Springe nei ynhâld

Neef en nicht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Neef (famyljelid))

In neef of in nicht is de soan (neef) of dochter (nicht) fan jins omke of muoike. Hjirby wurdt ek wol sprutsen fan in folle neef of in folle nicht, om ûnderskie te meitsjen mei de efterneef en efternicht. Dat is de soan of dochter fan in neef of nicht fan jins heit of mem, mar it kin ek de soan of dochter fan jins eigen neef of nicht wêze.

It Frysk makket tusken dizze beide betsjuttings gjin ferskil, mar it Ingelsk sprekt fan first cousin foar in folle neef of nicht; fan second cousin foar in efterneef of -nicht dy't de soan of dochter fan in folle neef of nicht fan jins heit of mem is; en fan first cousin once removed foar in efterneef of -nicht dy't de soan of dochter fan jins eigen neef of nicht is. Dêrby jout it once removed oan dat der ien generaasje fersprongen wurdt.

In efterefterneef of efterefternicht is dan de soan of dochter fan in efterneef of -nicht fan jins heit of mem (third cousin), of de pake- of beppesizzer fan in neef of nicht fan jins heit of mem (second cousin once removed), of de pake- of beppesizzer fan jins eigen folle neef of nicht (first cousin twice removed). Sa kin men fierder gean troch almar mear "efter"-s foar "neef" of "nicht" te plakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes