SBS 6

Ut Wikipedy
SBS 6
`
medium tillefyzje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 1995
haadkertier Amsterdam (Nederlân)
ûntfangstgeb. Nederlân
eigner Sanoma Media B.V. (67%)
Talpa Media Holding (33%)
webside www.sbs6.nl

SBS 6 is in Nederlânske kommersjele tillefyzjestjoerder, ûnderdiel fan it Finske Sanoma en Talpa. Neist SBS 6 meitsje ek de stjoerders NET 5, Veronica, it produksjebedriuw SBS Productions en de Veronica Utjouwerij (ferantwurdlik foar ûnder oare Veronica Magazine) diel út fan Sanoma. SBS 6 stjoert sûnt 28 augustus 1995 út. De stjoerder is fia de kabel, digitenne of skûtelantenne yn ûngefear 6,6 miljoen húshâldens te ûntfangen.