Jeanne Roos
Jeanne Marianne Roos (De Haach, 12 oktober 1916 – Amsterdam, 30 juny 2001) wie in Nederlandske sjoernaliste en teffens de earste omropster fan de Nederlandse Televisie Stichting (NTS).
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As Nederlân yn 1940 beset waard troch Nazi-Dútslân, is se as sjoernaliste wurksum foar it Algemeen Handelsblad. Sy krige op 15 july 1941 dien, tagelyk mei alle oare Joadske meiwurkers. Yn 1942 ferbrânt se har Joadestjer en út de ûnderdûk wei waard se aktyf yn it ferset. [1].
Roos wie nei de oarloch sjoernaliste foar Het Parool. Se skreau it bernefúljeton Gijsbert Konijn en hie in húshâldlike rubryk: Tip fan Roos. Roos wie ek moaderedaktrise en frege Marte Röling foar it meitsjen fan moadetekeningen [2], en skreau letter op har eigen Roos pagina. Se wie befreone mei skriuwster Annie M.G. Schmidt mei wa 't se yn De Inktvis siet, in Amsterdamsk sjoernalistekabaret dat op de Paroolredaksje ûntstien wie. Paroolmeiwurker Simon Carmiggelt ûntliende syn pseudonym Kronkel oan de namme fan in wjirm út Roos har fúljeton [3]. Sels brûkte se bytiden it pseudonym 'Marianne Smeets' [4]. Yn de oarloch wie se ûnderdûkt op de Feluwe, mar se gie dochs nei Amsterdam om dêr yn it ferset te gean. Marianne Smeets wie ek de namme dy 't se brûkte as koerierster yn har jierren yn it ferset.
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de earste offisjele telefyzje-útstjoering op tiisdeitejûn 2 oktober 1951 wie Roos de earste persoan dy 't yn byld kaam. Doe 't hja opkomme moast wist hja nei eigen sizzen gjin wurd mear fan de tekst dy 't se ynstudearre hie. Dochs iepene se de jûn mei de passende wurden "Goedenavond dames en heren. Vanavond is het een heel bijzondere avond."
Doe 't it byld as gefolch fan in stroomsteuring yn it Utertske elektrisiteitsnet drige fuort te fallen moast hja wer ymprovisearje. Mei de wurden ""Wij hopen over drie minuten in de huiskamer terug te zijn" stelde sy de sjoggers gerêst. Nei ôfrin fan dy steuring sei sy: "Wij komen pas kijken, maar tenslotte komt u ook pas kijken".
Yn de jierren fyftich kaam Jeanne Roos faak op as panellid yn radiospultsjes. Op lettere jierren spile sy de rol fan dominante frou op jierren yn in pear films fan filmmakker Theo van Gogh, bygelyks yn Eva út 1994.
De ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roos ferstoar yn de nacht fan 29 op 30 juny 2001 yn de âldens fan 84 jier yn in Amsterdamsk sikehûs. [5] Se waard op 5 july 2001 kremearre yn it krematoarium fan Velsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|