Godfried Bomans
Godfried Bomans | ||
skriuwer | ||
Bomans yn 1965 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Godfried Jan Arnold Bomans | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 maart 1913 | |
berteplak | De Haach (Súd-Hollân) | |
stoarn | 22 desimber 1971 (58 jier) | |
stjerplak | Bloemendaal (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen, berneboeken, toanielstikken, essay's | |
perioade | midden 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Erik of het Klein Insectenboek Pa Pinkelman en Tante Pollewop-ferhalen | |
útjouwer | Het Spectrum | |
jierren aktyf | 1936 – 1971 | |
offisjele webside | ||
www.godfriedbomans.nl |
Godfried Bomans (folút: Godfried Jan Arnold Bomans; De Haach, 2 maart 1913 – Bloemendaal, 22 desimber 1971) wie in Nederlânsk skriuwer, sjoernalist, oersetter en mediapersoanlikheid. Lange tiid wied er de meast lêzen auteur fan Nederlân. Hy waard benammen populêr troch syn roman Erik of het Klein Insectenboek (10 printingen allinnich al yn it jier nei it ferskinen), en nei de oarloch mei de strip Pa Pinkelman en Tante Pollewop yn De Volkskrant. Ek skreau er kollumns op 'e foarside fan dy krante en opinystikken yn it tydskrift Elsevier.
Bomans syn rom late letter ta ferskate optredens op 'e radio en tillefyzje. Nettsjinsteande dat alles krige er by syn libben net in soad offisjele erkenning, teminsten net yn 'e foarm fan in literêre priis. Bomans wie ek in grut kenner fan it oeuvre fan Charles Dickens, en hy spile in wichtige rol by it ta stân kommen fan 'e Nederlânsktalige oersetting fan it folsleine wurk fan dy Ingelske skriuwer, dat yn 'e jierren '50 fan 'e tweintichste iuw yn pocketformaat troch it Het Spectrum útjûn waard. De langferwachte biografy fan Dickens is der lykwols nea kommen.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bomans waard yn 1913 berne yn De Haach as de soan fan 'e politikus Johannes Bernardus "Jan" Bomans (1885-1941) en dy syn frou Arnoldina Josephina Oswalda Reynart (1883-1955). Hy wie ferneamd nei syn peetheit Godefridus "Frits" Keunen (1853-1914), dy't troud wie mei in healsuster fan syn mem. Syn pake oan heitekant wie Johannes Michiel Bomans (1850-1909), dy't direkteur fan it Haarlems Dagblad wie. Bomans syn heit Jan sette yn 1913 útein mei in abbekatepraktyk yn Haarlim, dêr't Bomans opgroeide. Hy soe himsels syn hiele libben as Haarlimmer beskôgje.
Bomans kaam út in roomske famylje, en syn heit waard inkele jierren letter foar de Roomsk-Katolike Steatspartij (RKSP), de foarrinner fan 'e KVP, yn 'e Twadde Keamer keazen. Hy bleau oant 1929 parlemintslid, en dêrnei wied er as deputearre aktyf yn 'e provinsjale polityk fan Noard-Hollân. Dêrnjonken publisearre er ûnder it pseudonym J.B. van Rode in opsjenjaande rige histoaryske romans, de Donald-syklus. Oant syn hommels ferstjerren yn 1941 wied in krap jier lang plakferfangend kommissaris fan 'e Keninginne fan Noard-Hollân, in funksje dy't er ek útoefene ûnder de Dútske ynfal yn Nederlân yn maaie 1940.
