Springe nei ynhâld

Quinty Trustfull

Ut Wikipedy
Quinty Trustfull
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Quinty Trustfull (2010)
Quinty Trustfull (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Quinty Regina Trustfull-van den Broek
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 oktober 1971
berteplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Presentatrise,
Model
medium Televyzje
bekend fan Eigen huis & Tuin,
Koffietijd,
House Vision
jierren aktyf 1993-

Quinty Trustfull-Van den Broek (Amsterdam, 6 oktober 1971) is in Nederlânsk telefyzjepresintatrise en earder model.

Trustfull folge de havo en studearre foar it horekadiploma. Dêrnei wie se catering- en hotelmanager en wurke dêrneist as fotomodel. Fan 1993 ôf wie hja omropster by Veronica. Letter presintearre sy programmas by SBS 6 (sa as: Je eigen droomhuis, Money Makers) en RTL 4 (sa as: Eigen huis & Tuin, Battle of the Stars, Ik kom bij je eten).

Sûnt 5 april 2010 presintearret sy mei Loretta Schrijver it moarnsprogramma Koffietijd.

Trustfull is ambassadrise by Pink Ribbon en de Nasjonale Postkoade Lotterij.

Trustfull is troud mei fuotballer Orlando Trustfull en tegearre hawwe sy twa bern (Kayne en Moïse). Sy wenje yn Londen. Dochter Moise wie as aktrise te sjen yn Goede Tijden Slechte Tijden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: