Chicago Tribune

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Chicago Tribune
Chicago Tribune Logo.svg
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre krante
frekwinsje 1 × deis
bestean 1847 – no
oprjochter James Kelly
John E. Wheeler
Joseph K.C. Forrest
plak haadred. Chicago (Illinois)
útjouwer Tribune Media Company
oplaach 448.930 op wykdagen (2013)
331.190 sneons (2013)
853.324 sneins (2013)
ISSN 1085-6706
offisjele webside
chicagotribune.com

De Chicago Tribune is in deistich ferskinende, konservative krante yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. Dizze publikaasje hat de grutste sirkulaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago, mei in oplaach (anno 2013) fan 449.000 eksimplaren. De Chicago Tribune bestiet sûnt 1847 en wurdt útjûn troch de Tribune Media Company. De foarnaamste konkurrint fan 'e Tribune is de Chicago Sun-Times.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Chicago Tribune waard yn 1847 oprjochte troch sjoernalisten James Kelly, John E. Wheeler en Joseph C.K. Forrest. De earste edysje ferskynde op 10 juny fan dat jier. De earste acht jier fan it bestean fan 'e krante wie in oanienskeakeling fan feroarings fan eignerskip en fan redaksje. Oarspronklik hie de krante gjin inkele politike bining, mar hong der wol ta oer om 'e rivalen fan 'e Demokratyske Partij te stypjen as der ferkiezings holden waarden. Tsjin 'e ein fan 1853 wie de krante sa'n ein nei rjochts opskood, dat der ksenofobyske artikels yn ôfprinte waarden wêryn't krityk spuid waard op bûtenlanners en roomsen.

Under lieding fan 'e eigner-redakteurs Joseph Medill, Alfred Cowles sr. en Charles H. Ray naam de Chicago Tribune foar in diel ôfstân fan ekstreem-rjochts en waard de krante it orgaan fan 'e Republikeinske Partij yn Chicago. Nettsjinsteande dat publisearre de Chicago Tribune anty-roomske en anty-Ierske stikken yn in tiid dat de Feriene Steaten oerspield waarden troch in weach fan ymmigranten út Ierlân, dy't op 'e flecht wiene foar de Ierske Jirpelhongersneed.

Yn dyselde snuorje assimilearre de Chicago Tribune trije lytsere kranten: de Free West yn 1855, de Democratic Press yn 1858 en de Chicago Democrat yn 1861. Tusken 1858 en 1860 stie de krante bekend as de Chicago Press & Tribune; yn oktober 1860 waard it de Chicago Daily Tribune. Foar en ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) wie de krante sterk op 'e hân fan 'e Amerikaanske presidint Abraham Lincoln. Nei de Grutte Brân fan Chicago, yn 1871, skopte haadredakteur Medill it ta boargemaster fan 'e stêd.

Yn 1910 kaam de Chicago Tribune ûnder redaksje te stean fan Robert R. McCormick, in kolonel b. tsj., earst noch yn gearwurking mei syn neef Joseph Medill Patterson. Dy lêste ferliet de krante lykwols yn 1919 om yn New York de Daily News te begjinnen. Under it bewâld fan McCormick droech de Chicago Tribune jierrenlang sterk isolasjonistyske tinkbylden út. Ien fan 'e spektakulêrste súksessen belibbe de krante yn 1919, doe't men de tekst fan it Ferdrach fan Versailles wist te besetten (en ôf te printsjen), dat in ein makke oan 'e Earste Wrâldoarloch tusken Dútslân en de Alliëarden.

Presidint Harry Truman nei syn oerwinning by de presidintsferkiezings fan 1948 mei in eksimplaar fan 'e Chicago Tribune dy't in artikel op 'e foarside hat wêryn't it ferlies fan Truman beskreaun stiet.

