Şenay Özdemir
Şenay Özdemir | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Şenay Özdemir | |
nasjonaliteit | Turksk Nederlânsk | |
berne | 18 maaie 1969 | |
berteplak | Safranbolu (Turkije) | |
etnisiteit | Turksk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | omropster, presintatrise, einredaktrise | |
medium | tillefyzje, ynternet | |
wurksum by | TROS | |
jierren aktyf | 1993 – 2001 | |
offisjele webside | ||
www.senay.nl |
Şenay Özdemir (útspr.: "Sjennai Uzdemir"; Safranbolu, 18 maaie 1969) is in Nederlânsk útjouster, redaktrise, publisiste en earder presintatrise fan Turksk komôf.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Özdemir waard yn 1969 berne yn 'e stêd Safranbolu, yn it noardwesten fan Anatoalje, út etnysk Turkske âlden. Yn 1976 emigrearre it gesin nei Nederlân. Özdemir studearre yn 1989 ôf yn Frânske en Ingelske taal- en letterkunde, en yn 1993 waard hja by de TROS de earste Turkske omropster fan Nederlân en fan hiel Jeropa. Nei in pear jier yn dy funksje aktyf west te hawwen, ferlei hja har aktiviteiten nei redaksjewurk efter de skermen.
Yn 2001 sei se de tillefyzjewrâld farwol en rjochte se in eigen tydskrift op, SEN Magazine, in glossy foar Mediterrane froulju yn Nederlân. Dat blêd waard yn 2004 troch de Folkskrante útornearre as it bêste frouljustydskrift fan it jier. Fan 2007 ôf bestiet dit tydskrift inkeld noch yn digitale ferzje op it ynternet (www.senmagazine.com).
Şenay Özdemir publisearret ek kollumns en artikels yn foaroansteande kranten, lykas NRC Hannelsblêd, de Folkskrante en de Los Angeles Times. Yn en bûten Nederlân wurdt hja sjoen as in ûnderfiningssaakkundige op it mêd fan 'e multykulturele maatskippij. As sadanich wurdt se gauris frege foar kommentaar op ûnderwerpen as yntegraasje fan allochtoanen en emansipaasje fan moslima's, lykas by de praatprogramma's Pauw & Witteman, Het Elfde Uur en Rondom Tien.
Nei oanlieding fan Özdemir har saneamd "mondêne" libbensstyl rôp it fergese deiblêd De Pers har yn 2009 út ta "de meast glamûreuze moslima fan Nederlân". Fanwegen de publikaasje, datselde jiers, fan Özdemir har earste roman, in chicklit oer in groepke Mediterrane froulju yn Nederlân mei as titel De Harsclub, waard hja yn it oangeande artikel ferlike mei Carrie Bradshaw, de haadpersoan út 'e Amerikaanske frouljussearje Sex & The City.
Özdemir wurdt geregeldwei útnûge as gast of sprekster op kongressen. Sa wenne hja yn 2006 it earste kongres fan WISE by, as ien fan hûndert ynfloedrike moslima's út 'e hiele wrâld. Yn 2007 spriek hja op it International Women's Congress, yn Bangalore, yn Yndia, en yn 2008 en nochris yn 2011 waard hja frege as gastdosinte online-publishing troch de Skoalle foar Sjoernalistyk fan 'e Universiteit fan Teksas te Austin.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Şenay Özdemir is foar de twadde kear troud en hat in soan, Hakan, dy't berne is yn 1998.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |
- Turksk telefyzjepresintator
- Turksk sjoernalist
- Turksk útjouwer
- Turksk publisist
- Turksk kollumnist
- Turksk romanskriuwer
- Turksk societystjer
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Nederlânsk programmamakker
- TROS-wurknimmer
- Nederlânsk sjoernalist
- Nederlânsk útjouwer
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk kollumnist
- Nederlânsk romanskriuwer
- Nederlânsk societystjer
- Nederlânsk persoan fan Turksk komôf
- Persoan berne yn 1969