Sels gie Bomans yn 1926 nei it Triniteitslyseum yn Oerfean, dêr't er fuortset ûnderwiis folge. Hy wie yn dy tiid redakteur fan 'e skoalkrante, en teffens publisearre er op dy leeftyd al koarte ferhalen, net inkeld yn stundinteblêden, mar ek yn literêre tydskriften. Fan 1933 oant 1939 studearre er rjochten oan 'e Universiteit fan Amsterdam, dêr't er fan 1938 oant 1939 redakteur fan it studintewykblêd Propria Cures wie. Yn 1939 reizge er lykwols hommels ôf nei Nimwegen, dêr't er him oan 'e Katolike Universiteit ynskreau as studint wiisbegearte. Hy waard lid fan 'e studinteferiening N.S.V. Carolus Magnus.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bomans ferloofde him yn 1941 mei Gertrud Maria "Pietsie" Verscheure. Yn 1943 joech er syn stúdzje deroan en ferhuze er werom nei Haarlim. Op 14 april 1944 troude er yn Nimwegen mei Pietsie Verscheure. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, doe't de Dútske besetters razzia's holden om manlju te finen dy't yn Dútslân ynset wurde koene foar de Arbeitseinsatz, moast Bomans ûnderdûke yn Aerdenhout en it Ferskûle Doarp (in ûnderdûkersdelsetting yn 'e bosken fan 'e Feluwe, yn it suden fan 'e Gemeente Nunspeet. Pas nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, op 17 augustus 1945, koene Bomans en de frou foar de tsjerke trouwe. Ut harren houlik waard ien dochter berne, Eva (1960).
As roomsk-katolyk wie Bomans tige progressyf. Hy wie hiel tefreden oer de fernijings dy't de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 'e 1960-er jierren op syn grûnfêsten skodzje lieten, sa't er ferskate kearen yn brieven witte liet. Tusken links Nederlân en Bomans ûntstie yn 1966 lykwols in djippe kleau doe't er op 18 juny fan dat jier yn in kollumn yn De Volkskrant it fernielen fan it kantoar fan De Telegraaf troch linkse demonstranten by de saneamde Telegraafopskuor skerp feroardiele. Dat late derta dat hiel links Nederlân, ûnder lieding fan skriuwer Harry Mulisch, him tsjin 'e 'ferrieder' Bomans kearde.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1932 publisearre Bomans ûnder it pseudonym Bernard Majorick syn ierste wurk dat it neamen wurdich is, de koarte ferhalen Drijfjacht en Gebed voor Nederland. In jier earder al hied er it histoaryske toanielstik Bloed en Liefde skreaun, wêryn't syn karakteristike humor al dúdlik werom te kennen is, mar dat publisearre er pas yn 1937. De Memoires of Gedenkschriften van Mr. P(ieter) Bas, dat yn desimber 1936 ferskynde mei yllustraasjes fan syn jeugdfreon Harry Prenen, brocht Bomans syn earste súkses. Mei Prenen, dy't letter ek syn oare boeken yllustrearje soe, rjochte er datselde jiers de 'Rijnlandsche Academie' op, in pseudo-gewichtich genoatskip wêrmei't se de oankundige demping fan 'e Haarlimmer Bakenessergrêft foarkomme woene. Dat slagge, en de Rijnlandsche Academie waard neitiid benammen fuortset yn it wiidweidige mar nea publisearre briefkerij.
Ein 1939 skreau Bomans yn Nimwegen syn bekendste wurk: Erik of het Klein Insectenboek, dat in jier letter, yn desimber 1940, útjûn waard troch Het Spectrum. Yn 1941 spile Bomans, ek yn Nimwegen, foar it earst foar Sinteklaas, in rol dy't er letter ek by yntochten op 'e tillefyzje fertolkje soe. Yn 'e jierren dêrnei wied er benammen drok mei de oersetting nei it Nederlânsk fan 'e Pickwick Papers fan 'e njoggentjinde-iuwske Ingelske skriuwer Charles Dickens, dêr't er fan 1940 oant en mei 1952 oan wurke.
Nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch wie Bomans fan 1945 oant 1946 aktyf as keunstredakteur foar De Volkskrant, en fan 1946 oant en mei 1949 as redakteur by it tydskrift Elsevier. Fan novimber 1945 ôf waard yn De Volkskrant de strip Pa Pinkelman en Tante Pollewop publisearre, wêrfoar't Bomans de tekst skreau by tekenings fan Carol Voges. Dat waard in grut súkses, en de strip groeide út ta in begryp yn it nei-oarlochske Nederlân. Noch yn 1976 waard de strip yn opdracht fan 'e KRO bewurke foar de tillefyzje, mei Ton van Duinhoven yn 'e rol fan Pa Pinkelman en Maya Bouma as Tante Pollewop.