Yn it Ynterbellum wie de Chicago Tribune in grut tsjinstanner fan 'e New Deal dy't presidint Franklin D. Roosevelt yn 'e 1930-er jierren trochfierde om 'e earmen te rêden fan 'e gefolgen fan 'e Grutte Depresje. Op 7 juny 1942 publisearre de Chicago Tribune bûten de militêre sensuer om in stik op 'e foarside wêryn't út 'e doeken dien waard dat de Amerikaanske Striidkrêften de geheime koade fan 'e Keizerlike Japanske Marine brutsen hiene. Mei't dat in militêr topgeheim wie, waard presidint Roosevelt dêr sa breinroer fan, dat er serieus yn omtinken naam om 'e Chicago Tribune mei gebrûk fan 'e oarlochswetjouwing op te heffen.

By de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1948 waard ferwachte dat de Republikeinske kandidaat Thomas Dewey de Demokraat Harry Truman ferslaan soe. De Chicago Tribune naam in gok en printe de krantekop Dewey Defeats Truman ("Dewey Ferslacht Truman") op 'e foarside ôf, mei in bygeand artikel dat skreaun wie foar't de ferkiezingsútslach bekend waard. De oare deis die lykwols bliken dat Truman de ferkiezings wûn hie. Truman kocht in eksimplaar fan 'e Chicago Tribune en posearre dêr grutsk mei foar fotografen, wylst er dêrmei tagelyk de krante de gek oanstiek. Dat eksimplaar fan 'e Tribune waard letter in dreech te besetten sammeldersitem.

It gebou fan 'e Chicago Tribune, de Tribune Tower, boud yn 1925.

Under it Watergateskandaal bleau de Chicago Tribune lang op 'e hân fan 'e Republikeinske presidint Richard Nixon, mar doe't dyselde twongen waard om alle lûdsopnamen fan petearen yn it Oval Office frij te jaan, wie de Tribune de earste krante dy't dêr in (44 siden tellende) transkripsje fan publisearre. Yn in sjoernalistyk heechstantsje waard dan dien binnen 24 oeren, en foàr't de offisjele transkripsje fan it Government Printing Office ree kaam. In wike letter, nei't men de transkripsje bestudearre hie, konkludearre de redaksje dat "de hege tawijing oan 'e swide begjinsels dy't Amerikanen fan in presidint ferwachtsje meie, ûntbrekt yn 'e transkripsje." De krante rôp Nixon op om ôf te treden. Yn it Wite Hûs waard dat beskôge as in grutte slach foar de kânsen fan Nixon om it skandaal te oerlibjen.

Yn 'e 1980-er en 1990-er jierren wûnen wurknimmers fan 'e Chicago Tribune alve kear in prestizjeuze Pulitzerpriis foar de Sjoernalistyk. De krante wie ien fan 'e earste Amerikaanske deiblêden dy't it ynternet op giene, en al yn 1995 waard de webside ChicagoTribune.com opset. Oare websiden fan 'e Tribune binne Metromix.com (1996), ChicagoSports.com (1999), ChicagoBreakingNews.com (2008) en ChicagoNow.com (2009). Op 13 jannewaris 2009 stapte de Chicago Tribune oer fan it tradisjonele broadsheetformaat op it lytsere tabloidformaat. Dy feroaring bliek lykwols min te fallen by de lêzers, dat yn augustus 2011 kearde de krante wer werom nei broadsheet.

Meiwurkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferneamd wurknimmer fan 'e Chicago Tribune wie û.o. Pulitzerpriiswinnend kollumnist Mike Royko, dy't yn 1984 nei de krante oerstapte by de Chicago Sun-Times wei. Gene Siskel wie in foaroansteande filmkritikus fan 'e Chicago Tribune, dy't mei syn kollega Roger Ebert ek karriêre makke op 'e tillefyzje, mei it programma At the Movies with Gene Siskel and Roger Ebert. Nei syn ferstjerren yn 1999 waard syn wurk by de Chicago Tribune oernommen troch Michael Phillips.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.