ohio) foar de priis fan $25.000. Nei't de opnamen ôfrûn wiene, waard it yn 'e steat dy't it doe hie ferkocht, wêrnei't it in echte kroech foar pleatslike stielfabryksarbeiders waard. De sênes (eins mear sfearbylden) yn it eigentlike stielfabryk waarden opnommen yn it fabryk fan U.S. Steel yn Cleveland. Dat koe lykwols pas trochgong fine nei't der in fersekeringspolis ter wearde fan $5 miljoen ôfsletten wie. Der waard ek filme by (hoewol net yn) in stielfabryk yn Pittsburgh. Oare bûtendoarsênes binnen de beboude kom waarden opnommen yn Steubenville (Ohio), Struthers (Ohio) en Weirton (West-Firginia).

De Russysk-Otterdokse Katedraal fan 'e Hillige Teodoasius yn Cleveland waard brûkt foar de houlikssêne.

De jachtsênes waarden opnommen yn it Nasjonaal Wâld Mount Baker-Snoqualmie en by de Nooksackwetterfal yn it noardlike Cascadesberchtme yn 'e Amerikaanske steat Washington. De wapitybokken dy't Michael deasjit en gean lit, wiene nuete bisten. It "deasketten" bist waard eins rekke troch in pylkje út in ferdôvingsgewear.

De sênes yn Fjetnam waarden eins opnommen yn Tailân, om't it echte Fjetnam om foar de hân lizzende redens ûntagonklik wie foar de filmproduksje. The Deer Hunter wie de earste Amerikaanske film oer de Fjetnamoarloch dy't foar de opnamen útwiek nei Tailân, mar dat foarbyld soe letter troch withoefolle oare produksjes folge wurde. De sênes mei de hutte oan 'e rivier dêr't Michael, Nick en Stephen troch de Viet Cong kriichsfinzen holden wurde, waarden filme yn westlik Tailân, oan 'e igge fan 'e Khwae Noi (ek wol bekend as de rivier de Kwai, fan 'e film The Bridge on the River Kwai). De sênes yn Saigon, de haadstêd fan Súd-Fjetnam dy't no Ho Chi Minhstêd hjit, waarden opnommen yn 'e Taiske haadstêd Bangkok.

Foar de sêne wêryn't Michael yn 'e jachthutte yn 'e bergen Russyske rûlette spilet troch Stanley syn eigen revolver tsjin 'e holle oan te setten en de trekker oer te heljen, frege Robert De Niro neffens regisseur Michael Cimino om in echte kûgel yn it wapen te dwaan. Dat soe neffens him nammentlik de yntinsiteit fan 'e opnamen fergrutsje. John Cazale, dy't Stanley spile, gie dêr sûnder protest mei akkoart, mar checkte en wercheckte foar eltse take hieltyd oft de folgjende keamer yn 'e silinder wol leech wie.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The Deer Hunter waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch Universal Pictures en yn oare lannen en territoaria troch EMI Films. De film gie op 8 desimber 1978 yn Los Angeles yn premiêre, en draaide dêrnei ien wike lang yn ien bioskoop yn Los Angeles en yn ien yn New York. De film iepene dêrnei op 23 febrewaris 1979 yn alle Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde pas op 25 oktober 1990 by platemaatskippij Capitol Records. The Deer Hunter waard yn 1998 foar it earst útbrocht op dvd en kaam op 11 maart 2009 út op blu-ray.

Historisiteit en kontroverse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Deer Hunter joech oanlieding ta kontroverse trochdat yn 'e film Amerikaanske kriichsfinzenen troch de Viet Cong twongen wurde om Russyske rûlette te spyljen. Peter Arnett, in Pulitzerpriiswinnend ferslachjouwer foar it parseburo Associated Press, skreau dêroer yn 'e Los Angeles Times: "Yn tweintich jier fan oarloch hat der net ien inkeld dokumintearre gefal fan Russyske rûlette west. […] De sintrale metafoar fan 'e film is ienfâldichwei in ferrekte leagen." Regisseur Michael Cimino krige fierders ek krityk foar syn iensidige werjefte fan alle Noardfjetnamezen yn 'e film as moardsuchtige sadistyske rasisten.

Cimino ferdigene himsels tsjin 'e beskuldigings troch derop te wizen dat syn film gjin politike, polemike, letterlike wierheid wie. Dêr heakke er oan ta dat er kranteknipsels út Singapoer hie dy't befêstigen dat Russyske rûlette ûnder de Fjetnamoarloch wol deeglik foarkaam (sûnder te spesifisearjen knipsels fan hokker artikels út hokker krante).

The Deer Hunter waard yn 1979 ek fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn, dêr't de delegaasje fan 'e Sovjet-Uny útdrukking joech oan lulkens om't de film nei harren miening it folk fan Fjetnam yn ferskate sênes misledige. Ferskate oare Eastbloklannen sleaten har dêrby oan, en doe't de organisaasje de fertoaning fan 'e film dochs trochsette, late dat ta it ferlitten fan it festival fan 'e offisjele delegaasjes fan 'e Sovjet-Uny, Kuba, de DDR, Hongarije, Bulgarije, Poalen en Tsjechoslowakije. Twa leden fan 'e sjuery stapten ek op.

Lemko Hall, yn Cleveland, wêrfan't de grutte seal brûkt waard foar de brulloftssênes.