Yn 1950 rôp Bomans alle Haarlimmers op om lid te wurden fan 'e noch op te rjochtsjen Haarlemse Sociëteit Teisterbant. Dy organisaasje, dy't ûnder syn 180 leden Lodewijk van Deyssel, Mari Andriessen, Anton Heyboer en de letter royearre Harry Mulisch telde, soe syn stifter lykwols net lang oerlibje. Yn 1956 rjochte Bomans fierders de ôfdieling Haarlim fan 'e Dickens Fellowship op, in organisaasje dy't wijd is oan 'e stúdzje en promoasje fan it wurk fan Charles Dickens. Hy wie sels de earste jierren de foarsitter fan dy ôfdieling.
Lanlike bekendheid krige Bomans njonken syn skriuwwurk ek troch optredens op 'e radio en yn tillefyzjeprogramma's. Dêr wied er tige geskikt foar, mei't er it smout opsizze koe. Sa fierde er foar it programma Bomans in Triplo fraachpetearen mei syn eigen broer en suster, dy't mûnts, resp. non wurden wiene en harren libben yn it kleaster trochbrochten. Oare programma's fan him wiene û.m. Bomans in Vlaanderen en Bomans in Israël, wêrby't likefolle de oandacht op 'e persoan fan Bomans fêstige waard as op it ûnderwerp dat er beljochtsje woe. Hy waard dêrtroch in mediapersoanlikheid, wat yn dy tiid in nij fenomeen wie. Ien fan syn bekendste (en lêste) programma's wie de rige radioferslaggen dy't Bomans yn 1971 makke ûnder de titel Alleen op een Eiland foar de VARA en AVRO, oer syn ienlike ferbliuw fan in wike op it ûnbewenne Waadeilân Rottumerplaat.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Godfried Bomans kaam op 22 desimber 1971 yn 'e âlderdom fan 58 jier hommels te ferstjerren oan in hertoanfal. Dat barde yn syn wenplak Bloemendaal, dêr't er op 24 desimber begroeven waard op it Sint-Adelbertskerkhof. Sûnt 29 april 1968 wie hy Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn 1987 waard Bomans troch de Israelyske organisaasje Yad Vashem postúm útroppen ta Rjochtfeardige ûnder de Folken foar syn help oan Joadske ûnderdûkers yn 'e Twadde Wrâldoarloch.
Neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1960, resp. 1964 waarden yn 'e Leien (Breestraat 37) en Gouda (Hoge Gouwe 21) gevelstiennen ûntbleate ta oantins oan it ferbliuw op dy adressen fan Bomans syn personaazje Pieter Bas. Beide ûntbleatings waarden troch Bomans sels ferrjochte, wat mank gie mei gaadlike taspraken. Nei syn dea waard yn 1972 it Godfried Bomans Genoatskip oprjochte, dat ta doel hat om 'e stúdzje en promoasje fan syn wurk oan te fiterjen. Yn oktober 2000 skonk de widdo Bomans syn argyf oan it Letterkundig Museum. Yn 2009 waard troch de Amerikaanske astronoom fan Nederlânsk komôf Tom Gehrels de planetoïde 230404 Bomans nei him ferneamd. Op 2 maart 2013, Bomans syn hûndertste bertedei, ûntbleate boargemaster Jozias van Aartsen yn De Haach in plakette oan 'e muorre fan it hûs oan Bierkade 2A dêr't er yn 1913 berne wie.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans en koarte ferhalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1932 – Drijfjacht
- 1932 – Gebed voor Nederland
- 1936 – De Memoires of Gedenkschriften van Mr. P(ieter) Bas
- 1940 – Erik of het Klein Insectenboek
- Fryske oersetting: Erik of it Lyts Ynsekteboek (fert. Geart Tigchelaar, 2015)
- 1945 – Het Duel
- 1946 – De Avonturen van Pa Pinkelman
- 1946 – Sprookjes
- 1947 – Kopstukken
- 1948 – Avonturen van Tante Pollewop
