Springe nei ynhâld

Kollumnist

Ut Wikipedy

In kollumnist is in persoan dy't op min ofte mear fêste tiden in kollumn skriuwt yn in krante of tydskrift mei as doel in petear op de gong te helpen of in persoanlike fyzje troch te jaan binnen it bestek fan ien krantekolom. De namme kollumnist komt fan column, it Ingelske wurd foar kolom. Ek wurdt wol de term kursyfke brûkt omdat kollums yn de regel yn kursyf ('skean') setten waarden. Se hienen faak ek in fêst plak yn de krante.

Kollumns kinne persoanlik, polityk of op in oare wize kritysk wêze; altiten hawwe se as doel de lêzer te emoasjonearjen; se laitsje te litten, ta tinken oan te setten of lilk te meitsjen. In echte kollumn slút oan by de aktualiteit. Literêr of filosofysk kleure kollumns oerlibje bytiden de waan fan de dei en krije algemiene jildichheid.

Yn Fryslân binne bekende kollumnisten Wiebe Pennewaard, Meindert Talma, Trinus Riemersma, Jantien de Boer en Pieter de Groot fan de (Ljouwerter Krante), Douwe Kootstra fan It Fryske Gea en Piter Wilkens yn Friesland Post.

Martin Bril

It subsjenre kollumn is yn Nederlân folwoeksen wurden yn de jierren fyftich en sechtoch troch de kollumns fan Simon Carmiggelt (Kronkel), Henri Knap (Dagboekanier), Eduard Elias, Annie M.G. Schmidt, Henriëtte van Eyck, Jeanne Roos, Godfried Bomans, Jan Blokker en Nico Scheepmaker.

Bekende hjoeddeiske kollumnisten binne (wiene) ûnder oare: Renate Rubinstein, Theo van Gogh, Jip Golsteijn, Pim Fortuyn, Theodor Holman (Opheffer), Youp van 't Hek, Remco Campert, Jan Mulder, Arnon Grunberg, Jos Brink, Aaf Brandt Corstius, Martin Bril en Tineke Huizinga