Filmprodusint Barry Spikings sei yn 2008 yn in fraachpetear dat er noch altyd grutsk wie op The Deer Hunter, mar dat it him efternei spiet hoe't de Fjetnamezen der yn 'e film fan ôf kamen: "Ik leau net dat ek mar ien fan ús der in eksploitaasjefilm fan meitsje woe, mar ik tink dat we… ûnwittend wiene. Ik kin der gjin better wurd foar betinke. Ik besefte net hoe min oft we it Fjetnameeske folk behannele hiene." Syn kollega Michael Deeley skreau yn 2009 yn syn autobiografy lykwols dat The Deer Hunter "eins hielendal net 'oer' Fjetnam gie. […] It gie oer hoe't yndividuën dermei omgeane as se ûnder druk set wurde."

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The Deer Hunter oer it algemien tige loovjende resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 4 fan 4 stjerren en neamde it "ien fan 'e meast emosjoneel teheisterjende films dy't ea makke binne." Syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune skreau: "Dit is in grutte film oer grutte kwestjes, makke op grutte skaal." Yn The New York Times neamde Vincent Canby The Deer Hunter "in grutte, pynlike, idioat ambisjeuze film, dy't earder in folksepos neamd wurde kin as lykfol hokker oare film oer dit lân sûnt The Godfather."

Lykwols wiene der ek resinsinten dy't krityk hiene op The Deer Hunter. Yn it tydskrift The New Yorker publisearre Pauline Kael in yn grutte halen positive resinsje mei foarbehâld op beskate punten. Hja skreau: "[It is] in nearzige film dy't swidens omfettet […] mei in yn ferfiering bringende kyk op it bestean fan 'e gewoane man […, mar de film] bringt jin ek ta razernij, om't er, nettsjinsteande syn ambysje en skaal, likemin besef fan noarmen en wearden hat as de aksjefilms fan Eastwood." Andrew Sarris wie noch folle mear útsprutsen yn syn (negative) miening oer de film: "[The Deer Hunter] is in ûntychlike dizenich, ferfeelsume omslachtich en riedseleftige hystearysk. […] Faaks dat it wol wat seit dat de akteurs ynteressanter bliuwe as de personaazjes dy't se spylje."

Doe't de folgjende film fan regisseur Michael Cimino, Heaven's Gate, yn 1980 lau ûntfongen waard, folslein flopte yn 'e bioskopen en ta it bankrot fan 'e âlde filmstudio United Artists late (dy't doe oernommen waard troch MGM), fûnen in protte filmkritisy it nedich om harren loovjende wurden foar The Deer Hunter te ferantwurdzjen of yn te lûken. Vincent Canby skreau yn in ferneamd wurden resinsje: "Heaven's Gate hat sa folslein faald, dat men wol fermoedzje kinne soe dat Cimino syn siel oan 'e duvel ferkocht hat om The Deer Hunter ta sa'n grut súkses te meitsjen en dat de duvel no weromkommen is om syn eigendom yn te foarderjen."

Andrew Sarris skreau lykwols: "Ik haw my nea bedrage litten. […] Sadwaande wie de ûnnoazelens en ynkoherinsje fan Heaven's Gate foar my gjin ferrassing, mei't persiis deselde ûnnoazelens en ynkoherinsje al yn oerfloed oanwêzich wie yn The Deer Hunter." De foaroansteande Britske filmkritikus Mark Kermode stelde yn 'e ienentweintichste iuw dat The Deer Hunter nei syn miening "ien fan 'e minste films aller tiden is, in rammeljend, gemaksuchtich, megalomaan koarmiddel dat smoarfol sit mei manipulative rasistyske emoasje, en dat yn it foarste plak opmerklik is om syn bespotlik melodramatyske toan, dy't de midden hâldt tusken gillende hystery en sliepferwekjende somberheid."

Nettsjinsteande sokke negative resinsjes wurdt The Deer Hunter ek tsjintwurdich noch oer it algemien beskôge as ien fan 'e bêste film ea makke. Yn 1996 waard de film troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it National Film Registry, omreden fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Deer Hunter in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 69 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De swidens [fan 'e film] wurdt beheind troch syn lingte en iensidich perspektyf, mar de […] swakten wurde oerweldige troch de sympatike rezjy fan Michael Cimino en in rige tige oangripende aktearprestaasjes fan Robert De Niro, Meryl Streep en Christopher Walken." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Deer Hunter in goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 18 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Deer Hunter brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $48,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria mar inkele tsientûzenen dollars. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $48,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $15 miljoen betsjut dat in winst fan $33,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Oscars waard The Deer Hunter yn 1979 nominearre foar prizen yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste akteur (Robert De Niro), bêste byrol fan in aktrise (Meryl Streep), bêste orizjinele senario en bêste kamerarezjy. De film wûn 5 Oscars, foar bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (Christopher Walken), bêste filmmontaazje (Peter Zinner) en bêste lûdsmixing (Richard Portman, William McCaughey, Aaron Rochin en Darin Knight).

The Deer Hunter waard ek nominearre foar 6 Golden Globes, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film (drama), bêste akteur yn in dramafilm (Robert De Niro), bêste byrol fan in akteur yn in dramafilm (Christopher Walken), bêste byrol fan in aktrise yn in dramafilm (Meryl Streep) en bêste filmsenario. De film wûn de Golden Globe foar bêste regisseur (Michael Cimino).

Om utens waard The Deer Hunter nominearre foar 10 BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen. De film wûn trije BAFTA's, foar bêste bûtenlânske film, bêste kamerarezjy en bêste filmmontaazje. De film wûn ek de Japanske Kinema Junpo foar bêste bûtenlânske regisseur.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.