- 1948 – De Avonturen van Bill Clifford
- 1948 – Buitelingen: Aforismen, Buitelingen en Capriolen
- 1948 – Onstuimige Verhalen
- 1949 – Wonderlijke Nachten
- 1950 – Een Halve Eeuw Trappistenleven
- 1951 – Er Dreigt een Ramp! Zegt Godfried Bomans
- 1952 – Pa Pinkelman in de Politiek
- 1952 – De Onsterfelijke Pa Pinkelman
- 1953 – Capriolen: Een Tweede Bundel Buitelingen
- 1953 – De Verliefde Zebra
- 1953 – Jan de Zebra
- 1953 – De Ontevreden Vis
- 1953 – Het Luie Jongetje
- 1953 – De IJdele Engel
- 1954 – Het Locomotiefje
- 1955 – Pinkelman Omnibus
- 1955 – Nieuwe Buitelingen: Facetten en Aspecten
- 1956 – Het Doosje
- 1956 – Wandelingen door Rome
- 1957 – Godfried Bomans
- 1957 – Op het Vinkentouw
- 1958 – Het Zondagskind
- 1959 – Jaarzang aan de Broederschap
- 1961 – Noten Kraken
- 1962 – Omnibus
- 1962 – SITAS Taalcursussen in Duits, Engels, Frans, Italiaans, Nederlands en Spaans
- 1963 – Op de Keper Beschouwd
- 1963 – Sprookjes Kalenderboek
- 1965 – Sprookjesboek
- 1965 – Van de Hak op de Tak
- 1966 – Denkend aan Vlaanderen
- 1966-1968 – Pim, Frits en Ida (8 dielen)
- 1967 – Juffrouw Langneus
- 1967 – Het Verdwaalde Eendje
- 1968 – Bontje en Haar Poesje
- 1968 – Bontje en Haar Pop
- 1968 – Bontje en Haar Toverschoentjes
- 1968 – Bontje Heeft het Druk
- 1968 – Juffrouw Piep
- 1968 – Het Lelijke Jonge Eendje
- 1968 – Mijmeringen
- 1969 – Van Hetzelfde
- 1969 – In de Kou (y.g.m. Michel van der Plas)
- 1970 – Oude en Nieuwe Buitelingen
- 1970 – Beminde Gelovigen
- 1970 – Van Dichtbij Gezien: Rome, Jeruzalem, Maastricht, Zundert
- 1971 – De Man met de Witte Das: Spelen in de Zandbak van de Nederlandse Politiek
- 1971 – Korte Berichten
- 1971 – Een Hollander Ontdekt Vlaanderen
- postúm
- 1972 – Dickens, Waar Zijn Uw Spoken?
- 1972 – Op Reis door de Wereld en op Rottumerplaat
- 1977 – Aforismen
- 1978 – Zout(e) Nostalgie
- 1979 – Bloed en Liefde en Ander Toneelwerk
- 1981 – De Glimlach Die Blijft
- 1984 – Open Brief aan Het Venster
- 1984 – Brief aan Opland (beheinde oplaach fan 20 eksimplaren)
- 1986 – De Ontdekking
- 1987 – Enige Richtlijnen voor Bisschoppen
- 1988 – Aantekeningen over Onszelf
- 1989 – Merkwaardigheden rond de Camera Obscura
- 1989 – Cursiefjes
- 1990 – De Pntluikende Liefde tussen Pa Pinkelman en Tante Pollewop
- 1991 – Brieven van Bomans
- 1994 – Gedachten achter een Bord Spaghetti
- 1996-1999 – Werken I t/m VII
- 1996-2003 – Supplementen op de Werken I t/m VII
- 1996 – De Dijk: Een Onbekend Handschrift van Godfried Bomans
- 1997 – De Muziekstukken
- 1999 – Beste Godfried, Beste Simon
- 1999 – De Rijke Bramenplukker
- 2004 – Goede Bekenden van Bomans
- 2011 – Genieten in een Gekkenhuis
- 2012 – Feestelijkheden te Hengelo
- 2013 – ’s-Gravenhage / Het Hart van Holland
- 2014 – Beroemd, Gekend, Gevierd
- 2015 – Bomans in Pyjama
- 2018 – de Honderdjarige
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1937 – Bloed en Liefde (skreaun yn 1931)
- 1934 – Kroketten (revu t.g.f. ynauguraasjebal)
- 1939 – Een Eeuw Achter (blijspul yn 2 bedruwen)
- 1939 – De Huis-tiran (klucht yn 2 bedriuwen)
- 1941 – Koning Smulpaap (stik yn 4 bedriuwen)
- 1941 – De Drie Koningen (blijstpul)
- 1943 – Het Diner van Koning Habbeba (mearkespul)
- 1944 – De Nieuwe Kerststal van de Pastoor (spul yn 1 bedriuw)
