Omropper (telefyzje)

Ut Wikipedy

In omropper of faak ek omropster is in soarte fan presintator, dy't spesifyk yn byld brocht wurdt om oan it begjin fan in deidiel (ornaris de jûn of de middei) mei de sjoggers de programmearing troch te nimmen. Dêrby kundiget hy of sy de oankommende programma's oan, kompleet mei begjintiden en in foarútblik op 'e ynhâld. Yn Nederlân is dizze funksje efter de tiid rekke; as der al in foarútoankundiging dien wurdt, heart men dêrby tsjintwurdich inkeld noch in voice-over. Op 'e Flaamske tillefyzje besteane omroppers/omropsters lykwols noch altyd. Foarhinne makken yn Nederlân lju as Hans van der Togt, Hans van Willigenburg, Myrna Goossen, Şenay Özdemir, Julia Samuël en Quinty Trustfull karriêre as omroppers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.