- 1944 – Sint Jeanne d'Arc (blijspul yn 1 bedriuw)
- 1964 – Bill Clifford (boek bewurke ta in komyske opera op muzyk fan Jan Mul)
- 1979 – Bloed, Zweet en Tranen
Deiboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1988 – Dagboek van Rottumerplaat
- 1993 – Dagboek van een Gymnasiast (iere jeugdoantinkens)
Essays
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1946 – Moeder de Gans
- 1952 – Meesters van de Spotprent
- 1970 – De Tijd van Dickens
- 1972 – Gesprekken met Bekende Nederlanders
- 1973 – Mijmeren met Bomans
- 1975 – Een Verdwenen Facet van Haarlem
- 1984 – Allerlei van en over de Camera Obscura
- 1994 – Piet Paaltjens of Het Drama te Foudgum
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1954 – Poëzie in Beweging (grammofoanplaat)
- 1957 – Bomans, Godfried (grammofoanplaat)
- 1960 – Stemmen van Schrijvers: Godfried Bomans, Bertus Aafjes (grammofoanplaat)
- 1963 – Draaitafelen met Bomans (grammofoanplaat)
- 1963 – Oliver! (grammofoanplaat)
- 1967 – Godfried Leest Bomans (grammofoanplaat)
- 1969 – Jongelief/Nacht (grammofoanplaat)
- 1972 – Bomans in Triplo (grammofoanplaat)
- 1972 – Een Hollander Ontdekt Vlaanderen (grammofoanplaat)
- 1972 – Verhalen door Godfried Bomans (grammofoanplaat)
- 1972 – De Droomwereld van Godfried Bomans (grammofoanplaat)
- 1975 – Ernst en Humor in Mijmeringen van Godfried Bomans (grammofoanplaat)
- 1975 – Bomans met een Glimlach (grammofoanplaat)
- 1975-1977 – Godfried Bomans: De Kopstukken (3 dielen; grammofoanplaaten mei fragminten fan Bomans út it radioprogramma De Kopstukken; werútjûn yn 1996 op dûbel-cd)
- 1976 – Bomans met een Glimlach 2 (grammofoanplaat)
- 1977 – Bomans met een Glimlach 3 (grammofoanplaat)
- 1978 – Bomans Was de Naam (4 grammofoanplaten; werútjûn as lústerboek op 4 cd's yn 2006)
- 1988 – Protestant (op cd We blijven lachen: deel 2)
- 1988 – Wim Sonneveld Interviewt Godfried Bomans (op cd We blijven lachen: deel 3)
- 2006 – Godfried Bomans: De Humor & Ernst (lústerboek op 3 cd's)
- 2006 – Alleen op een Eiland: Dagboek van een Eilandbewoner (Godfried Bomans, Jan Wolkers, Willem Ruis, radioprogramma fan Gé Gouwswaard op 6 cd's, oarspronklik útstjoerd troch de VARA- en AVRO-radio yn 1971)
- 2010 – Het Godfried Bomans Luisterboek (lústerboek op 6 cd's)
- 2011 – Godfried Bomans over het Geloof in Sinterklaas (lústerboek op 1 cd)
- 2012 – De Humor van Godfried Bomans & Simon Carmiggelt (lústerboek op 2 cd's)
- 2013 – Bomans aan Boord (lústerboek op 1 cd)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Offisjele webside fan it Godfried Bomans Genoatskip
- (ned) It Bomansweekblad, in ynformatyf online-tydskrift
- (ned) Biografy fan Bomans yn it Biografysk Wurdboek fan Nederlân
- (ned) Skriuwersprofyl fan Bomans yn NRC Boeken
- (in) Oer Godfried Bomans op 'e webside fan Yad Vashem (sjoch ek: Yad Vashem)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk berneboekeskriuwer
- Nederlânsk mearkeskriuwer
- Nederlânsk toanielskriuwer
- Nederlânsk essayist
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk deiboekskriuwer
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Nederlânsk oersetter
- Underdûker yn de Twadde Wrâldkriich
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Rjochtfeardige ûnder de Folken
- Persoan berne yn 1913
- Persoan stoarn yn 1971